Springe nei ynhâld

Honkbalkneppel

Ut Wikipedy
Honkbalkneppels fan ferneamde honkbalspilers.

In honkbalkneppel is in kneppel fan polyste hout of fan aluminium dy't yn 'e balsport honkbal brûkt wurdt om 'e bal mei fuort te slaan dy't de slachman tagoaid wurdt troch de werper. Sa'n kneppel bestiet út in tinner hânsel en in tsjûkere útein (it eigentlike slachhout). Oan 'e basis fan it hânsel sit yn 'e regel in lytse ring fan tsjûker materiaal sadat de kneppel de slachman net út 'e hannen glydzje kin. Neffens de regels fan 'e sport mei sa'n kneppel maksimaal 42 inch (106,7 sm) lang wêze, en op it grouste punt net mear as 2,75 inch (7,0 sm) tsjûk. Histoarysk waarden wol honkbalkneppels ynset dy't 1,4 kg weagen, mar tsjintwurdich binne de measten 940 g oant maksimaal 1 kg. Behalven foar sport wurde honkbalkneppels ek geregeldwei brûkt as wapens, om't se de moderne foarm fan 'e kneppel binne dy't rûnom beskikber is en om't se sa noflik yn 'e hân lizze.

It is ûnbekend wannear't de honkbalkneppel him krekt út eardere foarmen fan 'e kneppel ûntwikkele hat, mar dat moat teminsten yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw west hawwe, of mooglik sels yn 'e achttjinde iuw. Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw wie it wizânsje dat honkbalspilers harren eigen kneppels sels út in gaadlik stik hout fiken, wat resultearre yn in grut ferskaat oan foarmen, mjitten en gewichten. Guon kneppels wiene plat, guon wiene rûn, oaren koart, wer oaren langer, en gean sa mar troch. Oer it algemien wie it lykwols sa dat de honkbalkneppels út dy tiid folle grutter en swierder wiene as de kneppels fan hjoed de dei. Dat kaam om't men de bal it leafst sa fier mooglik fuortslaan woe, en wat grutter de kneppel, wat grutter de slachkrêft.

Yn 1890 frege in Emile Kinst oktroai oan op in nij soarte kneppel dy't de 'banaankneppel' kaam te hjitten om't it slachhout in nei binne ta bûgende kromming hie. It wie de bedoeling dat dêrmei oan 'e bal in draaiende beweging jûn wurde koe, sadat er hurder gean en dêrtroch fierder komme koe. Yn 1906 yntrodusearre sportgereidprodusint Spalding de saneamde 'poddestoelkneppel', in honkbalkneppel mei ekstra grouwe fertsjûking oan 'e útein fan it hânsel. Dat moast soargje foar in bettere ferdieling fan it gewicht fan 'e kneppel, sadat er de slachlju better yn 'e hân lei.

Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw waarden der geandewei regels opsteld dêr't honkbalkneppels oan foldwaan moasten dy't brûkt waarden yn 'e offisjele Amerikaanske kompetysjes. Dat hat derfoar soarge dat de hjoeddeistige honkbalkneppels lichter en lytser binne as de ierdere eksimplaren, en boppedat in frij unifoarm ûntwerp hawwe. De lêste grutte ynnovaasje ûntstie yn 1990, doe't Bruce Leinert betocht dat in honkbalkneppel mei it hânsel fan in heksebile miskien wol hânsumer wêze soe. Hy frege op dy fining yn 2007 oktroai oan, en fan 2008 ôf waarden sokke kneppels brûkt yn beskate Amerikaanske kompetysjes. Ek guon spilers út 'e heechste difyzje, it Major League Baseball (MLB), brûke no sokke kneppels.

Honkbalkneppels binne makke fan hout of metaal. As se fan hout binne, wurdt almeast eskehout brûkt, hoewol't eskdoarnhout, nutehout of bamboe soms ek brûkt wurde. Nutehout is sûnt de twadde helte fan 'e tweintichste iuw út 'e graasje rekke om't it swierder is. Sûnt yn 1997 foar it earst in eskdoarnhoutene kneppel tastien waard troch de MLB, binne kneppels fan dat soarte hout populêrder wurden. Yn elts gefal moat it om in solide houten kneppel út ien stik hout gean. It is net tastien om in holle houtene kneppel te hawwen, of ien dy't opfolle is mei koark. De reden dêrfoar is dat tocht wurdt dat soks de kneppel in folle gruttere faasje jaan soe, sûnder dat de slachkrêft der neamensweardich troch belunet. (Dat idee waard lykwols ûntkrêfte yn in ôflevering fan it tillefyzjeprogramma MythBusters, op it Discovery Channel.) As in honkbalkneppel fan metaal is, wurdt yn 'e regel gebrûk makke fan aluminium.

Sawol houtene as metalene honkbalkneppels meie oer it algemien brûkt wurde yn it amateurhonkbal. It foardiel fan aluminium kneppels is dat dêrmei in bal mei deselde krêft flugger en fierder slein wurde kin as mei in houtene kneppel. Yn 'e Feriene Steaten binne lykwols sûnt 2000 almar mear saneamde 'houtenkneppelkompetysjes' ûntstien, dy't it gebrûk fan aluminium kneppels útbanne út noed om 'e feilichheid fan 'e (faak jonge) spilers. Mei aluminium kneppels kin nammentlik de 18,44 m tusken de slachman en de werper oerbrêge wurde ear't de werper syn ûnbeskerme gesicht út 'e baan fan 'e bal draaie kin. Yn guon gefallen spilet ek in rol dat yn profesjonele kompetysjes altyd inkeld houten kneppels tastien west hawwe, sadat it de spilers better tariedt op in eventuële oerstap nei sa'n kompetysje troch al by de amateurs in houten kneppel te brûken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.