Sue (dinosaurus)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sue
FMNH Tyrannosaurus rex Sue.jpg
bysûnderheden
katalogusnr. FMNH PR 2081
gebrûksnamme Sue
soarte Tyrannosaurus rex
âlderdom ±67 miljoen jier
fynplak Cheyenne River Yndiane-
   reservaat
(Súd-Dakota)
fyndatum 12 augustus 1990
ûntdekker Sue Hendrickson
bewarplak Field Museum (Chicago)

Sue is de gebrûksnamme of bynamme fan in fossyl mei it katalogusnûmer FMNH PR 2081, dat heart ta de kolleksje fan it Field Museum yn Chicago. It is it grutste eksimplaar fan in Tyrannosaurus rex dat ea ûntdutsen is, en teffens it folsleinste, mei't der mear as 90% fan bewarre bleaun is. Sue waard yn 1990 yn it Cheyenne River Yndianereservaat fan Súd-Dakota ûntdutsen troch Sue Hendrickson, in meiwurkster fan it Black Hills Institute. It fossyl waard letter nei har ferneamd, hoewol't it eigentlike geslacht fan it oarspronklike bist ûnbekend is. Nei't strideraasjes oer it eignerskip troch de rjochter besljochte wiene, waard it fossyl yn oktober 1997 op in feiling troch it Field Museum foar $8,3 miljoen oankocht, de heechste priis dy't ea foar in dinosaurusfossyl betelle is.

Untdekking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e simmer fan 1990 wie in groep fossilejagers fan it Black Hills Institute net fier fan it stedsje Faith ôf nei fossilen oan it sykjen yn it Cheyenne River Yndianereservaat fan súdwestlik Súd-Dakota. Se fûnen it fossyl fan in Edmontosaurus, dy't se útgroeven en dêr't se mei fuort soene. In lekke bân oan harren frachtwein soarge op 12 augustus lykwols foar opûnthâld, en om 'e tiid te deadzjen, besleat ien lid fan 'e groep, Sue Hendrickson, om in deunby klif te ferkennen. Se fûn oan 'e foet fan it klif in pear lytse stikjes fossilisearre bonke, en doe't se har blik omheech rjochte, seach se gruttere bonken út it klif stekken. Se lei har fynst foar oan Peter Larson, de foarsitter fan it Black Hills Institute, dy't oan 'e hân fan 'e opmerklike kontoeren en tekstuer fan 'e bonken fêststelde dat it om it fossyl fan in Tyrannosaurus rex gie.

De ôfreis waard útsteld, en hoewol't guon leden fan 'e groep fanwegen oare ferplichtings dochs ôfsetten, bleaune de measten efter. Hendrickson en de oaren setten daliks útein mei it opdobjen fan 'e rest fan it fossyl, wêrby't al rillegau bliken die dat in ûngewoan grut diel fan 'e bonken bewarre bleaun wie. Wylst alle earder ûntdutsen eksimplaren fan 'e Tyrannosaurus rex mear as de helte fan 'e bonken misten, waard letter fêststeld dat Sue foar mear as 90% kompleet wie rekkene nei it folume fan 'e bonken, en foar 73% as men rekkenet neffens alle ôfsûnderlike bonken. Dat wol sizze dat de measte missende bonken lyts wiene, wylst hast alle gruttere bonken oanwêzich wiene. Fan 'e 360 ûnderskate bonken waarden likernôch 250 weromfûn.

De grutte fan Sue en oare bekende fossilen fan 'e Tyrannosaurus rex yn ferhâlding ta in minske.

Saakkundigen binne fan tinken dat dit eksimplaar sa goed bewarre bleaun is om't it koart nei de dea bedobbe rekke troch drek en modder, wierskynlik op 'e boaiem fan in streamende rivier, dy't de bonken op ien heap spylde neigeraden dat se troch it ûntbiningsproses los rekken. Oan 'e oare kant wiene in protte lytsere bonkjes troch de rivier fuortspield en ferlern gien.

Sa koe it ek dat it fossyl by de ûntdekking de heupbonken boppe de plasse hie, wylst de bonken fan 'e skonken tusken de ribben út stieken. De oansjenlike grutte en de treflike tastân fan 'e bonken wie ek in ferrassing. De plasse wie 139,40 sm lang, en de measte tosken wiene noch yntakt. Nei't de stikken stien dêr't de bonken ynsieten, útgroeven wiene, waarden se beklaaid mei stikken jute en oerdutsen mei gips, om brekken foar te kommen. Dêrnei waard it hiele fossyl oerbrocht nei it haadkertier fan it Black Hills Institute yn Hill City, dêr't úteinsetten waard mei it fierdere skieden fan 'e bonken fan 'e stien.

It ôfjitsel fan Sue yn Disney World, yn Orlando.

Strideraasjes en ferkeap[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koart nei't it fossyl fûn wie, ûntstie der strideraasje oer it eignerskip. It Black Hills Institute hie tastimming fan 'e lâneigner, Maurice Williams, om op syn lân nei fossilen te sykjen, en neffens Larson wie oan Williams $5.000 betelle foar it fossyl fan Sue. Williams hold lykwols út dat dat jild net foar de ferkeap fan it fossyl betelle wie, mar inkeld foar it rjocht om it fossyl op te graven en skjin te meitsjen sadat it letter ferkocht wurde koe. Mei't Williams in lid wie fan 'e Cheyenne River Sû Stamme, krige er stipe fan 'e tribale autoriteiten, dy't bewearden dat Larson harren it fossyl mei list en bedroch besocht te ûntnaderjen.

Yn 1992 foel de FBI mei stipe fan 'e Nasjonale Garde fan Súd-Dakota it Black Hills Institute binnen om beslach te lizzen op it fossyl. Larson waard arrestearre en op 158 punten yn steat fan beskuldiging steld. It fossyl waard yn opdracht fan 'e Amerikaanske oerheid oerbrocht nei de South Dakota Schools of Mines and Technology, yn Rapid City, dêr't it opslein waard yn ôfwachting fan 'e rjochterlike útspraak yn dizze saak. Underwilens besleat de Amerikaanske Senaat om Kevin Schieffer, fanwegen syn kontroversjele omgong mei dizze kwestje, net te befêstigjen yn it amt fan ofsier fan justysje foar it distrikt Súd-Dakota.

Yn 1996 waard Peter Larson feroardiele ta in finzenisstraf fan twa jier, nei't er skuldich befûn wie yn in saak dy't net direkt mei it fossyl Sue te krijen hie. Nei in lange rjochtsaak besleat de rjochter dat Maurice Williams as eigner fan 'e grûn dêr't it fossyl yn fûn wie, ek eigner fan it fossyl wie. Boppedat waard er ûnder de Amerikaanske wetjouwing beskerme tsjin 'e ympulsive ferkeap fan besittings, dus oft de $5.000 dy't Larson him betelle hie no in betelling foar it fossyl wie of net, dat die der eins net ta.

Williams besleat dêrop en ferkeapje it fossyl by opbod, en dêrfoar naam er it renommearre feilinghûs Sotheby's yn 'e earm. Dêrtroch bestie de eangst dat Sue yn in priveekolleksje ferdwine soe en dat it publyk it folsleinste en grutste fossyl fan in Tyrannosaurus rex nea sjen soe. It Field Museum yn Chicago hie belangstelling foar it fossyl, mar by lange nei net genôch jild foar de ferwachte feilingpriis. Dêrom frege it museum sawol bedriuwen as partikulieren om skinkings, sadat Sue oankocht wurde kinne soe. Op dy fraach kaam in protte jild binnen, net inkeld fan gewoane minsken, mar ek grutte bedraggen fan ferskate miljonêrs, fan 'e Steatsuniversiteit fan Kalifornje, fan it mediabedriuw The Walt Disney Company en fan 'e restaurantkeatling McDonald's. By de feiling, op 4 oktober 1997, waard úteinset mei in priis fan $500.000. Binnen tsien minuten hie it Field Museum it fossyl oanskaft mei in heechste bod fan $7,6 miljoen. Bykommende kosten ynbegrepen waard der úteinlik $8.362.500 foar Sue betelle, wat it heechste bedrach is dat ea foar in dinosaurusfossyl delteld is.

It laboratoarium yn it Field Museum dêr't de bonken fan Sue preparearre waarden.

Yn it Field Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preparaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Field Museum liet mei jild fan McDonald's twa nije laboratoaria bouwe dêr't de bonken fan Sue fierder fan 'e omjaande stien (de 'matriks') skaat waard. It iene stie op it terrein fan it Field Museum yn Chicago sels, wylst it oare iepene waard yn it ferdivedaasjepark Disney World, yn Orlando (Floarida). Op beide lokaasjes koene miljoenen besikers it proses troch glêzen wanden hinne folgje. Der waarden ek bylden fan ferspraat fia de webside fan it museum. Foar likernôch 110 lytsere bonkjes, dy't nea weromfûn wiene, waarden modellen fan plestik makke om it skelet kompleet te krijen. De plestik modellen krigen in pearze kleur, sadat it publyk dúdlik sjen koe wat wol en wat net orizjineel wie. Fan alle bonken waarden ek mallen makke, sadat der fjouwer plestik ôfjitsels fan it hiele bonkerak produsearre wurde koene. Ien dêrfan hold it Field Museum sels foar ûndersyk. In twadden kaam permanint yn Disney's Animal Kingdom yn Disney World yn Orlando te stean, wylst de oare beide eigendom waarden fan McDonald's en op rûnreis giene by McDonald's-fêstigings yn 'e Feriene Steaten lâns.

Undersyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de bonken fan it fossyl ienris fan alle 'matriks' ûntdiene wiene, waarden se soarchfâldich fotografearre. Doe waarden se oerdroegen oan 'e paleöntologen fan it Field Museum, dy't in yngeande stúdzje begûnen, wêrby't û.m. CT-scans makke waarden. De plasse fan 'e Sue wie te grut om yn in normale, medyske CT-scanner te passen, en dêrom waard dêrfoar de CT-scanner brûkt fan it Rocketdyne Laboratory, fan Boeing, yn Kalifornje, dy't ornaris ynset wurdt om ûnderdielen fan 'e spaceshuttles te ynspektearjen. Ut alle ûndersyk die bliken dat Sue 28 jier âld wie by syn dea. Dêrmei wied er de âldste Tyrannosaurus rex ea fûn oant Trix yn 2013 ûntdutsen waard.

Sue útstald yn 'e hal fan it Field Museum (2000-2018, mei de haadyngong fan it museum op 'e eftergrûn.

Sue hie by libben in lingte fan 12.30 m, in skofthichte fan 4.00 m en in gewicht fan nei skatting tusken de 8,4 en 14 ton. (Dy lêste sifers binne in skatting út 2018; yn 2011 waard it gewicht noch rûsd op tusken de 9,5 en 18,5 ton.) De auteurs dy't mei de neamde gewichten op 'e lapen kamen, tekenen dêrby oan dat de sifers basearre wiene op modellen mei brede foutmarzjes, en dat se de beide ekstremen as tige ûnwierskynlik beskôgen. De fossile plasse fan Sue weaget 272 kg.

Sue hie by libben ferskate ferwûnings oprûn, nei alle gedachten yn wrakselings mei proaidieren of mooglik yn gefjochten mei soartgenoaten. De wichtichste ferwûnings wiene in skansearre skouderblêd, in skansearre rjochterfoarpoat en trije brutsen ribben. Alle skea wie neitiid wer genêzen, hoewol't ien fan 'e ribben yn twa aparte stikken genies. Fierders is de lofterkûtbonke twaris sa grou as syn wjergader oan 'e rjochterkant, wierskynlik as gefolch fan in ynfeksje. Oarspronklik tocht men dat de lofterkûtbonke sa grou wurden wie om't er brutsen west hie, mar dy teory waard nei de foddekoer ferwiisd om't op 'e CT-scans gjin inkel bewiis foar in genêzen brek fûn wurde koe. Ferskate draaibonken fan 'e wringe út 'e sturt binne mei-inoar fergroeid yn in patroan dat karakteristyk is foar artritis feroarsake troch in eardere ferwûning. Sue litte ek oan jicht.

De plasse fan Sue.

Ferskate gatsjes yn 'e foarkant fan 'e plasse waarden oarspronklik ûndersteld feroarsake te wêzen troch in bakteriële ynfeksje of in byt fan in oare Tyrannosaurus rex. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat de gatsjes fan in parasitêre ynfeksje kamen, mooglik troch in foarâlderlike foarm fan 'e Trichomonas gallinae, in protozoyske parasyt dy't fûgels oantaast en úteinlik ta de hongerdea liedt fanwegen in ynterne swolm yn 'e hals. Skea dy't oan 'e efterside fan 'e plasse fan Sue tabrocht wie, waard yn it begjin beskôge as in fatale bytwûne, mar by neier ûndersyk koe men gjin bytôfdrukken fiene. Men is dêrom no fan betinken dat de ferwringing en de bonkebrekken oan 'e efterkant fan 'e plasse feroarsake wêze moatte trochdat Sue nei de dea fertrape is troch oare dinosauriërs. Hoe't it bist úteinlik oan syn ein kaam, is ûnbekend.

Utstalling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de bonken preparearre, fotografearre en bestudearre wiene, waarden se nei Nij-Jersey ta stjoerd, dêr't se pleatst waarden sa't se yn 'e tentoanstelling te sjen wêze soene. Dêrby waarden lytse stielen stangen en triedden sa bûgd dat se eltse bonke op it plak holden dêr't it by libben ek sitten hie, sadat úteinlik it hiele skelet toand wurde koe sa't it der oarspronklik útsjoen hie (minus fleis en hûd, fansels). De wiere plasse waard dêr net foar brûkt, yn it foarste plak om't er leadswier is, en it dus in hiele toer wêze soe om him op 4 m hichte te pleatsen sûnder dêrfoar ûneachlik grouwe stangen te brûken. Dêrnjonken kin er op dy hichte ek net goed besjoen wurde, en boppedat binne dielen fan 'e plasse fertrape en brutsen, sadat er der ferwrongen útsjocht. De plasse waard dêrom apart útstald, wylst in ôfjitsel fan 'e plasse sa oanpast waard dat de ferwrongenens behimmele wie. Dat ôfjitsel waard by de rest fan it skelet pleatst.

Sue yn 'e nije opstelling op 'e ôfdieling Evolving Planet fan it Field Museum (sûnt 2018).

Sue waard by in seremoanje op 17 maaie 2000 ûntbleate. Oarspronklik wie it Field Museum fan doel om Sue te ynkorporearjen yn 'e besteande tentoanstelling oer dinosauriërs op 'e earste ferdjipping, mar it hiele budget wie suver opgien oan 'e oankeap en preparaasje fan it fossyl. Dêrom waard Sue ynstee op 'e begeane grûn pleatst, yn 'e hal fan it museum, dêr't it fossyl de folgjende 18 jier bliuwe soe. Yn 2018 waard Sue ferpleatst nei in eigen romte yn 'e ôfdieling Evolving Planet fan it Field Museum, dêr't it fossyl fan 21 desimber 2018 ôf te sjen wie.

Yn 'e popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.