Springe nei ynhâld

Dead Beat

Ut Wikipedy
Dead Beat
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2005, New York
oarspr. útjwr. Roc Books
rige
rige The Dresden Files
● foarich diel Blood Rites
● folgjend diel Proven Guilty
kodearring
ISBN 0 45 14 60 278

Dead Beat is in roman fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "De [Hert]slach fan 'e Deaden", mar it is in wurdboarterij, mei't it oaninoar skreaun, as Deadbeat de betsjutting "Liddichgonger" of "Neatnut" hat. It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it sânde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Blood Rites. Yn Dead Beat wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, troch in fampier sjantearre om har binnen trije dagen it "Wurd fan Kemmler" te besoargjen, wat dat dan ek mar wêze mei. Dead Beat waard yn 2005 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard at Large, mei Blood Rites, it sechsde diel fan The Dresden Files.

Yn Dead Beat wrakselet Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago, noch altyd mei de ûntdekking dy't er oan 'e ein fan Blood Rites, it foarrige diel fan 'e romansearje, dien hat: dat syn fjoerbetsjoenings net mear gewoan fjoer oproppe, mar hellefjoer, dat troch demoanen en warlocks brûkt wurdt. Harry snapt net hoe't soks ûnfrijwillich barre kin, al hat er in sterk fermoeden wat de bân tusken himsels en it hellefjoer wêze kin. Twa jier lyn hat er nammentlik troch omstannichheden in denaarje opkrigen dy't ien fan 'e tritich sulverstikken fan Judas Iskariot wie en dêr't de fallen ingel Lasciel, de Ferliedster, oan ferbûn is. Harry hat de munt yn in magyske ring fan stiel yn 'e flier fan 'e kelder bedobbe ûnder in heale meter beton (sjoch: Death Masks). Hoe't it yn 'e frede mooglik is dat Lasciël dêrwei noch altyd ynfloed op him útoefenet, giet syn begryp te boppen, mar blykber is it dochs sa. Harry doar dêrom no eins gjin fjoerbetsjoenings mear te dwaan, wat wol ûnhandich is, mei't fjoer syn sterkste elemint is.

Harry hat ek noch oare problemen. Syn healbroer Thomas Raith wennet noch altyd by him yn. Thomas is in fampier fan it Wite Hôf (eins mear in ynkubus as in 'tradisjonele' fampier), dy't in jier lyn troch syn suster Lara út it Wite Hôf ferballe is (sjoch: Blood Rites). Hoewol't Harry, dy't opgroeid is as wees sûnder famylje, de wrâld te ryk is dat er einlings in famyljelid fûn hat, is er minder bliid mei Thomas syn sloardigens en it feit dat er te pas en te ûnpas kreaze froulju meinimt nei Harry syn lytse appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou om seks mei harren te hawwen. Thomas besiket in 'normaal' libben op 'e rails te krijen, mar dat wol mar min slagje. Fierders freget Harry syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, oft er ek in pear wiken har blommen wetter jaan kin. Se giet nammentlik op fakânsje nei Hawaï mei Jared Kincaid, in heal-demoanyske hierling mei wa't se in jier lyn troch Harry syn tadwaan yn 'e kunde kommen is (sjoch: Blood Rites). Harry stimt dêr fansels yn ta, mar ûntdekt tagelyk dat er ferhipte jaloersk op Kincaid is, wat suggerearret dat er romantyske gefoelens foar Murphy hat. Dat besef lit him yn betizing efter.

It wurdt noch helte minder as Harry post kriget fan Mavra, in (tradisjonele) fampier fan it Swarte Hôf, mei wa't er in jier lyn ôfweefd tocht te hawwen. Hja hat him lykwols te fluch ôf west, en no is se werom. Se stjoert him in foto ta fan 'e ynfal dy't Harry, Murphy en Kincaid in jier tebek dien hawwe yn in tehûs foar dakleazen dat troch Mavra en har trewanten beset holden waard. Op 'e foto weeft Murphy ôf mei in 'renfield', in minsklike trewant fan in swarte fampier fan wa't de hiele persoanlikheid troch swarte magy stikken makke is en dy't inkeld noch yn steat is ta geweld. De man wie sadwaande al sa goed as dea, en Murphy rêde mei har aksje Harry syn libben, mar dy omstannichheden binne op 'e foto fansels net te sjen. As dizze foto nei de autoriteiten stjoerd wurdt, sil it Murphy har karriêre ferwoastgje. By de foto sit in lok fan Murphy har hier, en dat makket Harry noch mear kjel, want as se oer hier fan Murphy beskikt, kin immen dy't sa beleard is yn 'e swarte magy as Mavra fan alles mei har útheve.

Der sit in ek in bryfke yn it kefert mei de tekst dat Mavra Harry dy jûns by syn grêf moetsje wol, dat Harry set mei syn reuseftige (mar noch net folgroeide) Tibetaanske mastyf Mouse ôf nei it Graceland Cemetery, dêr't in fampier fan it Reade Hôf ea by wize fan bedriging in grêf foar him kocht hat, dat noch altyd iepen stiet (sjoch: Grave Peril). Dêr oankommen makket Mavra dúdlik dat Harry har foar midsnacht op 'e trêde dei fanôf no 'it Wurd fan Kemmler' besoargje moat as er Murphy rêde wol. As er wer thúskomt, giet Harry te rie by Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint. Bob fertelt him dat Heinrich Kemmler in tige machtige warlock wie, dy't ûnder mear troch hûndertfyftich jier fan manipulaasje efter de skermen ferantwurdlik wie foar it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. Hy waard yn 1961 troch de foltallige Wite Ried fan Tsjoenderij en alle bûnsgenoaten dy't de Wite Ried oproppe koe, ferslein en deamakke, eat dat se oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ek alris dien hiene, mar doe wie Kemmler, dy't in master fan nekromânsje wie, wer opstien út 'e dea. Diskear soarge de Wite Ried der dêrom foar dat soks net wer barre koe, hoewol't guon fan Kemmler syn learlingen wisten te ûntkommen.

Bob bekent dan dat hy fjirtich jier lang yn it besit fan Kemmler wie, ear't Justin DuMorne him yn 1961 út 'e útbaarnde ruïnes fan Kemmler syn laboratoarium plôke, krekt sa't Harry him letter út 'e útbaarnde ruïnes plôke hat fan it laboratoarium fan DuMorne, dy't Harry syn earste learmaster wie. Bob hat de oantinkens oan syn tiid mei Kemmler foar in part út syn ûnthâld snien, en foar in oar part ôfsletten fan syn hjoeddeistige persoanlikheid. As Harry him freget om dy oantinkens op te roppen om út te finen wat yn 'e frede 'it Wurd fan Kemmler' wêze kin, warskôget Bob him om him dy opdracht net te jaan, mar Harry slacht de warskôging yn 'e wyn. Bob ropt dêrop de oantinkens op dy't er noch oan syn tiid mei Kemmler hat, en kin Harry dan fertelle dat It Wurd fan Kemmler in boek is dat Kemmler skreau foar syn learlingen om syn kennis fan swarte magy troch te jaan. Bob hat lykwols troch de oproppen oantinkens in hiel oare persoanlikheid krigen, en Harry oerlibbet mar nauwerneed in konfrontaasje mei de nije Bob. Hy oarderet Bob dan om 'e oantinkens oan syn tiid mei Kemmler wer fuort te stopjen en nea wer foar 't ljocht te heljen, lykfolwa't him dêr ek opdracht ta jaan mei.

It is oktober en Halloween stiet foar de doar, en Harry rekket derfan oertsjûge dat de hiele saak dêrmei te krijen hat. En as nekromantisy (deadetsjoenders) tariedings meitsje foar it ien of oar, moatte se liken efterlitten hawwe, dat Harry set ôf nei it mortuarium, dêr't er te rie giet by syn freon, patolooch-anatoom Waldo Butters. As Harry deryn komt, wurdt er traktearre op it kluchtige gesicht fan Butters dy't as ienmans band yn in pak mei allegear muzykynstruminten oan it oefenjen is foar it polkafestival fan it Oktoberfest. De lytse patolooch-anatoom fungearret ek as Harry syn dokter as er wer ris ferwûnings oprûn hat (lykas skotwûnen) dêr't er net mei nei it sikehûs kin (om't de dokters dêre ferplichte binne om skotwûnen troch te jaan oan 'e plysje). Hy hat gjin ûngewoane stjergefallen opmurken, mar wol hat er fierder ûndersyk dien nei Harry syn sûnens. En hy is ta de konklúzje kommen dat Harry (en nei't men oannimme mei alle tsjoenders) better fan ferwûnings genêst as oare minsken. Fan eardere bonkebrekken is bygelyks op nijere röntgenfoto's neat mear werom te sjen, wylst soks by gewoane minsken oant harren dea dúdlik sichtber bliuwt. Butters wit net wêrom't dat sa is, mar hy giet derfan út dat it te krijen hat mei it gebrûk fan magy. It is neffens him ek de reden dat tsjoenders wol seishûndert jier libje kinne. Foar Harry betsjut dit yn praktyske sin dat er ferwachtsje mei dat syn lofterhân, dy't er in jier lyn by de konfontaasje mei Mavra slim ferbrând hat en dy't no eins net mear funksjoneel is, meitiid genêze sil sadat er dy wer brûke kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst Harry noch by Butters is, kringt in nekromantikus dy't himsels Grevane neamt it mortuarium yn, beselskippe fan fjouwer troch him animearre sombys, wêrûnder Phil de befeiligingsman, dy't er no krekt fermoarde hat. Om 'e sombys yn syn macht te hâlden, trommelet Grevane op syn boppeskonk om in hertslach te simulearjen. Dat docht er mei in boek, dat as titel hat: Das Lied der Erlkönig. Grevane wolle Butters ûntfiere, mar Harry stekt dêr in stokje foar. Hy en Butters witte (mei muoite) te ûntkommen oan Grevane en syn sombys, en dêrnei oan 'e partner fan Grevane, in âldkeardel mei in jachtgewear, dy't harren op it parkearterrein fan it mortuarium opwachtet. Neitiid bringt Harry Butters by him thús, dêr't er feilich is ûnder beskerming fan Mouse en de betsjoenings dy't er om syn appartemint hinne opboud hat. Sels giet er der wer op út om yn 'e esotearyske boekhannel fan Artemis Bock Das Lied der Erlkönig te sykjen. Yn dy winkel, deunby de universiteit, wurdt er holpen troch in freonlik nij winkelfamke dat Shiela hjit.

