A Fistful of Warlocks

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
A Fistful of Warlocks
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2017, New York
oarspr. útjwr. Baen Books
rige The Dresden Files
bondel Straight Outta Tombstone
Brief Cases

A Fistful of Warlocks is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. It ferhaal, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, spilet yn it Wylde Westen en fermingt urban fantasy mei western. De titel betsjut: "In Fûstfol Warlocks", en is in ferwizing nei de titel fan 'e klassike westernfilm A Fistful of Dollars. A Fistful of Warlocks giet oer Anastasia Luccio, in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't yn it Wylde Westen in warlock (oftewol in boaze tsjoender) op 'e hakken sit. It ferhaal makket diel út fan Butcher syn romansearje The Dresden Files. Hy skreau it foar de blomlêzing Straight Outta Tombstone, dêr't ûnder redaksje fan David Boop in tal fantasy-westernferhalen yn sammele waard. Dat boek ferskynde yn 2017 by de New Yorkske útjouwerij Baen Books. Yn 2018 waard A Fistful of Warlocks werpublisearre yn Butcher syn eigen ferhalebondel Brief Cases, dy't útkaam by Ace Books.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anastasia Luccio, in warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, efterfolget yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw in warlock, in boasaardige tsjoender. It giet om in man dy't Alexander Page hjit, en dy't yn Liverpool in famke en har beide âlden op grouwélige wize fermoarde hat. It spoar liedt Anastasia nei it Wylde Westen fan 'e Feriene Steaten ta, dêr't sy en har oanhâldend kleiende boppenatuerlike ryddier Karl, dy't eins gjin hynder mar in bûzehappert is, yn it rouwe feestedsje Dodge City bedarje, yn Kansas.

Yn in saloon dêre fynt Anastasia einlings en te'n lêsten Page werom, mar ta har skrik is dy dêr yn it selskip fan in trijetal oare warlocks. Wylst Anastasia, dy't mient dat de boaze tsjoenders har noch net opmurken hawwe, oan 'e bar beprakkesearret hoe no, wurdt se oansprutsen troch in fyfde warlock, dy't Ingelsk sprekt mei in Dútsk aksint. Hy drukt har in derringer tsjin it liif oan, twingt har om oerein en wol har meinimme út 'e saloon. De oare oanwêzigen lykje net troch te hawwen dat der wat mis is, mar as de warlock Anastasia mei derút nimme wol, wurdt him ynienen in revolver tsjin 'e holle oan set troch de marshal, dy't nimmen oars is as Wyatt Earp. De Dútser moat dan belies jaan, en wurdt opsletten yn in sel yn it kantoar fan 'e marshal.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Anastasia wit Earp derfan te oertsjûgjen dat de Dútser in tige gefaarlike krimineel is, en dat syn trewanten sûnder mis besykje sille om him te befrijen. Midden yn 'e nacht kriget se gelyk, as de oare fjouwer warlocks de deaden fan boot hill oproppe om it marshalskantoar oan te fallen. Wylst Earp him de animearre liken fan it liif hâldt, riidt Anastasia op Karl by de gebouwen fan Dodge City op nei in plat dak, dêr't de fjouwer warlocks harren ophâlde. Yn it dêropfolgjende gefjocht wit se twa fan 'e boaze tsjoenders te deadzjen, wylst se Page slim ferwûnet. Om't hy dejinge is dy't de deaden animearret, falle de liken dan allegear wer dea del.

De fjirde warlock, de Ingelsman Grevane, wit lykwols te ûntkommen, en as Anastasia harsels ôfliede lit troch dy syn flecht, komt Page har fan efteren oer it mad. Hy wit dat syn wûnen deadlik binne, mar hy is wisberet om Anastasia mei te nimmen yn 'e dea. Hy stiet op it punt om har mei har eigen swurd de kiel troch te snijen, as Wyatt Earp wer opdûkt en him troch de holle sjit. Neitiid docht bliken dat de Dútser, in nekromantikus (deadetsjoender) dy't Kemmler hjit, út syn finzenskip ûntsnapt is. Earp, dy't it hiele spul kalmkes opnimt, freget Anastasia mei út te iten, en de ferlieding is foar har grut om dêroan ta te jaan, mei't se har oanlutsen fielt ta de marshal. Mar har plicht ropt: se moat efter Kemmler en Grevane oan foar't harren spoar âld wurdt. En sa riidt se de folgjende jûns op in krimmenearjende Karl de ûndergeande sinne temjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, A Fistful of Warlocks, yn: Boop, David, red., Straight Outta Tombstone, New York, 2017 (Baen Books), ISBN 978-1 48 14 82 691.
  • Butcher, Jim, A Fistful of Warlocks, yn: Butcher, Jim, Brief Cases, New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • Aaaa Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Bombshells3 • Ghost Story • Cold Case3 • Cold Days • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases