Springe nei ynhâld

Jever

Ut Wikipedy
Jever
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Fryslân (Nedersaksen)
Boargemaster Angela Dankwardt
Sifers
Ynwennertal 13.829 (2013)
Oerflak 42,13 km²
Befolkingsticht. 330 / km²
Hichte 9 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
Webstee fan Jever
It wapen fan Jever.
Kastiel Jever.
It âlde stedssintrum fan Jever.

Jever is in stêd yn Eastfryslân, der wenje likernôch 14.000 minsken. De stêd leit yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en is it haadplak fan de lânkrite Fryslân (lânkrite). Jever is ferneamd om de pleatslike bierbrouwerij, it Friesisches Brauhaus, it plak wêr’t it Jever Bier makke wurdt.

In kaart mei it Hearskip Jever fan 1500

Archeologysk ûndersyk toant oan dat Jever in plak is dat stifte waard troch de Sjauken yn de Romeinske Tiid. Yn de 9e iuw waard Jever, en de rest fan Rjustringen, it gebiet by Jever dat doe sa neamd waard, oan de Deenske kening Hariold jûn troch Loadewyk de Fromme. Yn de Midsiuwen wie Jever bekend ûnder de namme Geverae, wat ‘gerslân’ of, yn in oare omskriuwing, ek wol ‘plak fan it Thing’ betsjut. Yn dy tiid waard Jever oan de hartoch fan Saksen jûn. Letter kaam it ek yn hannen fan de Welfen en Aldenboarch.

Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de 10e en 11e iuw hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleau de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn 1347 stedsrjochten.

Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, Edo Wiemken de Jongere, yn 1511, ferlear Jever syn ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve Edzard de Grutte fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder Mary, de dochter fan Edo. Har dea yn 1575 waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de Eastfriezen foel Jever yn hannen fan Aldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en Denemark Jever wer foar in skoft yn hannen.

Yn 1667 makke Jever diel út fan it âld-hearskip Anhalt-Serbst. Neidat Freedrik August, dy’t de Ingelsken finansjeel holpen hie yn de Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich, yn 1793 stoar, foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de Russyske tsarina Katarina de Grutte, in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.

Jever bleau Russysk oant de komst fan Napoleon. Hy bemastere it gebiet yn 1807, en by de Frede fan Tilsit moasten de Russen it gebiet ôfstean. East-Fryslân wie fan 1808 oant 1810 ûnderdiel fan it Keninkryk Hollân, in Frânske fazalsteat. Kening Loadewyk I fan Hollân stelde Frânsk-Nederlânske generaal Étienne Jacques Travers oan as baron fan Jever. Yn 1813 kaam Jever wer yn hannen fan de Russen, fiif jier letter stienen dy it wer ôf oan Aldenboarch.

Omdat Anhalt-Serbst de feilichheid foar Joaden garandearre waard Jever it sintrum fan it Joadske libben yn Eastfryslân. Dit bleaun sa oant it begjin fan de 20e iuw, doe’t in protte jonge joaden nei gruttere stêden ta gongen foar in bettere takomst. Letter flechten in protte joaden foar it groeiende antysemitisme. Hjirtroch wenne der yn 1938 noch mar de helte fan it tal minsken dat earder yn Jever wenne, noch mar 98 joaden wienen yn dat jier oer bleaun. De synagoge út 1802 waard yn de Kristalnacht hielendal ôfbrutsen.

Nei de Twadde Wrâldkriich wienen der yn Nederlân fier foardere plannen om in part fan Dútslân, wêrûnder ek Jever, te anneksearjen. By de Dútslânkonferinsje fan 1949 waard besletten om dat plan net troch te fieren.

Wichtige plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Kastiel Jever: It earste kastiel yn Jever. It waard boud yn opdracht fan Edo Wiemken de Jongere yn 1416, it waard stikken makke troch de Eastfriezen yn 1427. Hajo Harldas boude it kastiel wer op yn 1428, en yn 1505 waard it ôfmakke troch Edo de Jongere. Yn 1736 waard de toer boud yn Barokstyl.
  • De Histoaryske Gilde Halle: boud yn 1620.
  • It stedhûs fan Jever.
  • It Friesisches Brauhaus: Waard boud yn 1848 as in lytse brouwerij. Yn 1900 wie it útgroeid ta in ferneamd brouhús en krige de namme Jever yn 1934. Hjoed-de-dei is it gebou it grutste gebou fan Jever. Sjoch Jever Bier foar mear ynformaasje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]