Advertinsje

Ut Wikipedy

In advertinsje (út it Frânsk) is in publikaasje dy't bedoeld is om 'e lêzer te ferlieden ta in beskate aksje, dy't ornaris bestiet út it keapjen of op oare wize ôfnimmen fan in produkt. Dejinge dy't sa'n berjocht pleatst, is de advertearder. Yn 'e regel giet it by advertinsjes om it promoatsjen fan kommersjele produkten en/of tsjinsten, mar it is ek mooglik dat it giet om produkten en/of tsjinsten sûnder winsteachmerk. In apart soarte fan advertinsjes wurdt foarme troch famyljeberjochten, dy't tynge dogge fan bysûndere barrens, lykas stjergefallen, berten, houliken en jubileä.

Advertinsjes wurde yn ferskate media pleatst, lykas yn kranten en tydskriften, yn reklamefolders en op it ynternet. Op websiden nimme advertinsjes net selden de foarm fan koarte filmkes oan, wêrmei't se sterk yn 'e rjochting fan reklamespotsjes geane. Ek wurde advertinsjes wol ferstjoerd fia e-mail, mar dat soarte reklame leit op in tige minne namme en wurdt spam neamd. Yn kranten binne advertinsjes soms mei sin skreaun as wie it in gewoan krante-artikel. De redaksje pleatst dan meastal op eigen inisjatyf boppe-oan 'e tekst it kopke "(advertinsje)". Yn fakblêden sjocht men fierders faak saneamde advertorials (in gearlûking fan 'e Ingelske wurden advertisement, "advertinsje" en editorial, "haadartikel"). Sokke advertinsjeteksten binne skreaun troch de redaksje fan it blêd mei as doel om reklame te meitsjen foar de advertearder.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.