Springe nei ynhâld

Jenny Greenteeth

Ut Wikipedy
Jenny Greenteeth
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Jinny Greenteeth,
Ginny Greenteeth,
Jeannie Greenteeth,
Wicked Jenny, Peg o' Nell
sekse froulik
soarte personaazje hekse of bûzehappert
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Peg Powler, grindylow
attributen griene hûd, griene tosken

Jenny Greenteeth (Ingelsk foar "Jenny Grientosk") is in boasaardich personaazje út 'e Ingelske folkloare, dy't yn it ferline wol brûkt waard as berneskrik. Hja wurdt foarsteld as in wetterhekse of bûzehappert dy't bern of oare lju it oerflaktewetter yn skuort, mei de bedoeling om harren te ferdrinken.

Neiere beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jenny Greenteeth komt fral foar yn 'e folkloare fan Northumbria, yn it noarden fan Ingelân, en yn oangrinzgjende kriten. Sa wurdt se Jinny Greenteeth neamd yn Lancashire, en stiet se bekend as Ginny Greenteeth, Jeannie Greenteeth, Wicked Jenny ("Boaze Jenny") of Peg o' Nell yn Cheshire en Shropshire. Se wurdt foarsteld, sa't har namme al ferriedt, mei griene tosken, mar faak ek mei in griene hûd en (dûnkerder) grien hier. Har hier is lang, har tosken binne skerp, en har neilen binne lang en klauwen allyk.

Ut 'e folksferhalen oer har komt Jenny Greenteeth nei foarren as in yn it wetter libjende hekse of as in bûzehappert. Wat dat oangiet, liket se sterk op guon oare figueren út 'e Ingelske folkloare, lykas Peg Powler of in grindylow. Se is boasaardich en soe bern en âlden fan dagen oerflaktewetters yn skuorre om se te ferdrinken. Behalven yn wetter soe Jenny Greenteeth har by nacht ek wol beskûlhâlde tusken de tûken fan beammen.

De measte folkloristen binne fan tinken dat Jenny Greenteeth nei alle gedachten oarspronklik betocht is as berneskrik, om bern by gefaarlike wetters wei te hâlden. Soartgelikense berneskrikken komme oer de hiele wrâld foar, lykas de Slavyske rûsalka, de Japanske kappa en de bunyip fan 'e Australyske Aborizjinals. Oare saakkundigen sjogge Jenny Greenteeth as in oerbleaun oantinken út tiden dat der op 'e Britske Eilannen noch minske-offers brocht waarden.

De namme 'Jenny Greenteeth' wurdt ek wol jûn oan 'e plant einekroas, dat in oanienslutend bedek foarmje kin oer in hiel oerflaktewetter. Dat kin guon, benammen bern dy't net better witte, misliede om te tinken dat it om fêste grûn giet, wat ta rare gefolgen liede kin. Fral yn en omkriten en yn súdwestlik Lancashire is dy betsjutting fan 'Jenny Greenteeth' hiel algemien.

Yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jenny Greenteeth komt geregeldwei foar yn moderne literêre of filmyske wurken fan it fantasysjenre. Sa wie it meunster yn 'e mar (Meg Mucklebones) út 'e film Legend út 1985, fan regisseur Ridley Scott, op Jenny Greenteeth basearre.

As Jenny Green Teeth (mei spaasje tusken green en teeth) is se it titelpersonaazje yn 'e ferhalebondel Jenny Green Teeth and Other Short Stories (2003) fan 'e Nijseelânske skriuwer Joel Hayward. Se is ek it ûnderwerp fan it gedicht Welsh Maiden, fan deselde skriuwer, yn syn dichtbondel Lifeblood: A Book of Poems (2003).

Yn 'e novelle Water Babies (2004), fan Simon Brown, wurdt Jenny Greenteeth neamd as ien fan 'e withoefolle nammen foar in bernemoardzjende wetterdemon. Yn dat boek docht in Australyske plysjeman ûndersyk nei in rige ferdrinkingsgefallen dy't eins, sa docht bliken, de rôfsuchtige oanfallen binne fan in op in seehûn lykjend boppenatuerlik wêzen.

Oare boeken dêr't Jenny Greenteeth yn figurearret, binne The Wee Free Men (2003) fan Terry Pratchett, wêryn't se besiket it lytse bruorke fan 'e haadpersoan, Tiffany Aching, te ferdrinken, en ferskate dielen fan 'e romansearje The Dresden Files fan Jim Butcher, wêryn't se in lid fan it Winterhôf fan 'e ierdgeasten is, oant se yn it koarte ferhaal Something Borrowed úteinlik oan har ein komt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.