Oger (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy
In sêne út Orlando Furioso: Norandino, de kening fan Damaskus, en syn frou Lucina hawwe skipbrek lit. As se besykje te ûntsnappen út in grot, wurdt Lucina ûntdutsen troch in oger.
(In skilderij fan Giovanni Lanfranco út ±1624.)

In oger (froulike foarm: ogresse) is in mytysk wêzen yn 'e foarm fan in minske-itende reus. Sokke wêzens wurde ornaris foarsteld mei in disproporsjoneel grutte holle, in soad hier oer it hiele lichem en faak in hûd fan in ûngewoane kleur. Se hawwe yn 'e measte gefallen in foarkar foar it iten fan minsklike poppen en lytse bern. Wêzens fan dat soarte komme foar yn 'e leginden, myten en mearkes fan in grut tal lannen en folken, mar de oger is spesifyk ôfkomstich út 'e folkloare fan Frankryk en Itaalje. Dêrwei is er letter, mooglik al troch de Normandyske Ynvaazje fan 1066, yn 'e Ingelske folkloare trochkrongen.

As wurd is 'oger' yn it Frysk en Nederlânsk in frij resinte ûntliening út it Frânsk (fan ogre), en wurdt it yn dy sin benammen brûkt yn (oersettings fan) moderne fantasyliteratuer. It wurd stiet lykwols net yn 'e Dikke Van Dale, noch yn Het Groene Boekje. Yn Fryske en Nederlânske oersettings fan âldere ferhalen, lykas it bekende mearkes Lyts Tomke en Jaap en de Beanestaak, wurdt 'oger' sadwaande ienfâldichwei fertaald mei 'reus'. Etymologysk is ogre troch it Frânsk ûntliend oan it Italjaanske orco, dat yn 'e Napolitaanske foarm uerco ûnder mear oantroffen wurdt yn 'e Pentamerone fan Giambattista Basile (1575-1632).

Basile syn wurk is lykwols lang net de âldste oerlevering fan it wurd yn it Italjaansk, en ek yn it Frânsk wie it al fier foar de tiid fan Basile trochkrongen. It âldst oerlevere gebrûk fan it Frânske ogre datearret nammentlik út 'e tolfde iuw, út 'e ridderroman Perceval, li Contes del Graal, fan Chrétien de Troyes. 'Oger' hat in noch âldere foarm yn it Latyn, orcus, dêr't it Aldingelske orcnēas op weromgiet, dat yn regel 112-113 fan it Midsiuwske epos Beowulf neamd wurdt en dat yn 'e tweintichste iuw skriuwer J.R.R. Tolkien ynspirearre ta de foarm 'oark' foar de boasaardige wêzens yn The Hobbit en The Lord of the Rings. Uteinlik giet it wurd 'oger' werom op Orkus, de namme fan in Etruskyske god dy't minskefleis iet. It bleau in frij ûnbekend wurdt oant de Frânske foarm yn 'e santjinde iuw popularisearre waard yn 'e mearkes fan Charles Perrault (1628-1703) en Marie-Catherine Jumelle fan Berneville, grevinne fan Aulnoy (1650-1705).

Wêzens dy't besibbe binne oan ogers binne û.m. de jötnar út 'e Noardske mytology, de oni út 'e Japanske folkloare en de syklopen út 'e Grykske mytology (lykas dy dy't yn 'e Odyssee fan Homearus Odysseus syn bemanning finzen hâldt en ien foar ien opfret). It bekendste moderne foarbyld fan in oger is it grienhûdige titelpersonaazje út 'e Shrek-rige. Yn dy films wurdt de saak omdraaid en wurdt de oger as freonlik en goedaardich foarsteld, wylst de minsken him oanhâldend fijannich behannelje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.