Love Hurts (koart ferhaal)
Love Hurts | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2010 | |
oarspr. útjwr. | Simon & Schuster | |
bondel | Songs of Love and Death Side Jobs | |
rige | ||
rige | The Dresden Files |
Love Hurts is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Leafde Docht Sear". It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Love Hurts tusken de foarfallen yn 'e romans Turn Coat en Changes. Yn Love Hurts liedt in ûndersyk nei in searje nuvere dûbele selsmoarden tsjoender Harry Dresden en resjersjeur Karrin Murphy nei de merke ta. Butcher skreau Love Hurts oarspronklik foar de blomlêzing Songs of Love and Death, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2010 útjûn troch Simon & Schuster, ûnder redaksje fan George R.R. Martin en Gardner Dozois. Datselde jiers noch waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive te Chicago, wurdt troch syn goede freondinne Karrin Murphy, in resjersjeur by de Spesjale Undersyksienheid fan it Chicago Police Department, as ekstern adviseur belutsen by in nije saak. Der is nammentlik in trêde gefal fan moard-selsmoard binnen tolve dagen. Alle trije gefallen binne fan smoarfereale pearkes dy't op it earste gesicht net lokkiger wêze koene. Ien sa'n gefal kin ris foarkomme, mar by trije yn sa'n koarte tiid kriget Murphy it gefoel dat der wat nuvers oan 'e hân is. Dêrby komt noch, dat it by it lêste gefal giet om in broer en suster, dy't fermoarde binne/selsmoard begien hawwe wylst se seks oan it bedriuwen wiene.
Harry fermoedet dat immen de pearkes in leafdesbetsjoening oplein hat, d.w.s. in betsjoening dy't harren fereale op inoar makke hat. Dat is in foarm fan omprutsen mei de minsklike geast dy't hiel aaklike gefolgen hawwe kin. As men (lykas de broer en suster) troch de betsjoening twongen wurdt om in romantyske relaasje te begjinnen, mar yn jins ûnderbewuste wit dat soks ferkeard is (yn dit gefal om't it ynsest is), kin dat liede ta in botsing tusken bewustwêzen en ûnderbewustwêzen dy't stadichoan fierder oanboazet oant ien of beide minners ôfglydzje nei sljochtsinnigens en der wat bart lykas yn dizze saak.
De folgjende dagen nimt Harry mei eltsenien yn 'e boppenatuerlike mienskip fan Chicago kontakt op om te besykjen en spoar dejinge op dy't de pearkes betsjoend hat, mar hy hat gjin súkses. Uteinlik docht bliken dat Murphy mei âlderwetsk plysjespeurwurk mear wit te berikken. Se ûntdekt dat de konneksje tusken de trije gefallen fan moard-selsmoard is, dat alle trije pearkes koarte tiid earder de steatsmerke fan Illinois yn Springfield besocht hawwe. Sadwaande sette Murphy en Harry dêrhinne ôf.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Op 'e steatsmerke strune Harry en Murphy de hiele dei om sûnder wat te finen. Pas nei't it tsjuster wurden is, merkt Harry in dizenich spoar fan tsjoenderij op, dat harren nei in spûkhûs liedt. As se in rit yn in karke troch de attraksje nimme en binnendoar út it karke springe en op ûndersyk útgeane, kinne se lykwols neat nuvers ûntdekke, alteast neat dat nuver oan in spûkhûs is. Se litte de attraksje efter harren en rinne hân yn hân oant se tajouwe oan 'e oanstriid om inoar hertstochtlik te tútsjen. Harry is de earste dy't beseft dat der wat net strykt mei syn hommelse ferealens op Murphy, mar hy moat prate as Brugman om Murphy oan it ferstân te krijen dat se it slachtoffer wurden binne fan in leafdesbetsjoening.
Se keare werom nei it spûkhûs, dêr't se fuort efter de yngong in skacht omleech ûntdekke, dy't nei in kontrôlekeamer liedt. Dêr treffe se in froulike fampier fan it Reade Hôf oan, dy't harsels 'baronesse LeBlanc' neamt, yn 'e mande mei ien fan har minsklike trewanten. Sy jout ta dat sy dejinge is dy't, as ûnderdiel fan in eksperimint, de leafdesbetsjoening oplein hat oan pearkes dy't de rit troch it spûkhûs nommen. Se beart earst dat se soks út minskleavjende omtinkens docht, mar dat idee laket Harry fuort. Hy riddenearret al rillegau út wat de wiere reden fan it Reade Hôf is om minsken leafde foarinoar fiele te litten. De fampieren fan it Wite Hôf tarre op minsklike gefoelens fan lust krekt sa't de fampieren fan it Reade Hôf op bloed tarre. As minsken lykwols wiere leafde foar in oar fiele, leveret harren oanrekking fampieren fan it Wite Hôf slimme brânwûnen op. It hiele eksperimint fan LeBlanc is der dus eins op rjochte om 'e konkurrinsje út te skeakeljen troch te besykjen om grutte oantallen minsken foar fampieren fan it Wite Hôf ûnytber te meitsjen.
As Harry de wiere bedoelings fan baronesse LeBlanc útfigelearre hat, eskalearret de sitewaasje gau. De fampier fertelt Harry wat it Reade Hôf (wêrmei't er jierren earder in oarloch feroarsake hat, sjoch: Grave Peril) mei him dwaan sil as it him te pakken kriget. Harry laket om it lugubere lot dat him neffens har te wachtsjen stiet, mar it makket de fereale Murphy poerrazen. Se ferskoot de rjochting fan har pistoal fan LeBlanc har minsklike trewant nei LeBlanc sels, en begjint har magazyn yn 'e fampier leech te sjitten. Dat jout LeBlanc har trewant de kâns om sels in pistoal te pakken en op Murphy te sjitten. Harry wit har lykwols te beskermjen mei in skyld fan ferhurde lucht dat er tusken har en de sjitter opsmyt. As de man syn pistoal leechsketten hat, lit Harry it skyld weiwurde en smyt er de man troch it brûken fan tsjoenderij mei faasje tsjin it plafon oan, wêrnei't de swiertekrêft him mei hast likefolle feart wer delkomme lit, sadat er bewusteleas rekket. Underwilens hat Murphy it boppeste diel fan 'e holle fan LeBlanc fuortsketten, mar de taaie fampier libbet noch hieltyd. In twadde magazyn fol kûgels oerlibbet lykwols sels sy net.
Harry en Murphy litte de deade fampier en har bewusteleaze trewant yn 'e kontrôlekeamer efter. It is Harry dúdlik dat LeBlanc sels gjin tsjoenster wie, oars hie se yn it gefjocht wol tsjoenderij tsjin harren brûkt. Hy fermoedet dat de leafdesbetsjoening eins oplein is troch in magysk foarwerp, en nei wat sykjen ûntdekt er dat foarwerp: de feilichheidsrym fan it karke wêryn't besikers troch it spûkhûs ride. Hy ferbrânt it ding fuortendaliks, mei as gefolch dat de leafdesbetsjoening tusken him en Murphy ferbrutsen wurdt. Dêrnei geane se nei de auto om werom te riden nei Chicago wylst der in wat ûnnoflike sfear tusken harren beiden hinget.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |