Blau plak

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In blau plak.

In blau plak is de meast foarkommende fariant fan in bloedútstoarting of hematoom, in sichtber plak op 'e hûd fan minsken en bisten dêr't, ornaris troch útwindich geweld, in kniezing fan ierkes plakfûn hat, mei as gefolch dat der bloed yn it hûdweefsel lekt is. Blauwe plakken komme fral fuort út kniezings en binne yn 'e regel pynlik as men der op drukt, mar meastal hat men der fierder net al tefolle lêst fan. Oars wurdt it fansels as blauwe plakken symptomen binne fan swierdere ferwûnings, lykas brutsen bonken of ynwindige bliedings.

It útlekte bloed wurdt nei ferrin fan tiid wer troch it lichem ôfbrutsen en opnommen. Geandewei dat proses feroaret it yn 't earstoan reade of út 'en blauwens skinende plak fan kleur. It ôfbrutsen izerhâldende hemoglobine yn it bloed wurdt nammentlik omset yn giele pigminten, dy't it 'blauwe plak' yn 'e mande mei it blau in grienich oansjen jouwe. Neigeraden dat de tiid foarderet en almar mear blau yn giel omset wurdt, ferdwynt it grienige en kriget it plak in gielige kleur, dy't stadichwei oplost yn in normale hûdskleur.

De genêzing fan in blau plak kin, ôfhinklik fan 'e swierte fan 'e oarspronklike bloedútstoarting, útinoar rinne fan in stikmannich dagen oant in pear wiken. Dêrby moat wol oantekene wurde dat blauwe plakken by âldere minsken in stik minder gau genêze as by de jongerein. Boppedat rinne âlderen yn it foarste plak al folle makliker blauwe plakken op, om't harren hûd en oare weefsels minder fleksibel binne en harren hûd teffens tinner is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.