Naked City: Tales of Urban Fantasy

Ut Wikipedy
Naked City: Tales of Urban Fantasy
algemiene gegevens
auteur Ellen Datlow (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2011, New York
oarspr. útjwr. St. Martin's Griffin
kodearring
ISBN 978-0 31 23 85 248

Naked City: Tales of Urban Fantasy is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redaktrise Ellen Datlow. De titel betsjut "Neakene Stêd: Ferhalen fan Urban Fantasy". De bondel omfettet 20 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegearre geane oer tsjoenderij yn 'e hjoeddeistige stêd. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Jim Butcher, Patricia Briggs en Naomi Novik. Alle ferhalen út Naked City waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Naked City: Tales of Urban Fantasy waard yn 2011 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij St. Martin's Griffin.

Ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Jim Butcher, Curses (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  2. Delia Sherman, How the Pooka Came to New York City
  3. Richard Bowes, On the Slide
  4. Ellen Kushner, The Duke of Riverside
  5. Christopher Fowler, Oblivion by Calvin Klein
  6. Patricia Briggs, Fairy Gifts (ûnderdiel fan 'e Mercy Thompson-rige)
  7. Pat Cadigan, Picking Up the Pieces
  8. Peter S. Beagle, Underbridge
  9. Naomi Novik, Priced to Sell
  10. Matthew Kressel, The Bricks of Gelecek
  11. Kit Reed, Weston Walks
  12. Lavie Tidhar, The Projected Girl
  13. Nathan Ballingrud, The Way Station
  14. Melissa Marr, Guns for the Dead
  15. John Crowley, And Go Like This
  16. Holly Black, Noble Rot
  17. Jeffrey Ford, Daddy Longlegs of the Evening
  18. Lucius Shepard, The Skinny Girl
  19. Caitlin R. Kiernan, The Colliers' Venus (1893)
  20. Elizabeth Bear, King Pole, Gallows Pole, Bottle Tree

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Datlow, Ellen, (red.), Naked City: Tales of Urban Fantasy, New York, 2011 (St. Martin's Griffin), ISBN 978-0 31 23 85 248.