Fjildtocht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Offinsyf)

In fjildtocht, militêre kampanje of offinsyf is in rige oanienslutende gefjochten (skermutselingen, fjildslaggen en/of belegerings) dy't útfierd wurde troch ien en deselde legermacht. It is mooglik dat de legermacht dy't op fjildtocht is tuskentiids fuortsterke wurdt mei farske troepen, en ek kin it wêze dat in fjildtocht útfierd wurdt troch ferskate legermachten dy't yn koördinaasje mei-inoar operearje. Mar it as ferskate legermachten folslein los faninoar operearje of as in legermacht út it fjild helle en folslein ferfongen wurdt, kin men net mear fan ien fjildtocht sprekke.

Faak falt in fjildtocht gear mei in beskate faze fan in oarloch, bygelyks as fijannich gebiet stapsgewiis ferovere wurdt. Net alle gefjochten yn in fjildtocht hoege wûn te wurden om 'e fjildtocht sels te winnen; it kin wêze dat men nei in tydlike tebeksetter dochs noch de einoerwinning behellet. In slimmen nederlaach betsjut lykwols yn 'e measte gefallen de ein fan 'e fjildtocht; men seit dan dat de fjildtocht 'fêstrûn' is. De tiidsdoer fan fjildtochten ferskilt. Sa'n operaasje moat sûnder mis ferskate dagen duorje om in fjildtocht neamd te wurden, mar kin ek maklik wiken of moannen duorje. Yn guon gefallen kin soks sels oprutsen wurde oant jierren.

Foarbylden fan bekende fjildtochten binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources op dizze side.