Seelie en Unseelie

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De termen Seelie en Unseelie binne kategoryen út 'e Skotske en Noardingelske folkloare foar de yndieling fan ierdgeasten en oare mytyske wêzens. De oantsjuttings komme fan it Skotske wurd seilie en/of it Northumbrysk-Ingelske wurd seely, dat beide safolle betsjut as "lokkich" of "seinge". Beide foarmen binne besibbe oan it Fryske 'sillich', dat it Seelie Court en it Unseelie Court fan 'e ierdgeasten soe dus oerset wurde kinne as it "sillige hôf" en it "ûnsillige hôf". It tinken is dat dy kategoryen in eardere (Ier-Midsiuwske) klassifikaasje wjergalmet fan Germaanske elven fan ljocht en tsjuster (de saneamde ljósálfar en dökkálfar), mei't de oarspronklike Keltyske ierdgeasten fan 'e Britske Eilannen sa'n ferdieling net hiene.

Yn 'e Skotske en Ingelske folkloare waarden ierdgeasten fan it Seelie Court sjoen as 'ljocht' en dy fan it Unseelie Court as 'tsjuster'. Fan dy fan it Seelie Court leaude men dat se soms minsken holpen en soms help sochten by minsken. Ek soene sokke ierdgeasten minsken warskôge hawwe as dy harren by fersin misledigen of lulk makken, en soene se freonlike dieden fan minsken beäntwurde hawwe mei itselde soarte dieden. Se soene in lichthertige libbenswize hân hawwe en fertriet gau fergetten hawwe. Likegoed wie it sa dat se ûnmeilydsum wraak namen foar misledigings en gauris kattekwea úthellen, wêrby't se gjin besef hiene hokker ynfloed oft harren streken op har minsklike slachtoffer hie.

De ierdgeasten fan it Unseelie Court wiene minder freonlik. Der wie gjin mislediging nedich om in oanfal fan harren út te lokjen. Oars as de Seelie-ierdgeasten, dy't almeast by moarnsdage en yn 'e jûnsskimer ferskynden, soene dy fan it Unseelie Court benammen te neare nacht aktyf west hawwe en minsken ûntfierd en mishannele hawwe dy't dan noch op 'en paad wiene. Yn Skotlân waarden de ierdgeasten fan it Unseelie Court beskôge as bûnsgenoaten fan heksen en warlocks. Lykwols, krekt sa't de wêzens fan it Seelie Court net folslein goed en net altyd freonlik wiene, wiene de ierdgeasten fan it Unseelie Court net folslein kwea en net altyd fijannich. In protte Unseelie-ierdgeasten koene leare om in minske lije te meien as dy harren mei respekt behannele. Soms soene minsken troch sokke wêzens ûnder beskerming nommen wêze, hoewol't de relaasje mear wei hie fan dy tusken in master en in húsdier as fan dy tusken twa gelikensen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.