Springe nei ynhâld

Bombshells (koart ferhaal)

Ut Wikipedy
Bombshells
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher
taal Ingelsk
foarm koart ferhaal
sjenre fantasy
1e publikaasje 2013
oarspr. útjwr. Tor Books
bondel Dangerous Women
Brief Cases
rige
rige The Dresden Files

Bombshells is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Granaatskerven"; bombshell is lykwols ek in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm foar in superseksy frou. It ferhaal is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e urban fantasyrige The Dresden Files. Oars as by de rest fan 'e searje it gefal is, wurdt de haadrol (ik-persoan) net spile troch Harry Dresden, mar troch syn tsjoenderslearlinge Molly Carpenter. Yn 'e ynterne gronology fan 'e searje spilet Bombshells tusken de foarfallen yn 'e romans Ghost Story en Cold Days.

Yn it ferhaal rekket Molly behelle yn 'e rêding fan in âlde bekende, dy't útrint op wat hiel oars. Butcher skreau Bombshells oarspronklik foar de blomlêzing Dangerous Women, dêr't ek ferhalen fan oare fantasy-auteurs yn stiene. Dat boek waard yn 2013 útjûn troch Tor Books, ûnder redaksje fan George R.R. Martin en Gardner Dozois. Yn 2018 waard it ferhaal werpublisearre yn Butcher syn ferhalebondel Brief Cases, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Krapoan in jier nei de dea fan tsjoender en privee-detektive Harry Dresden (sjoch: Changes), libbet syn learlinge Molly Carpenter fierhinne op 'e strjitte. Sy is no de iennichste tsjoender yn Chicago, en fanwegen har problemen mei de Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't har as in fuortflechtige krimineel sjocht, en de oanhâldende striid tsjin 'e Fomoaren, dy't nei de ferdylging fan 'e fampieren fan it Reade Hôf (sjoch: Changes) de boppenatuerlike wrâld yn 'e macht besykje te krijen, is it foar har sûner om gjin fêst ferbliuwplak te hawwen. Dat is simmerdeis in stik oangenamer as yn 'e kjeld fan 'e winter. Patolooch-anatoom Waldo Butters, in goede freon fan Harry, hat har in kaai fan syn appartemint jûn, sadat Molly dêr út en troch dûse en har ferskjinje kin. Butters hat no in relaasje mei de tsjeppe wearwolvinne Andi Macklin, dy't de sitewaasje duldet salang't Molly der gjin misbrûk fan makket.

As Justine, de frou dy't in tige yngewikkelde relaasje hat mei Thomas Raith, de healbroer fan Harry Dresden dy't in fampier fan it Wite Hôf is (sjoch: Blood Rites), Molly om help freget om't Thomas ferdwûn is, spoart Molly him op mei in ienfâldige lokalisearringsbetsjoening. Hy befynt him yn in flatgebou yn 'e Chicago Loop. De Leanansídhe, in machtige sídhe fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten dy't de petemem fan Harry Dresden is en dy't it lêste jier Molly har ûnderwiis oernommen hat, fertelt har dat it gebou it pleatslike haadkertier is fan 'e svartálfar. Dat binne de dwergen út 'e Noardske mytology, dy't bekendsteane as grutsk, koppich, deun en folslein ûnmeilydsum en tige op harren ear steld. Neffens de Leanansídhe hawwe de svarálfar in non-agresjepakt sletten mei de Fomoaren, dat dyseldichste jûns by in feestlik barren ûndertekene wurde sil. Thomas wie troch syn suster Lara Raith, de hearskeresse oer it Wite Hôf yn alles útsein namme, stjoerd om it sluten fan dat ferdrach te sabotearjen, mar hy waard pakt en wurdt no finzen holden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om't svartálfar in swak foar moaie dingen hawwe, beslút de kreaze Molly om mei de tige tsjeppe Justine en de foluptueuze Andi Macklin it feest te crashen. Se litte harren moai opmeitsje, dogge seksy koarte jurkjes oan mei hege pumps en bejouwe harren trijeresom nei it feest. Dêr oankommen, wurde se binnenlitten sadree't de svartálfr Etri harren yn it each kriget. Op it feest binne alderhanne âlde bekenden oanwêzich, ûnder wa "Gentleman Johnnie" Marcone, de maffiabaas fan Chicago, dy't him as frijhear by de Unseelie Akkoarten fan 'e boppenatuerlike naasjes oansletten hat (sjoch: White Night).

Wylst Justine op it feest sirkulearret en oan ynformaasje besiket te kommen troch op bekenden yn te praten, glûpe Molly en Andi fuort ûnder in wale fan ûnsichtberens. Molly har lokalisearringsbetsjoening is noch altyd aktyf, dat se hat net folle muoite om Thomas Raith op te spoaren. Allinnich blykt er net finzenholden te wurden, mar yn in soarte fan lúkse hotelkeamer te ferbliuwen. Ear't Molly en Andi dat mystearje fierder oplosse kinne, komt de Fomoarske delegaasje foarby. Molly kin dizze útlêzen kâns om út te finen wat sy yn it skyld fiere, net sjitte litte.

Noch altyd ûnder in wale fan ûnsichtberens folgje se de Fomoaren harren hotelkeamer yn, fuort njonken dy fan Thomas. Dêr ûntdekke se dat de lieder fan 'e Fomoarske delegaasje de broer is fan Mag, dy't inkele jierren earder troch Marcone deade is (sjoch: Even Hand). De Fomoaren wolle wraak nimme troch Marcone en alle oare oanwêzigen te deadzjen mei in tiidbom dy't in foarm fan gifgas ferspriede sil, dêr't inkeld Fomoaren sels en de svartálfar ymmún foar binne. As neitiid eltsenien him tsjin 'e svartálfar keart, sille dy gjin oare kar hawwe as de lapen gear te smiten mei de Fomoaren.

De Fomoaren stelle de bom yn en beskermje it ding tsjin bemuoienis fan oaren troch der in beskermingsbetsjoening oerhinne te lizzen. As se de keamer ferlitte om nei de ûndertekeningsseremoanje ta, ûntdekke se op it lêste momint de oanwêzigens fan Molly en Andi. By it gefjocht dat dêrop folget, desoriïntearret Molly de Fomoaren mei felle ljochten en hurde lûden, sadat de heal-minsklike tsjinners fan 'e Fomoarske hear by fersin de ferkearde keamer ynkringe: dy fan Thomas Raith. De fampier makket koarte metten mei harren. Underwilens manipulearret Molly de Fomoarske hear ta it brûken fan fjoermagy, mei as gefolch dat de sprinklerynstallaasje ôfgiet. Om't streamend wetter funest is foar betsjoenings, rekket dêrtroch de beskermingsbetsjoening dy't oer de bom hinne lein is, ûnklear. Molly kin dêrnei de bom ûntwapenje.

As dêrnei de Fomoarske hear har oer it mad komt en op it punt stiet har te smoaren, dûkt efter him Etri op dy't him mei in swurd de hân ôfslacht. De svartálfar, dy't harren rjochten en plichten as gasthear tige serieus nimme, binne poerrazen dat de Fomoaren fan doel wiene harren gasten te deadzjen. De Fomoar wurdt ôffierd om eksekutearre te wurden, en Etri jout oan dat de svartálfar Molly in geunst skuldich binne. Molly freget earst om 'e frijlitting fan Thomas Raith, mar it docht bliken dat Thomas dêroer al ôfspraken makke hat. Fampieren fan it Wite Hôf binne mear ynkuby en sukkuby as 'tradisjonele' fampieren, en ta aller tefredenens is ôfpraat dat Thomas in tal nachten trochbringe sil mei svartálfr-froulju om syn skuld ôf te beteljen. Dêrop behâldt Molly it ynkassearjen fan har geunst foar in lettere gelegenheid.

Neitiid treft Molly de Leanansídhe wer, dy't se derfan beskuldiget dat dy witten en mienen de wierheid ferdraaid hat om Molly-en-dy nei it feest fan 'e svartálfar te krijen. De Leanansídhe befêstiget dat: de sluting fan it ferdrach tusken de Fomoaren en de svartálfar moast tsjinkeard wurde. Se wist net krekt wat der barre soe as se de learlinge fan Harry Dresden yn dy gefoelige sitewaasje yntrodusearre, mar se wie der wis fan dat it net liede soe ta de probleemleaze ûndertekening fan it non-agresjepakt. Molly is der net botte wiis mei dat se sa brûkt is, mar har argewaasje ferdwynt alhiel nei de eftergrûn as de oars sa sekuere Leanansídhe yn 'e notiid oer Harry Dresden praat. As Molly har planút freget oft Harry noch libbet, antwurdet de Leanansídhe dat it noch te betiid is om dat mei wissichheid te sizzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Butcher, Jim, Bombshells, yn: Martin, George R.R. en Dozois, Gardner, (red.), Dangerous Women, New York, 2013 (Tor Books), ISBN 978-0 76 53 32 066.
  • Butcher, Jim, Bombshells, yn: Butcher, Jim, Brief Cases, New York, 2018 (Ace Books), ISBN 0 45 14 92 102.
The Dresden Files
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases