Springe nei ynhâld

Springfield (Illinois)

Ut Wikipedy
Springfield
State Capitol
State Capitol
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Illinois
County Sangamon
Sifers
Ynwennertal 116.250 (2010)
Oerflak 156 km²
Befolkingsticht. 797 / km²
Stêdekloft 208.182
Hichte 182 m
Oar
Stifting 10 april 1821
Tiidsône CST (UTC−6)
Simmertiid (UTC-5)
Offisjele webside
Offisjele webside Springfield
Lizzing fan Springfield yn Illinois

Springfield is de haadstad fan de steat Illinois, yn de Feriene Steaten fan Amearika, en ek it haadplak fan Sangamon County. By de telling fan 2000 hie de stêd sa'n 111.454 en de agglomeraasje 201.437 ynwenners.

De stêd waard stifte yn 1821 en waard de haadstêd fan Illinois yn 1837. Ferskate plakken yn de stêd bringe Abraham Lincoln te binnen, dy't yn 1832 mei syn politike wurkpaad yn Springfield útein sette. De âlde Route 66 rint troch de stêd.

Fan de bevolking is 14,4 % âlder as 65 jier en bestiet dy foar 36,1 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 4,2 % (sifers folkstelling 2000).

Likernôch 1,2 % fan de befolking fan Springfield bestiet út hispanics en latino's, 15,3 % is fan Afrikaansk komôf en 1,5 % fan Aziatyske oarsprong.

HIt tal ynwenners gie fan 107.265 yn 1990 nei 116.250 yn 2010.

Springfield hat in lânklimaat. Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -4,3 °C, yn july is dat 24,7 °C. Der falt 895,4 mm delslach it jier (feiten mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Springfield

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]