Springe nei ynhâld

Punch (drinken)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Punch (drank))
Punch mei whiskey dertroch yn in punchbowl mei in sleef.

Punch is in beneaming dy't brûkt wurde kin foar in breed skala fan soarten mingd drinken, fan waarm oant kâld en fan frisdrinken oant alkohoalyske drank. De namme komt út it Ingelsk, dêr't it útsprutsen wurdt as [pʌnʧ] (likernôch: "pantsj"). It is lykwols in lienwurd dat oernommen is út it Hindy, fan पञ्च, pañca (útspr.: [pãʧ], likernôch: "pantsj" mei de nasalisearre n fan 'lâns'). Dat betsjut "fiif", en ferwiist nei de (oarspronklike) fiif yngrediïnten fan punch: alkohol, sûker, sitroen, wetter en tee. Fia de Ingelske Eastyndyske Kompanjy waard it begryp 'punch' yn 'e rin fan 'e santjinde iuw yn Ingelân yntrodusearre. De ierste fermelding fan 'e term yn in (Ingelsk) dokumint datearret fan 1632. Ut Ingelân wei waard punch letter ferspraat nei oare Jeropeeske lannen en nei Noard-Amearika en oare dielen fan 'e wrâld.

De basis foar punch is yn 'e regel fruit; it drinken wurdt dêrom ek wol fruchtepunch neamd. Wat it soarte fruit oangiet, kin it gean om sitroen, limoen, banaan, sinesapel, ananas, mandaryn of kers, dy't oan lytse stikjes snien wurdt. Soms wurde der twa of mear ferskillende soarten fruchten brûkt. Dêr wurdt in grutte hoemannichte sinesapelsop of oar fruchtesop by dien, dat op smaak brocht wurdt mei sûker en soms ek mei piper. Dan wurdt dêroan al of gjin alkohoalyske drank tafoege, foarhinne almeast whiskey, mar tsjintwurdich faak rum (rumpunch). Om't rum fan himsels al tige swiet is, kin men yn dat lêste gefal it oanmingen mei sûker faak gewurde litte.

Punch wurdt op feesten faak optsjinne yn in grutte kom, in saneamde punchbowl, dêr't de feestfierenden dan sels mei in sleef harren glês út folje kinne. As it op dy wize optsjinne wurdt, mei men ferwachtsje dat der gjin of mar in lyts bytsje alkohol yn dien is. Yn 'e Feriene Steaten wurdt it wurd 'punch' (ek) brûkt foar kommersjeel produsearre soarten frisdrinken dêr't eins gjin of mar amper fruit trochhinne sit. Dus it kin skoan dat yn in produkt dat oanpriizge wurdt as 'fruchtepunch' hielendal gjin fruchten sitte.

  • bowl, in lyksoartige fruchtemingdrank dy't yn Nederlân optsjinne wurdt

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.