Springe nei ynhâld

Last Call (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
Last Call
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2009
oarspr. útjwr. St. Martin's Griffin
bondel Strange Brew
Side Jobs
rige
rige The Dresden Files

Last Call is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "It Lêste Rûntsje". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Last Call tusken de foarfallen yn 'e romans Small Favor en Turn Coat, en nei dy yn it koarte ferhaal The Warrior. Yn Last Call knoeit immen om mei it bier yn 'e stamkroech fan tsjoender en privee-detektive Harry Dresden. Butcher skreau Last Call oarspronklik foar de blomlêzing Strange Brew, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2009 útjûn troch St. Martin's Griffin, ûnder redaksje fan P.N. Elrod. Yn 2010 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

As Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, op in dei syn stamkroech MacAnally's yngiet, treft er de boel dêr koart en klien slein oan. Alle klanten lizze bewusteleas oer de flier, en Mac, de eigner, is yninoar slein efter de bar. Harry lit ambulânses komme foar Mac en de klanten, en belûkt syn goede freondinne Karrin Murphy fan it Chicago Police Department by it ûndersyk nei wat der bard is. It docht bliken dat de klanten allegear gek wurden binne en de ynboel fernield en elkoar yninoar slein hawwe, hoewol't se dêr sels alhiel gjin oantinken mear oan hawwe. Murphy fermoedet dat der wat oan Mac syn ferneamde eigenbroude bier tafoege is, wêrfoar't de measte klanten ommers op MacAnally's ôf komme. Foar bierleafhawwer Harry is dat flokken yn 'e tsjerke, en in oantrún om sa gau mooglik boppe wetter te heljen wat der bard is.

Harry syn tsjoenderslearlinge Molly Carpenter, dy't folle better as hysels is yn it ferfine wurk, ûntdekt dat der in betsjoening oer Mac syn bier hinne lein is, dy't wurket as in psychysk kanaal. Dêrtroch koe it hâlden en dragen fan 'e klanten, nei't se fan it bier dronken hiene, fan bûtenôf beynfloede wurde. Wa't dêr efter sit, is lykwols ûndúdlik. As Mac yn it sikehûs bykomt, jout dy in oanknopingspunt troch te fertellen dat Herbert Caine, in bruier dy't net doge wol, de jûns tefoaren yn 'e kroech wie, en dat er dyselde derút smite moatten hat. Harry hat Caine in jier lyn alris met by it ûndersyk nei in oare saak (sjoch: Heorot). Hy en Murphy geane by de liddichgonger thús oan en witte fan him los te krijen dat er in yngrediïnt foar de betsjoening ferkocht hat fia in deal dy't opset is troch Burt Decker. Hy wol lykwols net sizze oan wa't er it ferkocht is, mei't er deabenaud is foar dy persoan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Decker is in oplichter dy't wurket as útbater fan in winkel yn snypsnaarkes dy't sabeare ûnmisber binne foar swarte magy (hoewol't in echte tsjoender eins alle guod dat er dêrfoar nedich is, gewoan yn 'e supermerk krije kin). As se Decker ûnder druk sette, jout er ta dat er in klant fan sines, Meditrina Bassarid, yn kontakt brocht hat mei Caine. Harry sit nei oanlieding fan Decker syn ferhaal it meast yn noed oer it feit dat Meditrina mei in creditcard betelle hat. Tsjoenders hawwe in tige negatyf effekt op moderne technology, en Harry sels kin sadwaande nea mear as in pear oeren in creditcard by him hawwe foar't de ynformaasje opslein yn 'e magnetyske strip ferdwynt en de kaart ûnbrûkber wurdt. Dat in grutte keardel as Caine bang is fan Meditrina, wylst sy in creditcard brûkt, betsjut dus nei alle gedachten dat se net in minske is.

As Harry nochris yn him omgean lit wat er oant safier oer de saak oan 'e weet kommen is, beseft er dat de opskuor dy't Caine de jûns tefoaren yn MacAnally's makke, wierskynlik in ôfliedingsmeneuver wie sadat Bassarid by Mac syn bier komme koe. Mar wêrom woe se Mac syn bier oantaaste? Troch Mac syn boekhâlding nei te rinnen, ûntdekt Harry dat Mac earder dy deis in grutte lading fan syn bier ferkocht hat oan in cateringbedriuw dat de skyboxen yn it United Center, in basketbal- anneks iishockeystadion yn Chicago, betsjinnet. Dêr stiet op dat stuit in wedstryd fan 'e Chicago Bulls op it punt om te begjinnen.

Harry en Murphy hastigje harren nei it stadion ta, dêr't se Meditrina Bassarid opspoare. Sy jout grif ta dat se mei Mac syn bier omknoeid hat. Har motyf is dat se in mainade is, in tsjinstfaam fan Dionysus, de god fan wyn en dronkenskip. It is har bedoeling om in orgy fan seks en geweld út te lokjen, dat har god as in foarm fan ferearing beskôget. Har namme hat se gearstald út Meditrina, in Romeinske goadinne fan wyn, en Bassarid ("bassaride"), in synonym fan mainade. Hja komt Murphy oer it mad mei in tút, wêrmei't se macht oer har kriget sadat Murphy har tsjin Harry keart. Harry hat de grutste muoite om him sawol Murphy as Meditrina fan it liif te hâlden, mar wit op 't lêst mei syn tsjoenderij de iene kant fan in grut boerd mei de tekst "drink mei mjitte" los te krijen, dat Meditrina dêrnei tsjin 'e holle oan slacht sadat se bewusteleas rekket.

Neitiid komt de plysje opdaagjen, dy't it oantaaste bier yn beslach nimt en de bewusteleaze Meditrina en Murphy nei it sikehûs bringt. Harry, dy't yn it gefjocht in pear glêzen bier oer him hinne krigen hat, wurdt ta syn ferûntweardiging in nacht lang opsletten foar iepenbiere dronkenskip en fersteuring fan 'e iepenbiere oarder. As Murphy him der de oare moarns útlit, hat Meditrina Bassarid harsels ûnderwilens út it sikehûs ûntslein en is de fûgel flein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Last Call, yn: Elrod, P.N. (red.), Strange Brew, New York, 2009 (St. Martin's Griffin), ISBN 978-0 31 23 83 367.
  • Butcher, Jim, Last Call, yn: Butcher, Jim, Side Jobs, New York, 2010 (Roc Books), ISBN 0 45 14 63 65X.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases