Springe nei ynhâld

Marteling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tramtearre)
Ferskate martelwurktugen.

Marteling, foltering, piniging, tramtearing, tamtearring of mei in argaysk wurd tortuer (fan it Latynske tortus, "ferwrongen") is it mei opsetsin tabringen fan lichaamlike en/of geastlike pine oan in beskaat organisme mei as doel om 'e iene of oare winsk te ferfoljen fan dejinge dy't martelet of om dejinge dy't martele wurdt ta it ien of oar te twingen. Hjirby moat men derom tinke dat in martelder net dejinge is dy't martelet, mar dejinge dy't martele wurdt. Marteling is by definysje in úttochte en opsetlike die; it ûnbewust of by fersin tabringen fan pine sûnder dat dat jins spesifike bedoeling is, wurdt net beskôge as marteling. Hjoed de dei is de ynternasjonale konsensus dat marteling net allinnich ymmoreel is, mar ek ympraktysk, mei't slachtoffers fan marteling op in stuit alles sizze sille om mar fan 'e tabrochte pine ferlost te wêzen, mei as gefolch dat tsjûgenissen of bekentenissen dy't ôflein binne ûnder foarmen fan marteling folslein ûnbetrouber binne.

Algemiene omskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marteling is oan dien of talitten troch yndividuële persoanen, groepen persoanen, organisaasjes en de autoriteiten fan lannen fan 'e ierste prehistoarje ôf oan hjoed de dei ta. De doer fan marteling kin ferskille fan mar in pear minuten oant dagenlang, of mei tuskenskoften sels wiken- of moannenlang. De redens dy't lju hawwe om in oar persoan of organisme te marteljen kinne bestraffing, wraak, politike weropfieding, ôfskrikwekjende wurking, ûnderfreging of twang ta it ien of oar wêze, of ienfâldichwei de befrediging fan sadistyske gefoelens. Psychologen binne fan betinken dat it ferlet om in oar oan marteling te ûnderwerpen it gefolch is fan ynterne psychologyske druk yn 'e psyche fan 'e marteldogger.

Marteling kin de bedoeling hawwe om op moard út te rinnen, bgl. as it in ûnderdiel fan 'e deastraf is, sa't eartiid faak it gefal wie by publike terjochtstellings. Yn sokke gefallen binne/wiene martelpraktiken faak ûntwurpen om it lijen fan it slachtoffer sa lang mooglik op te rekken. Mar ek martelpraktiken wêrby't de dea fan it slachtoffer net it doel is (of, by ûnderfreging, it tsjinstelde fan it doel is), kin soks wol deeglik op in moard útrinne, bgl. om't de fysike steat fan it slachtoffer de marteldogger neat skele kin, om't de marteldogger (yn it gefal fan ûnderfreging) te fier giet yn syn besykjen om 'e wjerstân fan 'e slachtoffer te brekken, of om't it slachtoffer in besteande mar by de marteldogger ûnbekende oandwaning hat, lykas in hertkwaal, dy't him/har kwetsberder foar sa'n behanneling makket. Oan 'e oare kant binne guon foarmen fan marteling ûntwurpen om inkeld psychologyske pine ta te bringen of sa min mooglik fysyk bewiis nei te litten.

Tramtearring troch Amerikaanske militêren yn de Abu Ghraib-finzenis, Irak (2005).

Yn it ferline wie marteling yn alle lannen in hiel normale foarm fan wetshanthavening, sawol as ûnderdiel fan ûnderfreging troch de autoriteiten fan lju dy't fan in misdriuw fertocht waarden, as by it útfieren terjochtstellings. Dêr kaam ûnder de Ferljochting stadichoan in ein oan. Hjoed de dei is marteling ferbean ûnder de ynternasjonale wetjouwing, sa't dy om 'e midden fan 'e tweintichste iuw ûntwikkele is, en teffens ûnder de eigen wetten fan 'e measte lannen. It wurdt beskôge as in ynbrek op 'e minskerjochten en wurdt mei safolle wurden as ûnakseptabel ferklearre ûnder kêst 5 fan 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske.

Lannen dy't de Sjenêfske Konvinsje fan 1949 en de Oanfoljende Protokols I en II fan 1977 ûndertekenen, hawwe dêrmei formeel fêstlein dat se har net skuldich meitsje sille oan it útfieren of talitten fan marteling, sij it binnenlânsk of bûtenlânsk. Marteling is ek ferbean ûnder de Kovinsje tsjin Marteling, fan 'e Feriene Naasjes, dy't troch 158 lannen ratifisearre is, wêrûnder alle demokrasyen yn 'e wrâld. Nettsjinsteande dat hâlde lannen har soms net oan 'e ôfspraken, lykas de Feriene Steaten, dy't nei de oanfallen fan 9/11 saneamde 'ferbettere ûnderfregingstechniken' (enhanced interrogation techniques) ynfierden, wat in eufemisme foar marteling is. Dat it Amerikaanske regear stiiffêst ûntkent dat praktiken as waterboarding foarmen fan marteling binne, is wolbeskôge in besykjen om 'e betsjutting fan it wurd 'marteling' te feroarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.