Springe nei ynhâld

Aftermath (novelle)

Ut Wikipedy
Aftermath
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm novelle
sjenre fantasy
1e publikaasje 2010
oarspr. útjwr. Ace Books
bondel Side Jobs
rige
rige The Dresden Files

Aftermath is in novelle fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Neisleep". It wurk is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Oars as by de rest fan 'e searje it gefal is, is de haadpersoan (ik-persoan) net Harry Dresden, mar resjersjeur Karrin Murphy. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Aftermath fuortendaliks nei de foarfallen yn 'e roman Changes, op 'e ein wêrfan't haadpersoan Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, deasketten wurdt. Aftermath waard foar it earst publisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't yn 2010 ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, is dea (sjoch: Changes). Syn goede freondinne, resjersjeur Karrin Murphy, de lêste dy't him yn libben sjoen hat, kin it noch mar amper befetsje. Se hat lykwols de hoop noch net hielendal opjûn, mei't der inkeld bloed (in protte bloed) fûn is, mar gjin stoflik omskot. Underwilens hat se ek har eigen problemen. Har âlde fijân, Barry Rudolph fan Ynterne Saken, hat einlings en te'n lêsten beävensearre dat se ûntslein wurde sil. Nei't se troch har eardere plysjepartner John Stallings, dy't no oan it haad stiet fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, oantrune is om it plak delikt te ferlitten, giet Murphy nei hûs om by te sliepen nei har lêste aventoer mei Dresden yn Jûkatan, dêr't it Dresden slagge is om it foltallige Reade Hôf fan 'e fampieren út te rûgjen (sjoch: Changes).

De oare moarns stiet Will Borden by har foar de doar. Hy is de alfa fan 'e pleatslike ridel wearwolven, en in freon fan Harry Dresden. Dyselde hie him blykber ris op it hert drukt dat as der wat wie en hysels wie ûnberikber, Will nei Murphy ta gean moast om help. Fansels hied er Murphy dêr neat oer ferteld. Hoe dan ek, Will is krekt thúskommen út Omaha (Nebraska), dêr't er foar syn wurk hinne moast. De jûns tefoaren hied er syn frou Georgia, dy't sân moannen swier is, oan 'e tillefoan, doe't hja ynienen yn panyk rekke. Der wie oan 'e oare kant fan 'e line leven te hearren, in gjalp en doe neat mear. Will reizge sa fluch mooglik werom nei Chicago, dêr't er harren appartemint yn dusoarder oantrof, en fan Georgia gjin spoar. Murphy seit ta him helpe te sillen.

Yn it appartemint stelt se fêst dat de foardoar ynwâde is en dat der op dat stuit twa minsken yn it appartemint oanwêzich wiene. Will fermoedet dat de oare ien fan harren freonen Andi en Marcy wie, dy't ek ta de wearwolveridel hearre. Om't se fierders gjin oanwizings oer de dieder of dieders fan 'e ûntfiering hat, giet Murphy yn it appartemintegebou fan Will en Georgia by de doarren lâns om te freegjen oft de lju ek wat sjoen of heard hawwe. Al rillegau kriget se te hearren dat der op it oangrinzgjende parkearplak oan drugshannel dien wurdt, mar fierder smyt it neat op. As se steech trochgiet mei de oanbuorjende flatgebouwen, treft Murphy yn it foaroerlizzende gebou in bange frou, Maria, dy't dúdlik wat sjoen hat mar it net sizze wol. De konsjerzje fan dat gebou is in grouwe bruier dy't him mei de saak bemuoit en Murphy fuortstjoere wol. De sitewaasje eskalearret ta slaanderij, wêrby't Murphy, dy't in ekspêr op it mêd fan ferskate fjochtsporten is, nettsjinsteande har koarte lingte en behindige lichemsbou koarte metten makket mei de grouwe fint.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Murphy neitiid it gebou ferlit, komt Maria har efternei en fertelt har dat se de foargeande jûns in djoere auto sjoen hat mei in poatige keardel mei in koart read hier. Dat klinkt Murphy yn 'e earen as in omskriuwing fan Hendricks, de liifwacht fan "Gentleman Johnnie" Marcone, de maffiabaas fan Chicago. Sy en Will sykje Marcone op yn syn oanhâldend fan lokaasje wikseljende haadkertier. Dyselde liket al te witten wat se wolle, en Murphy riddenearret út dat "Maria" ien fan Marcone syn minsken wêze moat, dy't yn it appartemintegebou pleatst is om 'e drugshannel op it parkearplak yn 'e rekken te hâlden, dy't efter Marcone syn rêch om plakfynt. Gard, de feilichheidsadviseur fan Marcone, dy't neffens Dresden in echte walkuere is, jout Murphy in ôfdruk fan in webside dêr't yn bedutsen bewurdings frege wurdt nei boppenatuerlik "talint" dat ûntfierd wurde moat en trochferkocht wurde kin.

Om't Marcy ûnderwilens kontakt mei Will opnommen hat, is no dúdlik dat it Andi is dy't tegearre mei Georgia ûntfierd is. Murphy is der wis fan dat de ynternetadvertinsje ynsjoch jout yn wat Georgia en Andi oerkommen is. Neifraach fia it Paranet, in organisaasje fan licht paranormaal bejeftige lju dy't Dresden jierren lyn mei opset hat, leart dat der yn Chicago teminsten noch seis oaren op soartgelikense wize ferdwûn binne. Murphy riddenearret dat de opromming fan it Reade Hôf in machtsfakuum efterlitten hat yn 'e boppenatuerlike wrâld, en dat immen dat besiket op te foljen. It hâldt sûnder mis ek ferbân mei de dea fan Dresden, mei't dy soks yn syn eigen stêd nea gewurde litten hie.

Om't de ynternetadvertinsje it iennichste oanknopingspunt is dat se hawwe, nimt Murphy kontakt op mei dejingen dy't de advertinsje pleatst hawwe, wêrby't se beart dat se Will en Marcy ferkeapje wol. Dat slagget, en se folget de keapers nei in ferfallen pakhûs yn 'e haven fan Chicago, dêr't se ûntdekt dat de Fomoaren efter de ferdwinings sitte. It pakhûs stiet fol mei koaien mei boppenatuerlik bejeftige minsken deryn, dy't betsjoend binne om harren rêstich te hâlden. Lykme-allinne oerwint Murphy har eangst om betsjoend te wurden, wat har alris earder oerkommen is (sjoch: Grave Peril), en kringt it pakhûs binnen. Dêr deadet se in hear fan 'e Fomoaren en skeakelet se yn in lang gefjocht, mei help fan Will en Marcy, de heal-minsklike tsjinners fan 'e Fomoar út. Neitiid helje se alle slachtoffers út 'e koaien en lizze se bûtendoar op 'e kade, want Murphy hat fan Dresden leard dat de sinne-opgong de measte betsjoenings opheft en alle oaren slim ferswakket.

Op dat stuit komt Gard opdaagjen, dy't befêstiget dat it mei de betsjoeningsslachtoffers wer goedkomme sil. Se fertelt Murphy dat dit de twadde kear is dat de Fomoaren in wraam op Chicago dien hawwe; de earste kear waard de oanfal troch Marcone-en-dy ôfslein (sjoch: Even Hand). Se biedt Murphy in baan yn Marcone syn organisaasje oan, wat Murphy ôfslacht. Dan biedt se Murphy oan dat Marcone derfoar soargje kin dat se har baan by de plysje behâldt. Dat is in stik dreger, mar ek dat slacht Murphy ôf. Ta einbeslút seit Gard dat har baas Donar Vatterung (dy't eins de god Odin is) har miskien wolris opskilje wol om har in baan yn syn organisaasje oan te bieden, en Murphy reägearret troch te sizzen dat se yn in frij lân libje en dat er mar dwaan moat wat er net litte kin. Foar't se wer ôfset, lit Gard Murphy yn bedutsen termen noch witte dat se har gjin soargen hoecht te meitsjen oer de ravaazje en de liken yn it pakhûs, mei't Marcone goede 'skjinmakkers' yn 'e tsjinst hat. Murphy en Will Borden prate ôf om Chicago tsjin fierdere boppenatuerlike oanfallen te beskermjen oant Harry Dresden weromkeart.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Aftermath, yn: Butcher, Jim, Side Jobs, New York, 2010 (Roc Books), ISBN 0 45 14 63 65X.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases