Springe nei ynhâld

Wylde Westen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wyldwestshow)
It klassike byld fan 'e cowboy, sa't dat yn 1902 fêstlein waard troch de keunstskilder Charles Marion Russell.

It Wylde Westen (of inkeld ek wol it Alde Westen) is in oantsjutting dêr't mei ferwiisd wurdt nei rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje. It Wylde Westen makket yn 'e Amerikaanske skiednis diel út fan it gruttere tiidrek fan 'e Amerikaanske frontier (1700-1912), oftewol de kolonisaasje fan 'e Noard-Amearika oan 'e foargrins fan 'e "beskaving". Neitiid ûntstie der in hiel literêr en letter ek filmsjenre (ntl. dat fan 'e western), dat it Wylde Westen ferhearlike of alteast romantisearre, mei de feedriuwer te hynder, de cowboy, as ikoanysk symboal fan in ferfleine tiid en in grutdiels útstoarne way of life ("manear fan libjen").

De wurklikheid wie fansels in stik prozaysker, mar in feit is dat it Wylde Westen oant de dei fan hjoed ta in tige ta de ferbylding sprekkende histoaryske perioade bleaun is, dy't ek yn Jeropa tige by tige bekend rekke is troch de boeken fan skriuwers as Karl May en Zane Grey, en films mei akteurs as John Wayne, Lee Van Cleef en Clint Eastwood. It is sa yn 'e Westerske kultuer trochkrongen dat sels wa't se net teplak bringe kin, de nammen fan guon persoanen út it Wylde Westen bekend yn 'e earen klinke sil: Buffalo Bill, Davy Crockett, Doc Holiday, Jesse James, Sitting Bull, Billy the Kid, George Armstrong Custer, Cochise, Wild Bill Hickok, Dull Knife, Wyatt Earp, Geronimo, Calamity Jane, Kit Carson, Butch Cassidy, Annie Oakley en de Daltons.

Manifest Destiny

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 1840-er jierren skreau in Amerikaansk tydskrift "[...] it ferfoljen fan ús oerdúdlike lotsbestimming [...] [is] om ús oer it wrâlddiel te fersprieden dat ús troch de Foarsjennichheid taparte is foar de frije ûntwikkeling fan ús jierliks fermannichfâldigjende miljoenen." De term "oerdúdlike lotsbestimming", yn it Ingelsk manifest destiny, ûntjoech him dêrnei as in ôfkoarting foar hoe't Amerikanen tsjin harren plak yn 'e wrâld oanseagen. Noard-Amearika wie in leech en woest lân, dat God harren jûn hie om der beskaving te bringen, fan 'e Atlantyske kust ôf, oan 'e Pasifyske kust ta. De lânseigen bewenners, de Yndianen, waarden fansels net foar fol oansjoen, en boppedat, dy diene neat mei it lân, hiene yn 'e regel net iens in fêst wenplak, en dus koene se der ek gjin oanspraak op meitsje.

Manifest Destiny waard it biedwurd foar de ekspansjonisten yn 'e Amerikaanske polityk, en dy kamen benammentlik út 'e Demokratyske Partij. De oare grutte politike partij wie doedestiden de Whigpartij (dêr't letter de Republikeinske Partij foar in part út fuortkomme soe). De lieders dêrfan, lykas Henry Clay, âld-presidint John Quincey Adams en Abraham Lincoln, wiene op Manifest Destiny tsjin, en stiene in ferdjipping fan 'e Amerikaanske maatskippij foar troch modernisaasje en urbanisaasje ynstee fan inkeld in ferbreding troch territoriale ekspânsje. De Demokraten, ûnder lieding fan presidint James K. Polk, setten harren sin lykwols troch mei de Anneksaasje fan Teksas, yn 1845. John Quincey Adams karakterisearre dat as "de slimste katastrôfe dy't ea oer mysels en myn lân kommen is."

De karafanen nei it Westen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte kolonisten út it Easten setten ôf mei as bestimming de Amerikaanske westkust. Guon fan harren, de rikeren, sylden om Kalifornje te berikken alhiel om Kaap Hoarn hinne, de súdpunt fan Súd-Amearika, in reis dy't seis moannen duorre. De measten, lykwols, reizgen dêr yn deselde tiid oer lân hinne, rinnend, ridend of mei hynder-en-wein, wat in folle nuodliker en dreger soarte fan reis wie, dwers troch lân hinne dat bewenne waard troch fijannige "wylden", oer hege bergen en troch drûge woastinen, dêr't de wyn soms giftich alkalystof opwaaide dêr't men wol blyn fan reitsje koe. Yn 'e regel beweegden sokke kolonisten harren yn grutte karafanen ûnder lieding fan in beleard weinmaster, wêrby't se harren gesinnen, klean, húsrie, boere-ark en -reau, bisten en, net te ferjitten, fiktaalje meitôgen. Yn 'e saneamde "Karafaan fan 1843" bejoegen har tusken de 700 en 1.000 kolonisten yn ien kear nei it Westen ta.

It Oregon Trail.

De wichtichste rûte foar sokke karafanen fan kapweinen wie it Oregon Trail, dat fan Independence, yn 'e steat Missoury, fia Fort Hall, yn Idaho, nei de Delling fan 'e Willamette, yn Oregon, late, dêr't him mei dêrtroch de stêd Portland ûntjoech. Fia dit paad liet men de deadlike woastinen fan it súdwesten (letterlik) lofts lizze. Neigeraden dat de tiid fierder gie, waarden oare rûtes klearre, lykas it California Trail (fan 1843 ôf), it Mormon Trail (fan 1847 ôf) en it Bozeman Trail (fan 1863 ôf). Dy brûkten fierhinne itselde begjinpunt en in grut part fan deselde eastlike helte fan 'e rûte as it Oregon Trail, mar sloegen healwei ôf nei harren eigen bestimmings.

Net in elk berikte syn bestimming. Krekt oarsom, withoefolle kolonisten kamen ûnderweis om it libben troch in ferskaat oan oarsaken, lykas Yndiaanske oanfallen (al kaam dat lang net sa faak foar as dat de westerns hawwe wolle), oerfallen troch banditen, ûnderfieding, sykten (dysentery, tyfus, goalera, longûntstekking, ensfh.), ûnderkuolling, lawines, slangebiten, trochdat se troch in wein oerriden waarden of trochdat se troch oare kolonisten út 'e ljochten holpen waarden. Ien tige bekend foarbyld fan in karafaan dy't syn bestimming nea berikte, wie de saneamde Groep-Donner (Donner Party), dy't sokke ûntbearings litte, dat de leden dêrfan úteinlik harren taflecht namen ta kannibalisme. Guon lju kamen ek wer werom út Westen. De measten dêrfan wiene foarútgien om in wenplak te beävensearjen, en hellen no de rest fan 'e famylje op. Mar foar in part wiene it ek lju dy't ûntmoedige en telider slein rekke wiene, en dy't hopen yn it Easten harren âlde libbens wer oppakke te kinnen.

In spesjale groep kolonisten wiene de mormoanen, dy't ûnder lieding fan harren profeet Brigham Young nei de delling fan 'e Grutte Sâltmar teagen, om oan leauwensferfolging yn Missoury en Illinois te ûntkommen. De krite dêr't hja harren nei wenjen setten, hearde doedestiden eins noch ta Meksiko, mar lei te fier nei it noarden ta om troch it Meksikaanske regear behearske te wurden. De mormoanen stiften der mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young "Deseret" neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike teokrasy. Nei't it gebiet yn 1848 mei û.m. Kalifornje troch Meksiko ôfstien wie oan 'e Feriene Steaten, kaam it bekend te stean as it Utah-territoarium. De troch Young as residinsje foar syn Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen stifte stêd Salt Lake City waard it mulpunt dat nije territoarium. Hoewol't it foar in grut part út woastyn en rotsgrûn bestie, wisten de mormoanen der troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden te oerlibjen en sels te florearjen. Hja ferkochten alderlei guod oan kolonistekarafanen op trochreis, en sleaten ferdraggen mei de Yndiaanske stammen yn Utah om't Young kedize dat it op 'e lange termyn goedkeaper wêze soe om 'e Yndianen mei-ite te litten fan 'e rispingen fan 'e mormoanen, as om oarloch tsjin harren te fieren.

De hjoeddeiske timpel fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Salt Lake City.

De grutste bedriging fan 'e mormoanske steat kaam dan ek net fan 'e Yndianen, mar fan it Amerikaanske regear, dat nei 1848, ûnder druk fan protestantske tsjerken, it besteansrjocht fan Deseret en de troch de mormoanen as ûnderdiel fan harren leauwe beliden polygamy (mearwiverij) ôfwiisde. Young-en-dy loeken har neat oan fan in regear yn it fiere Washington dat sy net erkenden, en de relaasjes giene mei feart berchôf. Oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren, doe't presidint James Buchanan it Amerikaanske leger op 'e mormoanen ôfstjoerde, liek it skeel op iepen oarloch ta te gean. Hoewol't der gjin fjildslaggen plakfûnen, wiene der al wapene konfrontaasjes yn 'e Rocky Mountains, dêr't it mormoanske legerke de opmars fan 'e Amerikanen yn 'e berchpassen opkearde yn in barren dat wol de "Lytse Boargeroarloch" neamd wurdt. Tsjin dy tiid, lykwols, begûn it konflikt tusken Noard en Súd almar fêstere foarm oan te nimmen, en waard de oandacht fan Washington fan 'e mormoanen ôflaat.

Yn 'e wiere Amerikaanske Boargeroarloch, dy't yn 1861 útbriek, besochten de Súdliken Young safier te krijen dat er in ferbûn mei harren oangean soe, mei as bedoeling dat de mormoanen in westlik front tsjin it Noarden iepenje soene, mar Young wie sa liep dat er de boat ôfhold, wat nei alle gedachten de rêding fan syn tsjerke wie. Nei't it Noarden de oarloch yn 1865 wûn hie, rjochte it Amerikaanske regear de oandacht wer op it westen. De nije Republikeinske Partij, de driuwende krêft efter de ôfskaffing fan 'e slavernij, swarde no dat it ek de polygamy útrûgje soe, mei't dat krektlyk as in skeining sjoen waard fan alle religieuze, kulturele en morele wearden dy't in moderne beskaving hawwe moatte soe. It regear oer Utah waard de mormoanen systematysk ûntnadere, en de tsjerkelieding moast sels in hoartsje ûndergrûnsk gean. Oan 'e oare kant soargen de troch de Amerikanen sels bewurkmastere bettere ferbinings mei Utah en agressyf sindingswurk fan mormoanske kant derfoar dat der yn dyselde snuorje in tafloed fan mormoanske kolonisten út it Easten en út Jeropa wei nei Utah ta kaam. Uteinlik besleat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn 1890 om polygamy ôf te skaffen, wat daliks ta in tsjerkskuorring late mei in minderheid dy't der bûge of barste oan fêsthâlde woe. Mar fierwei it grutste part fan 'e mormoanen lei him der by del, sadat der in kompromis berikt wurde koe mei Washington en Utah einlings de status fan steat krije koe dy't it ûntholden wie salang't de polygamykwestje noch spile.

De Meksikaanske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Meksiko yn 1821 ûnôfhinklik waard, hearden dêr ek noch de eardere Spaanske noardlike besittings ta dy't no de Amerikaanske steaten Teksas, Nij-Meksiko, Arizona, Nevada, Utah, Kolorado en Kalifornje foarmje. Mei't dizze gebieten tige tin befolke wiene, alteast wat kolonisten fan Jeropeeske oarsprong oanbelange, makken earst de Spaanske en letter de Meksikaanske regearings de fatale flater om mei belestingfoardielen Amerikaanske kolonisten oan te lûken om har yn benammen Teksas nei wenjen te setten. Al rillegau begûnen de Amerikanen yn Teksas, dy't kwa leauwe, taal en kultuer frijwol neat gemien hiene mei Meksiko, mar nammenste mear mei de Feriene Steaten, harren ôf te setten tsjin it Meksikaanske regear, dat se stadichoan as in útlânske oerhearsking begûnen te beskôgjen. De Teksaanske Meksikanen, de Tejanos, dy't yn Meksiko eins neat yn 'e molke te krommeljen hiene om't se yn Teksas alhiel oan it fuottenein sieten, stiene yn dizze saak oer it algemien oan 'e kant fan 'e Amerikanen. Under lieding fan William Barrett Travis begûn de saneamde "oarlochspartij" de ûnôfhinklikens fan Teksas op te easkjen, wylst de "fredespartij" fan Stephen F. Austin "inkeld" fiergeand selsbestjoer hawwe woe.

Sam Houston oanfurdet de oerjefte fan Antonio López de Santa Anna (1836).

Doe't yn 1835 de Meksikaanske presidint Antonio López de Santa Anna de ymmigraasje fan Amerikanen oan bannen lizze woe, wie it al te let: datselde jiers arrivearren der nochris 30.000 Amerikaanske kolonisten mei 3.000 negerslaven. Der briek in iepen oarloch út, de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch, dy't noch it bekendst wurden is troch it Meksikaanske belis fan 'e Alamo, in Teksaanske fêsting yn 'e neite fan San Antonio, wêrby't einlings it hiele Teksaanske garnizoen, besteande út 189 man ûnder lieding fan William Barrett Travis en James Bowie, omkaam. Under de deaden wie ek wiidferneamde Tennesseeske frontiersman Davy Crockett. Nei in lettere nederlaach yn 'e Slach by Goliad einige de oarloch mei in Teksaanske oerwinning yn 'e Slach oan de San Jacinto, dêr't de Teksaanske legeroanfierder Sam Houston syn troepen oanfitere mei de ûnstjerlike wurden "Remember the Alamo! Remember Goliad!" Nei de oerjefte fan it Meksikaanske leger fêstigen de Teksanen yn 1836 de ûnôfhinklike Republyk Teksas, mei't it Amerikaanske Kongres, benammentlik fanwegen de ympasse tusken frije steaten en slavesteaten, wegere om it gebiet ta de Uny ta te litten. Teksas wie njoggen jier lang in selsstannich lân, oant it yn 1845 dochs noch troch de Feriene Steaten opnommen waard as 28ste steat.

De Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meksiko beskôge Teksas lykwols noch altiten as in opstannige provinsje, en sadwaande late de Amerikaanske anneksaasje ta de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Wylst de Meksikanen har definsyf opstelden, foelen de Amerikanen harren buorlân binnen. Oer lân ferovere in Amerikaansk leger, oanfierd troch generaal Stephen W. Kearney, it letter Nij-Meksiko en Arizona, sûnder dat dêr folle wjerstân bean waard. In flottylje fan 'e Amerikaanske Marine, ûnder lieding fan kommodoar Robert F. Stockton, ferovere fan 'e see ôf de wichtichste havens fan Kalifornje, wêrnei't Kearney syn leger fia Arizona it Kalifornyske binnenlân besette, yn gearwurking mei in frijwilligersrezjimint besteande út Amerikaanske kolonisten dy't al yn Kalifornje taholden, laat troch kolonel John Charles Frémont. In oar Amerikaansk leger, ûnder befel fan generaal Zachary Taylor (dy't letter fierhinne op grûn fan syn rol yn dizze oarloch ta presidint keazen wurde soe), teach noardlik Meksiko binnen, en fersloech de Meksikaanske troepen dy't dêr stasjonearre wiene yn in stikmannich slaggen efterinoar. Boppedat fear de Amerikaanske Marine in trêde leger, ûnder lieding fan generaal Winfield Scott, út New Orleans oer nei Veracruz, oan 'e Meksikaanske westkust, itselde plak dêr't goed trije iuwen earder de Spaanske conquistadores fan Hernán Cortes ek foar it earst oan lân gien wiene. Scott marsjearre mei 12.000 man op nei Meksiko-Stêd, en fersloech de Meksikanen definityf yn 'e Slach by Chapultepec.

De Feriene Steaten yn 1845, nei de anneksaasje fan Teksas.

It praat yn Washington oer de mooglikheid om hiele Meksiko mar te anneksearjen, ferstomme al rillegau doe't bliken die hoe'n folslein oare kultuer oft it lân hie. De Cincinnati Herald ferwurde it algemiene gefoel dat yn 'e Feriene Steaten libbe, doe't dy krante frege wat de Amerikanen yn 'e goedichheid oanmoasten mei acht miljoen Meksikanen "mei harren ôfgodsbylden, heidenske byleauwe en minderweardige bastertrassen". Uteinlik waard yn 1848 it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo sletten, wêrby't Meksiko him dellei by de Amerikaanske anneksaasje fan Teksas, en fierders ek noch de territoaria Kalifornje, Nij-Meksiko (ynkl. Arizona), Utah (ynkl. Nevada) en Kolorado foar in sêft pryske oan 'e Feriene Steaten ôfstean moast. Yn 1853 waard de Amerikaanske súdwestgrins sa't dy hjoed de dei noch bestiet, foltôge mei de saneamde Gadsden-oankeap (Gadsden Purchase) fan súdlik Arizona, in gebiet dat nedich wie sadat in plend spoar rjochttroch lutsen wurde koe. Troch alle eardere Meksikaanske gebieten byinoar waard it Amerikaanske grûngebiet mei 20% útwreide.

De Kalifornyske Goudkoarts

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1846, twa jier foar't it yn Amerikaanske hannen foel, wennen der yn it gebiet dat yn 1850 de steat Kalifornje wurde soe, likernôch 10.000 (Spaansktalige) blanken, de saneamde Californios. Hja wiene almeast feeboeren yn it gebiet yn súdlik Kalifornje dêr't tsjintwurdich Los Angeles leit. In pear hûndert útlanners, wêrûnder guon Amerikanen (mar relatyf sjoen ek in protte Russen) libben benammen yn 'e noardlike úthoeken, lykas oan 'e natuerlike haven fan San Fransisko, dat doedestiden 500 ynwenners hie. Koart nei de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard der goud ûntdutsen yn it gebiet, wat late ta de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. Tûzenen saneamde forty-niners sylden om Kaap Hoarn hinne, of teagen troch de fan sykten optillende jungles fan Panama, of kamen gewoan geandefoets út it Easten wei opsetten mei de dream om har fortún te meitsjen mei goudsykjen. Yn 1852 hie Kalifornje mear as 200.000 blanke ynwenners. Hoewol't de libbensomstannichheden yn 'e goudfjilden alderprimityfst wiene, hiene de goudsikers yn Kalifornje teminsten te krijen mei in geunstich klimaat, eat dat se foar hiene op 'e lettere Goudkoarts fan Klondike, yn Alaska.

De goudkoarts feroare de Kalifornyske ekonomy radikaal, benammentlik mei't net inkeld goudsikers dertroch oanlutsen waarden, mar ek (nei alle gedachten ferstanniger) lju, dy't net fan it goud, mar fan 'e goudsikers libje woene, lykas keaplju, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees. De Kalifornyske Goudkoarts duorre fan 1849 oant 1854, en yn dy tiid fûnen sa'n 250.000 goudsikers mei-inoar mear as $200 miljoen oan goud. De measten, lykwols, fûnen nea wat, of mar sa'n bytsje dat it harren kosten net iens diek, en einigen teloarsteld, út 'e liken en alhiel ferearmoede. Mar oaren namen harren plak yn, en doe't dúdlik waard dat der yn Kalifornje mar sa'n bytsje goud mear wie dat it sykjen dernei allinnich noch útkoe foar grutte mynboubedriuwen, sochten se oare oarden om har lok te beproevjen. Oer it hiele Westen waarden goud- en sulversikersstedsjes en -kampen stifte en likegau wer ferlitten as der neat mear te heljen wie. Sulver waard fûn yn Nevada, en goud yn Kolorado, Utah, Arizona, Nij-Meksiko, Idaho, Montana en Súd-Dakota, mar nea wer yn sokke grutte hoemannichten as yn Kalifornje.

De Boargeroarloch yn it Westen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bleeding Kansas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Amerikaanske Grûnwet hie de it Amerikaanske Kongres neat te sizzen oer it al of net tastean fan slavernij yn 'e ûnderskate steaten, mar wol hie it sizzenskip oer de westlike territoaria, dy't noch steaten wurde moasten. Dêr wie slavernij allinnich tastien yn it Nij-Meksiko-territoarium (it tsjintwurdige Arizona en Nij-Meksiko) en it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma). Kalifornje koe yn 1850 ta de Uny tatrede as in folweardige steat om't it unanym slavernij ôfwiisd hie, mar Kansas, dat ek graach in steat wurde woe, wie in hiel oar ferhaal. Under de betingsten fan it saneamde Missourykompromis (ek wol it Kompromis fan 1820 neamd), wie yn it gebiet fan 'e eardere Frânske koloanje Louisiana, dy't it hiele streamgebiet fan 'e Mississippy oan 'e Kanadeeske grins ta besloech, allinnich yn 'e steat Missoury slavernij tastien boppe parallel 36°30′ noarderbreedte. Sadwaande wie slavernij yn Kansas, dat boppe dy line lei, ferbean.

It Bloedbad fan Marais des Cygnes, yn Kansas, dêr't foarstanners fan slavernij fiif tsjinstanners fan slavernij, dy't fierders net by it geweld belutsen wiene, deaskeaten en seis oaren ferwûnen.

De tsjinstanners fan slavernij yn it Westen, de saneamde free-soilers ("frijegrûners"), waarden oer it algemien net sasear motivearre trochdat se de slavernij in ymmoreel ynstitút fûnen, mar wiene ynstee benaud dat as yn Kansas slavernij tastien wurde soe, alle goede grûn opkocht wurde soe troch rike plantaazjehâlders, wylst der foar earme blanke kolonisten út it Noarden neat oerbliuwe soe. Iroanyskernôch liet Kansas de Súdlike plantaazje-eigners foar it meastepart kâld, behalven dan dat se dêr troch it ferbod op slavernij ta twadderangsboargers degradearre wiene. Dat wie foar harren in ûntalitbere oanslach op har gefoel fan ear.

Doe't it Kongres mei de oanname fan 'e tige kontroversjele Kansas-Nebraska Act fan 1854 de hannen fan Kansas ôfloek en it oan 'e ynwenners fan it gebiet sels oerliet om út te meitsjen oft der slavernij komme soe of net, wie de hikke fan 'e daam. Om it beslút fan 'e territoriale folksfertsjintwurdiging te beynfloedzjen, finansierden rike Noardlike tsjinstanners fan slavernij in tafloed fan nije Noardlike kolonisten nei Kansas, wylst rike Suderlingen in gelikense tastream fan slavehâlders út it oanswettende Missoury op gong brochten. Dat late binnen de koartste kearen ta bloedige konfrontaasjes, en it gebiet kaam bekend te stean as Bleeding Kansas ("it Bliedende Kansas"). Al mei al wiene der 56 deaden en withoefolle ferwûnen te betreurjen doe't it stof yn 1859 oploek. It jiers dêrop lieken de slavehâlders it pleit yn harren foardiel besljochte te hawwen (al wiene der doe yn hiele Kansas wolteld mar twa slaven), mar doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, kearde it tij en trede it gebiet as in frije steat ta de Uny ta. Yn 'e oarloch fûnen guon fan 'e bloedichste en fûleindichste gefjochten plak yn 'e steat Missoury, dêr't in soartemint guerylja-oarloch plakfûn tusken de ûngeregelde formaasjes fan 'e saneamde Jayhawkers út Kansas, dy't foar it Noarden fochten, en de Bushwackers út Missoury, dy't oan 'e kant fan it Suden stiene.

Teksas en it Súdwesten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sjeroky-opperhaad en Konfederearre generaal Stand Watie.

Yn Teksas stimden de ynwenners yn in referindum om har by de Súdlike Konfederaasje oan te sluten. Pasifisten, benammentlik Dútske ymmigranten, waarden der ophongen. Fan San Antonio út marsjearren Teksaanske troepen op nei it westen, dêr't guon boargers fan it Nij-Meksiko-territoarium tsjin dy tiid al it Konfederearre Territoarium Arizona oprjochte hiene, mei as doel om harsels tsjin 'e oanfallen fan 'e Apachen te beskermjen nei't de Noardlike troepen dy't dêr legere west hiene, fuorttein wiene om oan it front ynset te wurden. De Teksanen wiene fan doel om 'e rest fan it Nij-Meksiko-territoarium, it Utah-territoarium, Kolorado en mooglik sels Kalifornje te feroverjen, mar yn 'e Slach by Glorieta Pass waarden de Teksanen ferslein troch in Noardlik leger dat fierhinne gearstald wie út 'e territoriale milysje fan Kolorado, wêrnei't alle territoaria bewesten de Teksaanske westgrins troch de Noardliken beset waarden.

It Yndiaanske Territoarium

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Yndiaanske Territoarium (Oklahoma) ûntstie ûnder de saneamde Fiif Beskaafde Stammen (Sjeroky, Tsjoktou, Tsjikkesou, Seminoalen en Kriik) in eigen boargeroarloch. Dy fiif folken wiene yn 'e 1820-er en 1830-er jierren út it súdeasten fan 'e Feriene Steaten wei nei it Yndiaanske Territoarium deportearre oer it skriklike Trail of Tears ("Spoar fan Triennen"). Yn it gefal fan 'e Sjeroky, dy't fierwei de grutste fan 'e fiif folken wiene, hiene der foartiid ek al guon fan harren yn Oklahoma taholden, dy't dêr al earder út Arkansas en Teksas wei hinne stjoerd wiene. Tusken dizze saneamde âlde kolonisten, dy't in tradisjonele libbenswize sûnder skreaune wetten ûnder it regear fan in trijemanskip fan opperhaden foarstiene, en de nije kolonisten, dat slavehâlders wiene út Georgia, Alabama, Tennessee, Noard-Karolina en Súd-Karolina, mei in regearingssysteem dat op dat fan 'e Feriene Steaten basearre wie, woe it fan it begjin ôf oan al net bûterje. Nei't it skeel yn 1839 hast yn geweld útmûne wie, wie it spul krekt wer wat delbêde doe't de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek.

De âlde kolonisten keazen yn dat konflikt partij foar it Noarden, wylst de nije kolonisten as slavehâlders fansels oan 'e kant fan it Suden stiene. Der tsjinnen 1.000 Sjeroky yn it Noardlike leger, wylst 3.000 fan harren tsjinst namen yn it Súdlike leger. De oare fjouwer Beskaafde Stammen fergie it krekt-en-gelyk. Der fûnen bloedige slaggen plak yn it Yndiaanske Territoarium, lykas yn novimber 1861, doe't in alliëarre legermacht fan 1.400 Sjeroky, Tsjikkesou, Tsjoktou en Teksaanske kavalery ûnder kolonel Douglas Cooper in flechtlingekarafaan fan 4.000 Kriik oer it mad kaam, dy't besochten te ûntkommen nei it Noardlike Kansas. Yn 1862 naam in Konfederearre legermacht ûnder it Sjeroky-opperhaad Stand Watie mei bloedferjitten de Sjeroky-haadstêd Tahlequah yn. Dyselde Stand Watie wie trouwens op 23 juny 1865 de lêste Konfederearre generaal dy't him oan 'e Noardliken oerjoech. Nei de oarloch wisten de Fiif Beskaafde Stammen nea wer de woltier te berikken dy't se yn 'e 1850-er jierren kend hiene. Hja rekken alhiel yn 'e nederklits en begûnen lân te ferkeapjen oan blanke kolonisten. Tsjin 1880 libben der yn it Yndiaanske Territoarium mear blanken as Yndianen.

It nei-oarlochske Westen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Homestead Act

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst de Boargeroarloch noch geande wie, waard yn 1862 troch presidint Abraham Lincoln de saneamde Homestead Act nei it Amerikaanske Kongres ta stjoerd, dy't datselde jiers noch oannommen en fan krêft waard. Dy wet makke it foar in elk mooglik om yn it Westen in stik lân fan 160 acres (0,65 km²) fan 'e oerheid te krijen op it betingst dat men dat lân fiif jier lang bewurkje soe, en fasilitearre sa de grutskalige kolonisaasje fan it Westen, sûnder op lykfol hokker manear rekken te hâlden mei de lânseigen Yndiaanske befolking. It resultaat wie dat de Grutte Flakten tsjin 1890 feroare wiene yn in mozayk fan miljoenen nije boerespultsjes rund troch blanke kolonisten, wylst de oarspronklike bewenners fêstset wiene yn reservaten. Sadwaande wurdt fan Lincoln wol sein dat er de slaven befrijde, mar de Yndianen ta slaaf makke.

De rûte fan 'e Pony Express (en teffens fan 'e postkoetsen fan Wells Fargo & Co.).

Transport en kommunikaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Westen waarden de ferbinings tusken de ûnderskate stedsjes ûnderholden mei postkoetsen, dy't net inkeld de post rûnbrochten, mar ek grutter guod en beteljende passazjiers. Yn 1858 rjochte John Butterfield in postkoetstsjinst op dy't in rûte ûnderhold fan Sint-Louis, yn Missoury, alhiel nei San Fransisko, yn Kalifornje, in ôfstân dy't yn 24 dagen ôflein waard. Earst waard dêrfoar in súdlike rûte folge, troch Teksas hinne, mar doe't yn 1861 de oarloch útbriek en Teksas him oansleat by de Konfederaasje, waard ynstee keazen foar in noardlike rûte oer Fort Laramie, yn Wyoming, en Salt Lake City, yn Utah, mei Wells Fargo & Co. as wichtichste oanbieder.

De beide spoarlinen komme gear te Promontory Summit, yn Utah, op 10 maaie 1869.

Yn 1860 waard fierders de saneamde Pony Express oprjochte toch William Russell. Dat wie in ekprestsjinst fan belearde ruters dy't poststikken mei tige hege prioriteit (tsjin in priis dy't navenant wie) yn tsien dagen fia deselde noardlike rûte fan St. Joseph, yn Missoury, nei San Fransisko ta brochten, of oarsom. Dêrfoar waarden mear as 150 stasjons opsetten dêr't de ruters fan hynder wikselje koene, en dy't likernôch 15 myl (24 km) útinoar leine. Nei't yn 1861 de Land-Grant Telegraph Act oannommen wie, koe begûn wurde mei de oanlis fan in tillegraafferbining mei it Westen, dy't daliks nei syn foltôging de Pony Express oerstallich makke.

De Pacific Railroad Act fan 1862 makke de wei frij foar de oanlis fan in spoarferbining fan 'e east- nei de westkust. Wylst de Central Pacific Railroad Company it spoar út San Fransisko wei nei it easten ta oanlei (it wurk waard almeast dien troch Sineeske arbeiders, ûnder abominabele omstannichheden), sette de Union Pacific Railroad Company ôf út Omaha nei it westen ta (wêrby't fierhinne gebrûk makke waard fan Ierske wurkkrêften). Op 10 maaie 1869 kamen de beide spoaren gear by Promontory Summit, yn Utah. De lêste, goudene spiker waard slein en it Earste Transkontinintale Spoar wie in feit. It earste jiers (1869-1870) reizgen 150.000 passazjiers per trein nei it Westen, wêrby't it almeast om nije kolonisten gie. Neitiid folgen noch fiif oare transkontinintale spoarlinen (en dêropta nochris twa yn Kanada), dy't reizgjen fan East nei West en oarsom foargoed bekoarte en revolúsjonearre.

De Amerikaanske bizon.

De opkomst fan 'e feeweiderij en de cowboy, yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw, wie streekrjocht ferbûn mei de ûndergong fan 'e Amerikaanske bizon. Ienris doarmen der fan dy grutte kobisten mear as 25 miljoen yn ûnbidige keppels oer de Grutte Flakten, en foarmen se de basis foar de jager-sammelderkultuer fan 'e Yndiaanske folken dêre. Mar gebietsferlies, sykten en oerbejaging troch de blanken soargen derfoar dat harren oantal de hiele njoggentjinde iuw troch ôfnaam. De lêste 10 oant 15 miljoen waarden útrûge yn goed tsien jier tiid, tusken 1872 en 1883, foar in part troch de niisneamde oarsaken, mar foar in grut part ek as ûnderdiel fan in opsetlike strategy om 'e Yndianen, dy't foar harren iten fan 'e bizons ôfhinklik wiene, de middels foar in selsstannich bestean te ûntnimmen. Net mear as hûndert eksimplaren wisten yn ôfhandige úthoeken yn 'e Rocky Mountains te oerlibjen. Nei't yn 1905 de American Bison Society (ABS) oprjochte wie, kearde foar de bizon aldergeloks noch krekt op 'e tiid it tij. Under druk fan 'e lobby fan 'e ABS waard der fan oerheidswegen in fokprogramma opset en teffens waarden der nasjonale parken oprjochte. Yn 2003 wie it tal bizons wer oanwoeksen ta in heal miljoen.

It territoriaal bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Boargeroarloch, doe't it net almar mear dwerseide waard troch fertsjintwurdigers fan 'e Súdlike steaten, begûn it Amerikaanske regear him mear dwaande te hâlden mei it bestjoer fan 'e westlike territoaria. Ferskate gruttere territoaria waarden midstwa spjalten: it Nij-Meksiko-territoarium waard bgl. opdield yn Nij-Meksiko en Arizona, en it Utah-territoarium yn Utah en Nevada. De ôfsûnderlike territoaria waarden dêrnei taret op it tatreden ta de Uny as folweardige steaten. Yn it gefal fan Utah waard dat in hiel hoart opholden troch de polygamy-kwestje, mar yn 'e regel ferrûn dat proses frij maklik. De territoaria bouden op dy manear allegear in selde soarte burokrasy op dy't de eastlike steaten ek hiene, sûnder mis ta argewaasje fan it grutste part fan 'e befolking.

Want sa'n burokrasy smiet in navenant grutte korrupsje op, û.m. fia de foarming fan saneamde "territoriale rûnten" (territorial rings), wat eins ferienings wiene fan korrupte pleatslike politisy en sakelju dy't kliïnt wiene fan in machtigere en allike korrupte, federale patroan. Sokke rûnten holden har dwaande mei it efteroer drukken fan belestingjild en subsydzjes dy't bestimd wiene foar Yndiaanske stammen, en wiene benammentlik aktyf yn 'e Dakota's en it Nij-Meksiko-territoarium. De skriuwer Mark Twain, dy't in skoftke wurksum wie yn it bestjoer fan Nevada, skreau: "It regear fan myn lân moat neat hawwe fan earlike ynfâld, mar is alhiel besleifere fan artistyk skelmdwaan, en ik leau dat ik my ûntjaan kinnen hie ta in tige beleard bûsehifker as ik in jier as twa yn publike tsjinst bleaun wie."

De Yndiaanske oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Amerikaanske Yndiaanske oarloggen.

Troch it hiele Wylde Westen hinne waard der striid levere tusken blanke kolonisten en it Amerikaanske leger oan 'e iene kant, en de lânseigen Yndiaanske folken oan 'e oare kant. Dêrby moat oantekene wurde dat it gie om relatyf koarte, sij it bloedige perioaden fan oarloch dy't ôfwiksele waarden troch langere snuorjes fan wat trochgie foar frede, al hiene allinnich de blanken dêr yn 'e regel echt baat by. Om it Westen feilich te meitsjen (d.w.s. foar kolonisaasje troch de blanken) leine de Amerikanen in hiel netwurk fan militêre fêstingwurken oan. Guon fan 'e wichtichsten dêrfan wiene Fort Laramie, yn Wyoming, Fort Bowie, yn Arizona, en Fort Sill, yn Oklahoma.

De Apache-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It fûleindichst waard der fochten yn wat no de steaten Nij-Meksiko en fral Arizona binne, dêr't de Apache-Oarloggen plakfûnen. Dat wiene útsûnderlik bloedige konflikten, sels yn 'e kontekst fan it Wylde Westen, wêrby't de ûnderskate Apache-stammen (Djikarylja (Jicarilla), Meskalearo (Mescalero), Tsirikahûa (Chiricahua) en oaren) yn in guerylja-oarloch yn 'e bercheftige grinskrite mei Meksiko de blanke kolonisten safolle mooglik útmoarden om 'e kolonisaasje fan harren wengebiet te ûntmoedigjen. De blanken joegen lyk om lyk, en jierrenlang bleau de striid yn in ympasse stykjen, mei noris in rite fan frede en dan wer in útbraak fan geweld. De Djikarylja waarden yn 1854 ferslein, en krigen yn 1889 op eigen oanstean in reservaat. Yn 1862 twong kolonel Christopher "Kit" Carson, dy't earder namme makke hie as legerferkenner, de Meskalearo-Apachen om harren yn in reservaat nei wenjen te setten.

Geronimo (Goyaałé), posearjend yn 1887.

Yn 1863 gie Carson oer de oan 'e Apachen besibbe Navaho gear. Dy wiene tsien kear sa machtich as de Meskalearo, mar hja wiene gjin nomaden, mar in sedintêr folk, en dêrom folle kwetsberder. Yn 'e saneamde Navahokampanje brûkte Carson de taktyk fan 'e ferskroeide ierde tsjin harren: hy tebaarnde harren wenten en fjilden, stiel of deade al harren fee, en liet sels harren treflike pjiskewyngerds ferrinnewearje. Tsjin 1864 joegen de úthongere Navaho it oer. Se waarden ynternearre yn in reservaat by Bosque Redondo, yn súdwestlik Nij-Meksiko, dêr't de grûn ûnfruchtber, branje net te besetten en it wetter suver ûndrinkber wie. Uteinlik waard harren yn 1868, nei fjouwer lange jierren, tastien om werom te kearen nei har eigen lân, dat doe ta reservaat makke waard.

It dreechst te ferslaan wiene foar de Amerikanen de Tsirikahûa-Apachen, dy't oanfierd waarden troch harren opperhaad Cochise. Doe't dy yn 1874 oan sykte stoar, waard it liederskip oernommen troch Geronimo, dy't sa taai as hier wie, en trochfocht fan 'e Meksikaanske kant fan 'e grins ôf, doe't er úteinlik troch de Amerikanen út syn lân ferdreaun waard. De namme "Geronimo" waard berucht, en op 't lêst gie de Amerikaanske kolonisten yn it Súdwesten by it hearren derfan allinnich al de grize oer de grouwe. Yn 1884 joech de âld fjochter him einlings oer en sette er him nei wenjen yn in reservaat, mar doe't er der lucht fan krige dat de Amerikanen fan doel wiene en set him finzen, pakte er op en naaide er wer út. Hy stried noch troch oant 1886, doe't er slim yn 'e knipe kaam trochdat de Amerikanen en de Meksikanen einlings en te'n lêsten begûnen gear te wurkjen. Dat, dat jiers joech er him op 'e nij oer. Hy waard mei de rest fan syn stamme, de legerferkenners dy't de Amerikanen holpen hiene ynbegrepen, deportearre nei Floarida, dêr't de Tsirikahûa krepearren yn it fochtige leechlânklimaat. Harren freonen ûnder de blanken fierden kampanje om har wer nei hûs weromkeare te litten, mar de ynwenners fan Arizona en Nij-Meksiko wegeren om 'e Tsirikahûa wer yn "harren" lân ta te litten. Uteinlik wiene it de Kajowa (Kiowa) en de Komantsjen (Comanche), de foarâlderlike fijannen fan 'e Tsirikahûa, dy't harren in part fan har eigen reservaat by Fort Sill, yn Oklahoma, oanbeane.

Untwikkelings ûnder de Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch de measte legertroepen yn it Easten nedich wiene om 'e Konfederaasje te befjochtsjen, waarden de kolonisten yn it Westen yn dy snuorje ornaris inkeld beskerme troch in faak min trainde territoriale milysje. Ferskate stammen besochten dêrfan gebrûk te meitsjen om it tij fan 'e kolonisaasje werom te rôljen.

De meast dramatyske ûntjouwing út dy jierren wie de Dakota-Oarloch fan 1862, wêrby't de Eastlike Dakota-Yndianen yn Minnesota systematysk de boerespultsjes fan Dútske kolonisten platbaarnden. Yn in pear dagen tiid waarden der by oanfallen yn 'e omkriten fan Lower Sioux Agency, New Ulm en Hutchinson 300 oant 400 blanken deade. De Minnesotaanske steatsmilysje waard mobilisearre en der folge in seis wiken duorjende oarloch mei fjildslaggen by Fort Ridgeley, Birch Coulee, Fort Abercrombie en Wood Lake. Uteinlik waarden de Dakota ferslein. Neitiid waarden 425 Yndianen berjochte foar moard; dêrfan waarden 303 skuldich befûn en ta de dea feroardiele. Presidint Lincoln sette by it grutste part dêrfan it fûnis om yn in finzenisstraf, mar 38 lieders fan 'e Dakota waarden ophongen.

Yn dyselde snuorje fûn yn 1864 ek ien fan 'e slimste oarlochsmisdieden fan 'e Amerikanen plak, it saneamde Bloedbad fan Sand Creek. Yn it territoarium Kolorado makken de krigers fan 'e Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) krektlyk gebrûk fan 'e ôfwêzigens fan geregelde troepen om oerfallen op blanke kolonisten te dwaan. De territoriale milysje, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington, reägearre dêrop troch in Sjajinsk doarp oan it streamke de Big Sandy Creek oan te fallen. Dat wie it kamp fan it Sjajinne-opperhaad Swarte Tsjettel, dy't iroanyskernôch ien fan 'e foarnaamste foarstanners fan frede mei de blanken wie. De likernôch twahûndert Sjajinnen dy't dêr oerwinteren, hiene neat mei de oerfallen te krijen; it wiene foar twatrêde part froulju en bern. Chivington wist dat, mar loek him der neat fan oan, en liet it kamp ôfslachtsje, wêrby't 163 Sjajinnen de dea fûnen.

Sittende Bolle (Tȟatȟáŋka Íyotake).

De Flakte-Yndiaanske Oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bekendste fan 'e Yndiaanske Oarloggen binne sûnder mis dy dy't op 'e Grutte Flakten útfochten waarden mei de nomadyske folken dy't dêr mei de komst fan 'e mustang in hynstekultuer oannommen hiene. Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk, dy't yn 1866 útbriek, besochten de (Sioux) ûnder harren opperhaad Reade Wolk, stipe troch harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1868, in grut reservaat oan 'e Sû taparte, dat harren hillige lân, de Black Hills, hielendal omfette.

De folle bekendere Grutte Sû-Oarloch fan 1876 briek út doe't de Amerikanen almar wer de bepalings fan it Ferdrach fan Fort Laramie skeinden, nei't der goud fûn wie yn 'e Black Hills. De Sû stiene yn dizze nije oarloch ûnder lieding fan harren opperhaden Sittende Bolle (Sitting Bull) en Mâl Hynder (Crazy Horse), en waarden fannijs stipe troch de Noardlike Sjajinnen fan Stomp Mês (Dull Knife) en troch de Noardlike Arapaho, wylst it Amerikaanske leger gebrûk makke fan Yndiaanske ferkenners fan 'e Krieën (Crow), Sjosjoanen (Shoshone) en Arikara. It hichtepunt fan 'e oarloch wie de ferneamde Slach oan de Little Bighorn. Dêrby tocht it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in mar skraachoan ferdigene Yndiaansk kamp (yn hjoeddeisk militêr jargon in soft target) oer it mad te kommen, mar die bliken dat dêr troch klearebare tafal krekt de hiele krigermacht fan 'e feriene Sû-, Sjajinne- en Arapaho-stammen oanwêzich wie. De Amerikanen litten in tepletterjende nederlaach, en in grut part fan it 7de Kavaleryrezjimint kaam om, de drystmoedige generaal Custer ynbegrepen. Dat wie fansels in fernedering dy't de Amerikanen net oer harren kant gean litte koene, en de oarloch waard fûleindiger fuortset as ea tefoaren. Uteinlik moasten de Sû yn 1877 belies jaan en waarden se weromstjoerd nei harren ynkrompen reservaat.

De Noardlike Sjajinnen fan Stomp Mês trof in wreder lot. Sy waarden nei it Yndiaanske Territoarium (Oklahoma) ta deportearre, dêr't se derfan wjerholden waarden om te jeien en al rillegau begûnen te beswiken oan ûnderfieding en sykten as malaria. Yn 1878 besochten Stomp Mês en syn mei-opperhaad Lytse Wolf (Little Wolf) mei harren folgelingen werom nei it noarden ta te ûntsnappen, in barren dat bekend kommen is te stean as de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen, mar ein oktober waard de groep fan Stomp Mês besingele en finzen nommen by Fort Robinson, yn Nebraska. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se op 8 jannewaris 1979 út te brekken, wêrby't de measten fan harren, fral froulju en bern, omkamen. Stomp Mês wist mei in lyts groepke te ûntkommen, en stoar fjouwer jier letter noch as frij man.

De ein fan 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen kaam yn 1890, doe't ûnder de Sû de nije religy fan 'e geastedûns begûn op te kommen, dy't ferspraat waard troch de Pajût-profeet Wovoka. De oanhingers dêrfan leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast, en griep it boppedat oan om Sittende Bolle op te pakken. Dy arrestaasje rûn lykwols út op in sjitpartij wêrby't de âldman omkaam. Trettjin dagen letter, op 29 desimber 1890, waard by it Bloedbad fan Wounded Knee de lêste groep fan likernôch 350 foartiid fierhinne ûntwapene geastedûnsers, besteande út manlju, froulju en bern, ôfslachte.

Oare konflikten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek op oare plakken yn it Westen waard fochten tusken blanken en Yndianen. Yn 1872 naam de Amerikaanske oerheid it beslút om 'e lytse Modok-stamme, út it grinsgebiet fan Kalifornje en Oregon, yn itselde reservaat ûnder te bringen as harren aartsfijannen, de Klamat. It opperhaad Kaptein Jack (Captain Jack) late de Modok werom nei harren tradisjonele wengebiet, mar ûnderweis waarden se tsjinkeard troch in Amerikaanske legerienheid. Doe't de Amerikanen de Modok ûntwapenje woene, ûntstie der rûzje dy't útrûn op sjitten. Sa begûn de Modok-Oarloch, wêrby't Kaptein Jack en 53 krigers sân moanne lang stânholden tsjin 1.000 Amerikaanske soldaten yn 'e ûnherberchsume Lava Beds, in doalhôf fan fulkanysk stiente yn it uterste noardeasten fan Kalifornje. Nei't se harren úteinlik troch brekme oan iten en munysje oerjaan moatten hiene, waard Kaptein Jack ophongen foar de moard op 'e Amerikaanske generaal Edward Canby. Syn folk waard ferballe nei Oklahoma.

Opperhaad Joseph (Hinmatóowyalahtq̓it) fan 'e Nez Persé.

Yn 'e Oarloch fan de Reade Rivier fan 1874-1875 waard de lêste frije stamme yn Teksas, dy fan 'e Komantsjen, troch it Amerikaanske leger ferslein troch harren hynders te deadzjen, sadat har lêste oarlochsopperhaad, Quanah Parker, yn juny 1875 twongen wie om him oer te jaan. Ek de Komantsjen waarden dêrnei nei Oklahoma deportearre.

Yn juny 1877 briek de Nez Persé-Oarloch út, doe't de Nez Persé, ûnder harren lieder Opperhaad Joseph (Chief Joseph), wegeren om harren tradisjonele heitelân op te jaan en har nei wenjen te setten yn it reservaat dat har tawiisd wie. Ynstee ûndernamen se fjochtsjendewei in weromtocht fan epyske proporsjes yn 'e rjochting fan Kanada, oer in ôfstân fan rom 1.900 km, dwers troch Oregon, súdlik Idaho en Montana hinne. Dêrby waarden se it hiele ein hjitfolge en dwerseide troch it Amerikaanske leger, dat se har mei net mear as 200 krigers lykwols fan it liif wisten te hâlden. Nei fjouwer grutte fjildslaggen en teminsten fjouwer fûleindich útfochten skermutselings waarden de Nez Persé yn 'e Slach by Bear Paw úteinlik krekt foar de Kanadeeske grins ynsletten, en moasten hja har oerjaan. Hja waarden in hoart finzen holden yn it fiere Nebraska, mar krigen úteinlik ûnder druk fan 'e publike opiny yn it Easten in reservaat yn noardlik Idaho.

Yn totaal soene der, neffens in berekkening fan it Amerikaanske Folkstellingsburo út 1894, yn 'e Yndiaanske Oarloggen 19.000 blanken en 30.000 Yndianen omkommen wêze, yndividueel bloedferjitten tusken kolonisten en Yndianen ynbegrepen. Dy skatting liket yn elts gefal wat de Yndianen oanbelanget, oan 'e lege kant te wêzen, temear om't dêrby ek de oarloggen tsjin 'e Yndianen beëasten de Mississippy meiteld binne, alle konflikten, feitliks, sûnt de stifting fan 'e Feriene Steaten yn 1776. Boppedat giet it hjir allinnich om 'e slachtoffers fan direkt geweld. De lju dy't fan 'e honger, útputting, ûnderfieding en oan alderhanne sykten stoaren, en wa har dea oft yndirekt feroarsake waard troch de Amerikaanske kolonisaasje fan it Westen, binne net meirekkene.

It Amerikaanske belied om 'e Yndiaanske stammen yn reservaten op te bergjen, kaam fuort út it dubieuze súkses fan it Yndiaanske Territoarium. Dat wie, doe't it stifte waard, in ôfhandige, tinbefolke úthoeke yn it suden fan 'e Grutte Flakten, dêr't it Amerikaanske regear doedestiden noch gjin plannen foar hie (dat feroare oan 'e ein fan 'e iuw, fansels, doe't der oalje fûn waard, en it omfoarme waard ta de steat Oklahoma). It Yndiaanske Territoarium (troch blanke kolonisten ornaris the Nations neamd) waard brûkt as in soarte fan ûnbidige iepenloftfinzenis, dêr't alle stammen hinne stjoerd wurde koene dy't men yn harren tradisjonele wenkriten net mear brûke koe. Sa koe it dat yn Oklahoma de Fiif Beskaafde Stammen út it súdeasten, de Ottawa, Huroanen (Huron) en Majêmy (Miami) út it noardeasten, de Komantsjen en Tsirikahûa-Apachen út it súdwesten en de Modok út it noardwesten op in protsje byinoar wennen.

Oare stammen krigen úteinlik wol har eigen reservaten yn har oarspronklike wengebiet, mar meitiid waarden dy reservaten ornaris stadichoan ynkrompen en yn lytse stikjes tesnipele, lykas mei it grutte reservaat fan 'e (Sioux) barde, dat earst 240.000 km² besloech, mar dat de Amerikaanske oerheid yn striid mei de sletten ferdraggen almar ynkromp, oant it oerbleaune gebiet, dat minder as de helte fan it gebiet besloech dêr't it yn it begjin út bestien hie, yn 1889 opspjalten waard ta fiif lytsere reservaten.

Trochdat de bizons frijwol útrûge wiene, en om't de Yndianen net bûten de reservaten jeie mochten, wiene se almeast ôfhinklik fan iten dat har troch de Amerikaanske oerheid taparte waard. Funksjonarissen sûnder skrupules kochten inkeld it goedkeapste fan it goedkeapste yn, en stieken dêrnei it útsparre jild yn 'e eigen bûse. Nei de protesten fan 'e Yndianen, dy't gauris fleis foarset krigen dat al ferkeard wie, of op heale of twatrêde rantsoenen oerlibje moasten, waard amper harke. Fierders wiene der withoefolle keaplju dy't sterke drank oan 'e Yndianen ferkochten en dêrmei de pleach fan it alkoholisme yn 'e reservaten yntrodusearren, dy't dêr noch altiten omwaret.

De akteur Larry Hagman makke yn 'e tachtiger jierren mei syn rol as J.R. Ewing, yn 'e searje Dallas, de stetson ta in symboal fan 'e Teksaanske identiteit.

Klean en wapens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Yndiaan oer stiet it oare symboal fan it Wylde Westen, de cowboy, dy't yn westerns ornaris foarsteld wurdt as in ûnskearde keardel mei in stetson (cowboyhoed) op 'e plasse, in bandana (bûsdoek) om 'e hals (tsjin it stof, om oer it gesicht te lûken), op rydlearzens mei spoaren, en klaaid yn broek, boesgroentsje en mouleas baitsje, mei skonkbeskermers oer de broek hinne en in mulrym mei oan wjerskanten in revolver. Dat is eins in frij akkuraat byld, al waard by it feedriuwen yn 'e regel in stofjas (duster) oer de klean hinne droegen. Allinnich it idee dat cowboys twa pistoalen droegen, doocht net. Oan ien hiene se mear as genôch, en oars as dat de westerns úthâlde, waard sa'n revolver, almeast in Colt .45, yn 'e regel inkeld brûkt om fee mei op te driuwen troch yn 'e loft te sjitten of rattelslangen en oar ûnrant (sa't dat doe sjoen waard) mei dea te sjitten. Guon cowboys droegen trouwens hielendal gjin pistoalen, mei't hja har ek skoan rêde koene mei allinnich it gewear, faak fan it merk Winchester, dat se yn in foedraal oan it seal hingjen hiene.

De stetson, dy't in symboal fan it Westen wurde soe, wie nei gedachten it handichste klaaiïngsstik fan 'e cowboy. De hoed tsjinne om him te beskermjen tsjin sinne en rein, holp om stof en swit út syn eagen te hâlden, waard nachts oer de eagen lutsen tsjin it ljocht fan it kampfjoer, en koe teffens brûkt wurde om in ferkuoljend slokje wetter út in rivier mei op te skeppen, as men gjin kop by de hân hie. De cowboydracht dy't it populêrst wurden is, is lykwols de spikerbroek, dy't oarspronklik yn 1850 troch Levi Strauss ûntwurpen waard foar mynwurkers, mar dy't al rillegau troch cowboys oernommen waard. Hjoed de dei wurdt de spikerbroek oer de hiele wrâld droegen, faak sûnder dat de dragers harren bewust binne fan it komôf fan har stik klean.

In protte cowboys út 'e heechtijdagen fan it feedriuwen yn it Wylde Westen, sis mar rûchwei tusken 1865 en 1885, wiene feteranen út 'e Boargeroarloch, sawol fan Súdlike as Noardlike kant, dy't neitiid wer thúskamen en dêr gjin takomst hiene (of wa har thús oft yn 'e oarloch sels alhiel ferwuostge wie). Wat frij ûnbekend is om't it net út 'e westerns nei foarren komt, is dat in relatyf grut tal cowboys eardere negerslaven wiene, dy't nei de ôfskaffing fan 'e slavernij yn it Suden nei it Westen ta doarme wiene op 'e syk nei in nij bestean. Fierders wiene der ek in soad Meksikanen ûnder, ornaris lânseigen Tejanos út Teksas, Nuevomexicanos út Arizona en Nij-Meksiko of Californios út súdlik Kalifornje. Oare cowboys wiene fan Yndiaansk of heal-Yndiaansk komôf, en teffens wiene der in protte ymmigranten fan 'e earste generaasje ûnder, út Ingelân, Skotlân, Ierlân, Dútslân, Sweden en oare lannen. Hast allegear wiene se jong, tweintigers of sels tiners.

Der is wierskynlik gjin oar berop dêr't safolle myten oer besteane as oer dat fan 'e cowboy. Yn wurklikheid hiene cowboys in dreech libben, dat fierhinne draaide om 'e beide roundups, it byinoar driuwen fan it fee, hjerstmis en by 't maityd. Dêrtuskenyn moasten cowboys útride oer de range (de iepen prêrje), om it fee fan harren wurkjouwers yn 'e rekken te hâlden, om't dat net te fier ôfdwale koe of stellen wurde mocht. As it fee ienris byinoar dreaun wie yn in kraal (corral; in mei hikken ôfsletten romte), moasten de bisten ien foar ien mei de lasso fongen wurde. De measten waarden dan selektearre foar de slacht, wylst in minderheid beholden bleau om fierder mei te fokken. Se krigen allegear in brânmerk wêroan't te sjen wie wa't de eigner wie, en de measte bollen waarden kastrearre. Dêrnei waard it slachtfee opdreaun nei de saneamde feestedsjes (cattle towns), dêr't it ferkocht waard.

De cowboy.

Op sa'n feedriuwerij (cattle drive) wie der yn 'e regel mar ien cowboy foar eltse 250 kij, wylst de bisten dei en nacht yn it each holden wurde moasten, mei't se samar ôfdwaalden en fan it minste of geringste op 'e rin slaan koene yn in saneamde stampede. Oerdeis moasten de bisten boppedat yn 'e juste rjochting yn beweging holden wurde, en rieden de cowboys by drûch waar yn it stof dat troch it fee opsmiten waard, en by wiet waar yn 'e rein en de troch it fee feroarsake drek. Al mei al wiene it gauris wurkdagen fan fjirtjin oeren of mear, mei mar in oerke as seis sliep, faak net iens efterinoar. It wie slopend wurk mei mar in pear minuten ûntspanning oan it begjin en de ein fan 'e dei, en in dieet dat bestie út spek, beane, bôle, kofje, drûge fruchten en jirpels. Hoewol't whiskey yn it Westen rûnombywêzich wie, útsein ûnder de mormoanen, wa har leauwe oft it ynnimmen fan alkohol ferbiedt, waard it de cowboys as se mei fee ûnderweis wiene ornaris troch har wurkjouwer ûntsein, krekt as gokken, fjochtsjen en soms flokken. As se ienris it feestedsje berikt hiene dêr't de kij ferkocht waarden, hiene de cowboys neitiid in hoart lins, sadat se harren dreech fertsjinne jild yn saloons en bordelen ferdrinke, fergokke en ferhuorrejeie koene. Winterdeis ferhierden in protte cowboys harsels oan ranches (feepleatsen) deunby de feestedsjes, dêr't se de gebouwen en it ark en reau reparearren en ûnderholden.

Yn trochsneed fertsjinne in cowboy $30 oant $40 de moanne. Om't it wurk lichaamlik en geastlik swier wie (en noch ientoanich dêropta), wie it útsûnderlik as men langer as in jier as sân cowboy bleau. Yn 'e 1880-er jierren, doe't troch de fuortgeande kolonisaasje fan it Westen it feeweidzjen op 'e iepen prêrje en it feedriuwen oer lange ôfstannen stadichoan plakmakke foar ôffrede feepleatsen, rekke it berop fan cowboy dêrmei ek yn it neigean, en tsjin 'e midden fan 'e 1890-er jierren wie it dien mei de gloarjedagen fan 'e cowboys, wylst doe de myten dêroer krekt de kop begûnen op te stekken.

In Texas longhorn.

De útrûging fan 'e bizonkeppels makke hûnderttûzenen kante kilometers frij foar feeweiderij. Spaanske feeboeren hiene dat al yn 'e santjinde iuw op lytse skaal yntrodusearre yn it Súdwesten, dêr't se langhoarne kij fokten dy't nei it weidzjen byinoar dreaun waarden troch saneamde vaqueros, de earste echte cowboys fan it Westen. De Amerikanen neamden letter harren feepleatsen ranches (nei it lokale Spaanske wurd foar pleats, rancheria), en harren grutte feeboeren ranchers (net te betiizjen mei farmers, dat mear de Fryske gerniers en komelkers fan âlds wiene).

Nei de Boargeroarloch begûnen Teksaanske ranchers grutte keppels te fokken fan it soarte kobisten dat se longhorns neamden. De tichtstbye spoarstasjons, dêr't de bisten wei nei de grutte stêden fan it Easten ta ferfierd wurde koene, leine doe 1.300 km of mear nei it noarden ta, yn Kansas. Dat, as de kij ienris fetweide wiene, moasten de ranchers en harren cowboys it fee dêr alhiel hinne driuwe, fia it Shawnee Trail, it Great Western Cattle Trail of it Chisolm Trail. Dat lêste paad, dat fêstlein waard troch rancher Joseph McCoy nei in âld spoar dat oanjûn wie troch Jesse Chisolm, wie de wichtichste wei foar feedriuwerijen út súdlik Teksas wei. Tusken 1867 en 1871 waarden dêrlâns mear as oardel miljoen longhorns nei Abilene, yn Kansas, dreaun. It feedriuwen oer sokke lange ôfstannen wie in nuodlik dwaan, yn it bysûnder mei't der ûnderweis rivieren oerstutsen wurde moasten, lykas de Brazos en de Reade Rivier, en om't men dwers troch the Nations (it Yndiaanske Territoarium) hinne moast. Noch ôfsjoen fan 'e "gewoane" gefaren lykas it oerstekken fan 'e rivieren, it op 'e rin slaan of fersille reitsjen fan it fee, rattelslangen, skorpioenen, ensfh., hie men ek hiel wat te stellen mei feedieven, dy't der dan oer it algemien wol net mei de hiele keppel fan troch giene, mar hjir in ko kwyt en dêr noch ien en in eintsje fierder wer twa koe úteinlik ek oprinne ta in fikse skeapost. In trochsneed feedriuwerij duorre likernôch in fearnsjier, mei in keppel kij dy't mei seis bisten njonkeninoar noch 3 km lang wie. Nettsjinsteande alle risiko's leanne it de muoite wol, mei't de priis fan in jonge bolle yn Teksas $4 wie, wylst er yn it Easten $40 opbrocht.

In hereford-bolle.

Yn 'e 1870-er en 1880-er jierren wreide de feeweiderij him fierder nei it noarden ta út, dêr't doe de lêste bizonkeppels yn Wyoming, Montana, Noard- en Súd-Dakota, Kolorado en Nebraska útrûge wiene. Tsjin dy tiid leine de spoarstasjons tichterby, en koe it slachfee sawol nei it Easten as nei de westkust ta ferfierd wurde. De grutste fee-ranch fan allegear, dy't yn Kolorado en Wyoming lei, wie eigendom fan John W. Iliff, dy't wol de "Feekening fan 'e Flakten" neamd waard. Stadichoan waarden de longhorns ferfongen troch de Amerikaanske foarmen fan 'e Britske kowerassen hereford en angus, dy't yntrodusearre waarden troch kolonisten út it noardeasten. Hoewol't dy minder goed oer ekstreem waar koene en fetberder wiene foar sykten, joegen se better smeitsjend fleis en wiene se gauwer geslachtsryp.

Oare foarmen fan feehâlderij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op folle lytsere skaal waard it weidzjen fan skiep, foar sawol de wol as it fleis, pleatslik ek wol dien. Skiep koene tadije op plakken dêr't kij mar kwealk oerlibje koene, en boppedat koene se ta mei minder wetter. It probleem wie allinnich dat Amerikanen net fan skieppefleis holden. Op skieppeboeren waard sadwaande djip delsjoen troch feeboeren en cowboys.

De libbenslinen fan 'e florearjende feeweiderij wiene yn 'e 1860-er en 1870-er jierren de saneamde feestedsjes oan 'e spoarlinen yn fral Kansas, lykas Abilene, Kansas City, Dodge City en Ellsworth. Dêrwei waard it slachtfee yn feewagons nei de slachthuzen yn Sint-Louis en Chicago ta riden. Krekt as de mynboustedsjes fan Kalifornje en Nevada makken de feestedsjes ornaris in koarte perioade fan bloei troch dy't likernôch fiif jier duorre. Lju dy't spekulearren yn lân gokten derop wêr't it spoar oanlein wurde soe, kochten dêr gau alle grûn op, en bouden der in stedsje mei alle fasiliteiten dy't dat oantreklik meitsje moast foar feeboeren en cowboys. As de spoarmaatskippij net fan gedachten feroare, en yndie dêr bylâns in spoar oanlei, waard it oangeande stedsje in pear jier lang it sintrum fan 'e feehannel. Oars as de mynboustedsjes, dy't gauris ferwaarden ta spûkstêden sadree't de myn útdien wie, ûntjoegen eardere feestedsjes har faak ta mienskippen fan farmers en groeiden se troch nei't it spoar fierder gien wie.

Offredingsoarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 1880-er jierren begûnen farmers spultsjes te stiftsjen op wat foartiid iepen prêrje west hie, wêrby't se harren lân mei stikeltrie ôffreden, en kaam it frijweidzjen op nimmenslân sadwaande oan syn ein. Doe't dizze ûntwikkeling ynsette, late dat yn it begjin ta saneamde fence wars ("ôffredingsoarloggen") oer wetter- en weidrjochten. Ien fan 'e bekendsten dêrfan wie de Prêrje-oarloch fan Johnson County (Johnson County Range War) fan 1892, yn 'e krite oan 'e rivier de Powder, yn noardlik Wyoming.

Tsjin dy tiid wie de priis fan slachtfee keldere, en rekke it ranchers echt yn 'e beurs as harren bisten stellen waarden. Om feedieverij tsjin te gean, organisearren de ranchers kollektive roundups en lobbyden hja foar strangere bestraffing fan feedieverij. Yn Wyoming hiene se sels in offisjele beropsferiening oprjochte, de Wyoming Stock Growers' Association (WSGA; "Wyomingske Feefokkersferiening"), dy't û.m. it kollektive gebrûk fan iepen weidlân foarstie. De folle earmere farmers, dy't ynsidinteel wolris in ôfdwaald keal mei nei hûs namen, hiene it mier oan 'e politike macht dy't de ranchers útoefenen, en begûnen yndividuële wintergreiden ôf te freedzjen.

De WSGA, dy't in list opsteld hie fan lju dy't de ranchers derfan fertochten dat it feedieven (rustlers of mavericks) wiene, hierde 46 revolvermannen (gunslingers) yn (hierlingen dy't goed mei fjoerwapens út 'e fuotten koene, mar dy't op in tige minne namme leine). De helte fan dy lju kaam alhiel út Teksas wei, en harren opdracht wie simpelwei om 'e feedieven op te spoaren en dea te sjitten. De revolvermannen kamen yn april 1892 gear. Nei't se twa bewearde feedieven fermoarde hiene, brocht de pleatslike sheriff in posse fan 200 farmers byinoar en belegere de revolvermannen op in ranch. De gûverneur fan Wyoming die berjocht oer de út 'e klauwen rinnende sitewaasje oan Washington, en dêrop stjoerde it Amerikaanske regear de 6de Kavalery derop ôf om 'e revolvermannen finzen te nimmen. Neitiid stelde it gerjocht, dat op 'e hân fan 'e ranchers wie, de Teksanen wer op frije fuotten.

De liken fan leden fan 'e Dalton-binde, yn 1892, nei de saneamde Slach by Coffeyville.

Hoewol't it Wylde Westen lang sa wyld net wie as dat de ferhalen hawwe wolle, bestie der wol deeglik misdie en op guon plakken en tiden sels in bekate mjitte fan wetteleazens. Lykwols wie men yn it trochsneed plattelânsstedsje yn it Westen folle feiliger as yn 'e grutte stêden fan it Easten, dêr't bgl. bûsehifkerij rûnom foarkaam. De meast foarkommende misdieden yn it Westen wiene oplichting, hynstestellerij, strûkrôverij en falskemunterij. It wie foar kriminelen maklik en meitsje misbrûk fan pioniersfamyljes op trochreis. Banditen, dy't yn 'e regel yn groepkes fan twa of trije operearren, oerfoelen, oars as yn 'e films, mar komselden in postkoets dy't behalven in koetsier ek in byrider op 'e bok hie mei in twaloops jachtgewear mei ôfseage lopen. It wie folle minder riskant om frachtferfierders, lju dy't geandefoets op 'en paad wiene of ruters allinnich te oerfallen.

Immen deadwaan yn stedsjes of op ljochtskyndei duëllearje op 'e haadstrjitte, wat oare favorite tema's út westernfilms en -romans binne, kaam likemin in soad foar. Kriminelen bleaune oer it algemien út 'e stedsjes wei, mei't it neilibjen fan 'e wet dêr ornaris folle stranger ôftwongen waard. Ynstee konsintrearren se har op plattelânsgebieten, dêr't de minmachtige en ûnderbetelle wetstsjinners de grutst mooglike muoite hiene mei it identifisearjen, oppakken, fêsthâlden en feroardiele krijen fan misdiedigers. Wol wie it sa dat as se ienris skuldich ferklearre wiene, se ek swier bestraft waarden. Yn 'e grinskriten fan it súdwesten waard in part fan 'e misdieden útfierd troch Meksikanen fan oare kant de grins, dy't mei flugge, opportunistyske ynfallen op 'e blanke kolonisten dêre omparasitearren. Sokke Meksikaanske banditen waarden bandoleros neamd.

Wyatt Earp.

Guon banditen út it Wylde Westen waarden legindarysk. Jesse James, Billy the Kid, de Daltons, Butch Cassidy, de Wild Bunch en Sam Bass binne nammen dy't sels no noch de measte minsken bekend foarkomme, al sille se har miskien net drekt pleatse kinne. Guon fan 'e banditen (outlaws), lykas Jesse James, dy't mei Quantrill's Raiders, in ôfdieling fan 'e Bushwackers út Missoury, riden hie, wiene produkten fan 'e Boargeroarloch, miskien lju by wa't hjoed de dei in posttraumatysk stress-syndroom fêststeld wurde soe. Oaren wiene yn 'e feehannel finansjeel yn 'e nederklits rekke en seagen gjin oare útwei mear as troch út te stellen te gean. In protte wiene gewoan liddichgongers en striejonkers dy't te beroerd wiene om in het zweet des aanschijns har jild te fertsjinjen. Soms feriene in gruttere groep banditen (sa'n tsien oant tweintich) har ta in binde. As sa'n binde him ophold yn 'e neite fan in stedsje, brocht dat faak in posse fan bewapene boargers op 'e foet om harren te ferdriuwen.

Yn 'e stedsjes hiene de wetstsjinners yn 'e regel net folle oars omhâns as agressive dronkenlappen langút te slaan en har roes útsliepe te litten. Fierders ûntwapenen se cowboys dy't wapenbeheiningsregels oan harren lears lapen, besochten se duëls foar te kommen (op 'e nij fral tusken lju dy't te djip yn it gleske sjoen hiene), en weefden se ôf mei al te iepentlike skeinings fan ferboaden op gokken en prostitúsje.

Wild Bill Hickok.

Sokke wetstsjinners wiene yn 'e measte gefallen de pleatslike sheriff en syn ien of mear helpsheriffs (deputies, letterlik: "adjunkten"). Gruttere plakken hiene faak in marshal ynstee fan in sheriff. As de swierrichheden sa'n gesachsdrager boppe de holle groeiden, koed er de help ynroppe fan in saneamde U.S. marshal, in federaal agint dy't wurke yn opdracht fan it Amerikaanske regear. Sa'nent koe dan eventueel wer de help fan it leger ynroppe, mar safier lieten de kriminelen it frijwol nea komme. De U.S. marshals wiene dus in soartemint foarrinder fan in nasjonale resjerzje (de U.S. Marshals Service bestiet noch altyd, mar hâldt him tsjintwurdich benammentlik dwaande mei it ferfier fan finzenen fan it iene tichthûs nei it oare en mei de beskerming fan tsjûgen). Yn 'e steat Teksas wiene fierders noch de saneamde Texas Rangers aktyf, yn itselde soarte fan funksje. Hja hawwe troch de jierren hinne dy funksje beholden, en foarmje noch altyd in soarte fan Teksaanske steatsresjerzje.

Allen Pinkerton rjochte yn 1850 syn National Detective Agency op, in private befeiligingstsjinst dy't troch in elk (dy't dêr it jild foar hie) ynhierd wurde koe ta bestriding fan alderhanne misdieden (en letter ek dingen dy't dat bepaald net wiene, lykas fakbûnsfoarming yn fabriken). De Pinkerton-detektives, ek wol koartwei Pinkertons neamd, waarden bgl. yn 1872 troch de Adams Express Company ynset om 'e binde fan Jesse James derûnder te krijen. Ta einbeslút wiene der dan noch de preemjejagers, dy't op eigen manneboet kriminelen oppakten en oan 'e sheriffs of marshals oerleveren om 'e priis dy't troch de autoriteiten op harren hollen set wie, ynkassearje te kinnen.

De skiedsline tusken kriminelen en wetstsjinners wie lykwols net sa dúdlik as men miskien wol tocht hawwe soe. Guon fan 'e bekendste gesachsdragers, lykas Wild Bill Hickok en Pat Garrett, de man dy't Billy the Kid deaskeat, hiene sels oan 'e ferkearde kant fan 'e wet stien ear't se sheriff waarden. Miskien wol de meast ferneamde wetstsjinner wie Wyatt Earp, dy't yn 1879 yn 'e mande mei syn bruorren Virgil en Morgan marshal waard fan it ûnlijige sulvermynboustedsje Tombstone, yn Arizona. Holpen troch Wyatt syn freon, de gokker Doc Holiday, skeaten dy trije bruorren yn 'e ferneamde Sjitpartij by de O.K.-Kraal (Gunfight at the O.K. Corral) trije banditen dea. Neitiid rekke Virgil Earp ynfalide doe't er út in mûklaach wei delsketten waard, wylst Morgan Earp fermoarde waard wylst er oan it biljerten wie. Wyatt, syn broer Warren Earp, Doc Holiday en oaren fierden dêrnei in kampanje fan bloedwraak út tsjin 'e lju dy't sy dêrfoar ferantwurdlik achten, wat derta late dat der arrestaasjebefellen tsjin harrensels útfeardige waarden.

Popularisearring fan it Wylde Westen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wyldwestshows

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan 'e earsten dy't it Wylde Westen popularisearre en dejinge dy't datoangeande nei alle gedachten it ynfloedrykst wie, wie William Frederick Cody, better bekend ûnder syn bynamme Buffalo Bill. Hy hie wurke as ferkenner foar de Amerikaanske kavalery, as pelsjager, weinmenner, goudsiker, bizonjager, Pony Express-ruter en cowboy, foar't er yn 1883 syn Buffalo Bill's Wild West Show oprjochte. Dat wie in soartemint fariëtee of revu dêr't sa'n bytsje alle aspekten fan it Wylde Westen yn behannele waarden, mei it neispyljen fan ferneamde fjildslaggen (Cody spile sels de rol fan George Armstrong Custer), staaltsjes skerpsjitten en dramatyske demonstraasjes fan hynsteriidkeunst troch sawol wiere cowboys as echte Yndianen. It opperhaad Sittende Bolle, dat in freon fan Cody wie, makke bgl. in hoartsje diel út fan syn show, en fierders de skerpsjitster Annie Oakley, en teffens de froulike ferkenner en pionier Calamity Jane, dy't it publyk ferhalen fertelde. Buffalo Bill's Wild West Show wie net de iennichste wyldwestshow, mar wol fierwei de bekendste en súksesfolste. Cody reizge dermei troch hiel it Easten, en stiek der sels de Atlantyske Oseaan mei oer, om yn Jeropa op toernee te gean. Sa fersoarge er yn 1887 yn Londen in optreden fan syn show foar de Britske keninginne Fiktoaria.

Annie Oakley.

In moderne fariant fan 'e âlde wyldwestshow is de rodeo. Dat is in ferminging fan tentoanstellings, shows en wedstriden, wêrby't dien wurdt oan tûneriden (barrel racing) (it op hynders sa fluch mooglik in parkoers ôflizzen om in stikmannich tûnen hinne); oksewrakseljen (steer wrestling) (it sa fluch mooglik tsjin 'e grûn wurkjen fan in healwoeksen bolle); keallebinen (calf roping) en oksebinen (steer roping) (it mei de lasso fangen fan in keal (foar bern) of in healwoeksen bolle (foar folwoeksenen)); en ferskate oare dingen. It hichtepunt is it bolleriden (bull riding), wêrby't manlju sa lang mooglik op in folwoeksen bolle besykje sitten te bliuwen. Dat duorret yn 'e regel nea net sa lang. Brutsen bonken binne hjirby de normaalste saak fan 'e wrâld, en soms hat dielname oan sa'n wedstryd sels fatale gefolgen.

William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill.

De westernroman

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Western (sjenre).

De westernroman hie syn woartels yn 'e saneamde penny dreadfuls (fan likernôch 1850 ôf) en de lettere dime novels (fan 1860 ôf), goedkeape pulpromantsjes dy't tige súksesfol wiene yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, mar nei it lêzen almeast fuortsmiten waarden. Dêr waarden ferhalen fan it Wylde Westen yn ferteld, gauris basearre op 'e (romantisearre) libbens fan wiere persoanen, lykas Buffalo Bill, Wild Bill Hickok, Jesse James en Billy the Kid.

Oare kant de oseaan sette de Dútser Karl May om 1880 hinne útein mei it skriuwen fan echte romans (sij it noch altiten lektuer ynstee fan literatuer) oer it Wylde Westen. Hoewol't May in grutte fantast wie, dy't bearde dat syn ferhalen op syn eigen ûnderfinings basearre wiene wylst er noch nea yn Amearika west hie, binne syn boeken oant hjoed de dei ta populêr bleaun, al tille se op fan 'e histoaryske flaters. Yn it Dútske taalgebiet en de omlizzende lannen (wêrûnder Nederlân) ken eltsenien alteast de nammen fan Old Shatterhand (May syn alter ego) en dy syn bloedbroer, de Yndiaan Winnetou. Yn Amearika hat men fan dizze helden lykwols noch nea heard.

It boek The Virginian, fan Owen Wister, út 1902, wurdt yn 'e regel beskôge as de earste literêre western, al is Riders of the Purple Sage, út 1912, fan Zane Grey, datoangeande bekender. Grey wurdt wol sjoen as de heit fan 'e westernroman. Hy waard neifolge troch oare bekende westernauteurs, lykas Noble Burns, dy't yn 1927 mei syn roman Tombstone de reputaasje fan Wyatt Earp makke, en Max Brand, dy't ek útblonk yn it skriuwen fan koarte ferhalen fan it westernsjenre.

De Wikipedy hat ek in side Western (sjenre).

Fan 'e tritiger jierren fan 'e tweintichte iuw ôf ûntjoech him fierders de western as filmsjenre, mei yn sechtiger en santiger jierren in útsprantel nei tillefyzje, yn 'e foarm fan westernsearjes as Bonanza (1959-1973), The Big Valley (1965-1969), Alias Smith and Jones (1971-1973) en The Little House on the Prairie (1974-1982). Sawol de tradisjonele westernroman as de -film wurde ornaris typearre troch in plot wêryn't in ûnbekende frjemdling, faak mei in twifelich ferline, in stedsje binnenriidt dêr't fan alles mis is of dêr't de gewoane minsken terrorisearre wurde troch banditen of in korrupte rancher. Om 'e iene of oare reden (rjochtsgefoel, ferfeling, tsjin wil en tank) lost de frjemdling de swierrichheden op troch mei geweld mei de smjunt en dy syn trewanten ôf te weven, wêrnei't er it stedsje mei syn ferromme bewenners efterlit en de ûndergeande sinne temjitte riidt. Guon akteurs, lykas Cary Grant, John Wayne, Lee Van Cleef, Yul Brynner en Clint Eastwood, makken yn 'e heechtijdagen fan 'e westernfilm, dy't fan 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren oant de earste helte fan 'e santiger jierren duorre, harren karriêre mei westernrollen.

Klassikers as The Magnificent Seven (1960), A Fistful of Dollars (1964) en Pale Rider (1985), en teffens nijere films, lykas Unforgiven (1992) en Open Range (2003), hâlde fierhinne dat stramyn oan, krektlyk as it ikoanyske Once Upon a Time in the West (1968), al komme dêryn ek oare tema's oan bod, lykas de opmars fan it spoar en hoe't de modernisaasje it Westen feroaret. Oare films litte sjen hoe't ienlike wetstsjinners it gauris tsjin wil en tank opnimme tsjin banditen of tirannike ranchers, lykas yn High Noon (1952) en Rio Bravo (1959). Wer oaren portrettearje ferneamde banditen, lykas Butch Cassidy and the Sundance Kid (1969), The Wild Bunch (1969) en Young Guns (oer Billy the Kid, 1988), of ferneamde wetstsjinners, lykas Gunfight at the O.K. Corral (1957) en Tombstone (1993), dy't beide oer Wyatt Earp geane. Gauris wurdt der ek socht nei eat of jage op immen, lykas yn The Good, the Bad and the Ugly (1966), oer trije revolvermannen dy't elk op harsels nei in Konfederearre goudskat sykje, of For a Few Dollars More (1965), oer twa preemjejagers dy't in bandyt besykje te fangen. In oare klassiker, Red River (1948), lit de grutte feedriuwerijen fan Teksas nei Kansas sjen.

John Wayne yn The Comancheros (1961).

In oar favoryt tema fan westernfilms wie de striid mei de Yndianen, dy't fral yn 'e fjirtiger, fyftiger en sechtiger jierren populêr wie. Yn 'e klassiker Stagecoach wurdt bygelyks in postkoets efterfolge troch Yndianen dy't op it oarlochspaad binne. Yn soksoarte films waarden de Yndianen frijwol sûnder útsûndering foarsteld as de smjunten, wylst de blanke kolonisten foar de helden trochgiene. It is ynteressant dat ûnder ynfloed fan 'e Kâlde Oarloch yn dyselde snuorje yn it Eastblok (benammentlik yn 'e DDR en Tsjechoslowakije), westerns makke waarden wêryn't de Yndianen de helden wiene en de Amerikanen de smjunten. Yn sokke "reade westerns" of osterns waarden de haadrollen trouwens almeast spile troch Sigeuners of lju fan Tataarsk of Turksk komôf, fanwegen it skrinend tekoart oan autentike Yndianen yn it eardere Eastblok. De Servyske akteur Gojko Mitić, dy't ferskate kearen in oprjocht, fredeleavjend en ynnimmend opperhaad spile, lykas yn 'e klassike Tsjechyske ostern Die Söhne der Großen Bärin (1966), waard by in besyk oan 'e Feriene Steaten yn 'e njoggentiger jierren foar syn bydrage oan 'e positive byldfoarming oer Yndianen troch de (Sioux) sels beneamd ta eare-opperhaad.

Pas yn 'e jierren santich feroare yn 'e Feriene Steaten sels it byld dat de lju fan 'e Yndianen hiene. De earste Amerikaanske film wêryn't Yndianen net ôfbylde waarden as wrede en moardsuchtige smjunten, en likemin as nommele wylden dy't gjin mich kwea dwaan soene, mar as gewoane minsken mei al har flaters, dêr't ek gewoan om lake wurde kin sûnder harren as folk bespotlik te meitsjen, wie The Outlaw Josey Wales (1976), fan en mei Clint Eastwood. Dances with Wolves (1990), fan en mei Kevin Costner, wêryn't it ferhaal fan 'e kolonisaasje fan it Westen fan 'e Yndiaanske kant ôf beljochte wurdt, wûn yn 1990 sân Oskars, wêrûnder dy foar bêste film.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.