As er wer bûten komt, wurdt er lykwols opwachte troch twa persoanen yn swarte mantels. It binne twa tsjoenders; de iene brûkt de namme Cowl en de oare neamt harsels Kumori. Harry hat noch nea fan harren heart. Se wolle dat er harren it eksimplaar fan Das Lied der Erlkönig jout, dat er krekt kocht hat, om't der neffens harren gefaarlike kennis yn stiet en it boek dêrom ferneatige wurde moat. Ek besykje se Harry derfan te oertsjûgjen dat de Wite Rie fan Tsjoenderij alteast foar in part korrupt is. Harry fertelt harren op syn beurt wêr't se om him hinne rinne kinne. De moeting draait dan út op in konfrontaasje, wêrby't Cowl Harry hinne en wer smyt mei in magyske krêft dy't Harry noch nea yn in tsjoender tsjinkommen is. As er lulk wurdt en syn selsbehearsking ferliest, makket er gebrûk fan hellefjoer om in auto boppe-op Cowl te goaien. Dêrfoar brûkt Harry elts bytsje magy dêr't er oer beskikt, en neitiid is er folslein útdien. Cowl, lykwols, triuwt de auto fansiden en komt wer oerein. Op dat stuit wurdt Harry rêden troch de oankomst fan in stik as seis grutte wearwolven, dy't Cowl en Kumori ta in foartidige ôftocht twinge.

De wearwolven binne de Alpha's, in ridel dy't in territoarium yn 'e buert om 'e universiteit hinne hat, en foar wa't Harry al jierren in soarte fan mentor is (sjoch: Fool Moon). Billy Borden en syn ferloofde Georgia, de lieders fan 'e ridel, nimme Harry mei nei harren auto en bringe him nei de filla fan Georgia har (smoarrike) famylje, dêr't er eefkes bekomme kin. As Billy seit dat er de rook fan 'e beide tsjoenders net opnimme kinnen hat om't er inkeld noch swevel roek nei't Harry de auto boppe-op Cowl smiet, bychtet Harry syn gebrûk fan hellefjoer op en syn teory oer hoe't er dêroan komt. Georgia oppenearret dat sokke macht nea fergees komt, en Harry freget himsels dan lûdop ôf oft it ferbrânen fan syn lofterhân der soms op in ferwrongen manear de priis foar wie. Hy fertelt ek dat er syn freon Michael Carpenter, in Ridder fan it Krús, net mear ûnder eagen doar te kommen, mei't dy grif oan Harry gewaarwurde kinne sil dat er hellefjoer brûkt hat. As Billy en Georgia him letter ôfsette sille by syn auto, blykt Harry syn âld Folkswein Kever fandalisearre te wêzen: alle ruten binne ynslein mei in honkbalkneppel, dy't neitiid yn 'e auto smiten is. Om't der neat út 'e auto stellen is, ornearret Harry dat it om in warskôging giet. Billy en Georgia biede oan om 'e auto nei de garaazje te bringen, wylst Harry harren SUV lient.

Yn in bettere auto as dêr't er yn tiden yn riden hat, mar ek ien dy't folle makliker stikken giet troch de negative ynfloed fan syn tsjoenderij op moderne technyk, giet Harry te neare nacht op besite by it medium Mortimer Lindquist. Dy is op syn sêftst sein net sa bliid om him oan 'e doar te krijen, net inkeld fanwegen de tiid, mar fral ek om't er net by Harry syn besonjes belutsen wurde wol. Hy kin kommunisearje mei de deaden, mar hy hat gjin manear om himsels te ferdigenjen as Harry syn fijannen, bygelyks de fampieren fan it Reade Hôf, him tenei komme soene. As Harry útleit dat it om in hiele oare saak giet, dy't mei de nekromantikus Kemmler te krijen hat, wegeret Lindquist om 'e deaden yn gefaar te bringen om Harry te helpen. It komt foar Harry wol tige min út dat Lindquist einlings wat rêchbonke krigen hat, krekt no't hy ferlet hat fan syn help. As er de namme fan Murphy neamt, betinkt Lindquist him lykwols, mei't er, sa seit er, Murphy har heit ken (dy't, sa wit Harry, al tsientallen jierren dea is). Lindquist befreget dan foar Harry de geasten fan 'e deaden oer wêr't de oanhingers fan Kemmler har ophâlde. Hy nimt in plattegrûn fan Chicago en sproeit dêrboppe reade inket út in parfumfleske, mar troch tadwaan fan 'e geasten wurde de minuskule inketdripkes nei seis ûnderskate plakken op 'e plattegrûn ta laat, dy't dêrtroch read kleurje. Behalven it mortuarium binne dêrûnder ek it Field Museum en de tunnels ûnder de Ynternasjonale Lofthaven O'Hare.

De oare deis giet Harry op ûndersyk út, en nei't er om 'e nocht ien fan 'e reade plakken op 'e plattegrûn besocht hat, giet er nei de folgjende, yn it Field Museum. Dêr sjocht er yn 'e grutte hal, yn it skaad fan it bonkerak fan 'e ferneamde Tyrannosaurus rex Sue, twa plysjes praten mei ien fan 'e museumbefeiliging. Hy harket harren ôf en komt sa te witten dat de foargeande jûns in besykjend wittenskipper, in dr. Bartlesby, yn syn wurkkeamer fermoarde is. As de plysjes mei de befeiligingsman nei de museumdireksje geane om út te lizzen wêrom't in hiele gong ôfset wurde moat om 'e yntegriteit it plak delikt te beskermjen, begrypt Harry dat it plak delikt op dat stuit net bewekke wurdt. Hy kringt gau it gongestelsel yn it sûterrên fan it museum binnen om sels ris eefkes te sjen. Hy fynt de wurkkeamer fan Bartlesby troch alle ôfsettingslinten en it dúdlike aura fan swarte magy dat derfan útgiet. Alles sit ûnder it bloed, dat it is der net sêftsinnich om en ta gien. Harry wurdt ûnderbrutsen yn syn observaasje as ien fan 'e plysjes weromkomt, dy't him wer ken fan syn wurk as adviseur foar de Spesjale Undersyksienheid. De plysje is in wat âldere man dy't fan Rawlins hjit en fertelt dat er al twaris resjersjeur west hat, mar beide kearen yn rang weromset is fanwegen ynsubordinaasje. Hy lit Harry in foto sjen fan Bartlesby mei syn beide assistinten, Alicia Nelson en Li Xian, dy't spoarleas binne en troch de plysje as fertochten fan 'e moard beskôge wurde. As Harry freget wêrom't Rawlins him helpt, antwurdet dyselde dat Murphy Harry fertrout, en dat hy, Rawlins, doe't er noch mar krekt fan 'e plysjeskoalle wie, ris in konfrontaasje hân hat mei wat allinnich omskreaun wurde kin as in meunster. Murphy har heit hat him doe it libben rêden.

Neitiid hellet Harry Butters op en set mei him ôf nei it mortuarium. Om't Rawlins neat heard hie fan 'e moard op Phil, de befeiligingsman, ornearret Harry dat Grevane gjin oandacht op it mortuarium fêstigje woe, en dat er nei de ûntsnapping fan Harry en Butters alle oanwizings dat der wat nuvers bard wie, behimmele hat. Dat blykt yndie sa te wêzen, want yn it mortuarium giet alles syn gewoane gonkje wer, útein dat Casey, de befeiligingsman, net snapt wêrom't Phil net op syn post bleaun is oant hy kaam om him ôf te lossen. Op fersyk fan Harry sjocht Butters eefkes om 'e hoeke yn 'e keamer dêr't dr. Bartlesby leit, dy't net lang tefoaren binnenbrocht is. It docht bliken dat Bartlesby syn gesicht hielendal skeind is, mei't noas, earen, lippen en eachlidden ôfsnien binne. Syn búk is iepensnien en beskate organen misse en datselde is it gefal mei de grutte spieren út 'e foarkant fan 'e boppeskonken. Harry fermoedet dat it giet om in gefal fan antropomânsje, it brûken fan it minsklik yngewant foar it foarsizzen fan 'e takomst.

De reden dat Harry Butters meinommen hat nei it mortuarium is lykwols net om nei Bartlesby te sjen, mar nei in oar lyk, dat fan Eduardo Antonio Mendoza. Grevane wol Butters ûntfiere, en hy moat dêr in goede reden foar hawwe. Mendoza, dy't rinnend op in autosneldyk deariden is, liket de iennichste fan Butters syn saken te wêzen dêr't ek mar yn 'e fierste fierte wat nuvers mei oan 'e hân is. Wylst Butters him oer it stoflik omskot fan Mendoza bûcht, giet Harry yn in wachtromte yn 'e hal fan it mortuarium sitten, dêr't er sawol Casey as de foardoar yn 'e rekken hâlde kin. Op in stuit komme in blanke frou en in mongoloïde man binnen dy't Harry fan Rawlins syn foto werom ken as Alicia Nelson en Li Xian. Se fernimme by Casey nei Bartlesby, en Nelson seit dat se sa gau mooglik by it lyk moat om syn persoanlike eigendommen feilich te stellen, mei't er har foar syn dea oansteld hie as syn wetlike saakwaarnimmer. Wylst Casey nei efteren giet om mei dr. Brioche, it haad fan it mortuarium, te oerlizzen, brûkt Harry syn mei tsjoenderij ferskerpe gehoar om in flústere petear tusken Nelsen en Xian oan 'e oare kant fan 'e hal ôf te harkjen. Dêrút makket er op dat it duo yndie ferantwurdlik is foar de moard op Bartlesby, en ek dat Xian gjin minske is, mar in ghoul, dy't de dochs dúdlik froulike Nelson oansprekt mei "myn hear".

It wurdt Harry dan te hjit ûnder de fuotten yn it mortuarium, dat hy giet werom nei Butters om mei de lytse patolooch-anatoom mei stille trom troch de efterdoar ôf te setten. Butters hat ûnderwilens neat nuvers oan it lyk fan Mendoza ûntdekke kinnen. As Harry lykwols it gesicht fan 'e man sjocht, beseft er dat er him ken. It is Bony Tony, in smokkelder dy't guod meislûket troch it yn in kondoom oan in toutsje te dwaan, de kondoom troch te slokken en de útein fan it toutsje tusken syn beide efterste kiezzen te tropjen, sadat er it spul letter wer omheech helje kin. As Butters dêrnei sjocht, ûntdekt er yndie in toutsje dêr't in kondoom oan fêst sit, en yn dy kondoom sit in USB-stick. Wylst Harry en Butters meitsje dat se fuortkomme (wêrby't Butters derop stiet om syn polkapak mei alle muzykynstruminten mei te nimmen), reälisearret Harry him dat dit de saak der wer in stik yngewikkelder op makket, want Bony Tony wurke foar nimmen oars as de maffiabaas fan Chicago, "Gentleman Johnny" Marcone.

Harry nimt Butters mei nei it appartemint fan Billy Borden en Georgia, dêr't Butters en Billy de USB-stick yn in kompjûter stopje om te sjen wat derop stiet. Harry, mei syn ûntregeljende ynfloed op komplekse technology, bliuwt dêr safier mooglik út 'e buert. Hy riddenearret dat dat nei alle gedachten ek is wêrom't Grevane ferlet hie fan Butters: foar Grevane, sels ommers ek in tsjoender, dy't mei deselde swierrichheden as Harry te krijen hat, wiene de gegevens op 'e USB-stick ûnberikber. Hy moast dêrom in gewoane minske brûke om te witten te kommen wat derop stie. Wylst er wachtet, skillet Harry Marcone op en sprekt op dy syn antwurdapparaat it berjocht yn dat se prate moatte. Ek harket er syn eigen voicemail ôf; hy hat berjochten fan syn monteur Mike, dat syn eigen auto wer klear is, en fan Shiela Starr, de winkelbetsjinde yn Bocks boekhannel, dy't him om help freget. As Billy en Butters wer by him komme, fertelle se him dat op 'e USB-stick inkeld in leech kompjûterbestân stie. De iennichste ynformaasje liket de namme fan dat bestân te wêzen: in rige fan sechstjin sifers. Dat kin fansels wol fan alles wêze, dat dêr sjit Harry net folle mei op. Hy freget Billy om Butters wer nei syn appartemint te bringen dêr't er feilich efter de beskermingsbetsjoenings wêze sil en dêr't Thomas en Mouse in eachje op him hâlde kinne. Sels set er geandefoets ôf nei de boekhannel fan Bock.

As er dêr arrivearret, wurdt er oansprutsen troch Bock sels, dy't hiel senuweftich liket te wêzen yn Harry syn oanwêzichheid. Hy freget Harry om tenei net wer yn syn winkel te kommen, om't dat him te gefaarlik wurdt. Hy hat in húshâlding om foar te soargjen, en net eltsenien kin mei auto's goaie om jin jins fijannen fan it liif te hâlden. Dat docht Harry sear, mar hy begrypt it wol. Hy freget oft er eefkes nei efteren mei; dêrnei sil er net wer komme. Efteryn 'e boekhannel moetet er Shiela, dy't him fertelt dat se har de jûns tefoaren yn 'e winkel besjoen fielde, hoewol't der net ien wie. Harry freget him ôf oft Mavra, in masteresse yn it gebrûk fan magyske walen dy't har frijwol ûnsichtber meitsje, soms in besykje oan 'e boekhannel brocht hat. Hy stelt it fanke lykwols gerêst, en hja komt him folslein oer it mad troch him dêrnei mei út te freegjen op in ôfspraakje. Harry stimt dêrmei yn, al komt it him op 't heden net sa goed út. Shiela jout him har tillefoannûmer, en se prate ôf noch kontakt hawwe te sillen om 'e plannen konkreter te meitsjen.

Wylst Harry efteryn de winkel wie, binne der twa nije klanten yn kommen. It binne Alicia Nelson en Li Xian, dy't Bock deroer ûndersteane oan wa't er syn lêste eksimplaar fan Das Lied der Erlkönig ferkocht hat. Bock wol dat net sizze, en it petear rint út op drigeminten. Harry beslút yn te gripen foar't Bock wat oerkomt, en hy smyt mei syn tsjoenderij Li Xian dwers troch de foardoar hinne tsjin 'e muorre fan it gebou oare kant fan 'e strjitte oan. It docht lykwols bliken dat Alicia Nelson, dy't harsels 'Capiocorpus' neamt (Latyn foar "Likenimmer"), in folle gefaarliker tsjinstanner is as de ghoul. Hja is in nekromantika fan grutte macht, en se beskikt boppdat oer in folsleine wissichheid yn har dwaan en litten dy't der dúdlik op wiist dat se knettergek is. As Harry bekendmakket dat hy it lêste eksimplaar fan Das Lied der Erlkönig kocht hat, wol se dat hy it boek oan har oerjout. Harry stegeret har ôf, en dan falt se him oan mei mentale magy, troch te besykjen syn geast yn te kringen. Dat is wat dêr't de Wite Ried fan Tsjoenderij de deastraf foar útsprekt. Hoewol't eltse tsjoender yn teory leart hoe't er him tsjin sa'n oanfal ferdigenje moat, binne de lessen yn dy ferdigening ûntwurpen troch amateurs, krekt omdàt it in ferbeane foarm fan magy is. De Likenimmer is lykwols allesbehalven in amateur, en Harry hat der klauwen oan om har út syn holle te hâlden. Dat rêdt er úteinlik inkeld op troch de mentale fariant fan hellefjoer op te roppen, dêr't de Likenimmer eefkes net fan werom hat.

Harry makket fan 'e gelegenheid gebrûk om út te piken troch de efterdoar fan 'e boekhannel, mei de ghoul Li Xian op 'e hakken. Yn 'e stege efter de winkel wurdt Harry yn it kût rekke troch in werpstjer fan Li. Troch de pine rekket er syn konsintraasje kwyt en kin de Likenimmer him mentaal oermasterje. Li nimt him Das Lied der Erlkönig ôf en de Likenimmer ûntfytmannet de sechstjinsiferige koade fan 'e USB-stick út syn ûnthâld. Dêrnei wol se Harry oan 'e ghoul jaan, sadat dy him útinoar skuorre en opfrette kin, mar as Li him begjint mei te slepen, lit Harry him sa falle dat de werpstjer fierder syn kût yndreaun wurdt. Om't de Likenimmer noch yn syn holle sit, fielt sy de pine, dy't har eefkes bûten gefjocht stelt. Harry skopt Li dan út alle macht tsjin 'e skonk oan dêr't op dat stuit syn gewicht op rêst, mei as gefolch dat de ghoul in knibbel brekt. Dêrnei mankepoatet er sa hurd as er kin de stege út, de strjitte op, dêrby hjitfolge troch in allyksa mankepoatsjende Li. As de ghoul him op in hier nei byhelle hat, swypket der ynienen in dûbelblêdige striidbile oer Harry syn holle hinne, dy't Li fol yn 'e side treft. In lange blondine dy't klaaid is as in sakefrou stapt mei in swurd yn 'e hân oer Harry hinne en daget de ghoul út ta in duël. Li wol dêr neat fan witte en kiest it hazzepaad.

Neitiid beseft Harry dat er de frou ken: it is Miss Gard, de feilichheidsadviseur fan Monoc Securities dy't foar "Gentleman Johnny" Marcone wurket. Hja helpt Harry yn in auto dy't bestjoerd wurdt troch Hendricks, Marcone syn liifwacht, en dêr't de maffiabaas sels efteryn sit. Gard warskôget Marcone dat it Harry syn lot wie om yn dy stege te stjerren, en dat der reperkusjes wêze sille no't yn dy gong fan saken yngrepen is, mar Marcone wiuwt dy warskôging fuort. Hy fertelt Harry dat Bony Tony Mendoza ien fan syn mannen wie, en dat net ien sûnder straf ien fan syn mannen út 'e wei rommet. Om't Harry him dochs al fêstlein hat om 'e nekromantisy tsjin te hâlden, is it foar Marcone it maklikst om wraak te nimmen troch Harry te helpen. Dêrom leit er him út dat Bony Tony op it punt stie him út 'e kriminaliteit werom te lûken. Om fan te libjen wied er mei goedkarring fan Marcone de ynhâld fan in âlde opslachromte oan it ferkeapjen, dêr't er op 'e iene of oare wize de kaaien fan bemachtige hie. De romte lei grôtfol mei oarlochsbút út 'e Twadde Wrâldoarloch en hie sûnt 1945 net mear iepen west. Tony besocht ûnder mear in âld manuskript oan 'e man te bringen en fûn dêrfoar in keaper dy't Grevane hiet. Doe't er foar it ferstân krige dat Grevane oer boppenatuerlike krêften beskikte, frege er Marcone om rie, dy't him fertelde dat tsjoenders net mei moderne technology omgean kinne. Dêrfandinne dat Tony de ynformaasje dy't er ferkeapje woe (de koade fan in klúske dêr't er it manuskript yn opburgen hie), op in USB-stick sette, wat it frijwol ûnberikber makke foar Grevane. Hy tocht op dy manear normaal ûnderhannelje te kinnen, mar blykber wied er mis, want Grevane deade him likegoed.

Marcone fertelt ek oer in oar foarfal, wêrby't in oare ûnderhearrige fan him de jûns tefoaren op 'e strjitte delsketten waard. De man rekke deadlik ferwûne, mar kaam letter yn it sikehûs by en oerlibbe syn ferwûnings. It plak dêr't er delsketten waard, is ien fan 'e reade plakken op Harry syn plattegrûn fan Chicago. Marcone kin him der fierders neat oer fertelle, mar jout him de nammen fan 'e beide ferpleechkundigen dy't syn man op dat plak behannele hawwe. Dêrnei set er Harry ôf by it Cook County Hospital, dêr't Harry dochs hinne moat foar de werpstjer yn syn kût, sadat er twa miggen yn ien klap slaan kin. Nei't er him behannelje litten hat, spoart Harry Lamar op, in âld-marinier en ien fan 'e beide ferpleechkundigen. Nei lang oantrúnjen fertelt dy him dat de delsketten man dêr't hy en syn kollega de jûns tefoaren byroppen waarden, net mear te rêden wie. Mar doe't er stoar, ferskynde der in frou yn in lange swarte mantel, dy't Lamar en syn kollega oan 'e kant hiet te gean, en boppe-op de deade man lizzen gie. Troch de mantel koe Lamar net sjen wat se krekt die, mar doe't se wer oereinkaam, begûn de man wer te sykheljen. Harry beseft dat dy frou Kumori west hawwe moat, want hoefolle froulike nekromantisy yn lange mantels kinne der no yn Chicago omrinne? Hy beseft ek dat er Kumori, en mooglik har partner Cowl allyksa, miskien ferkeard beoardiele hat as se har tsjoenderij brûkt om út minskleavendheid (want Harry kin gjin oar motyf betinke) it libben in willekeurige man te rêden.

Nei syn besyk oan it sikehûs nimt Harry in taksy en hellet er syn eigen auto op by de garaazje. As er thúskomt, laadt er earst op driuwend fersyk fan Thomas it polkapak fan Butters yn 'e kofferbak fan 'e auto, want Thomas kin dat soarte muzyk net mear hearre. Dêrnei nimt Harry mei Thomas de saak troch. Hy fertelt him dat it gjin ramp is dat er Das Lied der Erlkönig kwytrekke is, mei't er dat boek de foargeande jûns let noch trochnommen hat. It wie in bondel essays oer in mytysk figuer dat de Erlkönig hjit, in elf dy't de oanfierder is fan (of mooglik kening oer) de wylde ierdgeasten dy't noch ta it Simmerhôf, noch ta it Winterhôf hearre. Hy is ien fan 'e wêzens dy't de Wylde Jacht oproppe en liede kinne, in jachtselskip fan ruters en grutte boppenatuerlike jachthûnen dat âljend en byljend by nacht en ûntij troch de wrâld raast. Wat dat mei de saak fan 'e nekromantisy en It Wurd fan Kemmler te krijen hat, is Harry in riedsel. Hy beslút om syn peetmuoike, de Leanansídhe, deroer te befreegjen, in hege sídhe fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten.

As Harry mei Mouse nei in plak bûten de stêd riden is, oan 'e kust fan 'e Michiganmar, dêr't de eleminten ierde, wetter en lucht gearkomme, ferskynt op syn oprop net syn peetmuoike, mar Mab, keninginne fan Lucht en Tsjuster, de monarch fan it Winterhôf en in wêzen fan skriklike macht. Sy is sa'n bytsje de lêste dy't Harry treffe wol, want hy hat ris earder gedoente mei har hân en is har noch twa geunsten skuldich (sjoch: Summer Knight). Hja ferskynt him yn in stoarmwyn dy't it wetter fan 'e mar opswypket ta wyld rôljende weagen, en fertelt him dat Lea op 't heden oare dingen oan 'e holle hat. Harry syn peetmuoike, dy't sels ek oer grutte macht beskikt, hie it nammentlik yn 'e plasse krigen dat se Mab net mear hearrich hoegde te wêzen, en Mab hat har yn in betsjoening finzen set oant hja op oare gedachten komt. Om't Mab de reden is dat Lea no har ûnthjitten net neikomme kin, moat Mab sa lang Lea har ûnthjitten foar har neikomme, en se seit ta dat se Harry alle help jaan sil dy't Lea him ek jûn hie. As Harry har freget wêrom't de dissipels fan Kemmler sa'n belangstelling hawwe foar de Erlkönig, stjert de wyn fan it ien op it oare stuit fuort en it oerflak fan 'e mar wurdt sa glêd as glês. Harry beseft dat er Mab oer it mad kommen is.

As er har útlein hat wat der oan 'e hân is, fertelt Mab dat de Erlkönig oer de wylde ierdgeasten hearsket sa't sysels oer it Winterhôf hearsket. Mar as oanfierder fan 'e Wylde Jacht hat de Erlkönig ek hearskippij oer de skimmen fan ferstoarne jagers, tige machtige geasten, dy't oare kant de dea bûten berik fan minsklike tsjoenders lizze, mar net bûten berik de Erlkönig. Harry begrypt dan wêrom't in kloft tsjoenders dy't har derop talizze om 'e deaden ta slaaf te meitsjen, belangstelling hawwe foar in wêzen dat machtige geasten oproppe kin dy't sysels net berikke kinne. Hy konkludearret dat der it ien of oar yn Das Lied der Erlkönig stean moat dat it foar harren mooglik meitsje moat om de Erlkönig op te roppen. As Harry freget wat dat ien of oar krekt is, antwurdet Mab dat Lea dat net wit en dat Mab it him dêrom net hoecht te fertellen, mar as er yngiet op har oanbod om him ta de Winterridder te meitsjen, sil se it him dochs fertelle, en him mear as genôch macht jaan om mei de dissipels fan Kemmler ôf te weven. Se hat him dat oanbod trije jier lyn ek dien (sjoch: Summer Knight), en krekt as doe slacht Harry it ôf. Hy freget oft de hjoeddeistige Winterridder har sa min befalt dat se no alwer fan him ôf wol, mar dan fertelt Mab dat de âlde ridder, de drugsferslaafde moardner en ferkrêfter Lloyd Slate, dy't him tsjin har keard hie (sjoch: Summer Knight), noch altyd libbet, hoewol't er wol woe dat er dea wie. Se is der wis fan dat Harry úteinlik mei har foarstel ynstimme sil, dat se beslút dat it lijen fan Slate noch mar wat fierder oprutsen wurde moat.

Om Harry yn libben te hâlden, fertelt Mab him dan dat Kemmler in briljante psychopaat wie, dy't ûntdutsen hie hoe't er de geasten fan 'e ferstoarnen ta slaaf meitsje moast en ek hoe't er dy geasten fersline koe om as enerzjyboarne foar syn eigen tsjoenderij te tsjinjen. Hy besocht dat yn 'e praktyk te bringen, wat him ta in soarte fan god makke hawwe soe, mar de Wite Ried kaam mei man en macht fanwegen en ferdylge him ear't er ree wie. Harry begrypt no wat de dissipels fan Kemmler yn 't sin hawwe, en dat se hoe dan ek tsjinholden wurde moatte. As ien fan harren yn syn bedoeling slagget, sil it yndie Tsjusterheljen wurde (sa't de Likenimmer it neamde) ynstee fan Alderheljen. Mar om har doel te berikken, hawwe se It Wurd fan Kemmler nedich, dat Harry moat sjen dat er dat út harren hannen hâldt. Hy freget him daliks ôf oft it dan wol sa'n goed idee is om it boek oan Mavra te jaan, dy't ek in kundich brûkster fan swarte magy is. Oan 'e oare kant is Mavra fansels al dea (of eins ûndea), dat Harry wit net iens oft nekromânsje foar har wol wurket.

Nei syn moeting mei keninginne Mab arrivearret Harry krekt op 'e tiid thús om in oanfal troch sombys meimeitsje te kinnen, dy't oanstjoerd wurde troch Grevane. Dy smyt safolle sombys tsjin Harry syn beskermingsbetsjoenings oan, dat de betsjoenings it bejouwe. Dêrnei slane de sombys de doar en de ruten yn en wurdt Butters finzen nommen. Harry ûnderhannelet mei Grevane oer de frijlitting fan Butters, dy't de sechstjinsiferige koade fan 'e USB-stick fan Bony Tony net út 'e holle ken. Harry biedt oan om Grevane de koade te jaan as er Butters gean lit. Grevane stimt dêrmei yn, en Harry, Thomas, Mouse en Butters, mei Bob syn skedel yn in rêchsek, ferlitte it sûterrên en geane nei Harry syn auto, dêr't se de âldman fan it parkearterrein by it mortuarium treffe, dy't Grevane syn helper is. De âldkeardel komt Harry dizenich bekend foar, mar hy kin der krekt net de finger op lizze. Yn elts gefal is de âldman om 'e iene of oare reden ferfolle fan hate tsjin Harry, mar as er Harry sjocht, rekket er betize en freget er him lûdop ôf wêr't "it" is, mei't "it" "hjir" (yn Harry) wêze moatte soe. Harry hat gjin tiid om dêrby stil te stean, want op dat stuit wurde se oerfallen troch de Likenimmer en Li Xian oan it haad fan in spûkeftige troep Noardlike kavalery út 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Der brekt in gefjocht út tusken Grevane syn sombys en de spûken fan 'e Likenimmer. De âldman nimt daliks oan dat Harry mei de Likenimmer ûnder ien tekken skûlet, en hellet in derringer foar 't ljocht dêr't er Harry mei besiket dea te sjitten. Under de wrakseling dy't dan ûntstiet, wit Harry te ûntkommen, mar hy ferliest it stikje papier dêr't er de sechstjinsiferige koade op skreaun hat.

As Harry-en-dy yn syn auto fan rutens spylje en Grevane en de Likenimmer oaninoar oerlitte, falt it harren pas op dat de hiele stêd yn it tsjuster sit. De elektrisiteit is blykber útfallen, en Harry fermoedet dat Cowl dêrefter sit, mei't Grevane en de Likenimmer te drok mei inoar binne. Harry-en-dy nimme in omwei nei it hûs fan Murphy, dêr't Harry ommers de kaai fan hat. Dêr fersoarget Butters Harry syn wûne, dy't troch alle drokte wer iepengien is. Thomas stoppet temûk in pear swiere pinestillers yn syn drinken, sadat Harry tsjin syn wil twongen wurdt om wat sliep yn te heljen. Yn in dream ferskynt de fallen ingelinne Lasciël oan him, dy't him útleit dat de wiere Lasciël yndie mei har denaarje ûnder in heale meter beton yn in magyske sirkel yn Harry syn kelder bedobbe leit, en dat se yn dizze foarm in 'ôfdruk' fan Lasciël is dy't Harry syn geast ynkrongen is op it stuit dat er de denaarje oppakte. As 'skaad' fan Lasciël hat se noch hieltyd in protte macht, mar lang net sa folle as de wiere Lasciël. Se leit him út dat se mear macht krigen hat trochdat hy dy deis foar it earst út frije wil hellefjoer brûkt hat, en dat se dêrtroch no mei him kommunisearje kin. Se besiket him te ferlieden om mei har te hantsjebakken, mar Harry hat syn siel noch nedich, en wol him leaver net ferkeapje.

Ier de oare deis, op Halloween, wurdt Harry wekker út in sliep dêr't er beslist ferlet fan hie. Hy beslút dat er sels net machtich genôch is om Grevane of de Likenimmer of Cowl te ferslaan, mar dat er der wol foar soargje kin dat se net yn har opset slagje. Se moatte hjoed harren plannen yn 'e praktyk bringe, om't de skieding tusken de wrâlden fan 'e libbenen en de deaden op 'e jûn fan Halloween (of Alderheljen) it tinst en trochlittichst is. Dêrby binne se, om har doel te berikken, noch twa oare dingen nedich: It Wurd fan Kemmler en de Erlkönig. Harry set Thomas, Butters en Bob oan it wurk om út te sykjen wat de sechstjinsiferige koade ynhâldt, om eventueel sels It Wurd fan Kemmler fine te kinnen. Ek nimt er kontakt op mei de Wite Ried, dy't taseit in ienheid stjoere te sillen dy't bestiet út warders, de 'soldaten' fan 'e Ried. Sels wol Harry besykje om 'e Erlkönig op te roppen en dwaande te hâlden. Want hoe machtich oft dy ek wêze mei, hy kin net op twa plakken tagelyk wêze. Dus as er by Harry is, kin er net by Grevane of de Likenimmer of Cowl wêze. It probleem is dat Harry net wit hoe't er de Erlkönig oproppe moat. Dat sil grif yn Das Lied der Erlkönig stien hawwe, mar dat boek hat er net mear en ek al hat er it lêzen, hy wit net mear krekt wat der allegear yn stie. In opmerking fan Butters dat it spitich is dat er gjin fotografysk ûnthâld hat, bringt Harry yn 't sin dat Shiela, de ferkeapster yn 'e boekhannel fan Bock, yn harren petear neamd hat dat sy in fotografysk ûnthâld hat.

Yn 'e hope dat sy Das Lied der Erlkönig lêzen hat, giet Harry nei syn kantoar, dêr't er in omkeartillefoanboek hat, sadat er in adres by it tillefoannûmer sykje kin dat se him jûn hat. Wylst er dêr is, komt Billy Borden del, dy't kontakt hân hat mei Bock. Billy bringt oan Harry Bock syn tank oer dat er him út in penibele sitewaasje rêden hat, en hy bringt ek Harry syn pistoal werom, dat Bock yn 'e stege efter syn saak fûn hat. Bock hat lykwols tsjin Billy sein dat Harry him de lêste tiid nuver hâldt en draacht, dat er tsjin foarwerpen praat of tsjin dingen dy't der net binne. Billy sit oer him yn, mar Harry snapt net wêr't se it oer hawwe en wiuwt harren noed fuort. Harry set ôf nei ien fan 'e mindere wiken fan Chicago, dêr't Shiela Starr wennet yn in flatgebou dat renovearre wurdt. Se lit him yn har appartemint en blykt yndie Das Lied der Erlkönig lêzen te hawwen. Se seit ferskillende gedichten út it boek foar him op oant Harry yn it ritme en de formulearrings fan ien fers in oproppingsritueel weromken. Hy notearret it sekuer. Ear't er wer ôfset, ferrast Shiela him mei in yntinse tongtút.

Yn it treppehûs fan it flatgebou komt Kumori Harry oer it mad. Se blykt lykwols allinnich prate te wollen, ek al hâldt se de kap fan har mantel fier foaroerlutsen sadat Harry har gesicht net sjen kin. Kumori en har ôfwêzige partner Cowl wolle noch altyd Das Lied der Erlkönig hawwe, mar Harry fertelt har dat de Likenimmer it fan him ôfpakt hat. Kumori fertelt him dat de Likenimmer oan syn bynamme komt trochdat er it fermogen hat om syn hiele persoanlikheid oer te bringen nei in oar lichem. Se befêstiget Harry syn fermoeden dat de Likenimmer it lichem fan Bartlesby bewenne oant er it lichem fan dy syn assistinte Alicia Nelson oernaam en dêrnei it lichem fan Bartlesby deafoltere mei de geast fan Nelson deryn. Kumori docht Harry it oanbod dat sy en Cowl him gewurde litte sille as er him fierders net mei de saak bemuoie sil. Hy docht har in tsjinoanbod: hy sil harren gewurde litte as se daliks út Chicago ôfreizgje en harren dêr net mear fertoane. Net ien fan beide foarstellen is foar de oare partij akseptabel. Harry freget út nijsgjirrigens nei de reden dat Kumori in wyldfrjemde man dy't delsketten wie, it libben rêden hat, en sy antwurdet dat sy en Cowl fan miening binne dat nekromânsje, ien fan 'e swartste tûken fan swarte magy, ek brûkt wurde kin om goed te dwaan. Harren doel is, sa fertelt Kumori, om mei nekromânsje in manear te finen om derfoar te soargjen dat nimmen ea noch deagean sil. Harry beslút teloarsteld dat sy en Cowl krekt like knettergek binne as Grevane en de Likenimmer, mar op in folslein oare manear.

Neitiid bejout Harry him nei syn stamkroech MacAnally's, dêr't er ôfsprutsen hat mei de warders fan 'e Wite Ried. Hy ferwachtet dat de Ried in hiele troep warders stjoerd hat, mar der komme inkeld fiif fan harren opdaagjen. Ien dêrfan is Donald Morgan, de regionale befelfierder oer de warders yn it easten fan Noard-Amearika, dy't Harry hatet en yn it ferline ferskate kearen besocht hat him derby te lappen (sjoch: Storm Front en Summer Knight). In oaren is de griishierrige matriarch Anastasia Luccio, de kommandant fan alle warders wrâldwiid, en de fjildkommandant fan 'e striidkrêften fan 'e Wite Ried yn 'e oarloch mei de fampieren fan it Reade Hôf. De trêde is Carlos Ramirez, in jonge warder mei tefolle selsfertrouwen dy't lykwols syn fjoerdoop al ûndergien hat, mar de oare beiden, Kowalski en Yoshimo, binne griene rekruten dy't noch wiet efter de earen binne. As Harry freget wêr't de rest fan 'e warders úthinget, langet Luccio him de grize mantel fan in warder oer en seit dat, as er dy oandocht, alle beskikbere warders oanwêzich wêze sille.

Luccio leit him dan út dat wylst Harry it yn Chicago mei nekromantisy oan 'e stôk krige, de reade fampieren in grutskalich offinsyf ynset hawwe yn 'e oangeande oarloch tusken harren Reade Hôf en de Wite Ried, dy't Harry jierren lyn eigenhandich begûn is (sjoch: Grave Peril). De fampieren rûnen it regionaal haadkertier fan 'e Wite Ried yn Kaïro ûnder de foet en namen dêrby ûnder mear de befelfierder fan 'e warders yn it Midden-Easten kriichsfinzen. Dêrop setten de warders in tsjinoffinsyf yn tsjin bases fan 'e reade fampieren yn Madrid, São Paulo, Acapulco en Atene. Se fûnen dêrby ynformaasje dat de finzenen fêstholden waarden yn Belize, yn oanwêzichheid fan 'e kening fan it Reade Hôf en syn neiste adviseurs. Dêrop kaam de Merlyn fan 'e Wite Ried sels fanwegen, en mei him de rest fan 'e Hege Ried. Hja joegen har by de warders foar in grutte oanfal, fersloegen de fampieren en befrijden de finzenen. Fan 'e reade kening en syn adviseurs wie lykwols gjin spoar. Dêrop loeken se har mei har ferwûnen werom yn in hospitaal fan 'e Wite Ried op Sisylje.

Mar der wie ferrie yn it spul, en it hospitaal kaam ûnder in fûleindige oanfal fan 'e fampieren. De tsjoenders fan it Reade Hôf wisten in etmiel lang de tagong ôf te snijen ta de paden fan 'e boppenatuerlike wrâld fan it Nevernever (dy't de Wite Ried brûkt om yn 'e fysike wrâld fluch fan it iene plak nei it oare plak te kommen). Dêrtroch sieten de warders en de leden fan 'e Hege Ried fêst yn it besingele hospitaal en koene se net ûntkomme. By de striid dêre sneuvelen 38 warders (oftewol sa'n 20% fan alle warders), ear't de tagong ta it Nevernever forsearre wurde koe. Dêrnei waarden de leden fan 'e Wite Ried yn it Nevernever efterfolge troch de reade fampieren, eat dat noch nea earder foarkommen wie. En net inkeld troch de fampieren, mar ek troch bûtensteanders, demoanen fan foarby de Bûtenste Poarten, dy't inkeld troch minsken (en net troch fampieren) oproppen wurde kinne, wat nij bewiis is dat der ferrieders aktyf binne. Dêrby kamen nochris 23 warders om, wylst in soad oaren ferwûne rekken. De oerlibjende warders fierden in efterhoedegefjocht wylst de ferwûnen ôffierd waarden. Se hiene, sa seit Luccio, de oarloch dêr yn ien klap ferlieze kinnen as Ebenezar McCoy en Martha Liberty, twa leden fan 'e Hege Ried, de warders net te help kommen wiene en langernôch stân holden hiene sadat de Merlyn sels en de Poartewachter in beskermingsbetsjoening opbouwe koene dy't sa machtich wie dat noch de fampieren, noch de bûtensteanders dertrochhinne brekke koe. De slimste ferwûnen waarden nei in geheime basis fan 'e Wite Ried yn 'e Demokratyske Republyk Kongo brocht, mar se waarden fannijs ferret en der waard by dei troch minsklike trewanten fan 'e reade fampieren in oanfal op 'e basis útfierd mei gifgas, wêrby't alle dêrhinne stjoerde ferwûnen omkamen.

Alles dat de lêste pear dagen bard is, hat it oansjen fan it slepende konflikt tusken de Wite Ried en it Reade Hôf, dat lang it karakter fan in kâlde oarloch hie, folslein feroare. De Merlyn en de faksje yn 'e Hege Ried dy't him stipet, stjoerden lange tiid oan op in diplomatike oplossing, mar dat is no ûntinkber wurden. Oan 'e oare kant binne der sa'n soad warders sneuvele dat de Wite Ried no it iene gat yn 'e frontliny mei it oare tichtsje moat. Dat de reade fampieren sûnder tastimming it Nevernever ynkrongen binne, en, slimmer noch, dêr bûtensteanders brocht hawwe, betsjut lykwols dat se no ek yn oarloch binne mei sawol it Simmerhôf as mei it Winterhôf fan 'e ierdgeasten, en de Wite Ried moat sjen fol te hâlden oant Mab en de Simmerkeninginne, Titania, harren legers mobilisearje kinne. Ien en oar betsjut dat de Wite Ried, dy't Harry noch nea alhiel fertroud hat, him no ynienen graach by de warders yndiele wol. Harry wol dêr neat fan witte, mar Luccio kin him mei wurden wol oer. Uteinlik stimt Harry dermei yn, op it betingst dat er net út Chicago wei hoecht en dat er neat mei Donald Morgan te krijen hawwe sil. Luccio seit dat se Morgan dochs oerpleatse moat, om't er no yn oare dielen fan 'e wrâld nedich is. Se stelt Harry yn Morgan syn plak oan ta regionaal kommandant fan 'e warders yn it easten fan Noard-Amearika.

As Harry weromkeart yn Murphy har hûs, blykt dat Thomas, Butters en Bob it riedsel fan 'e sechstjinsiferige koade noch net oplost hawwe, mar se hawwe ûnderwilens wol útfigelearre wat it meast foar de hân lizzende plak yn Chicago is dêr't nekromantisy lykas de dissipels fan Kemmler oan âlde, machtige geasten komme kinne. Se ornearje dat it benammen gean sil om geasten dy't ferbûn binne oan Yndiaanske artefakten, en dêrfan hat it Mitchell Museum, op 'e kampus fan it Kendall Kolleezje yn Evanston, fierwei de grutste kolleksje. Harry stjoert Thomas op Murphy har motor nei it hotel ta dêr't Luccio en de oare warders harren opmeitsje foar de kommende striid, om dy ynformaasje fia de resepsjonist troch te jaan. (Thomas is in fampier, en hy moat dêrom sels bûten it eachweid fan 'e warders bliuwe.) Underwilens is it nacht wurden en is der noch altyd gjin elektrisiteit, dat de hiele stêd sit wer yn it tsjuster. Harry set útein mei it oproppen fan 'e Erlkönig. Dat slagget wûnderwol, mar de Erlkönig is not amused dat Harry him in nacht lang yn in magyske sirkel finzen hâlde wol, lykfol hokfoar goede redens oft Harry dêr ek foar hawwe mei. Hy besiket los te brekken, en Harry besiket út alle macht en hâldt him finzen. Dat wie miskien sels ek wol slagge, want Harry syn magyske sirkel wie tige kundich makke. Mar op it beslissende stuit slacht ien Harry fan efteren op 'e plasse, sadat er in pear tellen út 'e tiid rekket.

As er wer bykomt, is de Erlkönig út 'e sirkel frijbrutsen. Hy ropt in boppenatuerlik hynder by him, en in grutte kliber boppenatuerlike jachthûnen, en set útein mei de Wylde Jacht. Harry beseft dat er faald hat: de Erlkönig is no frij yn Chicago, en hý is dejinge dy't him oproppen hat. De dissipels fan Kemmler kinne nei beleavjen gebrûk meitsje fan 'e oanwêzigens fan 'e Erlkönig. Dejinge dy't Harry delslein hat, blykt Cowl te wêzen, dy't tajout dat hy en Kumori him de hiele dei om bar folge hawwe, om't se derfan oertsjûge wiene dat hy it smoarge wurk wol foar harren opknappe soe. Hy lit Harry lykwols fierder gewurde, want hy is wis dat de Erlkönig it misledigjende besykjen fan Harry om him finzen te setten, net ferjitte sil, en perfoarst weromkomme sil om wraak te nimmen. Kumori komt op dat stuit út Murphy har hûs wei en tegearre sette se ôf. Harry is bang dat Kumori Butters wat oandien hat, mar as er mei in seare holle yn 'e hûs mankepoatet, fynt er Butters en Mouse ferskûle yn in kleankast. Butters tinkt dat hysels yn panyk rekke is en Mouse meisleept hat nei dat sideplak, mar it is foar eltse waarnimmer dúdlik dat sa'n lyts mantsje as hy in hûn fan 'e grutte fan Mouse nea wêr dan ek hinne slepe kinne soe. Dat betsjut dat it Mouse is dy't Butters meisleept hat nei in skûlplak, en dat betsjut dat Mouse wist dat er net tsjin Kumori op koe en dat er in alternatyf aksjeplan betocht hat, en dat betsjut wer dat Mouse folle yntelliginter is as in hûn heart te wêzen.

It is in moaie meifaller dat Butters en Mouse neat oerkommen is, mar Bob blykt poater te wêzen. Harry beseft dat Kumori Murphy har hûs net ynkrongen is om Butters wat oan te dwaan, mar om Bob te ûntfieren, mei't Cowl witte moat dat Bob foarhinne fan Kemmler west hat en wierskynlik meiwurke hat oan it skriuwen fan It Wurd fan Kemmler. Dat, as er Bob hat, hat er it boek sels net iens nedich. Om't Murphy har hûs net mear feilich is, nimt Harry Butters en Mouse mei yn syn auto. Dat Cowl en Kumori him de hiele dei folge hawwe, hat him ûngerêst makke oer de Shiela, want as Cowl beseft dat sy in fotografysk ûnthâld hat en de ynhâld fan Das Lied der Erlkönig wurd foar wurd opsizze kin, soed er har wolris fan kant meitsje kinne om dy kennis út 'e wrâld te helpen. Dêrom giet Harry earst nochris by Shiela oan, wêrby't er de auto rinne lit en Butters en Mouse yn 'e auto efterlit. Shiela is neat oerkommen, en sy en Harry wikselje in nije tút út. Se seit dat se him mei koarten wat fertelle moat, mar dat se him fan 'e jûn net ôfliede wol. Krekt as Harry fuort sil, komme Butters en Mouse opdaagjen: de auto is útfallen en Butters krige him net mear oan 'e praat, en hy fielde him net feilich, dat hy is mar efter Harry oan gien.

Dan bart der wat aparts: as Harry Butters oan Shiela foarstelle wol, freget de lytse patolooch-anatoom wêr't er it oer hat, en tsjin wa't er praat. Harry snapt him earst net, mar dan falle ynienen in hiel soad puzelstikjes te plak. Hy iepenet syn boppesintúchlike waarnimming dy't him de dingen sjen lit sa't se wier binne, en ynstee fan it gesellige appartemintsje fan Shiela, blykt er yn in leech sloopgebou te stean. Inkeld Shiela sels is noch oer fan 'e yllúzje dy't se him sjen litten hat: Shiela – Shie-la – La-sciel: Lasciël. Harry beseft dat de fallene ingelinne him dagenlang bespile hat, en hy begrypt no ek wêrom't Billy en Bock sa oer syn hâlden en dragen yn sieten. Doe't er yn 'e boekhannel petearen mei Shiela fierde, moat it der foar Bock útsjoen hawwe as prate er tsjin it luchtliddige. Lasciël ferdigenet har troch te sizzen dat se Harry allinnich mar helpe woe, en dat se dat ek dien hat, bygelyks troch him te fertellen wat der yn Das Lied der Erlkönig stie. Om har foar te dwaan as immen oars wie de iennichste mooglikheid dat Harry har ea fertrouwe soe. Harry moat tajaan dat dat wier is, mar hy wol fierders gjin help fan har mear hawwe, mei't er dat as in stap op in hellend flak nei it ferkeapjen fan syn siel sjocht. Hy slút har dêrom op earne efteryn syn geast.

As Harry beprakkesearret dat Lasciël persiis wist hoe't se de ferwachtings fan in tsjoender tsjin him brûke koe, beseft er ynienen dat Bony Tony krekt itselde dien hat, en wat de sechstjinsiferige koade ynhâlde moat: it binne geografyske koördinaten, oant op 'e meter sekuer, sadat It Wurd fan Kemmler inkeld werom te finen is troch ien dy't in GPS-tracker brûkt. En dat is high-tech dy't tsjoenders net brûke kinne. Mar it kaam nea by Grevane op dat Bony Tony him te fluch ôf wêze kinne soe, dat hy makke de man fan kant en ûntdiek doe pas dat er It Wurd fan Kemmler net fine koe. Harry, Butters en Mouse sette ôf nei in elektroanikawinkel, dêr't se ynbrekke en in GPS-tracker stelle. Troch Butters it apparaat betsjinje te litten wylst Harry in ein út 'e buert bliuwt, komme se derefter dat Bony Tony It Wurd fan Kemmler yn it Field Museum ferstoppe hat, dêr't se Mouse yn 'e auto efterlitte. Nei't se ek dêr ynbrutsen hawwe, ûntdekke se it boekje úteinlik yn in kefert dat ûnder in útstaltafel plakt is. Ear't se it boek lykwols meinimme kinne, kringt Grevane mei in legerke sombys it museum yn. Harry jout Butters opdracht om fia de needútgong út te naaien, wylst er sels Grevane ophâldt. Hy kriget in helder idee en blêdet it tinne boekje fluch troch, wêrby't er in blik werpt op eltse side, mar net besiket om 'e tekst te lêzen.

As Grevane by him komt, driget Harry It Wurd fan Kemmler te ferbaarnen, mar ear't er de die by it wurd foegje kin, wurdt er fan efteren oanfallen troch Grevane syn hantlanger, de âldman dy't Harry sa bekend foarkomt. Harry rekket eefkes út 'e tiid, en as er wer by bewustwêzen komt, binne him boeiens om dien dy't foarkomme dat er syn tsjoenderij brûke kin. Grevane ûntnaderet him it boekje, wêrnei't hy en syn sombys har ôfjouwe en Harry oerlitte oan 'e âldman. Harry ken dyselde no einlings wer: it is Quintus Cassius, in Romein dy't de drager fan 'e fallene ingel Saluriël wie oant er de denaarje opjoech dêr't Saluriël oan ferbûn wie. Dat died er lykwols net út berou, mar as trúkje om oan syn fertsjinne straf te ûntkommen (sjoch: Death Masks). Harry, dy't de Cassius by dy gelegenheid flink neisjoen hat, hie de man hjitten om him nea wer ûnder eagen te kommen, om't er him oars deameitsje soe. Mar Cassius is út op wraak, en, wichtiger noch, op 'e denaarje fan Lasciël, dy't er nedich is om syn eigen libben te ferlingjen, want no't er gjin fallene ingel mear hat dy't him yn libben hâldt, is er yn inkele jierren tiid fan in man yn syn middeljierren ferâldere ta de âldman dy't er no is. Dat wie wêrom't Harry him earst net teplak bringe koe. Doe't Cassius earder Harry opnaam en himsels ôffrege wêr't "it" wie, hied er it oer de denaarje fan Lasciël, sa begrypt Harry no. Cassius leaut Harry net as dy him fertelt dat er de denaarje ûnder in heale meter beton bedobbe hat, om't Cassius ien is dy't sels sokke macht nea frijwillich opjaan soe. Hy begjint dêrom Harry te marteljen om him te twingen om him de denaarje oer te jaan. Dêrby set er útein mei Harry op it boarst en de búk te giseljen mei in keatling, en dan begjint er mei in mês ûndjippe wûnen yn Harry syn búk te snijen.

Harry syn kânsen keare lykwols as Butters, dy't foar it earst syn eigen deadseangst oerwûn hat, weromkomt nei't er om it museum hinne draafd is en Mouse út 'e auto helle hat. De mânske hûn stompt Cassius fansiden, mar dy hat de krêften fan in warlock, en ropt dêrmei in grutte slange op om Mouse te befjochtsjen, wylst er sels Harry ôfmeitsje wol. Butters springt him lykwols op 'e hûd ear't er dat dwaan kin, en de lytse patolooch-anatoom hâldt de breinroere Cassius krekt sa lang dwaande oant Mouse mei de slange ôfweefd hat, Cassius syn hals yn 'e bek nimt en trochbyt. Hy is lykwols net fluch genôch om foar te kommen dat Cassius syn deadsflok útsprekke kin, dy't tsjin Harry rjochte is: "Stjer allinnich." Harry rekket it bewustwêzen op 'e nij kwyt en hat in dream wêryn't er fannijs mei Lasciël ûnderhannelet. Hy beslút har help oan te nimmen om't Cassius him sa tramtearre hat dat er oars net fierder kin. Lasciël lit him sjen hoe't er de pine fansiden triuwe kin, sadat it him net mear behinderet yn syn dwaan en litten. Se fertelt him ek wat der yn It Wurd fan Kemmler stie, mei't se wier in fotografysk ûnthâld hat. Dat wie fansels ek de reden dat Harry it boekje fluch trochblêde hie ear't Grevane by him kaam. It docht bliken dat de dissipels fan Kemmler om har doel te berikken gjin ritueel útfiere moatte, sa't Harry ferwachte hie, mar in betsjoening, wêrby't se mei-inoar in grutte draaistream fan libbensenerzjy skeppe, wat foar nekromantisy itselde betsjut as macht. As dejinge yn 'e midden fan 'e draaistream dy macht yn himsels opnimt, wurdt er in soarte fan god, mar tagelyk kreëarret dat in fakuum dat opfolle wurde moat nije libbensenerzjy, wat betsjut dat alle minsken binnen oardel kilometer omtrek omkomme sille om't al har libbensenerzjy oan harren ûntskuord wurdt.

Om 'e dissipels fan Kemmler tsjin te hâlden, moat Harry by de draaistream sjen te kommen, mar dêr kin er inkeld komme as er himsels ek omjout mei nekromantyske enerzjy. Dus moat er sels sombys oproppe, mar dat is no wer krekt strang ferbean troch de Wite Ried. Der is lykwols in mesk yn 'e wet: de Wite Ried ferbiedt inkeld om minsklike sombys op te roppen; oer dierlike sombys wurdt neat sein. Dat komt om't bisten folle minder machtige en dêrom minder brûkbere sombys opsmite as minsken. Mar wat âlder de bonken, wat mear macht oft in somby hat. En yn 'e hal fan it Field Museum stiet Sue, de grutste en meast komplete Tyrannosaurus rex ea fûn, dy't 65 miljoen jier âld is. Harry fiert in nekromantyske betsjoening oer it bonkerak út, dat er dêrby beklaaid mei spieren en hûd. Om 'e hertslach te simulearjen (en dêrmei it bist yn 'e besnijing te hâlden), hat er ferlet fan in leechtoanich ritme, dat se helje Butters syn polkapak út 'e kofferbak fan 'e auto en hingje de lytse patolooch-anatoom de grutte tromme op 'e rêch, dy't er mei de skonken betsjinje kin. Harry ymprovisearret dan twa sitplakken boppe-op 'e dinosaurus mei sealen út 'e útstalling fan it Field Museum oer de wyldwestshow fan Buffalo Bill. Dêrnei sette se ôf nei it Mitchell Museum op 'e kampus fan it Kendall Kolleezje yn Evanston, in foarstêd fan Chicago, wêrby't se in spoar fan ferplettere auto's, omwâde lantearnepeallen en (mei de sturt) ynsleine ruten efterlitte om't it Harry noch net tafalt om sa'n grut gefaarte as Sue te bestjoeren.

As se op 'e kampus oankomme, binne Luccio, Morgan en de oare warders dêr al yn gefjocht mei in grutte kliber sombys. Se sjogge net dat in auto harren fan efteren dearide sil, mar Harry rêdt harren it libben troch Sue op 'e foarein fan dy auto traapje te litten, dy't dêrtroch abrupt ta stilstân komt. As de tyrannosaurus it dak fan 'e auto skuort, blykt dy bestjoerd te wurden troch de ghoul Li Xian. Ghouls kinne sa'n soad ferwûnings oerlibje dat se amper te deadzjen binne, mar it blykt mei Li dochs gau dien te wêzen as er opfretten wurdt troch in dinosaurussomby. Neitiid betinkt Harry mei Luccio en Morgan in oanfalsplan om 'e nekromantisy tsjin te hâlden, mar ear't se dat útfiere kinne, wurde se oanfallen troch in nije kloft sombys ûnder oanfiering fan 'e Likenimmer. Luccio giet de striid mei de nekromantikus oan, wylst Harry en de oaren mei de sombys ôfweve. By harren gefjocht ferdwine Luccio en de Likenimmer om 'e hoeke fan in gebou, en as Harry himsels in paad klearret om Luccio te help te kommen, komt er krekt op 'e tiid om te sjen hoe't Luccio de Likenimmer mei har swurd in fatale ferwûning tabringt. Mar Luccio hâldt en draacht har oars as oars en sprekt Harry oan mei "tsjoender" ynstee fan "Dresden". Dat Harry lûkt syn pistoal en sjit har dea. Om't er derfan oertsjûge is dat de Likenimmer Luccio har lichem ynnommen hat yn it skoftke dat er harren net sjen koe.

Morgan, dy't Harry nea fertroud hat, sjocht lykwols inkeld hoe't Harry de kommandant fan 'e warders deasjit, en dêrtroch wurde al syn foaroardielen tsjin Harry befêstige. Hy falt Harry daliks oan, en hoewol't Harry oan him besiket út te lizzen wat er dien hat, wol Morgan net nei him harkje. Uteinlik moat Ramirez Morgan yn 'e skonk sjitte om him ta stean te bringen. Pas dêrnei wol Morgan nei Luccio lústerje, dy't har yndie yn it swierferwûne lichem fan Alicia Nelson befynt. Luccio ferwachtet dat har wûne fataal wêze sil, en Ramirez syn kûgel hat Morgan syn knibbel tebrizele. Kowalski is by de oanfal fan 'e sombys fan 'e Likenimmer omkommen en Yoshimo hat in brutsen skonk. Sadwaande binne inkeld Harry en Ramirez oer om Grevane en Cowl tsjin te hâlden. Om't de draaistream fuortby is, en it lûd fan Butters syn grutte tromme fier draacht, lit Harry Butters efter by Luccio en Morgan, wylst er mei Ramirez op Sue ôfset. By de draaistream oankommen, brekt Sue mei gemak troch in rûnte fan hûnderten fan Grevane syn sombys hinne. Harry stiget ôf en falt Grevane oan, dy't lykwols net folle muoite hat om him Harry fan it liif te hâlden. Mar dêrtroch sjocht er Ramirez net oankommen, dy't him delstekt en deasjit.

Ien fan 'e sombys fan Grevane lit dan syn falske uterlik slûpe en blykt Cowl te wêzen. Dy reaget mei ien magyske klap Ramirez út 'e wei, wylst Harry fan efteren in mês op 'e kiel set kriget fan Kumori. Cowl hat Bob by him, dy't him rie jout en ûnder mear advisearret om Harry mei-iens om hals te bringen. Dêrby sprekt er lykwols Kumori tsjin en Cowl falt daliks Kumori by en wiist Bob te plak. As Bob lykwols yn in ûnbewekke momint nei Harry knypeaget, begrypt dy dat de geast de nekromantikus oan it manipulearjen is. Cowl risselwearret de enerzjy út 'e draaistream ta him te nimmen. Harry skreaut Bob ta dat er tastimming hat om syn skedel te ferlitten, en de reade dize dy't Bob syn natuerlike foarm is, streamt fuort. Ear't Cowl begjinne kin om 'e enerzjy yn him op te nimmen kringt de tyrannosaurus Sue, dy't troch Bob beset is, de romte ûnder de draaistream binnen en jout in ûnbidige brul. Kumori ferstivet in tel fan skrik, en Harry wit himsels oan har gryp te ûntwrakseljen. Hy pakt syn toverstêf en huft dêrmei Cowl tsjin 'e holle oan. Der folget in ûnbidige ûntploffing as de betsjoening dêr't Cowl mei oan 'e gong wie, op him weromslacht. Harry kin himsels mar amperoan beskerme mei in magysk skyld.

As er wer bykomt, ûntdekt Harry dat er om Bob syn skedel hinne krôle leit, dêr't Bob him wer yn weromlutsen hat. Fan Cowl en Kumori is gjin spoar, en Harry giet derfan út dat dy beiden troch de weromslach fan 'e misrûne betsjoening útinoar skuord binne. De Erlkönig komt del as Harry dêr sa warleas leit, en fertelt him dat er him foar dizze kear gewurde litte sil, om't Harry dy nachts in grutte jager weromhelle hat sa't dy't al yn gjin miljoenen jierren mear op 'e ierde sjoen is. En ek om't Harry no sa ferwûne is dat der neat oan wêze soe om him op te jeien. Mar as er Harry ea wer tsjinkomt, sa ûnthjit er, dan sil Harry ûntdekke hoe't it in proai fan 'e Wylde Jacht fergiet. Nei't de Erlkönig ôfset is, stelt Harry It Wurd fan Kemmler út 'e bûse fan it lyk fan Grevane. Sue de tyrannosaurus is troch de weromslach fan Cowl syn betsjoening útinoar fallen en is no wer gewoan in fossyl bonkerak. Ramirez blykt de klap fan Cowl en de magyske ûntploffing oerlibbe te hawwen, mar is swierferwûne rekke. Luccio har ferwûning wie net sa fataal as se earst sels tocht hie, en Butters hat har sitewaasje stabilisearje kinnen. Neitiid arrivearje de Yndiaanske sjamaan Joe Listens-to-Wind en ferskate leden fan 'e Wite Ried dy't gjin oanlis hawwe foar magyske fjochterij mar nammenste mear foar magyske genêskunde, en nimme de ferwûne warders mei. Ear't Morgan mei harren ôfset, besaut er him der lûdop oer dat de kluchten fan 'e nektromantisy tagelyk kamen mei de oanfallen fan 'e reade fampieren. Harry riddenearret dat Cowl in oerienkomst sletten hawwe moat mei de lieders fan it Reade Hôf; as sy derfoar soargen dat der gjin warders beskikber wiene om him tsjin te hâlden, hied er harren grif ûnthjitten om, as er ienris de macht fan in god hie, de ûnbrekbere beskermingsbetsjoenings fan it haadkertier fan 'e Wite Ried yn Edinburgh foar harren te sljochtsjen.

Nei't de warders fuort binne, hastiget Harry him nei syn grêf op it Graceland Cemetery, dêr't er krekt foar de stelde tiid arrivearret om oan Mavra It Wurd fan Kemmler oer te langjen. Dêrby makket er it har glêshelder dat er him nea wer op dizze wize troch har sjantearje litte sil. Se húnt him dat er de macht net hat om har tsjin te hâlden, mar dan fertelt er har wat dêr't se al kjel fan wurdt. As se soks ea wer besiket, sil er, sa seit er, de denaarje opdobje dy't er yn syn kelder begroeven hat en it op in akkoartsje goaie mei in fallen ingel en tagelyk Mab har oanbod oannimme om de Winterridder te wurden. Dan sille se ris sjen oft er dan noch net genôch macht hat om mei Mavra ôf te weven.

Harry kin noch krekt wer thúskomme ear't er ynstoart. Hy wurdt troch Thomas op bêd stoppe, en as er wer bykomt, hat Butters syn ferwûnings fersoarge en him oan it ynfús lein. Nei in dei as trije begjint er wer wat op te betterjen. As Murphy weromkomt fan har fakânsje en har hûs weromfynt sa't Harry-en-dy it efterlitten hawwe, stoarmet se by him nei binnen ta om ferhaal te heljen, mar as se sjocht hoe't er der oan ta is, bestjerre har de wurden yn 'e mûle. Sels hat se in stikkene pols oprûn, en se beslute inoar inkeld te fertellen dat se beide 'in ynteressante tiid' hân hawwe. Underwilens wurdt de lange blackout yn Chicago taskreaun oan in stoarm en in lichte ierdbeving, wylst de nuvere dingen dy't guon lju sjoen hawwe, grif it gefolch binne fan hallusinaasjes, feroarsake troch itensfergiftiging en Halloweenhystearje. Wylst de stroom derôf wie, hiene guon kriminelen hjir en dêr ynbrutsen, der wiene ferskate moarden dien, en it Field Museum wie fandalisearre. It bonkerak fan Sue, de Tyrannosaurus rex, wie by wize fan bizarre grap alhiel nei de kampus fan it Kendall Kolleezje yn Evanston sleept.

Anastasia Luccio oerlibbet har ferwûnings, mar se wurdt as kommandant fan 'e warders fan 'e Wite Ried op non-aktyf pleatst oant har fysike en mentale steat fêststeld is nei't se oan har eigen lichem ûntskuord en yn it lichem fan Alicia Nelson dumpt is. As har ferfanger wurdt Donald Morgan oansteld, dy't mei tsjinnichheid Luccio har beneaming fan Harry as regionaal kommandant fan eastlik Noard-Amearika befêstiget. Hy komt yn Chicago del om Harry te fertellen dat er no beseft dat er mis wie yn syn beoardieling fan Harry: alle dingen wêrfan't er earder miende dat Harry se út kweadaardige bedoelings die, moatte grif fuortkomme út arrogânsje en in folslein gebrek oan dissipline en ynsjoch. Harry beseft dat dat sa ticht by in ûntskuldiging komt as er ea fan Morgan krije sil. Ferskate wiken letter kriget Harry fan Butters as in ier krystkado in gitaar. De lytse patolooch-anatoom is derfan oertsjûge dat de spyloefenings Harry helpe sille by in fluggere genêzing fan syn lofterhân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases