Death Masks
Death Masks | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2003, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Dresden Files | |
● foarich diel | Summer Knight | |
● folgjend diel | Blood Rites | |
kodearring | ||
ISBN | 0 45 14 62 947 |
Death Masks is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel is in wurdboarterij mei twa bestjuttings: "Deademaskers" en "De Dea Maskearret". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fyfde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Summer Knight. Yn Death Masks wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, troch de Roomsk-Katolike Tsjerke frege om it stellen Lykklaad fan Turyn werom te finen. Dat liket in frij ienfâldige opdracht te wêzen, mar Harry rekket troch syn ûndersyk behelle yn in kat-en-mûsspul mei de dieven, de maffia en in groep fallen ingels dy't nearne foar tebek skrilje, wylst er tagelyk ek noch twongen wurdt om it yn in duël op te nimmen tsjin in fampier. It boek waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard Death Masks troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, yn 'e mande mei Summer Knight, it fjirde diel fan The Dresden Files.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, docht mei oan in praatprogramma op in lokale tillefyzjestjoerder, mei as ûnderwerp it boppenatuerlike. Syn dielname oan it programma fan Larry Fowler is de iennichste manear dat er mei it medium Mortimer Lindquist prate kin, in âlde bekende fan Harry dy't op it stuit net mei him sjoen wurde wol. Harry hat nammentlik yn 'e boppenatuerlike wrâld in oarloch feroarsake tusken it Reade Hôf fan 'e fampieren en de Wite Ried fan Tsjoenderij (sjoch: Grave Peril), en Lindquist wol dêr út noch yn net by belutsen reitsje. Dat doe't Harry him frege om in geunst, stelde Lindquist foar dat se tegearre oan it praatprogramma meidwaan soene; net ien dy't it lju ommers kwea-ôf nimme kin as se in pear wurden wikselje wylst se beide yn sa'n programma te gast binne. Yn in reklameblok fertelt Lindquist dat er oangeande Harry syn fraach syn ljocht opstutsen hat by lju dêr't er kunde oan hat, en hy kin him dit fertelle: Susan Rodriguez libbet noch en befynt har yn Perû.
Susan Rodriguez is in sjoernaliste foar de Arcane, in sensaasjeblêd dat publisearret oer it boppenatuerlike, lykas waarnimmings fan in sasquatch en besiken fan bûtenierdske wêzens. Se krige jierren lyn belangstelling foar Harry doe't dy yn Chicago syn detektiveburo iepene, wêrby't er yn in advertinsje yn 'e Gouden Gids fermelde dat er tsjoender wie. Nei ferrin fan tiid krigen se in relaasje (sjoch: Storm Front), mar in oardel jier dêrnei sloech Susan al Harry syn warskôgings yn 'e wyn en folge se him nei in feestlike gearkomste fan it Reade Hôf, dy't útrûn op in konfrontaasje tusken Harry en syn freonen en de fampieren (sjoch: Grave Peril). Susan foel dêrby yn 'e hannen fan 'e fampieren fan it Reade Hôf, dy't har heal feroaren yn in fampier. De metamorfoaze soe foltôge wurde as se it bloed fan in minske dronk oant dy it bestoar. Harry befrijde Susan út har finzenskip (en begûn om dat te berikken in oarloch tusken de reade fampieren en de tsjoenders), mar neitiid beëinige Susan har relaasje mei him. Se fielde doe nammentlik oanhâldend in gnaujende honger nei bloed, dêr't se beslist net oan tajaan mocht. Om't se sa fan him hold, koe se wat him oangie de ferskillende soarten hongers net útinoar hâlde, en soe it mar in kwestje fan tiid wêze foar't se him deade. Sûnt hat Harry om 'e nocht besocht en fyn in genêswize foar Susan, wylst er har yn 'e rekken hold fia har kollumn yn 'e Arcane. Fjirtjin dagen foar syn dielname oan it praatprogramma fan Larry Fowler waard Harry opskille troch de haadredaktrise fan it krantsje, dy't sei dat se al in skoft neat mear fan har heard hie en frege oft Harry ek wist hoe't se mei har yn kontakt komme moast. It antwurd wie 'nee', mar Harry waard dêr sa ûngerêst fan dat er de help fan Mortimer Lindquist ynrôp.
Nei't Harry en Lindquist yn it praatprogramma har sechje dien hawwe, makket presintator Larry Fowler bekend dat er noch twa oare gasten útnûge hat om 'e oare kant fan 'e saak te beljochtsjen. Dat binne de preester Vittorio Vincent, in fertsjintwurdiger fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke dy't hielendal oerkommen is út it Fatikaan, en Paolo Ortega, in bekend ûndersiker en ûntkrêfter fan boppenatuerlike ferskynsels, fan wa't Harry wit dat er eins in fampier is en ien fan 'e eallju fan it Reade Hôf. No binne tsjoenderij en technyk net te kombinearjen, dat om oan it praatprogramma meidwaan te kinnen hat Harry himsels in betsjoening oplizze moatten dy't syn magy ûnderdrukt. De ferskining fan Ortega makket him sa kjel, dat er de behearsking fan dy betsjoening suver ferliest. Wylst Fowler en syn crew de stikkene kamera's ferfange dy't dêr it gefolch fan binne, fertelt Ortega Harry glêdsjes dat er allinnich mar oan it programma meidocht om mei Harry prate te kinnen. Hy wol dat de oarloch tusken de reade fampieren en de tsjoenders besljochte wurdt mei in duël oant de dea tusken himsels en Harry. As Harry dêr net mei ynstimt, sille de reade fampieren Harry al syn freonen en kliïnten oanfalle en ombringe. Dat lit Harry fansels net folle kar, dat hy giet akkoart mei in duël. It idee dat de fampieren syn freonen tenei komme, makket dat er syn selsbehearsking hielendal ferliest, wat desastreuze gefolgen foar de tillefyzjestudio hat, dêr't alle apparatuer it ôfwitte lit, en dy't evakuëarre wurde moat as der ek noch brân útbrekt.
Bûtendoar sprekt preester Vincent Harry oan, en fertelt him dat er net foar de show fan Larry Fowler alhiel út it Fatikaan oerkommen is, mar dat er inkeld oan it programma meidie om mei Harry te praten. De Roomsk-Katolike Tsjerke wol nammentlik in privee-detektive mei kennis fan it boppenatuerlike yn 'e earm nimme, en pastoar Anthony Forthill fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, in bekende fan Harry, hat Vincent oanret om Harry dêrfoar te freegjen. Foar't se fierder prate kinne, wurde se yn 'e parkearkelder oanfallen troch in slûpmoardner dy't it op Harry foarsjoen hat. Se witte te ûntkommen, mar Harry ken by de yngong fan 'e parkearkelder Hendricks werom, de liifwacht fan "Gentleman Johnny" Marcone, de maffiabaas fan Chicago. It is him ûndúdlik wêrom't dy him dea hawwe wolle soe.
Oankommen yn Vincent syn motel, prate hy en Harry fierder oer it putsje dêr't de Tsjerke Harry foar ynhiere wol. Der is in foarwerp stellen út 'e Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper yn noardlik Itaalje, dat de Roomsk-Katolike Tsjerke weromhawwe wol. Interpol hat útfûn dat in binde dy't bekendstiet as 'de Tsjerkemûzen' efter de dieverij sit. Ien fan 'e bindeleden, in Gaston LaRouche, is weromfûn mei djippe snijwûnen yn syn gesicht en hals, wylst twa oaren, Anna Valmont en Francisca García, noch op frije fuotten binne. LaRouche hie ferfalske papierren by him dy't derop wiisden dat er nei de Feriene Steaten flechtsje woe, en Valmont is neitiid sjoen op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, yn Chicago. It tinken is dat Valmont en García LaRouche út 'e ljochten holpen hawwe en dêrnei mei de bút útpykt binne. De Tsjerke wol no dat Harry de restearjende Tsjerkemûzen opspoart en it stellen foarwerp weromhellet. De plysje fan Chicago sit ek op 'e saak, mar de Tsjerke hat, sa seit Vincent, troch skea en skande leard om nea alles op ien kaart te setten. Harry stelt, oan 'e hân fan 'e foto's fan it plak delikt dy't Vincent him jout, daliks fêst dat LaRouche net fermoarde is op it plak dêr't er fûn is, om't dêr simpelwei te min bloed leit. Hy betwifelet oft Valmont en García derefter sitte, mei't it neffens him in profesjonele moard wie. Mei de dokuminten dy't yn it besit fan 'e man oantroffen binne, liket it him ta dat immen graach wol de ûndersikers leauwe dat LaRouche de wyk nimme soe nei Chicago. Nettsjinsteande dat nimt Harry de saak oan. Restearret allinnich noch om te freegjen hokker foarwerp oft stellen is. Dat blykt it Lykklaad fan Turyn te wêzen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Harry letter thúskomt, stiet him noch in grutte ferrassing te wachtsjen: hy wurdt opwachte troch Susan Rodriguez. Se wikselje in tút út dy't hàst ta mear as dat liedt, mar trochdat se steurd wurde troch Harry syn kat Mister komt dat der net fan. Susan fertelt Harry dat se weromkommen is nei Chicago om ûntslach te nimmen by de Arcane. Wat se no fierder sil, docht se frijwat geheimsinnich oer. Mar se hat Harry opsocht om him te warskôgjen foar Ortega. Se fertelt him dat se ûndersyk dien hat nei it Reade Hôf en leit him út dat Ortega de lieder fan in faksje binnen it Reade Hôf is dy't de oarloch mei de Wite Ried fan Tsjoenderij beëinigje wol. Om't de Wite Ried tsjin wil en tank troch Harry syn dieden yn 'e oarloch behelle rekke is, giet Ortega derfan út dat der frede sletten wurde kin as hy Harry ferslacht en deadet yn in duël. Der bestiet lykwols in ynfloedrikere faksje binnen it Reade Hôf dy't de oarloch oan 'e gong hâlde wol om foar iens en foar altyd mei de Wite Ried ôf te weven. Susan fermoedet sterk dat dy faksje yn it duël yngripe sil om't der, salang't Harry yn libben is, in reden bestiet om 'e oarloch mei de Wite Ried troch te setten. Nei't se har warskôging oerbrocht hat, wurdt Susan by Harry syn foardoar ôfhelle troch in ûnbekende man dy't se Martin neamd. Harry bliuwt yn ûnwissichheid efter oer wat de relaasje tusken Susan en dy Martin krekt is, en ek oer wat de relaasje tusken himsels en Susan krekt is.
As Harry letter op bêd sil, wurdt er opskille troch Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago en in freondinne fan him. Se freget him om ris nei in lyk te sjen dat yn it mortuarium leit. As er dêr arrivearret, stelt Murphy him foar oan Waldo Butters, in krigele lytse patolooch-anatoom mei in foarleafde foar polkamuzyk, dy't him it oangeande lyk sjen lit. It is it stoflik omskot fan in ûnbekende man, dat mei djippe snijwûnen oerdutsen is en sawol de hannen as de holle mist. Dat is lykwols it nuverste noch net, sa fertelt Butters, want de snijwûnen wiene net slim genôch om oan dea te gean en it ôfhakjen fan hannen en holle is pas nei de dea dien. De reden dat Murphy Harry derby roppen hat, is dat de man stoarn is oan in kombinaasje fan alderhanne sykten, fan 'e pest en de pokken oant seare kiel, dy't allegear hommels en tagelyk by him opkamen en him binnen in pear oeren fataal wurden binne. De kâns dat soks natuerlik foarkomt, is nul. Harry freget en kriget in foto fan in tatoeaazje dy't op it lyk oantroffen wurdt. De snijwûnen bringe him daliks tebinnen wat er op 'e foto fan it lyk fan Gaston LaRouche sjoen hat, mar om't Vincent him in geheimhâldingsklausule ûndertekenje litten hat, kin er dêr neat oer sizze. Likegoed jout er Murphy de net sa subtile hint om ris by Interpol te ynformearjen nei in LaRouche.
Underweis werom fan it mortuarium nei syn auto wurdt Harry oanfallen troch in wêzen mei it uterlik fan in reuseftige, seispoatige, fjouwereagige bear. Syn tsjoenderij hellet tsjin dat wêzen net folle út. Hy wurdt rêden troch syn freon Michael Carpenter, in timmerman út Chicago dy't ien fan 'e trije Ridders fan it Krús is en ien fan 'e trije swurden draacht wêryn't in spiker ferwurke is dy't brûkt is by de krusiging fan Jezus Kristus. Michael wurdt holpen troch de beide oare Ridders fan it Krús, mei wa't Harry dan foar it earst yn 'e kunde komt. It binne Sanya, in jonge, negroïde Rus, en Shiro Yoshimo, in âldman dy't in ôfstammeling fan 'e keningen fan 'e Rjûkjû-eilannen is. It wêzen dat se deade hawwe, sa lizze se Harry neitiid út, is Ursiël, in fallen ingel. Sokke wêzens binne bûn oan beskate ûnbrekbere regels, lykas dat se minsken gjin kwea dwaan meie, mar Ursiël is ien fan in groep fallene ingels dy't dêr wat op fûn hawwe: se ferliede libbene minsken derta om harsels troch de fallene ingels besette te litten, en nei ferrin fan tiid hat de minsklike 'drager' fan sa'n fallene ingel dan neat mear yn te bringen en moat dwaan wat him of har ynjûn wurdt. It kwea dat de fallene ingels oare minsken dogge, wurdt dan eins dien troch harren minsklike drager.
It wêzen dat Michael ûnthalze hat, is dan ek net Ursiël sels, mar syn drager, in man dy't fan Rasmussen hiet. Ursiël sels sit no finzen yn 'e munt dy't nei de ûnthalzing út Rasmussen syn mûle rûgele: in Romeinske denaarje. Oanrekking fan dy munt troch in oare minske soe Ursiël tagong jaan ta de geast fan dy minske, wêrnei't it hiele ferliedingsproses wer fannijs begjinne soe. Michael siket it ding dêrom hoeden mei in doekje benaaid mei krústekens op en jout it letter yn bewarring by pastoar Forthill, dy't soargje sil dat it yn in djippe klûs ûnder it Fatikaan komt te lizzen. It probleem is dat der tritich fan sokke mei fallene ingels ferbûne munten binne: de tritich sulverstikken fan Judas Iskariot. Dy fallene ingels neame harsels de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje, en se hawwe lucht krigen fan 'e dieverij fan it Lykklaad fan Turyn. Se witte ek dat Harry ynhierd is om dat relikwy werom te finen, dat se binne wisberet om Harry út 'e wei te romjen; net troch him te fermoardzjen, mar troch him ta de drager fan ien fan harren te meitsjen. Dêr wurdt Harry wol goed kjel fan, mar as Michael him mei ynmoed freget om him fierders net mear mei de saak fan it Lykklaad te bemuoien, reägearret er mei argewaasje en koppigens.
Nei't er te neare nacht thúskommen is, bejout Harry him nei syn geheime laboratoarium, yn in kelder ûnder syn appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou. Dêr freget er rie oan Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn it laboratoarium. As Harry him freget it Lykklaad op te spoaren, seit Bob dat er dat net dwaan kin, om't hy in geast fan yntellekt is, wylst it klaad in foarwerp fan leauwe is. Ek jout Bob oan Harry, krekt as Michael, de rie om him fierders net mei de saak te bemuoien, mar dat is net wat Harry hearre wol. De tatoeaazje op it lyk yn it mortuarium identifisearret Bob as it Each fan Thoth, in âld Egyptysk symboal dat troch in soad organisaasjes en yndividuën brûkt wurdt. Nei't er Bob derop útstjoerd hat om safolle mooglik ynformaasje te sammeljen oer Paolo Ortega en ek ris even by "Gentleman Johnny" Marcone thús te sjen oft er ek útfine kin wat dy mei de saak te krijen hat, beslút Harry om 'e loa Ulsharavas, in orakelgeast fan 'e voodooreligy, op te roppen. Dy fertelt Harry dat it Lykklaad fan Turyn en de oerbleaune dieven har op 'e Étranger befine, in boat yn 'e haven fan Chicago. Se fertelt him ek dat Michael en de oare Ridders fan it Krús wolle dat er him net mear mei de saak bemuoid om't se in profesije ûntfongen hawwe: "As Harry Dresden syn syktocht nei it Lykkleed fan Turyn trochset, sil er perfoarst omkomme." Mar Ulshavaras seit derby dat de tsjinstanners fan 'e Ridders derfoar soarge hawwe dat se it twadde diel fan deselde profesije net te hearren krigen hawwe. De profesije giet nammentlik fierder mei de wurden: "As Harry Dresden syn syktocht opjout, sille de Ridders allegear omkomme, en de stêd Chicago mei harren."
Neitiid brout Harry earst in toverdrankje tsjin 'e bedwelmjende effekten fan 'e flibe fan 'e fampieren fan it Reade Hôf. Wylst er dêrmei dwaande is, wurdt er opskille troch syn âlde pleechheit en mentor Ebenezar McCoy. Dat is ien fan 'e sân tsjoenders dy't sit hawwe yn 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, en hy bellet om Harry te fertellen dat de Wite Ried net akkoart gean sil mei it idee fan duël. Harry leit lykwols út hokfoar konsekwinsjes oft dat foar syn freonen en eardere kliïnten hawwe sil, en McCoy jout dan mei tsjinnichheid oan dat er derfoar soarje sil dat it duël trochgean kin. Tsjin 'e moarnsdage komt Bob thús, mar de geast is slim ferwûne rekke troch de betsjoenings dy't om 'e wente fan "Gentleman Johnny" Marcone oanbrocht binne om sokke wêzens as hy bûtendoar te hâlden. Dêr heart Harry raar fan op, mar Bob kin him net folle mear fertelle oant er rêst hat.
Wylst Bob him deljout yn syn skedel, kriget Harry besite fan it Argyf. Dat is in minsklik famke fan in jier as sân, wa har holle it bewarplak is fan alle minsklike kennis en wiisheid. Hja wurdt begelaat troch de hierling Jared Kincaid, dy't as har liifwacht en sjauffeur funksjonearret. It Argyf is, as neutrale partij, oansocht om by it duël tusken Harry en Ortega as skiedsrjochter op te treden. Harry hat daliks in swak foar it famke, en as se him fertelt dat se gjin foarnamme hat, neamt er har Ivy (fan Archive, "-ive", "Ivy"). Om't Harry de útdage partij is, mei hy it wapen kieze wêrmei't it duël útfochten wurde sil: wilskrêft, feardichheid mei in fysyk wapen, magy of de bleate hân. Harry kiest fansels foar magy, ek al warskôget Ivy him dat Ortega it rjocht hat om dy kar ôf te wizen. Fierders moat Harry foar de jûn in sekondant oanwize. As er dat net docht, brekt er de regels fan it duël en sil Ivy him deadzje moatte. Harry, dy't de magyske enerzjy om it famke hinne fiele kin, twifelet der net oan dat se dat kinne soe as se it woe. Nei't it Argyf en Kincaid har ôfjûn hawwe, skillet Harry Michael op om him te freegjen om syn sekondant te wêzen. Michael is lykwols net thús, en hy kriget Michael syn frou Charity derfoar, dy't him net lije mei en har gefoelens datoangeande noch nea ûnder stuollen of banken stutsen hat. Harry freget har om it berjocht oan Michael oer te bringen.
Neitiid set er ôf nei de haven, om 'e Étranger te sykjen. Hy fynt de boat, mar troch ûngeduld en gebrek oan sliep lit er him ferliede om daliks oan board te klimmen en nei it Lykklaad fan Turyn te sykjen. Hy ûntdekt in ôfsletten klûs, mar beslút dat dat tefolle foar de hân leit, en fynt it Lykklaad úteinlik ûnderyn in folle waskkoer. As er him omdraait, wurdt er lykwols ûnder skot holden troch Anna Valmont. Sy en Francisca García witte dúdlik noch neat ôf fan 'e dea fan Gaston LaRouche, mei't Harry wol út harren praat opmeitsje kin dat se ferwachten dyselde hjir te treffen. Ear't er de beide froulju oertsjûgje kin om mei him nei de autoriteiten (eins: Michael en de oare Ridders fan it Krús) te gean, wurde se op 'e boat oanfallen troch in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje, dy't de foarm fan in kreaze grienhûdige frou oannimt mei hier dat út flymskerpe metalene lokken bestiet dy't ûnôfhinklik faninoar om har hinne slane. It wêzen deadet García, slacht de boat lek en naait út mei de klûs dêr't se fan mient dat it Lykklaad deryn sit. Neitiid slacht Valmont Harry heal bewusteleas, hoewol't se him dêrnei noch wol út 'e sinkende boat helpt. Dêrnei ferdwynt se mei it Lykklaad èn mei Harry syn lange learene jas. Harry keart sadwaande sûnder wat bedijd te hawwen en mei barstende pineholle werom nei hûs, dêr't er beslút om earst mar ris wat sliep yn te heljen.
Earst wurdt er lykwols wekker skille troch Waldo Butters, de patolooch-anatoom, oan wa't Murphy frege hat om Harry op 'e hichte te hâlden fan nije ûntwikkelings. De syktekimen yn it lyk yn it mortuarium binne fierhinne ferdwûn. Harry liedt dêrút ôf dat de sykten opwekke wiene troch in flok, mei't betsjoenings oer it algemien by moarnsdage útwurke reitsje, om't de wrâld dan weromset wurdt nei de natuerlike oarder. Inkeld tige sterke betsjoenings oerlibje in moarnsdage, en ek dy swakje mei eltse nije dage fierder ôf oant se alhiel weiwurde. Hy foarseit Butters dan ek dat er oer in pear dagen hielendal neat mear fan 'e sykten yn it lyk weromfine kinne sil. Neitiid komt Susan Rodriguez by Harry oan 'e doar, dy't einlings trochsette wol en harren relaasje beprate, wat der de lêste kear net fan kommen is om't Martin har ôfhelle. As Harry har freget oft se no in relaasje mei Martin hat, moat Susan laitsje en leit se út dat er in kollega fan har is dy't har begeliedt by har nije wurk. Oer dat nije wurk wol Susan net folle kwyt, mar it komt derop del dat se ûndersyk docht nei it Reade Hôf foar in ûndergrûnske organisaasje dy't tsjin 'e ynfloed fan 'e reade fampieren yn Latynsk-Amearika krewearret. Susan nûget Harry út om mei te kommen dêrhinne, mar hy hat ferplichtings yn Chicago. Se beslute dan om foargoed in punt efter harren relaasje te setten. As Harry har oer de swierrichheden fertelt fan 'e saak dêr't er op 't heden oan wurket, biedt Susan oan om him te helpen. Harry jout har dan in kladblok dat er út 'e Étranger meinommen hat. Op it boppeste blêd dêrfan is de tekst trochdrukt: "Marriott 2345." Susan seit ta dat se ûndersykje sil wat dat ynhâldt.
Nei't er einlings wat sliep ynhelle hat, set Harry dy middeis ôf nei Michael syn hûs, om't er noch altyd neat fan syn freon weromheard hat en der foar de jûn in sekondant komme moat. Der is net ien thús, mar Harry treft Molly, de âldste dochter fan Michael en Charity, yn 'e mânske beamhutte oan dy't har heit efterhûs foar de bern boud hat. Molly is no fjirtjin jier en Harry ûntdekt dat se de beamhutte brûkt om 'e klean dy't se nei skoalle ta oan hân hat (en dy't har âlden nea goedkarre soene) om te wikseljen foar foechsumer kledaazje foar in famke fan har jierren. Harry hat selden lang mei Molly praat, mar it blykt in finingryk fanke te wêzen. As se de hânboeiens sjocht dy't Harry noch altyd oan 'e iene pols hingje fan syn besyk oan 'e Étranger (doe't Valmont en García him foarôfgeande oan 'e oanfal fan 'e fallene ingel fêstsette woene), hat se dy samar los. Se hat in petear tusken har heit en mem ôfharke oer de relaasje fan Harry mei Susan Rodriguez, en makket fan 'e gelegenheid gebrûk om Harry dêroer te befreegjen. Harry jout mei tsjinnichheid wat fan syn priveeproblemen bleat en leit út dat Susan en hy net yntym mei-inoar wêze kinne om't Susan him yn 'e gryp fan 'e hertstocht by fersin deadzje kinne soe. Dêrop freget Molly wêrom't er har dan net gewoan earst fêstbynt foar't se seks hawwe.
Op dat stuit wurdt Harry rêden trochdat Charity thúskomt mei de sân oare bern, dy't se út skoalle helle hat, en in lading boadskippen. Michael blykt mei Sanya nei St. Louis gien te wêzen, dêr't sprake wêze soe fan demoanyske aktiviteit, en hy wurdt op syn gaust pas dy jûns let wer thús ferwachte. Dat betsjut dat Harry in oare sekondant sykje moat, mar Shiro, dy't mei Charity en de bern arrivearre is, biedt dan oan om dy funksje op him te nimmen. As Harry letter thús komt, wachtet Murphy him dêr op. Se fertelt him dat se op non-aktyf steld is om't se har fersette tsjin it ôfpakken fan 'e saak fan it lyk yn it mortuarium fan har Spesjale Undersyksienheid troch de folle machtiger ôfdieling Moardsaken. Fierders seit se tsjin Harry dat Butters fêststeld hat dat García deade is mei itselde wapen as dêr't it lyk yn it mortuarium mei bewurke wie. Murphy wol graach dat Harry de saak fierder rêste lit, mar dat is foar Harry no gjin opsje mear. Se warskôget him dat er sjoen is doe't er de Étranger ferliet, en dat er ferwachtsje kin ier of let troch Moardsaken ûnderfrege te wurden. Nei't Murphy har ôfjûn hat, skillet Harry Susan op om te hearren wat dy oant safier ûntdutsen hat. Susan fertelt him dat "Marriott" op it Marriott Hotel slacht, en dat "2345" wierskynlik om in tiid giet. Der is dy jûns nammentlik in gala-evenemint yn it Marriott Hotel yn Chicago dat sponsore wurdt troch de Chicago Historical and Art Society, in organisaasje wêrfan't "Gentleman Johnny" Marcone foarsitter fan 'e ried fan bestjoer is. Susan hat kaartsjes bemachtige, en Harry praat mei har ôf dat er mei sil dêrhinne.
De jûns giet Harry earst mei Shiro nei syn stamkroech McAnally's, dêr't se Kincaid moetsje (it is nei Ivy har bêdtiid) en Ortega en syn sekondant. Dat blykt Thomas Raith te wêzen, in fampier fan it Wite Hôf dêr't Harry earder alris gedoente mei hân hat (sjoch: Grave Peril). Wylst Shiro en Thomas plak, tiid en manear fan it duël bepale, besiket Harry (op oanrieden fan Shiro) Ortega it duël te ûntpraten. Dat slagget him net. Neitiid fertelt Shiro him dat magy as wapen ôfwiisd is en dat besletten is ta wilskrêft. It duël sil moarntejûn, fuort nei sinne-ûndergong, holden wurde yn it honkbalstadion Wrigley Field, dat foar dat doel ôfhierd is. Nei't Ortega ôfset is, freget Harry oan Thomas, mei wa't er min ofte mear befreone is, wêrom't er Ortega helpt. Thomas leit út dat Ortega oan Thomas syn heit, de kening fan it Wite Hôf, frege hie om syn sekondant te wêzen, yn it ramt fan "harmony ûnder de fampieren". Thomas syn heit griep dat oan om syn minst favorite famyljelid (Thomas) te straffen en tagelyk it Reade Hôf te misledigjen troch de funksje fan sekondant oer te dragen oan ien dy't de reade fampieren haatsje. Thomas moat sadwaande op syn tellen passe om sûnder kleanskuorren út dizze sitewaasje te kommen, mar hy warskôget Harry foar Ortega. Dy is seishûndert jier âld en hat noch libbe yn in wrâld dat genoside wat wie dêr't men net iens fan mei de eagen knippere. As er no de regels fan it duël folget, is dat om't dat him it bêste útkomt, en net om't er him wat oan 'e regels gelegen lizze lit.
Fuort neitiid giet Harry mei Susan nei it gala-evenemint yn it Marriot Hotel, dêr't se hinne brocht wurde yn in limûsine bestjoerd troch Martin. Wylst se har kâns ôfwachtsje om út 'e feestseal wei djipper it gebou yn te glûpen, om it Lykklaad fan Turyn te sykjen, treffe se dêr maffiabaas "Gentleman Johnny" Marcone, mei wa't Harry al ferskate kearen earder gedoente hân hat (sjoch: Storm Front en Fool Moon). As Harry him planút freget wêrom't er besocht hat Harry yn 'e parkearkelder fermoardzje te litten troch ien fan syn mannen, kin Harry oan syn gesicht sjen dat Marcone net wit wêr't Harry it oer hat. Marcone wurdt begelaat troch syn liifwacht Hendricks, dy't him altyd oeral folget as in skaad, en troch in kreaze blondine, dy't harsels foarstelt as Miss Gard. Hja seit dat hja in adviseur fan Monoc Securities is dy't troch Marcone ynhierd is. Harry begrypt út har taspilings dat sy dejinge is dy't ferantwurdlik is foar de magyske befeiligingsmaatregels om it hûs fan Marcone hinne dêr't Bob ferwûne troch rekke is.
Hoewol't Marcone harren troch syn befeiligingspersoniel út it Marriott sette litte wol, witte Harry en Susan djipper it hotel yn te glûpen. Mei in miniskúl stikje stof dat Harry fan Vincent krigen hat en dat ea ris út it Lykklaad fan Turyn knipt is foar wittenskiplik ûndersyk, wit er troch in betsjoening (de rest fan) it Lykklaad yn it gebou op te spoaren. Anna Valmont hat it by har en befynt har yn in berchromte, dêr't se tillefoanysk kontakt wei opnimt mei Marcone. Harry kringt út in waskhok wei troch in fentilaasjetunnel de berchromte binnen en sil de koker mei it Lykklaad stelle as er Valmont tsjin Marcone sizzen heard dat se de koker tarist hat mei in brânbom dy't se op ôfstân ta ûntploffing bringe kin. Valmont hat de bedoeling om harsels tiid te jaan om út Chicago te kommen ear't Marcone har oanjaan kin by de plysje, mar it betsjut dat Harry earst Valmont twinge moat om 'e brânbom ûnskeadlik te meitsjen foar't er it Lykklaad meinimme kin. Hy oermasteret de dievegge, mar lit him troch har yn 'e ruften lizze sadat se him op 'e nij in terwinkel jaan kin. As se him neitiid ûnder skot hâldt, wurde se ûnderbrutsen troch trije leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje.
