Fotografysk ûnthâld
In fotografysk ûnthâld (of mei in hollanistyske ynterferinsje: fotografysk geheugen), soms ek wol in eidetysk ûnthâld neamd, is it fermogen dat guon minsken lykje te hawwen om bylden, lûden, ensfh. yn eksakte foarm (as wie it troch fotografy) op te slaan yn it ûnthâld, ek al binne se mar hiel koart bleatsteld oan dy bylden of lûden. Hoewol't it bestean fan it ferskynsel fotografysk ûnthâld mank saakkundigen noch ûnderwerp fan diskusje is, lykje benammen beskate savanten en lju dy't oanhelle binne mei it syndroom fan Asperger by steat te wêzen om bylden hast perfekt nei te tekenjen út harren ûnthâld.
Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Minsken mei in goed ûnthâld beweare soms dat se in fotografysk ûnthâld hawwe. Der besteane lykwols dúdlike ferskillen tusken in boppenormaal goed ûnthâld en in fotografysk ûnthâld, wêrby't minsken net inkeld goed dingen ûnthâlde kinne, mar ek by steat binne om har alderlei lytse en tige spesifike details tebinnen te bringen. It bestean fan it ferskynsel fotografysk ûnthâld is dochs al in kontroversjeel ûnderwerp yn de psychology. Der is net in protte stelselmjittich ûndersyk nei dien, en de measte gefallen berêste op anekdoatysk bewiismateriaal en binne net neier ferifiëarre. Guon ûndersikers binne fan tinken dat it hiele bestean fan it fotografysk ûnthâld neat oars as in myte is. Sa skreau Marvin Minsky yn syn boek The Society of Mind dat er der nea hurd bewiis foar fine kinnen hie.
Ek psycholooch en skaker Adriaan de Groot wie dyselde miening tagedien. Hy ûndersocht it ûnthâld fan skaakgrutmasters troch harren te freegjen om alderlei posysjes en setten op it skaakboerd te ûnthâlden. Hoewol't de skakers dêrby in ferbjusterjend fermogen oan 'en dei leine, bliek it inkeld te gean om echte setten. As de skaakstikken yn posysjes pleatst waarden dy't yn it skaakspul net foarkamen, koene de skakers se neat better ûnthâlde as proefpersoanen dy't gjin eftergrûn yn it skaken hiene. Dat wiisde derop dat de skaakgrutmasters it fermogen ûntwikkele hiene om beskate ynformaasje dêr't se ferlet fan hiene te organisearjen en te strukturearjen, ynstee fan dat se oer in oanberne fotografysk ûnthâld beskikten.
Oare stúdzjes lykje lykwols it bestean fan it fotografysk ûnthâld te befêstigjen. Sa is der it ferhaal fan Charles Stromeyer, dy't yn 1970 ûndersyk die nei de fermogens fan syn frou Elizabeth. Sy wie by steat om gedichten dy't se lêzen hie yn in taal dy't se net koe, jierrenlang te ûnthâlden. Ek koe se willekeurich rangskikte stippepatroanen werom kenne en ta in stereoskopysk byld gearfoegje. Hja wie de iennichste proefpersoan dy't sa'n test wist te folbringen. Oare ûndersikers pleatse by Stromeyer syn ûndersyk lykwols fraachtekens, om't er troud wie mei syn proefpersoan, en om't Elizabeth Stromeyer wegere om mei te wurkjen oan tests fan oare ûndersikers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |