Titania (fee)

Ut Wikipedy
Titania
De Rûzje fan Oberon en Titania, in skilderij fan Joseph Noel Paton (±1849).
De Rûzje fan Oberon en Titania, in skilderij
fan Joseph Noel Paton1849).
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje fee
berop/amt keninginne fan 'e ierdgeasten
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mab
geastlike heit William Shakespeare
ûntstean 15901596

Titania is in fiktyf personaazje út it toanielstik In Midsimmernachtdream, fan 'e let-sechstjinde-iuwske Ingelske skriuwer William Shakespeare. Hja wurdt yn dat stik opfierd as in tsjeppe fee, en de keninginne fan 'e ierdgeasten. Fanwegen de grutte ynfloed fan Shakespeare syn wurk op 'e Westerske kultuer is Titania neitiid faak oernommen as de namme fan feeëkeninginnen yn oare literêre wurken.

Oarsprong fan 'e namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it personaazje fan 'e feeëkeninginne ek foar de tiid fan Shakespeare al foarkaam yn folksferhalen en literatuer, hie se doe gjin namme. Shakespeare ûntliende de namme 'Titania' oan 'e Metamorphoses fan 'e Romeinske skriuwer Ovidius, dêr't it in oantsjutting is foar de dochters fan 'e titanen.

Neiere beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Titania fan In Midsimmernachtdream is in tige grutsk wêzen, en like machtich as har oarehelte, Oberon. Yn it toanielstik binne Titania en Oberon behelle yn in rûzje oer de fraach wa fan harren beiden oft sizzenskip hawwe moat oer in minsklike tsjinstfeint, dy't se fan syn mem stellen hawwe yn ruil foar in wikselbern. De rûzje tusken Titania en har oarehelte leit te'n grûnslach oan alle betizing en misse setten fan 'e oare personaazjes. Sa stjoert Oberon syn tsjinner Puck om Titania in leske te learen, wêrnei't se troch in betsjoening fereale rekket op 'e sljochtwei ambachtsman Nick Bottom, dy't troch in oare betsjoening fan Puck de holle fan in ezel kriget.

Lettere ferskinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid figurearre Titania yn in grut tal literêre en oare wurken:

Nei Titania is fierders Titania ferneamd, ien fan 'e moannen fan 'e planeet Uranus.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.