It binne deselde demonesse dy't harren earder yn 'e haven oan board fan 'e Étranger oer it mad kaam, in wêzen dat in slangeftige foarm oannommen hat en in man dy't in ôfsniene strûpe fan tou om 'e hals draacht, mei in skaad dat ûnôfhinklik fan himsels beweecht. Valmont leget har pistoal troch op 'e man te sjitten, mar hoewol't er dúdlik rekke wurdt en ek bliedt, liket er dêr fierders gjin inkeld gefolch fan te ûnderfinen. De man, dy't himsels Nicodemus neamt, wol de koker mei it Lykklaad hawwe, en hy hellet in pistoal te foarskyn dêr't er it libben fan Valmont mei bedriget om Harry te twingen it oan him oer te langjen. Ynstee ropt Harry in geweldige fjoersee op, dy't de trije fallene ingels troch it hommelse ferskil yn luchtdruk út 'e berchromte smyt, wylst Harry en Valmont efterút de oare kant út smiten wurde.
Se ûntkomme troch de fentilaasjetunnel nei it waskhok dêr't Susan wachtet, mar de demonesse út 'e haven folget harren troch de tunnel. Susan, dy't troch har heale metamorfoaze ta fampier boppeminsklike krêft en refleksen krigen blykt te hawwen, grypt in strykplanke beet en slacht it wêzen dêrmei yninoar oant it net mear beweecht. Ear't se fuortkomme kinne, wurde se lykwols oanfallen troch it slangeftige wêzen, dat in betsjoening oer Susan útsprekt dy't har bewuollet yn bitende slangen. Harry sprekt in tsjinbetsjoening út dy't Susan befrijt, en as de slangen ferdwine, ferskine der oer Susan har hiele lichem tatoeaazjes dy't earder net sichtber wiene. It slangeftige wêzen identifisearret har as in lid fan "it Genoatskip" en spilet dêrop fan rutens. Harry en Susan ûntflechtsje it hotel fia in syddoar mei de koker mei it Lykklaad en Anna Valmont, dy't yn in tastân fan shock is. Martin wachtet harren dêr op mei de limûsine, dêr't Susan en Valmont feilich ynstappe kinne. Harry wurdt lykwols op it lêste stuit weromskuord troch it skaad fan Nicodemus, en om't hy de koker beethâldt, falt ek it Lykklaad dy syn hannen. Op Harry syn befel en tsjin 'e útdruklike winsk fan Susan yn jout Martin gas en riidt fuort.
Harry wurdt wekker as er earne yn 'e tunnels ûnder Chicago oan syn earms ophongen is ûnder in stream iiskâld wetter. Om't streamend wetter magyske enerzjy fuortrinne lit, kin er himsels net befrije mei tsjoenderij. Hy hinget dêr oerenlang, en it kâlde wetter is in skriklike tramtaasje. Uteinlik komt Nicodemus opdaagjen, mei in stikmannich minsklike trewanten en in jonge frou dy't er foarstelt as syn dochter Deirdre. Dat blykt de demonesse út 'e haven te wêzen. Nicodemus praat wat mei Harry om en neamt him "Maggie har jongste", wêrmei't er ymplisearret dat er Harry syn mem Margaret LeFay kennen hat, dy't by Harry syn berte stoarn is, en boppedat dat Harry syn mem mear as ien bern hie, dêr't Harry neat fan bekend is. It praat rint út op in "jou-dy-by-ús-of-stjer"-taspraak. Nicodemus lit Harry in denaarje sjen en besiket him te ferlieden dy op te nimmen en dêrmei de fallene ingel dy't oan it muntstik ferbûn is, ta te litten yn syn geast. Harry stegeret him ôf. Dêrop sil Nicodemus him de kiel trochsnije, mar ear't er dat dwaan kin, kringt Shiro de romte binnen en deadet Nicodemus syn minsklike trewanten. Der ûntstiet in ympasse as de Ridder fan it Krús syn swurd Fidelacchius op 'e kiel fan Deirdre set, wylst Nicodemus syn mês noch altyd tsjin Harry syn kiel rêst. Nicodemus en Shiro ûnderhannelje en Shiro jout himsels foar 24 oeren oer oan 'e fallene ingel yn ruil foar Harry syn frijheid. Harry makket dúdlik dat er it dêr net mei iens is, mar nei him wurdt net harke. Shiro langet him Fidelacchius oer, sadat it hillige swurd net yn Nicodemus syn hannen falle sil, en dêrnei moat Harry flechtsje foar syn libben om't Nicodemus syn wurd brekt om him frij te litten en fuort Deirdre efter him oan stjoert.
Harry wurdt deunby opwachte troch Susan, dy't him fia in ljedder yn in skacht omheech liedt nei in leech, ferfallen gebou. Deirdre sit harren op 'e hakken, mar Susan lit in granaat yn 'e skacht falle dy't harren fijân tydlik útskeakelet. Harry en Susan flechtsje nei Harry syn appartemint, wêrby't se nauwerneed ûntkomme oan in ferflokking fan 'e slangeftige fallene ingel. Harry stelt om it appartemint hinne beskermingsbetsjoenings yn wurking dy't er moannen earder al taret hie foar it gefal dàt, en de ferflokking fan harren fijân brekt op 'e beskerming tepletter. It probleem is dat Harry de beskermingsbestjoenings net útsette kin, en dat hy en Susan it appartemint no net mear út kinne oant dy betsjoenings útwurke binne, wat sa'n acht oeren duorje sil. En Susan is, troch it berop dat se dien hat op har fampieryske krêften, hiel tichtby it punt dat se alle selsbehearsking ferliest.
Se leit him út dat se har by it Genoatskip fan Sint Gilles jûn hat, de beskermhillige fan 'e leproazen en oare ferstjitlingen. It Genoatskip is in organisaasje fan minsken lykas har, dy't healwei de metamorfoaze ta fampier binne, en dy't harren ynsette om it Reade Hôf te bestriden. De tatoeaazjes oer har hiele lichem binne oanbrocht as in soarte fan warskôgingssynjaal. As se sichtber wurde, moat Susan oppasse. As se stadichoan fan swart feroarje nei read, stiet se op it punt om alle behearsking te ferliezen. De tatoeaazjes binne no fjoerread, dat Harry begrypt dat er yn libbensgefaar ferkeart. Hy bynt Susan dêrom mei in tou dat makke is fan ienhoarnhier en dat sa sterk is dat sels Susan it mei har boppeminsklike krêft net brekke kin. Mei de hannen bûn komt se him lykwols noch tenei, mar dan sprekt er in betsjoening út dy't it ienhoarnhierrene tou nei it plafon ta lûkt. As Susan sa fêstset is, komt Harry it advys fan Molly Carpenter yn 't sin. Sadwaande bedriuwt er dan de leafde mei Susan, dy't mar al te willich is, fan efteren, sadat se him net bite kin. Troch de ûntlading yn 'e foarm in orgasme kriget Susan ek har selsbehearsking werom, wat dúdlik te sjen is om't har tatoeaazjes wer swart wurde en dan ferdwine, sadat it neitiid net mear nedich is om har fêstbûn te hâlden.
De oare moarns, as de beskermingsbetsjoenings útwurke binne, geane Harry en Susan nei de wente fan Michael Carpenter. Dêr treffe se pastoar Forthill oan, dy't op it hûs past wylst Charity de bern nei har âldelju ta bringt. Michael en Sanya binne noch altyd net werom út St. Louis, mar se binne no wol ûnderweis nei hûs. Forthill fertelt dat dêr neat te rêden wie, mar dat de beide Ridders fan it Krús daliks nei't se dêr oankamen, oppakt binne troch de plysje en de nacht yn 'e sel trochbrocht hawwe. De berjochten oangeande demoanyske aktiviteit dêre wiene dus wierskynlik yn 'e wrâld brocht troch harren fijannen, dy't har in skoft út 'e wei hawwe woene. As Harry oan Forthill fertelt wat him de jûns tefoaren oerkommen is, leit Forthill him út dat Nicodemus de lieder fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje is, in man dy't mooglik mear as twatûzen jier âld is, en dy't de fallen ingel Anduriël yn him draacht. De strûpe fan tou dy't er om 'e hals hat, is in soarte fan anty-relikwy: it is de strûpe dêr't Judas Iskariot himsels mei ophong nei syn ferrie fan Jezus Kristus. Salang't Nicodemus dy om hat, kin er net stjerre. Forthill identifsearret ek it segel op 'e denaarje dy't Nicodemus oan Harry oanbea as it teken fan 'e fallene ingelinne Lasciël, byneamd de Ferliedster. Susan kriget in tillefoantsje fan Martin dat se de tillefyzje oansette moat, dêr't op te sjen is hoe't it gebou dêr't Harry en Susan de jûns tefoaren út 'e tunnels kommen binne, yn 'e brân stiet. It is dúdlik dat Nicodemus-en-dy har net mear ophâlde yn har âlde skûlplak.
De dievegge Valmont, dy't de foargeande deis troch Susan en Martin by Michael thús efterlitten wie doe't se Shiro ophellen om Harry te befrijen, leit noch op bêd. As Harry har ûnderfreget, jout se ta dat Marcone de keaper fan it Lykklaad fan Turyn wie. Harry praat mei har ôf dat er har oan 'e plysje oerdrage sil en helpt har nei de badkeamer ta om't se har ankel ferdraaid hat. Dêr lit er har efter om in dûs te nimmen. As Forthill him warskôget dat se him net it type taliket om mei te wurkjen, is it al te let: Valmont hat Harry syn autokaaikes út syn bûse hifke en stelt nei syn learene jas no ek noch syn auto, dêr't se mei útnaait. Letter falt Harry op dat Forthill in tatoeaazje op 'e earm hat dy't identyk is oan 'e tatoeaazje op 'e earm fan it lyk yn it mortuarium. Forthill fertelt him dat er, yn 'e tiid dat er op it seminaarje siet, mei fjouwer oare oankommende preesters in konfrontaasje mei in fampier wûn. Neitiid bedronken de fiif mannen har en lieten se allegear deselde tatoeaazje sette, dy't se dêrnei soarchfâldich geheim holden foar harren superieuren yn 'e Tsjerke. Trije fan 'e preesters binne troch de jierren hinne al troch ferskate oarsaken kommen te ferstjerren; no binne allinnich Forthill en preester Vincent noch oer. As er dat heart, falle foar Harry ynienen aardich wat puzelstikjes op har plak. Op dat stuit komme Michael en Sanya thús, en Harry set daliks mei harren ôf.
Se fine preester Vincent yn it motel dêr't Harry letter dy middeis mei him ôfpraat hie. Sadree't er Harry deryn lit, slacht Harry him del en set er him in pistoal tsjin 'e holle oan. Hy warskôget Vincent dat er oant trije telle en dan sjitte sil, en as er de die by it wurd foeget, feroaret de preester by 'trije' yn it slangeftige wêzen, dat eins de Romein Quintus Cassius is, de drager fan 'e fallene ingel Saluriël. Neitiid ûnderfreget Harry de man ûnder bedriging mei Amoracchius en Esperacchius, de swurden fan Michael en Sanya. It docht bliken dat Nicodemus en guon oare leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje der lucht fan krigen dat de Tsjerkemûzen it Lykklaad fan Turyn stellen hiene. Se besochten it relikwy fan 'e dieven te stellen, mar se wisten inkeld Gaston LaRouche te fangen, en dy hie it Lykklaad net by him. Dus martelen se him oant er harren alle plannen fan 'e Tsjerkemûzen ferteld hie. Dêrop deaden se LaRouche en lieten syn stoflik omskot op sa'n wize efter dat dúdlik wie dat it Lykklaad nei de Feriene Steaten ta brocht wie. Op dy manear koene se de plysje it opspoaringswurk foar harren dwaan litte, en sa waard befêstige dat se yn Chicago wêze moasten. Se ûntdieken wa't it Fatikaan dêrhinne stjoerde, en Cassius wachte preester Vincent op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare op en naam syn plak yn.
De wiere Vittorio Vincent waard it slachtoffer fan in eksperimint fan Nicodemus, dy't ien fan 'e beide triedsjes fan it Lykklaad, dy't Vincent by him hie, brûkte om in ferflokking mei alderhanne deadlike sykten te testen. Foar it oerbringen fan dy pleach waard de macht fan it hillige relikwy as in wapen brûkt. Doe't er mei ien inkeld triedsje Vincent wol hûndert kear deameitsje kinnen hie, wist Nicodemus dat er mei it Lykklaad de hiele befolking fan Chicago ombringe koe. It lyk fan Vincent waard neitiid fan holle en hannen ûntdien om identifikaasje foar te kommen. Harry waard troch "Vincent" (eins dus Quintus Cassius) by de saak belutsen om't er in konneksje mei de Ridders fan it Krús hie, sadat Nicodemus-en-dy fia him de Ridders yn 'e rekken hâlde koene, en sadat de Ridders ôflaat wurde koene mei de profesije oer Harry syn dea, en ek om't Harry mooglik echt it Lykklaad foar harren opspoare koe. De earste swierrichheid mei harren plannen ûntstie doe't Marcone, de keaper fan it Lykklaad, op 'e iene of oare manear ûntdiek dat de wiere Vincent ferfongen wie troch in bedrager. Dêrop stjoerde er in slûpmoardner om 'e ferfanger út te skeakeljen, mar dy besocht ta te slaan doe't "Vincent" mei Harry yn 'e parkearkelder wie, en Harry naam oan dat de man it op himsels foarsjoen hie. As Harry oan Cassius freget om 'e fierdere plannen fan Nicodemus út te bringen, wegeret de man syn meiwurking. By fierdere bedriging mei de swurden fan 'e beide Ridders spuit er ynienen de denaarje út dêr't de fallene ingel Saluriël oan ferbûn is, en freget er op oerdúdlik ûnoprjochte wize om genede.
Ta Harry syn ferheardens bergje Michael en Sanya dan harren swurden op. Michael leit him út dat de Ridders der net binne om 'e fijannen fan God te deadzjen, mar om se te rêden, ynsafier't dat mooglik is. No't Cassius de munt oerjûn en om genede frege hat, is der fierders neat dat se tsjin 'e man dwaan kinne. It is no oan Cassius om him op in nije kar yn syn libben te besinnen. Harry reägearret fol ûnleauwe, mar Sanya fertelt him dat hy, Sanya, foarhinne ek in drager fan in fallene ingel west hat, en dat hy him fan it paad fan it kwea ôfkeard hat. It is lykwols dúdlik dat soks mei Cassius net barre sil. De man helpt de fallene ingels oerdúdlik út frije wil en hat der in soad wille om dat er de Ridders te fluch ôf is. Hy begjint te fertellen oer de tramtearrings dêr't Nicodemus, Deirdre en hysels Shiro oan ûnderwurpen hawwe, mar sels dat feroaret foar de Ridders neat oan 'e sitewaasje, en se ferlitte de motelkeamer. As er allinnich mei Harry efterbliuwt, begjint Cassius te fertellen oer wat er Susan oandwaan sil sadree't er in nije denaarje opnommen hat. Dêrmei makket er lykwols in grutte flater, want Harry is net bûn oan 'e regels fan 'e Ridders fan it Swurd, en hy is mear agnostysk as kristlik. Dêrom is der neat dat him tsjinhâldt om mei in honkbalkneppel Cassius syn beide knibbels, beide ankels en rjochterhân stikken te slaan. Under bedriging mei fierder yn 'e kunde kommen mei de kneppel jout Cassius dan ta dat er Nicodemus dy jûns op 'e lofthaven treffe soe, dêr't Nicodemus de (besmetlike) pleach ûnder passazjiers ferspriede wol dy't nei alle úthoeken fan 'e wrâld ûnderweis binne. Dêrnei lit Harry him fierder yn syn eigen sop nôch siede.
As er wer thús komt, skillet Harry earst Murphy op om har op 'e hichte te hâlden fan 'e lêste ûntwikkelings. Sy warskôget him dat der in arrestaasjebefel foar him útfurdige is, fanwegen syn skynbere belutsenens by de moard op Francisca García, op 'e Étranger. Harry freget har om wat dingen foar him te regeljen foar letter dy jûn, en set dan mei Susan ôf nei it duël yn Wrigley Field. Op it parkearterrein fan it honkbalstadion treffe se Ortega en dy syn sekondant Thomas Raith, dy't dronken is as er arrivearret, en in folsleine liddichgonger liket te wêzen. Kincaid bringt harren it lege stadion yn, dêr't Ivy op harren wachtet. Foar't it duël begjint, docht Ortega in magyske earmbân om dy't him beskermet tsjin Harry syn tsjoenderij, wylst Harry in toverdrankje opdrinkt dat de bedwelmjende eigenskippen fan 'e flibe fan 'e reade fampieren neutralisearret. Ivy hat in stikje mordyt (of deastien), in substânsje ôfkomstich fan bûten de reäliteit. It is yn prinsipe antylibben, dat alles deadet dat it oanrekket. It duël wurdt útfochten mei wilskrêft, en it mordyt wurdt tusken Harry en Ortega yn pleatst. It doel is om it mordyt mei jins wil nei de tsjinpartij ta te triuwen oant ien fan 'e beide duëllisten dertroch oanrekke wurdt en stjert. As der falskspile wurdt, sille Kincaid en/of Ivy de falskspiler deadzje.
As it duël begjint, is Ortega Harry yn 't earstoan suver oermânsk. Om't de oaren fan in ôfstân tasjogge, heart nimmen it as Ortega tsjin Harry seit dat it foar Harry gjin sin hat om te winnen. Foar it gefal dat er dat al oprêde soe, hat Ortega nammentlik syn fazallen yn syn basis Casaverde, yn Hondoeras, de opdracht jûn hat om Harry sels en al syn freonen te fermoardzjen: Susan, Murphy, syn âlde baas Nick Christian, syn eardere pleechheit Ebenezar McCoy, Mac, de kroechbaas fan MacAnally's, de Alpha's en Michael mei syn hiele húshâlding. Harry wurdt dêr sa alderôfgryslikste lulk fan dat er nije krêft fynt en it mordyt almar tichter nei Ortega ta drukt. Dyselde lûkt dêrop temûk in pistoal, mar ear't er Harry delsjitte kin, ferskynt der in stip fan read laserljocht op Ortega syn boarst en in momint letter wurdt de fampier delsketten troch in skerpskutter. Ortega besiket Harry dea te sjitten, mar mist, wurdt sels nochris rekke troch de ûnbekende skerpskutter, en mist Harry op 'e nij. Susan grypt Ortega syn pistoalearm, mar de fampier smyt har fan him ôf nei de tribune, dêr't se mei bonkebrekkende krêft delkomt. Dan brekt de hel los yn stadion, dêr't oeral reade fampieren foar 't ljocht komme en op Harry ta geane. Harry deadet ferskaten troch fjoer op te roppen, en kriget help fan Thomas Raith, dy't hielendal net dronken blykt te wêzen. As Kincaid en it Argyf har yn 'e striid minge, ferlieze de fampieren al rillegau de slach; Ivy brûkt it mordyt om in wiere slachting ûnder harren oan te rjochtsjen, en allinnich de slim ferwûne Ortega en de beide fampieren dy't mei him útnaaie, oerlibje de konfrontaasje.
Neitiid stelt Ivy fêst dat Ortega dejinge wie dy't him net oan 'e regels fan it duël holden hat, en ferklearret it duël ûnjildich en de hiele saak ôfdien. Dêrnei jout se har mei Kincaid ôf, om't it al lang har bêdtiid is. De skerpskutter dy't Harry syn libben rêden hat, komt dan foar 't ljocht: it blykt Martin te wêzen, dy't tajout dat hy en Susan spesjaal nei Chicago ta kommen wiene om't it Genoatskip fan Sint Gilles lucht krigen hie fan it duël. Se seagen dat as in moaie gelegenheid om Ortega út te skeakeljen, wylst se Harry helpe woene om 'e konfrontaasje te oerlibjen. It Genoatskip wie nammentlik bang dat de Wite Ried fan Tsjoenderij by Harry syn dea frede slute soe mei it Reade Hôf, wat de fampieren de tiid jaan soe om yn it geheim in nije oarloch ta te rieden dy't de ein fan 'e Wite Ried betsjutte soe. As Harry freget hoe't it Genoatskip fan it duël ôfwitte koe foar't hy der sels weet fan hie, antwurdet Thomas dat se it yn elts gefal perfoarst net fan him heard hiene, mei't hy, sa't eltsenien wit, in alhiel argeleaze, dronken playboy sûnder rêchbonke is. Martin stelt fêst dat de bewusteleaze Susan gjin bliuwend letsel oprûn hat, en ûnthjit Harry foar har soargje te sillen. Dêrnei set er mei har ôf, mei as doel om sa gau mooglik Chicago te ferlitten.
Fuort nei it duël set Harry mei Sanya en de as in echte ridder yn in metalen harnas rariste Michael ôf nei de Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, dy't se ûntromje litte troch in bommelding te dwaan. Dêrtroch kin Nicodemus syn pleach net ferspriede. Se deadzje ferskaten fan 'e minsklike trewanten fan harren fijân, oant se de ûntwijde kapel fan 'e lofthaven berikke, dêr't se de skriklik tramtearre Shiro oantreffe. De âlde Ridder fan it Krús blykt noch te libjen, mar jout oan dat it gjin sin hat en bring him nei it sikehûs. De strûpe fan Judas Iskariot jout Nicodemus de macht om in flok út te sprekken oer immen, sadat dy syn of har dea nearne mear troch tsjinkeard wurde kin, útsein as ien fan 'e Ridders fan it Krús derfoar kiest om yn it plak fan it slachtoffer fan 'e flok te stjerren. Dy kar hat Shiro makke. Pas dan beseft Harry dat hysels it slachtoffer fan 'e flok wie. Ear't er ferstjert, jout Shiro oan Harry syn swurd Fidelacchius yn bewarring, mei't er der alle betrouwen yn hat dat Harry it witte sil as der him in geskikte gadingmakker foardocht om Shiro syn plak as Ridder fan it Krús yn te nimmen. Shiro fertelt ek dat se sjen moatte dat se it Lykklaad út Nicodemus syn hannen krije, mei't de pleach abrupt stopje sil sadree't er gjin kontakt mear hat mei it klaad. Om't er troch de ûntromming fan O'Hare op 'e lofthaven dwerseide is, sil er weromfallen wêze op syn plan B: de trein nei St. Louis.
Nei't Shiro stoarn is, bejouwe Harry en de beide oare Ridders har nei in lâningsbaan fan O'Hare, dêr't se oppikt wurde troch in helikopter mei dêryn "Gentleman Johnny" Marcone, Hendricks en Ms. Gard. Ta Michael syn ûntsteltenis, dy't Harry tebinnenbringt dat Marcone de hiele oarsaak fan it ompielen mei it Lykklaad is, docht dan bliken dat Harry foarôfgeande oan it duël oan Murphy frege hat om kontakt mei Marcone op te nimmen. De maffiabaas is it mei Harry iens dat net ien der baat by hat om it Lykklaad yn it besit fan Nicodemus te litten; wa't it kriget nei't se de Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje ferslein hawwe, sjogge se dan wol wer. Nei in hobbelige flecht (om't troch de neite ta Harry de boardkompjûter fan 'e helikopter útfalt) wurde Michael, Sanya, Harry en de mei in mitrailleur bewapene Marcone ôfset op it dak fan 'e ridende frachttrein. As se har oer de wagons hinne nei foarren ta bewege, reitsje se al rillegau yn gefocht mei Deirdre en de mei it Lykklaad omwuolle Nicodemus. Sanya wurdt troch ien fan Deirdre har metalene hierlokken fan ûnderen ôf troch it dak fan in wagon yn 'e foet stutsen. Nicodemus keppelet dan in diel fan 'e wagons los fan 'e trein, wêrnei't Michael, Marcone en Harry oer in fluch wider wurdend gat springe moatte. Sanya kin dat mei syn ferwûne foet net oan en moat de striid opjaan.
Op it dak fan 'e oare wagon ûntjout him in nij gefjocht, wêrby't Michael it mei it swurd tsjin sawol Nicodemus as Deirdre opnimt, en liket te winnen. Op it lêste stuit lûkt Nicodemus lykwols in pistoal, set dat tsjin Michael syn harnas oan en sjit him trije kear yn it boarst. De Ridder falt ferwûne del en der ûntstiet in wrakseling tusken Nicodemus en Harry en Marcone. Wylst Harry Nicodemus ôfliedt en dat bekeapje moat mei in kûgel yn it skouder, snijt Marcone it Lykklaad los fan Nicodemus, mei as gefolch dat de pleach ta in abrupte ein komt. Op dat stuit berikt de trein in brêge oer in brede rivier en Marcone springt mei it Lykklaad fan 'e trein yn it wetter. Dat jout Nicodemus de mooglikheid om mei Harry ôf te weven, mar op dat stuit beseft Harry dat de strûpe fan Judas Iskariot Nicodemus tsjin in hiel soad dingen beskermje mei, mar dat it him nei alle gedachten net tsjin 'e strûpe sels beskermet. Dat hy grypt de útein fan it tou beet en begjint Nicodemus te smoaren. As Nicodemus dêrtroch twongen is en lit him los, grypt Harry fluch de bewusteleaze Michael en springt mei de Ridder fan 'e trein ôf, yn 'e rivier. Troch Michael syn harnas begjinne se te sinken, mar Marcone skuort se op it drûge, dêrby it Lykklaad as in tou brûkend. Neitiid skillet er Murphy op om har witte te litten wêr't se Harry en Michael fine kin, wêrnei't er himsels troch Hendricks en Gard yn 'e helikopter oppikke lit en him út 'e fuotten makket mei it Lykklaad.
As Harry wer bykomt, leit er yn it mortuarium, dêr't Murphy him hinne brocht hat om him troch Waldo Butters oplaapje te litten. (As se him mei in skotwûne nei it sikehûs brocht hie, wiene der allegear lestige fragen steld.) De folgjende dagen betteret Harry stadichoan wer op wylst er ferplege wurdt yn 'e útfanhûzerskeamer fan Michael-en-dy. Michael sels is dan alwer hielendal de âlde, mei't er, sa't er Harry sjen lit, in kûgelfrij fest droech ûnder syn Midsiuwske harnas. Der wurdt in moanning besoarge dat Harry syn klean by de stomerij ôfhelje moat, mar Harry hat hielendal gjin klean stome litten. It blykt syn lange learene jas te wêzen, dy't Anna Valmont stellen hie, en yn in bûse fynt er in papierke mei it plak yn in parkeargaraazje dêr't er syn auto weromfine kin, dy't se ek stellen hie.
Ek kriget Harry in ansichtkaart út Rio de Janeiro, dêr't inkeld in tillefoannûmer op stiet. As er dat skillet, kriget er Susan oan 'e tillefoan, dy't har ûntskuldigje wol dat Martin en sy him sa brûkt hawwe om in wraam op Ortega te dwaan. Fierders warskôget se Harry dat Ortega syn ferwûnings hast al wer te boppe is. Hy hat yn syn lânhûs yn Casaverde, yn Hondoeras, al syn fazallen gearroppen en hy makket der gjin geheim fan dat er plannen oan it smeien is om mei man en macht Harry tenei te kommen. Susan beëiniget it tillefoanpetear mei te sizzen dat it har it bêste taliket dat Harry en sy fan no ôf oan inkeld noch yn needgefallen kontakt hawwe sille. De oare deis, as Harry wer thús is, kriget er in tillefoantsje fan syn eardere pleechheit, de âlde tsjoender Ebenezar McCoy, dy't ear't er ophinget inkeld seit dat er dy deis nei it nijs sjen moat. Op 'e tillefyzje sjocht Harry ta syn ferbjustering dat in âlde Sovjet-satellyt delstoart is by Casaverde, yn Hondoeras. It doarp sels is mei de skrik frijkommen, mar fan in lânhûs fuort bûten it doarp is inkeld in djippe rikjende krater oer. Harry beslút dat er derfoar soargje moat dat er nea in fijân makket fan Ebenezar McCoy.
In pear dagen letter folget Harry Marcone út Chicago wei nei in ôfhandich plak yn Wisconsin. De maffiabaas docht der alles oan om eventuële efterfolgers ôf te skodzjen, en Harry is al syn ûnderfining as privee-detektive èn as tsjoender nedich om it spoar net te ferliezen. It doel fan 'e reis blykt in soarchynstelling te wêzen foar lang siken, dêr't Marcone in famke fan om 'e achttjin jier hinne besiket dat net wekker wurdt foar it besyk. Hy hellet it Lykklaad fan Turyn foar 't ljocht en leit dat ûnder de tekkens oer har hinne, wêrnei't er begjint te bidden. As Harry him letter by syn auto opwachtet, is Marcone raar gesteld dat Harry syn grutte geheim ûntdutsen hat: in famke dat yn koma leit en foar wa har tastân hy ferantwurdlik is (sjoch: White Night). Harry praat mei him ôf dat er it Lykklaad trije dagen hâlde kin, mar dat er it dêrnei ynpakt en rjochte oan pastoar Forthill by de doar fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels efterlitte sil.
Nei't it Lykklaad op mirakuleuze wize wer boppe wetter kommen is, hâlde Michael en syn húshâlding in ôfskiedsfeest foar Sanya, dy't wer nei Ruslân ta sil. Harry is yn 'e foartún mei ien fan Michael syn jongste bern, as in auto stoppet en der wat blinkends oer it stek goaid wurdt. It jonkje sil it foarwerp oppakke, mar Harry grypt it fluch foar him wei. It blykt in Romeinske denaarje te wêzen mei it segel fan 'e fallene ingelinne Lasciël derop. Yn 'e auto gniist Nicodemus Harry ta, en winsket him oant sjen. Harry ferlit daliks it feest en oerstimt de stim yn syn holle, dy't him besiket te ferlieden ta it kwea, mei lûde muzyk. Thús oankommen dobbet er mei in pikhouwiel in djippe kûle yn 'e flier fan 'e kelder ûnder syn sûterrênappartemint. Hy smyt it muntstik deryn, leit der in stielene ring omhinne dêr't er in ôffredingsbetsjoening oer útsprekt sadat de stim yn syn holle it swijen oplein wurdt, en smyt it gat ticht mei twa ammerfollen semint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |