Kendall Kolleezje
Kendall Kolleezje Kendall College | ||
Lokaasje | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Plak | Chicago (Illinois) (fanôf 2005) | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | hotelskoalle | |
Oprjochting | 1934 | |
Netwurken | Nasjonale Louis Universiteit | |
Offisjele webside | ||
www.kendall.edu |
It Kendall Kolleezje (Ingelsk: Kendall College) is in Amerikaanske hegeskoalle dy't yn 1934 oprjochte waard yn Evanston (Illinois), mar sûnt 2005 yn Chicago fêstige is. It is in hotelskoalle, dy't him taleit op koksopliedings en horekamanagement. It Kendall Kolleezje is in priveeskoalle dy't akkreditearre is troch Amerikaanske Kommisje foar Heger Underwiis (HLC). Oarspronklik begûn it Kendall Kolleezje as in selsstannige ynstelling, mar letter kaam it ta de koepelorganisaasje Laureate Education te hearren. Yn 2018 waard it Kendall Kolleezje ûnderdiel fan 'e Nasjonale Louis Universiteit (NLU); sûnt hjit it offisjeel it Kendall College at National Louis University.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1934 fúzjearren twa seminaarjes fan 'e Skandinavyske Konferinsje fan 'e Metodistyske Tsjerke (it iene fan 'e Sweedske mienskip, it oare fan 'e Deenske en Noarske mienskip) yn Evanston (Illinois), in foarstêd fan Chicago, ta it Evanston Collegiate Institute ("Hegeskoalle-ynstitút fan Evanston"). Yn 'e earste desennia fûnen in protte studinten dy't oan dy hegeskoalle harren oplieding genoaten hiene, wurk by de Washington National Insurance Company, in fersekeringsmaatskippij yn Evanston dy't in wichtige finansjele stiper fan 'e it Evanston Collegiate Institute wie. Yn 1950 waard de hegeskoalle omneamd ta it Kendall Kolleezje, ta eare fan Curtis P. Kendall, de oprjochter fan 'e Washington National Insurance Company.
Yn 'e 1970-er jierren sette de hegeskoalle útein mei in opliedingsprogramma yn sakemanagement, dêr't yn 2007 de ôfdieling School of Business út fuortkaam. Yn 1985 waard in oare ôfdieling oprjochte, de School of Culinary Arts, wat feitliks in koksoplieding wie. Dêrop fuortborduerjend ûntstie yn 1987 in bredere oplieding dêr't ek hotel- en restaurantmanagement by ynbegrepen wiene. Dy oplieding waard troch de studinten ôfsletten mei it beheljen fan in bachelorgraad. Yn 2005 waarden de koksoplieding en it horekaprogramma omfoarme ta in hotelskoalle. Tagelyk gie it Kendall Kolleezje in partnerskip oan mei de Ynternasjonale Hotelskoalle Les Roches, yn Switserlân, en it Ynstitút foar Heger Underwiis Glión, yn Spanje.
Yn 1977 waard yn in gebou op 'e kampus fan it Kendall Kolleezje yn Evanston it Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan stifte. Yn 2005 ferhuze it Kendall Kolleezje nei in nije lokaasje yn 'e wyk Goose Island, binnen de stedsgrinzen fan Chicago. De hegeskoalle fêstige him dêr yn it eardere gebou fan 'e ôfdieling research and development fan 'e Sara Lee Corporation. Yn 2008 waard it Kendall Kolleezje ûnderdiel fan Laureate Education, in koepelorganisaasje op it mêd fan heger ûnderwiis. Op 6 augustus 2018 gie it Kendall Kolleezje op yn 'e Nasjonale Louis Universiteit.
Akkreditaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kendall Kolleezje is in priveeskoalle dy't akkreditearre is troch de Amerikaanske Kommisje foar Heger Underwiis (HLC). De koks- en bakkersopliedings binne akkreditearre troch de Amerikaanske Kulinêre Federaasje (ACF).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |