Folle moanne

Ut Wikipedy
In folle moanne.

Folle moanne of ljochtmoanne, ek wol ripe moanne neamd, is de skynfoarm of faze wêryn't de moanne fanút it eachpunt fan 'e Ierde yn syn hiele hear en fear beljochte wurdt troch de sinne. Dat bart as de Ierde tusken de sinne en de moanne yn stiet, om persiis te wêzen: as de ekliptyske lingtegraden fan 'e sinne en de moanne mei 180° ferskille. Dat betsjut dat it lunêre healrûn dat nei de Ierde ta keard is (de saneamde foarkant fan 'e moanne) folslein troch sinneljocht rekke wurdt en fan 'e Ierde ôf te sjen is as in rûne skiiffoarm, wylst de efterkant fan 'e moanne hielendal yn it tsjuster sit.

Ynfloed op astronomyske waarnimmings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folle moanne is net it bêste momint om astronomyske waarnimmings te dwaan. It ljocht fan 'e moanne is te fel en oertreft dêrmei it ljocht fan 'e stjerren. Ek de moanne sels is by folle moanne net optimaal waar te nimmen, mei't troch it ûntbrekken fan skaadfoarming de kraters en moanneberchtmen min werom te kennen binne.

Ynfloed op it tij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om folle moanne (en om nije moanne) hinne binne de tijkrêften yn wrâlds oseänen it sterkst, om't sinne en moanne dan op ien line steane. De dêrtroch feroarsake ekstra hege floed op 'e dagen nei folle moanne (en nije moanne) wurdt it springtij neamd.

Kalinder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folle moanne komt rûchwei ienris yn 'e moanne (perioade) foar. It tiidsynterval tusken in folle moanne en de folgjende folle moanne hjit in lunêre moanne. Dy tiidsperioade duorret trochinoar 29,53 dagen. In lunêr jier (opboud út lunêre moannen) is dêrom likernôch 11 dagen koarter as in 'gewoan' kalinderjier. In lunêre kalinder is in kalinder dy't basearre is op fazen fan 'e moanne; foarbylden dêrfan binne de tradisjonele Sineeske kalinder, de islamityske kalinder en de joadske kalinder. Yn guon lunêre kalinders foeget men ienris yn 'e trije jier in trettjinde lunêre moanne ta, om't de moannen oars yn ferhâlding ta de jiertiden begjinne te ferskowen (sa't bygelyk by de islamityske kalinder bart). Yn lunêre kalinders dy't de moannen begjinne litte mei in nije moanne, falt de folle moanne op 'e fjirtjinde of fyftjinde dei fan 'e lunêre moanne.

Folle moanne. De oranjige kleur is net de kleur fan 'e moanne sels, mar in optysk effekt dat feroarsake wurdt troch de stân fan 'e moanne, deunby de hoarizon.

Moannefertsjusterings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By folle moanne docht him soms in ferskynsel foar dat moannefertsjustering hjit. Dêrby skoot de moanne yn it skaad fan 'e Ierde en kin it hiele of in diel fan it oerflak fan 'e moanne in readige tint krije. Dat optyske ferskynsel wurdt feroarsake troch de Rayleigh-fersilling fan blauwe weachlingten en de refraksje fan sinneljocht troch de atmosfear fan 'e Ierde.

Moannefertsjusterings komme inkeld by folle moanne foar en dan noch allinnich op punten yn 'e baan fan 'e moanne dêr't dy troch it skaad fan 'e Ierde kruse kin. Der is net eltse moanne in moannefertsjustering om't de baan fan 'e moanne in hoeke hat fan 5,14° yn ferhâlding ta de ekliptika fan 'e Ierde (it flak wêryn't de Ierde him om 'e sinne hinne beweecht). Sadwaande giet de moanne likernôch de helte fan 'e kearen boppe en de oare helte fan 'e kearen ûnder it skaad fan 'e Ierde lâns. Allinnich as de moanne persiis yn ien fan 'e beide snijpunten (of knopen) fan it baanflak mei it flak fan 'e ekliptika stiet, docht him in folsleine of ûnfolsleine moannefertsjustering foar. Dat is ûngefear ienris yn it healjier.

Byleauwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e folkloare wurde ferskate ynfloeden fan 'e folle moanne op it libben op 'e Ierde oannommen. Dêrby giet it bygelyks om moannesykte, in foarm fan sljochtsinnigens dy't mei folle moanne syn hichtepunt berikt (ek bekend fan it Ingelske wurd lunatic, dat troch de tiid hinne in algemiene útdrukking foar "gek" wurden is). Fierders wurdt it spûkgûlen fan wolven wol "gûlen nei de moanne" neamd. Dat soene se dan fral by folle moanne dwaan (wat net wier is). De wearwolf, in mytysk wêzen, is in minske dy't by folle moanne de it stal oannimme kin fan in wolf. Noch wer in oar byleauwe is dat beskate krûden by foarkar by folle moanne plôke wurde moatte soene om't dat om net neier útleine redens foar in maksimale homeopatyske wurksumheid soargje soe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.