Katedraal fan de Hillige Jehannes de Doper (Turyn)
Katedraal fan de Hillige Jehannes de Doper Cattedrale di San Giovanni Battista | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Piëmont | |
provinsje | Turyn | |
plak | Turyn | |
koördinaten | 45°04′24″ N 7°41′08″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerkegebou | |
subtype | katedraal | |
boujier | 1498 1470 (toer) | |
arsjitekt | Amedeo de Francisco di Settignano | |
boustyl | renêssânse, barok | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 40 m (toer) | |
kaart | ||
De Katedraal fan de Hillige Jehannes de Doper (Italjaansk: Cattedrale di San Giovanni Battista; Latyn: Ecclesia Sancti Johannis Baptista) is de roomske katedraal yn Turyn, de haadstêd fan 'e regio Piëmont, yn noardlik Itaalje. It tsjerkegebou wurdt ek wol koartwei de Katedraal fan Turyn of de Dom fan Turyn neamd (Italjaansk: Duomo di Torino). It is wijd oan 'e hillige Jehannes de Doper, en fungearret as de sit fan it Roomsk-Katolike Aartsbisdom Turyn. It gebou datearret yn haadsaak fan 1498 en stiet benammen bekend as it bewarplak fan it ferneamde relikwy it Lykklaad fan Turyn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper stiet op itselde plak dêr't oarspronklik it Romeinske amfiteäter fan Turyn lei. Oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid waard dêroerhinne boud en ûntstiene trije tsjerken, dy't wijd wiene oan 'e hillige Ferlosser, de hillige Marije fan Dompno en de hillige Jehannes de Doper. De tsjerke dy't wijd wie oan Jehannes de Dopter wie it wichtichste fan 'e trije tsjerkegebouwen, en soe neffens guon boarnen ynwijd wêze troch Agilulf, de Longobardyske kening dy't fan 591 oant 613 oer noardlik Itaalje regearre. Yn dyseldichste tsjerke waard yn 662 hartoch Garibald fan Turyn fermoarde troch in oanhinger fan Godepert, by waans dea oft Garibald earder belutsen west hawwe soe.
Tusken 1468 en 1470 krige de tsjerke dy't wijd wie oan Jehannes de Doper in nije, 40 m hege tsjerketoer, dy't noch altyd stiet. De rest fan 'e tsjerke, en ek de beide lytsere oanswettende tsjerkjes, waarden tusken 1490 en 1492 lykwols sloopt om romte te meitsjen foar de nije katedraal, dy't krekt as de eardere tsjerke wijd waard oan Jehannes de Doper. De bou fan 'e katedraal sette yn 1491 útein nei in ûntwerp fan Amedeo de Francisco di Settignano, dy't ek wol bekendstie ûnder de namme Meo del Caprino. Yn 1498 kaam it gebou ree, hoewol't it noch oant 1505 duorre ear't it ynwijd waard. Yn 1515 befêstige paus Leo X formeel de katedrale status fan it tsjerkegebou as sit fan in aartsbiskop. Yn 'e santjinde iuw waard der in lytse ferbouwing fan 'e Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper útfierd ûnder lieding fan Filippo Juvarra.
It Lykklaad fan Turyn is in wichtich roomsk relikwy dat in ôfdruk fan it antlit fan Jezus Kristus befetsje soe, en dat yn 1453 yn it besit kaam fan 'e hartoggen fan Savoaye. It waard yn 1578 yn opdracht fan Emmanuël Filibert fan Savoaye út 'e Savoayske haadstêd Chambéry (no yn Frankryk) oerbrocht nei Turyn, de haadstêd fan Piëmont, dat ek yn it besit fan it Hûs fan Savoaye wie. Dêr waard it opburgen yn 'e Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper.
Yn 1649 waard besletten om in mear lúksueuze residinsje foar it Lykklaad te meitsjen, wêrfoar't de Romeinske boumaster Bernardino Quadri in opdracht ûntfong fan hartoch Karel Emmanuël II fan Savoaye. Quadri makke in ûntwerp dat fuortborduerre op in earder projekt fan Carlo di Castellamonte, mei in ovale kapel efter it koer. Yn 1667 waarden de tsjinsten fan in trêde boumaster, Guarino Guarini, ynhierd om it projekt ôf te meitsjen. Uteinlik kaam de koepel fan 'e nije Kapel fan it Hillich Lykklaad, dêr't 28 jier oan wurke waard, pas yn 1694 ree, ûnder tafersjoch fan Karel Emmuël syn widdo Marije Jehanna fan Savoaye.
De Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper is it begraafplak fan Pier Giorgio Frassati (1901-1925), in fûleindich sporter en filantroop, dy't yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wol de hillige foar de jongerein fan it trêde milennium neamd wurdt. Hy waard yn 1990 sillich ferklearre troch paus Jehannes Paulus II. Fierders lizze ek in protte leden fan it Hûs fan Savoaye yn 'e katedraal begroeven, mei't Turyn de haadstêd wie fan it Keninkryk Savoaye en letter fan it Keninkryk Piëmont-Sardynje.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De toer
-
It skip
-
It oargel
-
In leauwende bidt by it Lykklaad
-
De koepel fan 'e Kapel fan it Hillich Lykklaad
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|