Springe nei ynhâld

Chicago Loop

Ut Wikipedy
Chicago Loop
De skyline fan 'e Chicago Loop.
De skyline fan 'e Chicago Loop.
polityk
lân Feriene Steaten
Steat Illinois
County Cook County
Stêd Chicago
sifers
ynwennertal 33.442 (2015)
oerflak 4,09 km²
befolkingstichtens 8.176 / km²
hichte 182 m
oar
tiidsône UTC –6
● simmertiid UTC –5
koördinaten 41°52′55″N 87°37′40″W

De Chicago Loop, ek koartwei The Loop (letterlik: "De Lus") neamd, is in wyk fan 'e Amerikaanske stêd Chicago en ien fan 'e 77 formeel oanwiisde mienskipsgebieten yn dy stêd. It kin omskreaun wurde as de binnenstêd fan Chicago, foar it meastepart besteande út wolkekliuwers (lykas de Willis Tower) dêr't de grutte bedriuwen harren kantoaren hawwe. De Chicago Loop is it op ien nei grutste sakedistrikt fan 'e Feriene Steaten. Yn it noarden grinzget it oan 'e wyk Near North Side, yn it westen oan 'e wyk Near West Side, yn it suden oan 'e wyk Near South Side en yn it easten oan 'e Michiganmar. De grins fan 'e Chicago Loop wurdt yn it noarden en westen foarme troch de rivier de Chicago en yn it suden troch Roosevelt Road.

In plattegrûn fan 'e Chicago Loop.

Behalven kantoargebouwen dêr't withoefolle grutte nasjonale en multy-nasjonale bedriuwen yn fêstige binne, omfiemet de Chicaco Loop ek it Stedhûs fan Chicago, dêr't behalven it stedbestjoer ek it bestjoer fan Cook County residearret. Fierders binne der yn 'e Loop winkels, restaurants, hotels en skouboargen fêstige, mei dêropta diplomatike fertsjintwurdigings fan teminsten 25 lannen en territoaria, wêrûnder Kanada, Frankryk, Nederlân en Taiwan. Hoewol't de Chicago Loop dominearre wurdt troch kantoargebouwen en oare wurkrelatearre gebouwen, is de befolking fan it gebiet (dy't der wennet) yn it lêste fearn fan 'e tweintichste en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw sterk tanommen.

De Chicago Loop wie it earste diel fan Chicago dat kolonisearre waard, doe't it Amerikaanske Leger der yn 1803 Fort Dearborn boude. Doe't yn 'e 1830-er jierren de gemeente Chicago en de county Cook County oprjochte waarden, keazen beiden de Loop út om harren bestjoer te fêstigjen. Oarspronklik hie de Chicago Loop in mingde bebouwing fan wenten en bedriuwen, mar dat feroare meitiid. In grutte rol yn dat proses spile de Grutte Brân fan Chicago, yn 1871, dy't it hiele gebiet frijwol mei de grûn lyk makke. Neitiid waarden guon fan 'e ierste wolkekliuwers fan 'e wrâld yn 'e Loop boud, wat ta in arsjitektoanyske tradysje late dy't ek hjoed de dei noch fuortbestiet. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard it gebiet omsirkele troch in ferhege, lusfoarmige spoarline, dêr't de wyk syn namme oan tanket. Begjinnend yn 'e 1920-er jierren waarden troch de Chicago Loop hinne ferskate autosnelwegen oanlein. De bekendste dêrfan is Route 66 wêrfan't de eastlike útein yn 'e Loop leit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.