Garmant Nico Visser

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Garmant Nico (Germen) Visser (Jiskenhuzen, 20 augustus 1910 - Bussum, 5 septimber 2001) wie in sosjograaf, dichter, oersetter fan Brazyljaanske, Portugeeske en Argentynske dichters en Frysk beweger.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Garmant Nico Visser waard berne yn Jiskenhuzen as soan fan in skoalmaster, dy't letter yn Amsterdam beneamd waard. Visser hat it meastepart fan syn jonkheid bûten Fryslân wenne.

Yn 1935 studearre er ôf yn de sosjale geografy oan de universiteit fan Amsterdam. Nei in koart skoft learaar west te hawwen en inkelde tydlike tsjinstferbannen oan arbeidsburo’s, ûnder oaren yn Ljouwert, hat er lange jierren as sosjograaf ferbûn west oan it Ynstitút fan de Tropen yn Amsterdam. Yn 1963 waard er ûndersiker by it Nedersaksysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit Grins. Syn wurk kaam lykwols hieltyd mear op it taalkundich mêd te lizzen; Visser behearske ferskeidene frjemde talen dêr't it Spaansk en it Portugeesk ûnder wiene. Hy ferdjippe him yn it Midfrysk en dan benammen yn it wurk fan Gysbert Japicx. Yn Grins die er teffens ûndersyk nei de 17e- en 18e-iuwske East-Nederlânske literatuer.

Visser debutearre as dichter yn 1935 yn it moanneblêd Frisia, ar syn earste dichtbondel, Jolm ('oanspielsel'). Jolm befette tige persoanlik, iepenhertichheid yn erotyske saken, wat bitter dichtwurk dat opskuor feroarsake yn de Fryske literêre fermiddens. Foar- en tsjinstanners warden har fûl. It tydskrift De Tsjerne organisearre sels in sympoasium yn 1948, dat drok besocht waard. Anne Wadman wie 'foar' en Fedde Schurer 'tsjin' it wurk fan Visser. Fokke Sierksma (1917-1977) koe it ek wol wurdearje.

Visser syn twadde bondel Agger (bestjut sokssawat as 'neifloed') kaam út yn 1964. In part fan de fersen út dy bondel stamme út deselde perioade as dy fan Jolm (1936-1950). De tredde bondel Wyldewrang (oare namme foar hûnebeistâl of bitterswiet) ferskynde simmer 1978 by Lykele Jansma yn Bûtenpost.

Guonts wienen fan betinken dat Visser syn frysknasjonalisme somtiden te fier gie en faksistyske eleminten befette. Benammen oer it fers ‘Nordyske geast’ fregen Eppie Dam, Tiny Mulder en Willem Abma harren ôf of guon passaazjes ironysk opfette wurde koenen of net.

Neist syn grutte leafde foar Fryslân docht út syn wurk fan nei 1970 ek frustraasje en ôfgriis bliken oer it fersleaukjen fan de Fryske taal.

Wurdearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Freark Dam skreau yn Tekst en útliz (Afûk): 'Visser syn bondel Jolm hat, sa soe men efterôf sizze kinne, katalysearjend wurke yn it fernijingsproses dat (ek) de Fryske literatuer ûndergien hat – net sasear wat de foarm, mar wol wat libbensgefoel, toan en tematyk oanbelanget. Gefoelens fan iensumens, ûnwennigens, erotyske frustraasje en protest tsjin moai-skyn hiene har oant doe ta yn de Fryske dichtkeunst noch net sa oppenearre’.

Priuwke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anno 1946

Ek dit oanfurdigje ik, in toar bestean
iensum, allinne ta de ein te gean.
Ek dit oanfurdigje ik, gjin gloede mear,
o hert, o roas, dy't alle read ferlear.
Ek dit oanfurdigje ik, alle hoop ferlern
Fryslân jit ienris jong en grien te sjen.
Ek dit oanfurdigje ik, ek dit: de ein,
froast oer myn fielen, nacht yn dit brein.[1]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1947 : Jolm
  • 1964 : Agger
  • 1978 : Wyldewrang
  • 1989 : Samle fersen, besoarge troch D.A. Tamminga

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Visser, Garmant Nico.

  1. E. Hoekstra