Fryske Beweging
De Fryske Beweging hâldt yn it hiel fan stribjen en organisaasjes dy't rjochte binne op it fuortbestean en ûntjaan fan it eigen Fryske folkskarakter en de Fryske taal. Ta de Fryske Beweging kinne alle persoanen en ynstânsjes rekkene wurde dy't har ynsette of ynsetten hawwe foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer. Foar guon bewegers hâlde en hâldt dat tagelyk in stribjen yn nei (mear) ûnôfhinklikheid fan it sintrale Nederlânske gesach.
It begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feitlik begûn de Fryske Beweging mei de dichter Gysbert Japiks (1603 - 1663), de ûnbetwiste grûnlizzer fan it moderne skreaune Frysk. Sûnder him soe it Frysk as literêre taal de tiid net oerlibbe hawwe. Hoewol hy yn lytse kring bewûndere waard, soe Gysbert yn syn tiid gjin beweging yn gong lûke.
It duorre oant 7 july 1823, de tiid fan de Romantyk, eart yn de Sint Martinitsjerke te Boalsert de earste Gysbert Japiksbetinking hâlden waard. De menniste dûmny Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), hat dat feest in jier letter wiidweidich beskreaun yn syn 'Hulde aan Gysbert Japiks'. It wie lykwols benammen de Frjentsjerter heechlearaar Gryksk Everwinus Wassenbergh (1742-1826) dy't stúdzje makke fan it wurk fan Gysbert Japiks en dat ek mei sukses by oaren propagearre. De beweging, dy't hy wól yn gong sette, wurdt wol de Wassenberghse Renêssânse neamd. It soe liede ta de earste foarm fan organisaasje fan de Fryske Beweging, al soe Wassenbergh dat sels net mear belibje.
De earste organisearre beweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 27 septimber 1827 waard troch Franciscus Binkes, Hendrik Amersfoordt en Freerk Fontein it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde oprjochte, in Genoatskip, seker yn de begjintiid, fan wat men de 'hegerein' neamme kin. Ek Eeltsje Halbertsma waard lid, mar yn 1834 betanke er as lid. De reden skreau er oan syn broer Joast: "Es gibt Narren aller Art", en hy woe dêr net ien fan wêze. It Frysk waard troch it Genoatskip dan wol bestudearre, fiertaal wie it by harren yn dy begjinjierren út of yn net. Ek it sûnt 1839 ferskinende (en noch altyd besteande) tydskrift "De Vrije Fries" wie foar it meastepart yn it Hollânsk. Wol binne der foar de tiid fan de "De Vrije Fries" noch in seistal nûmers fan in "Friesch Jierboeckjen" ferskynd.
Op 14 septimber 1844 waard yn 'Het Gouden Wagentje' oan de Nijstêd te Ljouwert troch Harmen Sytstra, Tiede Dykstra en Jacobus van Loon it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse oprjochte. Dit selskip, ek wol it Selskip 1844 of Ald Selskip neamd, wie mear woartele yn 'e mienskip. Har oanhing bestie meast út middenstânslju, lju fan de liberale boargerij en de doarpsyntelligentsia: dûmnys en skoalmasters. De bruorren Halbertsma bringe mei har Rimen en Teltsjes it skreaune Frysk wer ûnder de minsken. Botte polityk is it dan noch net, al sjocht Sjoerd van der Schaaf yn it artikel "The origin of the Germanic and Scandinavian languages: diversity in unity" fan de hân fan Joast Halbertsma wol in politike stellingname: "Hjir is in federalist oan it wurd" is syn konklúzje en fierder "de folken moatte harren yn al har eigenaerdigens en har ûnderskate talen ûntjaen kinne".[1]
Op in breed droegen politike beweging, lit stean partijfoarming, is dan lykwols noch gjin sicht. Krekt yn dy tiid dat de grip fan de sintrale machthawwers op Fryslân aloan sterker waard, makke de opkommende organisearre Fryske Beweging him benammen drok om de Fryske stavering. De romantyk oerhearske it tinken fan de measte bewegers fan it earste oere en de wjerslach dêrfan wie werom te finen yn it earste Fryske tydskrift dat troch it Selskip útbrocht waard: Iduna. It is de mislearre bakker mar folksskriuwer by útstek, Waling Dykstra dy't him ferset tsjin de stavering dy't de bewegingsmannen betocht hawwe, en hy begjint mei de útjefte fan in eigen periodyk: De Frysce Huesfrjeun. Hy wie dêrmei in eksponint fan it opkommen fan it liberalisme en in begjin fan demokratisearring.
De tiid fan it opkommend liberalisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Selskip 1844 rekke hommels troch syn bestjoersleden hinne: Harmen Sytstra en Tiede Dykstra kamen koart efter inoar jong te ferstjerren. Jacobus van Loon naam it foarsitterskip op him mei Gerben Colmjon as skriuwer. Sûnder it duo Sytstra-Dykstra foege it Selskip him nei de liberale geast fan de tiid en wûn oan leden: nei it djiptepunt fan 1852 mei noch mar 122 leden, rûn dat tal op nei 543 yn 1885. Om 1860 wiene Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen útein setten mei harren winterjûnenocht en it Frysk folkstoaniel wie yn opkomst. De striid om de stavering waard ôfsletten mei in kompromis tusken de romantisi en de praktisi.
Yn 1879 ferskynde "De Fryske Boekstavering, in hantlieding". Dizze Selskipsstavering soe it in foech 70 jier úthâlde. De útjefte fan "It Lieteboek" troch it Selskip yn 1876 wie in grut sukses. Der bleau sels jild fan oer. Ek de saneamde Grouster stientsjefeesten, it ûntbleatsjen fan tinkstiennen foar de Halbertsma's op 13 oktober 1875 en 28 maaie 1879, levere direkte winst op: It ûntstean fan de Krite Grou dy't letter in wichtige rol yn it Selskip spylje soe.
It Frysk Genoatskip liet fan him sprekke yn 1877. Yn it paleis fan Willem III oan it Hofplein yn Ljouwert waard in grutte tentoanstelling organisearre yn ferbân mei it 50-jierrich bestean fan it Genoatskip. De provinsje en de gemeente Ljouwert wurken der oan mei. Terpfynsten, skilderijen, silverwurk, hânskriften, kaarten, alles wat te toanen wie waard toand. It wie in grut sukses: Der kamen tritichtûzen besikers op ôf en der waard rûnom yn Nederlân omtinken oan jûn yn de parse. Der bleau genôch jild fan oer om oan de Turfmerk it "Eysingahûs" oan te tugen, dêr't de samlingen fan it Genoatskip en de provinsje in fêst plak krigen. Dêrmei stie it Genoatskip oan de widze fan it Frysk Museum.
De tiid fan de partijfoarming en de twadde weach fan organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa oan it ein fan de 19e en it begjin fan de 20e iuw wie der in twadde weach fan organisaasje yn de Fryske Beweging. Krekt as by de politike partijfoarming, organisearre ek de Beweging him foar it meastepart fia de skiedslinen fan it leauwen.
Yn 1898 waard yn Amsterdam de earste Fryske studinteferiening oprjochte: Natio Frisica. De somtiden wat anty-tsjerklike hâlding yn de gelederen fan it Ald Selskip liede yn 1908 ta it oprjochtsjen fan it Kristlik Frysk Selskip en krap 10 jier letter yn 1917 folge it Roomsk Frysk Boun mei as foaroanman Titus Brandsma.
Douwe Kalma wie ien fan de mannen dy't yn 1915 oan de widze stie fan de Jongfryske Mienskip.
De selskippen om utens ferienen har op 15 septimber 1923 yn it Frysk Boun om Utens. Yn Grins waard 2 jier letter de studinteferiening FFJ Bernlef oprjochte.
Douwe Kalma syn Jongfryske Mienskip: "Fryslân en de wrâld"
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Douwe Kalma liet foar it earst fan him hearre doe't er 18 jier wie. Op ferskate manieren besocht er nij libben yn de Fryske Beweging te bringen. Yn it foarste plak troch oare literêre idealen út te dragen. Troch it oprjochtsjen fan de Jongfryske Mienskip yn 1915 koe er grutte kloften jongelju oan him bine. De Fryske Beweging waard sadwaande, folslein yn oerienstimming mei de groei fan jongereinkultuer op oare plakken yn Europa, ta in jongereinbeweging dêr’t ek foar famkes en froulju in plak yn weilein wie.[2] Yn de grutte tiid om 1920 hinne hie de Jongfryske Mienskip sa likernôch 700 jonge leden.
De Jongfriezen organisearren ûnder oaren simmerkampen foar jongerein en sy wienen de earsten dy’t yn 1917 mei 'Frisia' in serieus Frysktalich literêr tydskrift opsetten. Kalma sette him yn foar it brûken fan it Frysk yn ferskate fermiddens lykas yn it leger en it heger ûnderwiis. Dêrneist sette er alle wurken fan Shakespeare oer yn it Frysk. Hy skreau ek de earste Fryske literatuerskiednis dy’t wat omfang hie, en skreau it boek Skiednis fen Fryslân (1934).
Kalma en syn Jongfryske Mienskip brochten nij elan oan de Fryske literatuer. Skaaimerkend foar de Jongfriezen wie harren ynternasjonale oriïntaasje. Mei it biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’ presintearre Kalma Fryslân as part fan in Noardseekultuer. Fryslân soe in brêgefunksje ha moatte tusken de besibbe Ingelske en de Skandinavyske kultueren. Mei de omsetting fan dat konsept hie Kalma lykwols minder sukses.
Yn 1930 makke de Jongfries Eeltsje Boates Folkertsma syn wurk 'Selsbestjûr for Fryslân' wrâldkundich. Dat wurk kin sjoen wurde as de earste oanset ta in politike striid foar bestjoerlike selsstannigens fan de provinsje Fryslân.
Ynterfryske kontakten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1900 hinne waarden de kontakten tusken de Fryslannen sterker. Dy ynteresse kaam foaral út de taalkundige hoeke, de iere Frisisten. Mear kontakt late ta de rop út East-Fryslân wei om in jierliks treffen fan fertsjintwurdigers fan de trije Fryske gebieten. Douwe Kalma, Eeltsje Folkertsma en de feriening 'De Upstalbeam' (oprjochte yn 1924) sprieken har dêr ek foar út. En sa waard it earste Grutfryske Kongres yn 1925 yn Jever organisearre mei fertsjintwurdigers út de trije Fryslannen, Grinslân, Woersten, Bûtjadingen en Jeverlân. Dat wie de grûnslach foar mear mienskiplike gearkomsten en de oprjochting fan de Great-Fryske Rie. By it Grutfryske Kongres yn Hüsem yn 1930 waard de Great-Fryske Rie oprjochte. It doel fan de Rie wie om de ûnderlinge bân yn de tiid tusken de kongressen te hoedzjen en te noedzjen.
De krisisjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1931 kaam Douwe Kalma ree mei syn stúdzje en wurke letter dat jier as skoalmaster yn it middelber ûnderwiis yn Eindhoven. Dêrtroch waard er Fries om utens en koe er net langer mear foarsitter bliuwe fan de Jongfryske Mienskip, dy't sûnt 1927 Mienskip for Fryske Folksûntjowing hite. Yn septimber 1932 waard der in moasje yntsjinne, dêr't it ôfgean fan bestjoerslid Douwe Kalma yn frege waard. Yn maart 1933 blykt it safier te wêzen dat Kalma net mear yn it bestjoer sit. Nei it fuortgean fan Douwe Kalma waard troch it mienskipsbestjoer besletten dat de Mienskip mei yngong fan 1935 as krite Huzum diel útmeitsje soe fan it Selskip 1844.
Yn de krisisjierren (de tiid fan de wurkferskaffing en de Grutte Depresje) manifestearre it Frysk nasjonaal-sosjalisme him yn de Fryske Folkspartij (FFP), oprjochte op 24 novimber 1938 yn Eagmaryp. De Mienskip (no krite fan it Selskip 1844) woe de Fryske striid ek op polityk en maatskiplik nivo oerbringe en kaam mei karbriefoanfollingen. It Selskip 1844 spruts syn veto dêroer út. By in lettere gearkomste fan de Mienskip die bliken dat in meartal fan de oanwêzige leden winliken efter it haadbestjoer fan it Selskip stie. Dêrop gong it folsleine bestjoer ôf en Douwe Kiestra en Jan Melles van der Goot (foaroanman FFP) rûnen ek út de mienskip wei.
Yn 1939 waard Douwe Kalma keazen as bestjoerslid fan it Selskip 1844. Yn itselde jier op 6 maaie krige Kalma de titel fan dokter: op dy datum promovearre er op in dissertaasje oer Gysbert Japiks. It wie de earste dissertaasje yn it Frysk yn de universitêre skiednis. Op it politike mêd slute Kalma him hieltiten wer by oare partijen oan.
Oprjochting Fryske Akademy en de Folkshegeskoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1919 pleite Geert Aeilco Wumkes fan it Kristlik Frysk Selskip yn in rede foar it Frysk Genoatskip foar in Akademy foar Wittenskip. It Fryske Genoatskip lykwols makke yn 1920 en 1921 dúdlik dat se dêr gjin ynteresse oan hienen. It plan soe hast twa desennia lang in konsept bliuwe. Underwylst waard yn 1928 de Afûk troch ferskate organisaasjes út de Fryske Beweging oprjochte. It wie professor Titus Brandsma fan it Roomsk Frysk Bûn dy't de Akademy yn 1931 op de wurklist fan de Underwiisried sette. Brandsma hie in akademy foar eagen mei Frysk-pratende en Frysk-skriuwende akademisy dy't beneamd waarden op titel fan bewiisde kundigens. Yn 1933 die de Underwiisried yn in ferklearring te witten dat se foar sa'n akademy wienen. Yn 1936 en 1937 oppenearren in stikmannich studinten har op persoanlike titel foar sa'n akademy. Yn 1937 stjoerde de Federaasje fan Fryske Studinteferienings in wiidweidich rapport nei de Underwiisried ta. Efter de skermen wienen Geert Aeilco Wumkes, Kommissaris fan de Keninginne Van Harinxma, lektor Pieter Sipma en fertsjintwurdigers fan it Selskip 1844 en it Frysk Genoatskip dwaande mei in konsept brief foar de Underwiisreid. Op 30 maaie maaie beslute de Underwiisried dat de Fryske Akademy der komme moast.
De earste Fryske Folkshegeskoalle ûntstie yn 1932 by it buorskip Allardseach (by Bakkefean). Ta de oprjochting fan in Fryske organisaasje is it net earder kommen as yn 1939. De foarm wie in mingde stifting. In eigen folkshegeskoalle moast op dat stuit wol in fier ideaal lykje. De Folkshegeskoalle dy't yn 1939 formeel oprjochten is wie in foarrinder foar de Fryske Folkshegeskoalle dy't yn 1948 op Skylge syn plak krije soe.
De Fryske Beweging ûnder de Dútsers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it lêst fan de tritiger jierren fan de 20e iuw kamen de ideoligyske kontrasten yn de Fryske Beweging nei foarren. In ier teken wie it Grutfrysk Kongres fan de Great-Fryske Rie yn 1937 yn Medemblik. In plak fierder fan Dútslân ôf as Medemblik hie min te finen west. De Westfriezen hienen noch net oan eardere kongressen meidien, mar no wie der in feriening mei de namme Westfrieze Styk dy't de organisaasje op syn noed nommen hie.
Al yn de simmer fan 1940 woenen de Dútske besetters in sintraal orgaan hawwe om de Fryske Beweging sa goed mooglik stjoere te kinnen. Dêrby makken se gebrûk fan Eastfryske seinboaden dy't min ofte mear fertroud wienen mei de ferhâldingen yn de provinsje Fryslân. Nei in oerlis tusken it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en it Kristlik Frysk Selskip waard der keazen foar in Trijemanskip. It Trijemanskip waard gearstald út ien fertsjintwurdiger fan it Selskip 1844, ien fertsjintwurdiger fan it Kristlik Frysk Selskip, en ien nasjonaal-sosjalistyske fertsjintwurdiger. Doe't bekend waard dat Douwe Kalma him oansletten hie by de faksistyske Fryske Folkspartij, keas it Selskip foar Jacob Kalma as fertsjintwurdiger foar it Trijemanskip. Eeltsje Boates Folkertsma wie de twadde man yn it Trijemanskip, hy fertsjintwurdige it Kristlik Frysk Selskip. De tredde persoan yn it Trijemanskip waard Rintsje Piters Sybesma, omdat hy de mear folkske en nasjonael-soasialistyske streaming fertsjintwurdigje soe. Troch ferskillen yn belangen krigen de pro-Fryske Kalma en Folkertsma spul mei de pro-Dútske Sybesma. Kalma en Folkertsma gongen dêrnei fierder as Twamanskip. Yn 1943 waard it Twamanskip opheven.
Op it literêre mêd fierde de Dútske besetter de Harmen Sytstra-priis yn. Dy waard yn 1941 wûn troch Reinder Brolsma, yn 1942 troch Rintsje Piters Sybesma, en yn 1943 troch Douwe Kalma. Douwe Kalma dy't him yn 1940 oanslute by de FFP en ûnder oaren aktyf wie foar de Stichting Saxo-Frisia naam de priis oan. Lykwols krige Kalma al gau yn 'e rekken dat oaren him it oannimmen fan de priis letter kwea ôf nimme soenen, sadat Kalma besleat de priis werom te jaan.
Neist it Trijemanskip en it Twamanskip wienen der ek dúdlike tekenen fan ferset by yndividuële Fryske bewegers. Jens Emil Mungard wie in dichter fan it eilân Sal en oppenearre him as in fûle tsjinstanner fan it nasjonaal-sosjalisme. Mungard hie krekt as syn heit Ynterfryske kontakten en waard troch syn literêre ferset út Frysk perspektyf yn 1939 nei konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht dêr't er yn 1940 stoar. In oar Frysk beweger dy't him fuort al tsjin it nasjonaal-sosjalisme oppenearre wie Titus Brandsma, hy stoar yn 1942 yn konsintraasjekamp Dachau. Lykwols wie Brandsma, oars as Mungard, in tsjinstanner mei kristlike motiven.
Nei de Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De organisearre Fryske Beweging kaam út de besettingstiid sûnder skuld, mar ek sûnder glâns. De Selskippen hienen de lêste jierren fan de besettingstiid op non-aktyf stien, mar se wienen net ferbean troch de Dútsers en se hienen harsels net ûntbûn. Jacob Kalma en Eeltsje Folkertsma fan it Twamanskip waarden net troch de Dútsers oppakt. Nei de Twadde Wrâldkriich hat net ien Frysk beweger foar in oarlochstribunaal foarkomme hoecht. Douwe Kalma hat fjouwer jier yn in kamp sitten, mar waard nei de oarloch as kollaborateur suvere. Nei de oarloch oppenearre de âld-fersetslieder Pieter Wybenga him as foarstanner foar mear desintralisaasje. Syn desintralisaasjerapport waard skreaun yn opdracht fan de provinsje Fryslân, mar syn wurk krige gjin ferfolch.
Oars as yn Westerlauwersk Fryslân waard de Fryske Beweging yn Noard-Fryslân fijannich behannele troch de Dútsers. Dêr waard it Frysk ûnderwiis ferbean en krige Johannes Oldsen as foarsitter fan de Foriining for nationale Friiske sawat de hiele oarloch húsarrest en in publikaasjeferbod. De Great-Fryske Rie pakte nei 1945 de tried wer op mei respektearre bestriders fan it Hitler-bewâld. Dat late yn 1952 ta in Grutfrysk Kongres yn Hüsem en yn 1955 yn Auwerk. Dêr is it Frysk manifest oannommen, in nije grûnslach foar de Fryske kontakten nei de oarloch.
De Fryske organisaasjes krigen oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich en yn de jierren dêrnei in grutte oanwaaks fan leden. Harren betsjutting as fertsjintwurdigers fan it folk bleau navenant lyts. Nei de oarloch pakten de Fryske ynstelling dy't foar de oarloch oprjochte wienen de tried ek op. De Fryske Akademy, Afûk en de Fryske Folkshegeskoalle (fan 1948 ôf op Skylge) koenen fierder mei harren wurk. Fuort nei de oarloch waard de Ried fan de Fryske Beweging oprjochte. Ferskate Fryske organisaasjes (It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse, It Kristlik Frysk Selskip, it Roomsk Frysk Boun, en it Frysk Boun om Utens) fielden de needsaak om tenei mei ien orgaan mei it regear en de legere oerheden te kommunisearjen. Net folle letter, yn 1951, soe de Ried fan de Fryske Beweging mei Kneppelfreed syn earste grutte súkses helje.
Kneppelfreed, in trochbraak
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1948 moasten twa molktapers út Aldeboarn op It Hearrenfean foar it kantongerjocht ferskine omdat sy de "molke" en "sûpe" op harren molkbussen skreaun hienen, ynstee fan it wetlik fêstleine "melk" en "karnemelk". De molktapers waarden skuldich ferklearre, mar koenen sûnder straf nei hûs. It wienen de minachtsjende útspraken fan de rjochter oer it Frysk dy't it sentimint leinen om letter yn aksje te kommen. Deselde rjochter krige yn 1951 in bistedokter yn 'e rjochtseal dy't er wegere te ferstean omdat er Frysk prate. Alles wat de bistedokter yn it Frysk sizze soe, soe net opnommen wurde yn it ferslach en sa koe dêr ek gjin rekken mei holden wurde soe by it fêststellen fan it fûnis.
Twa Fryske sjoernalisten, Fedde Schurer en Tsjebbe de Jong, joegen yn har kranten fûle krityk op it hâlden en dragen fan de polysjerjochter. Mei de offisjele beskuldiging dat de beide sjoernalisten de rjochterlike macht misledige hienen moasten se yn Ljouwert foar de rjochter ferskine. It wie net de polysjerjochter fan It Hearrenfean, mar de offisier fan justysje yn Ljouwert, de hear F. Hollander, dy't in klacht yntsjinne. By it justysjele apparaat yn Ljouwert bestie in frijwat anty-Fryske ynstelling. Guon juristen hienen dêr earder ek al yn it iepenbier bliken fan jûn.[3]
De rjochtsaak waard holden op freed 16 novimber 1951. Der wie dy deis nochal wat folk op de saak ôfkommen en de Ljouwerter polysje dreau mei kneppels en wetterkanonnen dat publyk – dat foar it gerjochtsgebou op it Saailân gearklofte – útelkoar. Nei Kneppelfreed hold de Ried fan de Fryske Beweging grutte protestgearkomsten, by guon polysjemannen waarden thús de ruten ynsmiten, en guon dûmny's begûnen te preekjen oer Kneppelfreed. Ut De Haach wei kamen nei oanlieding fan Kneppelfreed trije ministers om te praten mei fertsjintwurdigers fan de Fryske Beweging en mei it provinsjale bestjoer.
Troch Kneppelfreed waard by de oerheid dúdlik dat de wetlike status fan it Frysk feroare wurde moast. Yn 1955 wurde twatalige skoallen tastien en fan 1956 ôf mei der yn de rjochtseal Frysk brûkt wurde. De Ljouwerter offisier fan justysje, de hear F. Hollander, waard oerpleatst. Foar it Frysk yn it bestjoerlik ferkear waard de Algemiene wet bestjoersrjocht feroare. It brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis waard wetlik regele yn de Wet Primêr Underwiis en yn de Wet op it Fuortset Underwiis.
Frysk yn de 'moderne' media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Federalisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feriening foar in Federaal Europa; de F.N.P., J.H. Scheps
Ynstitúsjonalisearring fan de Beweging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teloargong Frysk en Frij; Frsk;
De frijbûtsers, aksjes en aksjegroepen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de rin fan 'e jierren binne der út en troch Friezen dy't fine dat it allegearre wat te stadich en te hoeden giet mei it stribjen nei in fêster plak foar it Frysk en komme, mear as minder organisearre yn aksje. Sawol yn de sântiger as begjin njoggentiger jierren docht de anonyme aksjerûnte Fryslân Frij fan him sprekken, meast troch it útjaan fan parseberjochten dy't de radikale kant it neist binne. In oare groep wie Warns 2000, dy't oan de ein fan tachtiger jierren aktyf wie. By Warns 2000 bleau it net by parseberjochten. Dizze groep rjochte him benammen op ynstânsjes lykas de PTT en de NS dy't yn har eagen opstruksje pleegden oangeande it Frysk taalbelied. Letter kaam de geregeld demonstrearjende FRA foar it ljocht mei as foaroanmannen sjoernalist/histoarikus Kerst Huisman en FNP-er Jan A. van der Baan.
Yn de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel waarden de kommisjegearkomsten dêr't kediisd waard oer it ynfieren fan Fryske plaknammen, oerfallen troch bewegers.
Hoe't it lân derby leit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Jelles Hof. Tinkboek fan it hûndertjierrich bistean fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse 1844-1944, 1948.
- Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging, Ljouwert 1977
- Sjoerd van der Schaaf, De belofte gestand gedaan. Geschiedenis van de Friese Stichtingen 1940-1945, 1985.
- Gjalt R. Zondergeld, De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, 1978.
- Gjalt R. Zondergeld, 'Douwe (Hermans) Kiestra (1899-1970)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland, 5 septimber 2003
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- List fan Fryske aksjegroepen
- Ried fan de Fryske Beweging
- Frysk yn it bestjoerlik ferkear
- Frysk yn it rjochtsferkear
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Frysk Genoatskip
- Ried fan de Fryske Beweging
- Fryske Akademy
- It folsleine ferhaal oer Kneppelfreed
- Ferwizing nei dossier oer aksjegroepen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|