Springe nei ynhâld

Gilles (hillige)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Gilles)
Gilles of Gillis
   hillige
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Byzantynsk
bertedatum ±650
berteplak Atene (Byzantynske Ryk)
stjerplak Septimania (Frankyske Ryk)
etnisiteit Gryksk
hillichferklearring
sillich ferkl. ûnbekend
hillich ferkl. ûnbekend
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Katolike Tsjerken
Eastersk-Otterdokse Tsjerken
Anglikaanske Tsjerke
hjeldei 1 septimber
hillichdom Sint-Gillesabdij (súdlik Frankryk)
Sint-Gilleskatedraal (Edinburgh)
attributen pylk, kromstêf, hine
patroan fan bidlers, boarstfieding, earmen, Edinburgh, ferstjitlingen, hynders, hoefsmidden, klúzners, lichaamlik beheinden, lijers fan epilepsy, kanker, lepra, nachtfrees en sljochtsinnigens, rammen, spoaremakkers, ûnfruchtberen, wâlden
tradysje benediktynsk

Gilles of Gillis (fan it Latynske Ægidius fia it Frânske Gilles; Atene (Byzantynske Ryk), ±650Septimania (Frankyske Ryk), ±710), ek bekend as Gilles de Klúzner, wie in kristlike hillige út it Byzantynske Ryk, dy't syn libben benammen trochbrocht yn 'e Provâns, yn wat no súdlik Frankryk is. Hy stifte in abdij yn it letter nei him ferneamde plak Saint-Gilles-du-Gard, yn it departemint Gard, dêr't syn grêftombe him nei syn dea ûntjoech ta in beafeartsplak. Gilles is ien fan 'e saneamde Fjirtjin Hillige Helpers.

Gilles libbe yn 't earstoan in weromlutsen bestean yn 'e neite fan 'e mûning fan 'e Rône en letter oan 'e igge fan 'e rivier de Gard yn wat doedestiden diel útmakke fan it Frankyske Ryk (no it suden fan Frankryk). Neffens de leginde soed er in soan west hawwe fan kening Teodoarus en keninginne Pelagia fan Atene, mar dat is dúdlik in 'ferfraaiïng' troch syn iere hagiografen, mei't Atene doe ta it Byzantynske Ryk hearde en gjin eigen keningen hie. Nettsjinsteande dat waard dit 'feit' oan ien tried wei klakkeleas oernommen troch oare beskriuwings fan Gilles, ek yn 'e saneamde Legenda Aurea ("Goudene Leginde"). Wol is it skoan mooglik dat Gilles yn Atene berne wie, mei't it Grikelân fan âlds in protte kontakten ûnderhold mei wat no súdlik Frankryk is. Sa is it bygelyks algemien bekend dat de stêd Marseille yn 'e Aldheid troch Grykske keaplju stifte waard en lange tiid in Grykske koloanje wie.

De Legenda Aurea bringt Gilles yn ferbân mei de stêd Arles, mar neffens de measte oare leginden loek er him yn 'e neite fan Nîmes djip yn it wâld werom, en brocht dêr in grut tal jierren as klúzner yn iensumens troch. Syn iennichste selskip soe yn dy tiid bestien hawwe út reaharten, wêrfan't de hinen him yn guon ferhalen drinke lieten fan harren molke. Syn iten wie fegetarysk. Syn ûntwyk waard úteinlik ûntdutsen troch de jagers fan 'e kening, dy't in hine efterfolgen nei de hutte fan 'e klúzner. Se skeaten in pylk ôf, mar rekken ynstee fan 'e hine de klúzner, dy't dêrtroch letter de patroanhillige fan 'e lichaamlik beheinden waard.

Gilles skildere troch Hans Memling.

Yn 'e leginden is de kening Wamba, in hearsker oer de Fisigoaten, dy't lykwols yn 'e tiid fan Gilles syn libben al lang net mear yn súdlik Frankryk húsmannen. Yn it oarspronklike ferhaal moat it dêrom in kening fan 'e Franken west hawwe. Hoe dan ek, hy bea Gilles fan alles oan om 'e die fan syn jagers goed te meitsjen, mar Gilles betanke freonlik foar eltse eare. Dêrtroch stige er noch fierder yn 'e achtinge fan 'e kening, en doe't er oanjoech dat er eins wol in stikmannich learlingen hawwe woe om syn opdiene kennis troch te jaan, liet de kening foar him in kleaster sette yn 'e delling dêr't er al dy jierren taholden hie. Gilles pleatste dat ûnder de regels fan 'e Benediktynske Oarder. Omtrint 710 kaam er yn datselde kleaster te ferstjerren. Hy hie doe al in grutte reputaasje wûn omreden fan syn foarbyldige libbensstyl en it dwaan fan ferskate wûndertekens.

In oar bekend ferhaal oer Gilles fertelt dat, wylst Gilles in mis opdroech wêryn't bidden waard om Karel de Grutte syn sûnden te ferjaan, in ingel in brief op it alter lei. Dêr soe in sûnde yn beskreaun stien hawwe dy't sa ferskriklik wie dat Karel de Grutte him ûnder de bycht nea doarst hie te neamen. Ferskate Latynske en Frânsktalige teksten, wêrûnder de Legenda Aurea, ferwize nei dy geheime 'Sûnde fan Karel de Grutte' (sûnder trouwens te fertellen wat dy sûnde wie). Dit ferhaal giet lykwols yn tsjin 'e histoaryske berte- en stjertejierren fan Karel de Grutte (±742-814), dêr't út blykt dat Gilles al tritich jier dea wie ear't Karel berne waard.

Om 'e abdij hinne dy't yn 'e sânde iuw troch Gilles stifte wêze soe, groeide neitiid it plak Saint-Gilles-du-Gard. De abdij sels waard yn 'e tsiende iuw oan Gilles wijd en omneamd ta de Sint-Gillesabdij. It bleau it sintrum fan 'e ferearing fan Gilles as hillige, ek nei't in rivalisearjend grêf fan him yn Toulouse ûntdutsen waard. De abdij wie ek in halte op 'e Camino de Santiago, de pylgerrûte fan Arles nei Santiago de Compostela, yn Galysje. De ferearing fan Gilles wreide him yn 'e Midsiuwen oer hiel Jeropa út, sa't blykt út 'e withoefolle tsjerkegebouwen en kleasters dy't nei him ferneamd waarden yn Frankryk, Spanje, Dútslân, Poalen, Hongarije, Slowakije en it Feriene Keninkryk, en ek út 'e talrike manuskripten yn proaza en fersfoarm dêr't syn deugden en wûndertekens yn beskreaun steane. Ut hiele Jeropa kloften de pylgers gear nei it hillichdom fan Gilles yn syn abdij.

Yn 1562, ûnder de Frânske Godstsjinstoarloggen, waarden de relikwyen fan Gilles oerbrocht nei Toulouse, om se te rêden fan 'e Hugenoaten. Neitiid rûn it tal pylgers tebek. Doe't trije iuwen letter, yn 1862, de relikwyen werombrocht waarden nei Saint-Gilles-du-Gard, en doe't yn 1865 dêr ek de grêftombe fan Gilles werûntdutsen waard, begûnen fromme roomsen wer op beafeart te gean nei de Sint-Gillesabdij. Behalven yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt Gilles ek fereare troch in diel fan 'e Eastersk-Katolike Tsjerken en fierders troch de Eastersk-Otterdokse Tsjerken en de Anglikaanske Tsjerke.

Gilles is de patroanhillige fan bidlers, boarstfieding, earmen, ferstjitlingen, hynders, hoefsmidden, klúzners, lichaamlik beheinden, pasjinten fan epilepsy, kanker en lepra, lju dy't oan nachtfrees lije, rammen, sljochtsinnigen, spoaremakkers, ûnfruchtberen en wâlden. Hy wurdt ek oanroppen ta beskerming foar de pest, eangst yn 'e bernetiid en foar klinyske depresjes, benammen yn Normanje. Syn wichtichste hillichdom is noch altyd de Sint-Gillesabdij yn Saint-Gilles-du-Gard, mar dêrnjonken nimt ek de Sint-Gilleskatedraal yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh in foaroansteand plak yn. It fêste attribút, dêr't men Gilles yn ôfbyldings oan werom ken, is de hine of de pylk. Syn hjeldei falt op 1 septimber. Gilles is ien fan 'e saneamde Fjirtjin Hillige Helpers, en de iennichste fan dy groep dy't gjin martelder is.

Njonken Saint-Gilles-du-Gard binne noch njoggentjin oare stêden nei Gilles ferneamd. Plakken dêr't relikwyen fan him bewarre wurde, binne Saint-Gilles-du-Gard, Toulouse en in grut tal oare Frânske stêden, en om utens Antwerpen, Brugge en Doarnik yn Belgje, Keulen en Bamberg yn Dútslân, Rome en Bologna yn Itaalje, Praach yn Tsjechje en Esztergom yn Hongarije. Hy is ek de patroanhillige fan in grut tal stêden, te witten: Edinburgh yn Skotlân, Graz en Sankt-Gilgen yn Eastenryk, Neurenberch, Osnabrück, Breunswyk en Wollaberg yn Dútslân en Sint-Gilles en Sint-Gilles-Waas yn Belgje. Yn Rome is de tsjerke Sant'Egidio nei him ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.