Amfiteater

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Amfiteäter)
It amfiteater fan Pula, dit teater wurdt tsjintwurdich noch brûkt foar sjongerij en foarstellings.

In amfiteater is in rûn of ovaal iepen gebou út de Romeinske âldheid dat benammen brûkt waard foar gladiatorfjochtpartijen, jachtpartijen en fjochterijen mei wylde bisten. It wurd is in gearfoeging fan de wurden amfi, dat 'oan beide kanten' betsjut en teater, dat 'oanskôgingsplak' betsjut, omdat it de foarm fan twa tsjin elkoar sette healrûne teaters hat.

Eins binne amfiteaters de foarrinners fan nijmoadrige stadions en arena’s.

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut de tiid fan de Etrusken stamje de earste histoaryske feiten wat lykspullen oangiet. By de beïerdiging fan immen organisearren de neibesteanden fjochtpartijen tusken persoanen ta eare fan de deade. Dy fjochtpartijen waarden munera neamd, wat 'ferplichting' betsjut.

Folle letter, yn it Romeinske tiidrek, namen dizze riten in selsstannige foarm oan en waarden de fjochtpartijen troch senatoaren organisearre om it publyk te fermeitsjen. Sa krigen de senatoaren de geunst fan it publyk. Ek doe noch waarden dizze fjochtpartijen munera neamd.

Histoarysk amfiteater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kolosseum fan Rome.

It earste bekende permaninte Romeinske amfiteater waard boud yn Pompeii neidat in koloania of Romeinske feteranen harren dêr fêstige hienen yn 80 foar Kristus. Foar dy tiid waarden fjochterijen hâlden yn it forum fan Rome en oare stêden.

It meast ferneamde amfiteater is it Kolosseum fan Rome, mar ek op guon oare plakken fan it eardere Romeinske Ryk binne noch amfiteaters te finen. De amfiteaters fan plakken as Verona yn Itaalje en Nimes en Arles yn Frankryk binne hast noch hielendal heul en wurde tsjintwurdich brûkt foar opera’s en toanielfoarstellings. Yn Frankryk wurde der ek wol bollefjochterijen hâlden. Ek oare amfiteaters, bylgelyks dy fan Pula yn Kroaasje, binne noch yn in goeie steat en wurde brûkt foar sjongerij en dat soarte saken. Yn El Djerm yn Tuneezje, Trier yn Dútslân en tal fan oare plakken binne ek noch oerbliuwsels fan âlde amfiteaters te sjen.

Ek yn Nederlân hat in Romeinsk amfiteater by Nymwegen stien, of wol it Amfiteater fan Nymwegen. It moat krekt bûten Ulpia Noviomagus Batavorum, sa at Nymwegen troch de Romeinen neamd waard, stien hawwe. De bou fan it stadion wurdt rûzd op it begjin fan de 1e iuw.

In amfiteater bûten Itaalje waard troch de Romeinen sjoen as in symboal fan Romeinsk boargerskip. Der binne sa’n 230 amfiteaters fûn troch it hiele gebiet fan it eardere Romeinske Ryk.

It amfiteater fan El Djem, Tuneezje.

Skaaimerken fan amfiteaters út dy tiid binne:

  • In ûnder de arena en de tribunes rinnende haadgong dy’t lykop rint mei de lange as mei tal fan sydpaden en romten foar (rôf)bisten, ta dea feroardielden en opslachplakken foar materiaal.
  • De flier fan de arena wie fan hout, mei dêrop in dikke laach sân. Dit wie nedich om it bloed op te fangen.
  • By it Kolosseum wie de arena fan de tribunes skieden troch in fjouwer meter hege muorre mei lege iepenings mei (nei alle gedachten) doarren wêrtroch't de liken fan deade bisten en minsken út de arena sleept waarden.
  • De tribunes wienen ferdield nei sosjale status. De bêste plakken foaroan wienen foar minsken mei hege funksjes, dêrboppe kamen de sitplakken foar de bettere begoedige stân en dêr wer boppe de plakken foar it gewoane folk. De froulju fan de senatoaren sieten nei alle gedachten hielendal boppe yn.

De spullen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It amfiteater fan Arles. Dit teater wurdt ek no noch brûkt foar konserten.

In deiprogram moat der faaks sa útsjoen hawwe:

  • Moarns: Fjochtpartijen tusken bisten of mei minsken tsjin bisten.
  • Om de middei hinne: Iepenbiere eksekúsjes. Dit barde troch in gewoane slach mei it swurd. Mar ek waarden der wol minsken deamakke op manearen basearre op de Grykske mytology.
  • Middeis: Gladiatoaren, man-tsjin-man fjochterijen.

Tusken de programma’s troch waarden der ek wol aktiviteiten hâlden mei muzikanten en waarden der lytse kado’s it publyk ynsmiten, bygelyks bôle. Yn it skoft waard de arena wer yn oarder brocht foar de neikommende foarstelling.

Om it amfiteater hinne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it amfiteater hinne stienen faak gebouwen dy’t mei it teater te krijen hienen. Sa stie der faak in hospitaal neist, mar ek in lykhûs en in kringebak. Yn Rome stienen om it Kolosseum hinne in stik as wat treningsarena’s foar de gladiators. Ien dêrfan, it Ludus Magnus, is foar in diel wer opgroeven.

Tydlike en nijmoadrige amfiteaters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hollywood Bowl yn de Feriene Steaten.

Tsjintwurdich wurdt der wol gebrûk makke fan tydlike amfiteaters, of nijmoadrich amfiteater. Der moat dan net tocht wurde oan de ovalen amfiteaters fan earder, mar oan de Grykske foarm fan in teater, in heale ovaal. Dit soarte amfiteater wurdt hjoed-de-dei in protte brûkt foar muzykkonserten en foarstellings. Ek by iepenloftspullen wurdt wol gebrûk makke fan in soart fan nijmoadrich amfiteater.

Dit soart amfiteater is in protte yn de Feriene Steaten te finen. Dêr is ek it grutste fan dit soart, it Hyundai Pavilion yn Devore. Hjir kinne wol 65.000 minsken yn. In oar ferneamd gebou is de Hollywood Bowl, dêr’t in protte grutte konserten hâlden wurde.

Natuerlike amfiteaters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In natuerlik amfiteater is in romte dy't leit op in plak mei steile hellings of stienformaasjes dy't op natuerlike wize lûd wjerkeatse. Sadwaande is it goed te brûken foar foarstellings.

Foarbylden binne Drakensberch amfiteater yn Súd-Afrika, de Gorge Amfiteater yn de Feriene Steaten en it Echo amfiteater yn Nij-Meksiko.