Springe nei ynhâld

Wearwolf

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Loup-garou)
In wearwolf op in Dútske houtfyk út 1722

In wearwolf of lykantroop is in minske dy't him troch stalferwikseling feroarje kin yn in wolf of in hybride wêzen dat heal minske en heal wolf is. Dit is in standertfiguer dat faak in wichtige rol spile yn in protte Jeropeeske myten, mearkes en folksferhalen. Yn dat ramt kamen wearwolven foar yn in grut ferskaat oan farianten, dy't ferbûn waarden troch in mienskiplike Midsiuwske ûntwikkeling fan 'e kristlike ynterpretaasje út beskate pre-kristlike kulturele eleminten. Tsjintwurdich is de wearwolf in wêzen dat in protte foarkomt yn 'e literêre sjenres fan 'e fantasy en de horror. Yn dat ramt komt men ynstee fan 'e oantsjutting 'wearwolf' ek geregeldwei de Frânske term loup-garou tsjin.

It wurd 'wearwolf' is in gearstalling fan twa wurden fan Germaanske oarsprong. 'Wear' betsjut "man" en 'wolf' fansels "wolf", sadat de feitlike betsjutting 'manwolf' is. Ferlykbere wurdfoarmen yn âldere Germaanske talen binne it Angelsaksyske werwulf, it Aldheechdútske Weriuuolf, it Midheechdútske werwolf, it Aldfrankyske *wariwulf en it Aldnoarske varúlfur. (It Frysk Hânwurdboek, dat yn 2008 útkaam, jout de foarm 'wjerwolf',[1] mar dat moat in fersin wêze, mei't it foarheaksel 'wjer-' "tsjin-" betsjut, en dat wurd dus "tsjinwolf" betsjutte soe. Ferskate Fryske skriuwers, wêrûnder Liuwe Westra, de oersetter fan Tolkien syn Master fan Alle Ringen, litte har op dit punt dan ek neat oan it Hânwurdboek gelegen lizze.)[2] In oare beneaming foar in wearwolf is lykantroop. Dat wurd komt fan it Grykske λυκάνθρωπος, lykánthropos, dat gearstald is út λύκος, lykos ("wolf") en ἄνθρωπος, anthrōpos ("minske").

Omskriuwing en wurdearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e folkloare wurdt it bestean fan wearwolven yn 'e regel ferklearre troch in flok of in oandwaning (te witten ien dy't oprûn is troch de byt fan in oare wearwolf). Teffens wurdt dêryn in konneksje lein tusken wearwolven en de folle moanne, wierskynlik fanwegen it leauwe dat wolven nei de folle moanne gûle. Sa ûntstie it idee dat wearwolven by folle moanne, oft se dat no wolle of net, feroarje yn in ferskuorrend bist dat dea en ferdjer sieddet en sels syn freonen net mear weromken en samar deamakket. De oare moarns, as de ynfloed fan 'e folle moanne belunet, feroaret er dan wer werom yn in minske en wit er net mear wat er dien hat. Oan 'e basis hjirfan stiet in oar idee, nammentlik dat de wearwolf gjin ynfloed op syn stalferwikseling útoefenje kin en dat er syn yntellekt ferliest as er syn wolvefoarm oannimt.

Yn 'e moderne literatuer is de bân mei de moanne faak folle losser en kinne wearwolven gauris ek op oare tiden in wolvefoarm oannimme. Fierders kinne se net selden sels bepale wannear't se fan stal feroarje wolle, en nettsjinsteande it feit dat wearwolven yn 'e folkloare altyd ôfskildere wurde as moardsuchtige meunsters, spylje se yn in oansjenlik diel fan 'e hjoeddeistige fantasyliteratuer in helderol. Wearwolven komme bygelyks foar yn 'e Harry Potter-rige fan J.K. Rowling, en spylje de haadrol yn 'e romansearjes Mercy Thompson en Alpha and Omega fan Patricia Briggs. In oar elemint út it eardere byleauwe oangeande wearwolven is dat se net oer sulver kinne soene, en dat se dêrom inkeld mei in sulverne kûgel of in sulveren stekwapen deade wurde kinne soene. Dit tipelsinnige idee wurdt ornaris wol yn syn gehiel troch de moderne fantasy- en horrorliteruer oernommen.

Foarhinne leaude men dat wearwolven echt bestiene; iere boarnen op dat mêd binne Petroanius (27-66) en Gervase fan Tilbury (1150-1228). Dat leauwe ûntjoech him yn 'e Midsiuwen en ûnder de Renêssânse parallel oan it leauwen yn heksen. Yn 'e iere fyftjinde iuw fûnen yn 'e súdwestlike Switserske kantons Wallis en Vaud de earste berjochtings plak fan lju dy't derfan beskuldige waarden wearwolven te wêzen, en yn 'e sechstjinde iuw fersprate dy praktyk him oer hiel Frânsk- en Dútsktalich Jeropa, lykop geand mei de hekseferfolgings, hoewol't de berjochtings fan 'wearwolven' yn oantal mar in fraksje foarmen 'e berjochtings fan 'heksen' yn deselde perioade. De wearwolveferfolgings berikten yn 'e santjinde iuw in hichtepunt en belunen geandewei de achttjinde iuw sterk yn oantal, om tsjin 1800 alhiel op te hâlden.

In gravuere fan in wearwolve-oanfal, út 1512 fan Lucas Cranach de Alde

De alfde-iuwske Wytrussyske foarst Usiaslau fan Polatsk soe neffens It Ferhaal fan Igors Fjildtocht in wearwolf west hawwe, dy't him mei boppeminsklike faasje bewege koe en nachts yn 'e foarm fan in wolf de omkriten fan syn kastiel ûnfeilich makke. Yn 1589 late de rjochtsaak tsjin Peter Stumpp, in Dútske boer en mooglik searjemoardner dy't him oan kannibalisme skuldich makke hawwe soe en troch syn berjochters as wearwolf weiset waard, ta in oansjenlike taname fan sawol de belangstelling foar as de ferfolging fan 'wearwolven'.

Ien fan 'e meast ferneamde wearwolvesaken wie dy fan it Bist fan Gévaudan, dat fan 1764 oant 1767 in skrikbewâld fierde yn 'e eardere súdlike Frânske provinsje Gévaudan (no Lozère). De moarden op mear as hûndert manlju, froulju en bern dy't dêr yn dy snuorje plakfûnen, soene it wurk west hawwe fan in wearwolf, hoewol't moderne wittenskippers ornaris fermoedzje dat der in hiele ridel minske-itende (natuerlike) wolven ferantwurdlik foar wie. Oer it algemien wie de ferfolging fan wearwolven tsjin dy tiid yn Frankryk al ta in ein kommen; yn it Dútsktalige gebiet, en fral yn Beieren en Eastenryk, duorre dy ferfolging lykwols fuort oan fier yn 'e achttjinde iuw. Tsjin 'e ein fan dy iuw waard de wearwolf ynteressant as ûnderwerp fan folkloristyske stúdzjes en it doe opkommende literêre sjenre fan 'e Goatyske roman, de foarrinner fan 'e hjoeddeistige horror.

De sykte rabiës (hûnsdûmens), docht ek tinken oan it fenomeen 'wearwolf'. Men kin dêr sa siik wurde, dat men der útsjocht as in bist en dêrnjonken ek begjint te âljen en te skombekjen. Yn 'e psychiatry wurdt it ferskynsel dat immen mient dat er in wolf is, mei de term klinyske lykantropy oantsjut.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Haan, Rienk, en Sijens, Hindrik (û. red. f.), Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy/Afûk), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2316.
  2. Tolkien, J.R.R., It Selskip fan de Ring (oers. Liuwe H. Westra), Ljouwert, 2010 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. Utjouwerij Elikser B.V.), ISBN 978-9 08 56 60 224.
  3. Encyclopaedia Britannica Ultimate Reference Suite 2008: 'Werewolf'.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.