Oktoberfest
| Oktoberfest | ||
| Logo Oktoberfest | ||
| plak en tiid | ||
| lân | ||
| Dielsteat | ||
| Regierungsbezirk | ||
| plak | ||
| tiid fan it jier | Hjerst | |
| bysûnderheden | ||
| oanlieding | brulloft fan prinses Theresia fan Saksen-Hildburghausen en kroanprins Loadewyk fan Beieren. | |
| soarte evenemint | folksfeest | |
| sjenre | Bierfeest | |
| bestean | 1810-no | |
| org. troch | Landeshauptstadt München | |
| offisjele webside | ||
| oktoberfest.de | ||
Oktoberfest is in folksfeest yn Múnchen dat alle jierren yn de hjerst hâlden wurdt. Der is in merke, der binne biertinten, en de bierbrouwers út Múnchen brouwe alle jierren in spesjaal bier foar it feest. It feest wurdt hâlden fan de earste sneon nei 15 septimber oant en mei de earste snein fan oktober, of oant en mei de Dei fan de Dútske Ienheid at dy letter is, of in dei letter as beide op deselde dei binne. It Oktoberfest lûkt alle jierren mear as seis miljoen minsken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste Oktoberfest waard yn 1810 holden ta eare fan de brulloft fan prinsesse Theresia fan Saksen-Hildburghausen en kroanprins Loadewyk fan Beieren. It feest bestie út in hurddraverij en festival. Yn 'e rin fan 'e tiid is it festival groeid en de hurddraverij ferdwûn. Sûnt 1950 wurdt it feest troch de Oberbürgermeister fan München iepene.
Op'e jûn fan 26 septimber 1980 ûntplofte in bom by de haadyngong fan it feestterrein (iepenbier húske oan'e Bavariaring). 13 minsken kamen om it libben, mear as 200 rekken ferwûne, wêrfan 68 slim. Lange tiid waard de saak as net folslein opheldere beskôge. De prokureur-generaal by it Bundesgerichtshof weriepene de proseduere yn desimber 2014 en seponearre dy yn july 2020. Sûnt dy tiid wurdt de oanslach beskôge as in troch rjochts-ekstremisme motivearre oanslach fan in yndividuele dieder.
Yn 2010 waard ta eare fan de 200e jierdei fan it evenemint in dei tafoege en duorre it Oktoberfest oant en mei moandei 4 oktober 2010. Yn 2020 en 2021 wie der gjin Oktoberfest fanwegen de Koroanafiruspandemy dy't yn desimber 2019 útbruts.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
