Limûsine

Ut Wikipedy
In Lincoln Town Car-limûsine.

In limûsine is in lúkse auto dy't ornaris langer is as in gewoane persoane-auto, en dy't bestjoerd wurdt troch in sjauffeur, mei in skiedingswand tusken de sjauffeurskabine en it passazjierskompartimint. It is mooglik om fan in normaal automodel in limûsine te meitsjen troch de auto oerdwers yn twaen te seagjen en dan in stik tusken de beide dielen yn te bouwen. Der besteane bedriuwen dy't yn sokke ombouwings spesjalisearre binne. De resultearjende auto wurdt in stretch-limûsine neamd. Limûsines binne faak hierauto's, mei't de measte minsken der inkeld ferlet fan hawwe by beskate gelegenheden, lykas in brulloft of in eksamenfeest. De measte autoferhierbedriuwen hawwe dêrom wol ien of twa limûsines yn har assortimint.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd 'limûsine' komt fan it Frânske limousine, dat ôflaat is fan 'e regio Limousin. De skieppehoeders yn dy krite droegen foarhinne in opfallende mantel. Yn 'e tiid dat riken noch per reau mei koetsier reizgen, soe de namme limousine yn gebrûk kommen wêze foar in rydtúch mei in dak oer it passazjierskompartimint dy't liek op 'e kap oan 'e mantel fan 'e skieppehoeders út 'e Limousin. Ek wurdt wol sein dat de koetsiers, dy't yn 'e iepen loft sieten, sa'n soarte mantel droegen om har te beskermjen tsjin min waar. Doe't de auto syn yntree die, waard de oantsjutting limousine oernommen foar auto's mei in ticht passazjierskompartimint en in ôfdakje oer de sjauffeur hinne.

In Winton-limûsine út 1915 mei in iepen sjauffeurssit.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw wiene de riken wend om ferfierd te wurden yn rydtugen mei in ôfsletten kompartimint foar harrensels, wylst harren koetsier yn waar en wyn yn 'e iepen loft op 'e bok foarop siet om 'e hynders te mennen. Doe't fan likernôch 1900 ôf de auto foar de hegerein it rydtúch begûn te ferfangen, kaam der fraach nei lúkse auto's mei deselde yndieling. Yn 1916 definiëarre de Amerikaanske Society of Automobile Engineers in limûsine as "in tichte auto mei trije oant fiif sitplakken binnenyn en it sitplak fan 'e sjauffeur bûtendoar." Iere subkategoryen fan 'e limûsine wiene de brougham, in limûsine sûnder dak boppe de sjauffeurssit, en de berline, in limûsine mei in tichte kabine om 'e sjauffeurssit hinne. De earste stretch-limûsine waard yn 1928 boud yn Fort Smith (Arkansas).

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wichtichste skaaimerk fan in limûsine is dat der in skiedingswand bestiet tusken de sjauffeurskabine en it passazjierskompartimint. Dy wand hat ornaris in lûk fan glês of trochsichtich plestik dat iepenskood wurde kin, sadat der kommunikaasje tusken sjauffeur en passazjiers plakfine kin. In oare mooglikheid is dat de auto oer in intercomsysteem beskikt foar kommunikaasje tusken de beide dielen. Limûsines binne faak langer as oare persoane-auto's, sadat de passazjiers mear skonkromte hawwe. Fierders is it passazjierskompartimint yn 'e regel fan alle gemakken foarsjoen, lykas mei in ynboude tillefyzje, in ynboude kuolkast, ensfh. De sitplakken binne oardere lykas yn in treinkûpee, mei ien sitbank tsjin 'e efterwand oan en in oaren tsjin 'e foarwand oan, sadat de passazjiers mei de gesichten nei inoar ta sitte.

Stretch-limûsines binne langer as normale limûsines en kinne dêrom (folle) mear passazjiers ferfiere. Se hawwe sitbanken by de (lange) sydkanten lâns. Gewoane limûsines binne ek wol yn it besit fan 'e superriken of fan heechweardichheidsbeklaaiers, mar stretch-limûsines wurde eins inkeld brûkt troch autoferhierbedriuwen. De lju dy't dat soarte auto's hiere, wolle oer it algemien graach opfalle, en stretch-limûsines binne dan faak ek yn felle kleuren ferve, lykas pears of rôze. Der besteane ek stretch-limûsines dy't makke binne fan goedkeape modellen auto's, lykas de Folkswein Kever, de Citroën 2CV (Lilke Ein), de Fiat Panda en de Trabant.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.