Frysk yn it rjochtsferkear

Ut Wikipedy

In pear jier nei it barren op freed 16 novimber 1951 op it Saailân yn Ljouwert, dat de skiednis yngien is as "Kneppelfreed" ("Knuppelvrijdag"), waarden de mooglikheden om it Frysk yn it rjochtsferkear te brûken wetlik fêstlein. Dat barde by de wet fan 11 maaie 1956. Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 is dy wet wizige. Hjir ûnder wurdt yn haadlinen werjûn hokker mooglikheden der op dit stuit binne om yn it rjochtsferkear de Fryske taal te brûken. Earne oars op dizze side fine jo ynformaasje oer it brûken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear.

It ôflizzen fan de eed, belofte of befêstiging yn it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Immen dy't foar it útfieren fan in wetlik foarskrift mûnling in eed, belofte of befêstiging ôflizze moat, hat it foech om yn stee fan de wetlik foarskreaune wurden de oerienkommende wurden yn it Frysk út te sprekken. Dat jildt allinnich net as de wurden fan de eed, belofte of befêstiging by de Grûnwet (of mei by de Grûnwet) fêststeld binne.

Dat betsjut dat by de eed yn stee fan de wurden "Zo waarlijk helpe mij God Almachtig", sein wurde mei: "Sa wier helpe my God Almachtich".

Fierder mei by de belofte yn stee fan de wurden "Dat beloof ik", sein wurde: "Dat ûnthjit ik". As lêste mei wat de befêstiging oanbelanget yn stee fan de wurden "Dat verklaar ik", sein wurde: "Dat ferklearje ik".

Wannear hat immen it foech om op in sitting Frysk te praten?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn alle gefallen dêr't immen op in sitting dy't hâlden wurdt yn de provinsje Fryslân:

  • om reden fan syn amt it wurd hat;
  • ferplichte is om foar 't ferhoar te kommen
  • it foech hat om it wurd te nimmen

hat hy it foech om de Fryske taal te brûken.

It brûken fan it Frysk op strafsittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ûnder it ûndersyk op in strafsitting in fertochte of tsjûge de Fryske taal brûke wol, bepaalt de rjochter dy't de lieding fan de sitting hat (as him dat goed taliket) dat der help komt fan in tolk. De rjochter soe dy help yn in beskaat gefal leaver net hawwe kinne as hy fynt dat de rjochtsgong dêrtroch sûnder doel ophâlden wurdt. It lêste nimt net wei dat de fertochte of tsjûge altyd de Fryske taal brûke mei.

It brûken fan it Frysk op sivile sittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ûnder in sitting yn in sivile saak in partij, belanghawwende of tsjûge de Fryske taal brûke wol, bepaalt de rjochter dy't de lieding fan de sitting hat (as him dat goed ta liket) dat der help komt fan in tolk. Dat docht hy lykwols allinnich as de rjochtsgong dêrtroch neffens him net sûnder doel ophâlden wurdt. It lêste nimt net wei dat de partij, belanghawwende of tsjûge altyd de Fryske taal brûke mei. De rjochter kin bepale dat de fergoeding fan de tolk foar rekken fan it Ryk komt. It by of neffens de Wet tariven yn strafsaken bepaalde is fan soartgelikense tapassing.

It brûken fan it Frysk op bestjoersrjochtlike sittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As ûnder in sitting yn in bestjoersrjochtlike saak in partij, belanghawwende of tsjûge de Fryske taal brûke wol, bepaalt de rjochter dy't de lieding fan de sitting hat (as him dat goed taliket) dat der help komt fan in tolk. Dat docht hy lykwols allinnich as de rjochtsgong dêrtroch neffens him net sûnder doel ophâlden wurdt. It lêste nimt net wei dat de partij, belanghawwende of tsjûge altyd de Fryske taal brûke mei.

It brûken fan it Frysk op strafsittings bûten Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As in fertochte of tsjûge ûnder it ûndersyk op in sitting yn in strafsaak bûten de provinsje Fryslân de Fryske taal brûke wol én as hy oannimlik meitsje kin dat hy him yn it Nederlânsk ûnfoldwaande uterje kin, bepaalt de rjochter dy't de lieding fan de sitting hat (as him dat goed taliket) dat der help komt fan in tolk. De rjochter soe dy help yn in beskaat gefal leaver net hawwe kinne as hy fynt dat de rjochtsgong dêrtroch sûnder doel ophâlden wurdt.

Dat betsjut dus, dat in fertochte of tsjûge ek by in strafsitting fan bygelyks de rjochtbank yn Middelburg Frysk prate kin, as mar oannimlik is dat er him ûnfoldwaande yn it Nederlânsk uterje kin.

Wat moat der yn it prosesferbaal opnommen wurde as der Frysk praat is?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat yn it Frysk sein is wurdt, as it yn it prosesferbaal opnommen wurdt, yn it Frysk neamd. Nammers kin de rjochter bepale dat der in oersetting makke wurdt yn it Nederlânsk. As de rjochter fierder fynt dat it opnimmen fan wat yn it Frysk sein is yn reedlikheid net ferge wurde kin, dan wurdt it yn it Nederlânsk yn it prosesferbaal opnommen. Wol wurdt der dan yn it prosesferbaal oantekene dat it ien en oar yn it Frysk sein is.

Wat is der regele oer it brûken fan it Frysk yn prosesstikken?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn strafsaken, sivile saken en bestjoersrjochtlike saken dy't yn behanneling binne by in yn de provinsje Fryslân fêstige gerjocht meie prosesstikken yn it Frysk steld wurde. In útsûndering jildt foar dagings en beskuldigings. Under it begryp "gerjocht" lykas hjir boppe bedoeld wurdt falle de rjochtbank yn Ljouwert, it earder kantongerjocht yn Beetstersweach, dy fan It Hearrenfean, Ljouwert en Snits en it Gerjochtshof yn Ljouwert.

Dat as immen by de rjochtbank yn Ljouwert yn berop giet tsjin in beslút fan in oerheidsorgaan, of de rjochter wol in brief skriuwe yn syn saak, dan kin hy dat yn it Frysk dwaan.

Wol kin de rjochter, as dat foar in goede beoardieling fan it Frysk yn it stelde stik winsklik is, easkje dat in oersetting yn it Nederlânsk taheakke wurdt. Dat kin de rjochter om reden fan syn amt dwaan, of op fersyk fan ien fan de oare oanbelangjende persoanen yn de saak. Tink dêrby oan oanbelangjende persoanen dy't it Frysk net lêze kinne of ûnfoldwaande begripe. De rjochter kin bepale dat de kosten fan de oersetting fan prosesstikken yn sivile saken op rekken fan it Ryk komme. It by of neffens de Wet tariven yn strafsaken bepaalde is fan soartgelikense tapassing.

Wat regelet de wet oangeande it brûken fan it Frysk yn stikken en opjeften dy't ynskreaun wurde moatte yn iepenbiere registers, akten, ensafuorthinne?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As stikken of opjeften dy't op grûn fan in wetlik foarskrift yn iepenbiere registers ynskreaun wurde moatte, yn it Frysk steld binne, moatte dêrneist letterlike oersettings yn it Nederlânsk oerlein wurde. Dy oersettings moatte makke wurde en (lykas de wet dat letterlik seit) "voor overeenstemmend zijn verklaard" troch in foar de Fryske taal mei folslein foech talitten beëdige oersetter. As it om in notariële akte giet, moat dat dien wurde troch de notaris dy't de akte passearret.

De oersettings wurde yn- of oerskreaun yn stee fan de yn it Frysk stelde stikken of opjeften. Dy bliuwe wol taheakke oan it register. Fierder wurdt mei de oersettings op deselde wize hannele as oars barre moatte soe mei dy stikken of opjeften.

Yn alle gefallen dêr't fierder in ûntwerp fan in akte goedkard wurde moat troch in rjochter, kin de definitive akte yn it Frysk opmakke wurde. Dêr moat dan wol in ferklearring ûnder stean fan in beëdige oersetter lykas hjir boppe bedoeld. Ut dy ferklearring moat bliken dwaan dat de akte in krekte oersetting is fan it troch de rjochter goedkarde ûntwerp. As it giet om in akte dy't troch de notaris passearre wurde moat, kin de ferklearring fan de oersetter ferfongen wurde troch in ferklearring fan de notaris dy't de akte passearret.

Op foardering fan in Ryksamtner moat by in stik, dat yn it Frysk steld is en dat him oanbean wurdt om te segeljen, in yn it Nederlânsk stelde opjefte fan de ynhâld fan it stik taheakke wêze. Dat jildt allinnich foarsafier't de ynhâld foar de berekkening fan it segelrjocht fan belang is. De opjefte moat troch de oanbieder mei syn hantekening bekrêftige wurde.

Op foardering fan in Ryksamtner moat fierder by in akte, dy't yn it Frysk steld is en dy't him oanbean wurdt om te registrearjen, in letterlike Nederlânske oersetting taheakke wurde. Ek dy oersetting moat makke wêze en "voor overeenstemmend zijn verklaard" troch in beëdige oersetter as boppe bedoeld. As it om in notariële akte giet, moat dat dien wurde troch de notaris dy't de akte passearret.

De beëdige oersetter foar de Fryske taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wet regelet dat dyjinge dy't it foech hat om Frysk yn it fuortset ûnderwiis te jaan, as hy dat wol troch de Arrondissemintsrjochtbank dêr't syn wenplak ûnder falt, as oersetter foar de Fryske taal beëdige wurde kin. Hy moat dêr in tsjûchskrift fan goed seedlik gedrach foar oerlizze. Dat tsjûchskrift wurdt ôfjûn troch boargemaster en wethâlders fan de gemeente (of gemeenten) dêr't hy de lêste twa jier wenne hat. In beëdige oersetter foar it Frysk en foar ien of mear frjemde talen hat ek it foech om op te treden as beëdige oersetter foar oersettings út it Frysk yn dy frjemde talen en oarsom.

Wêr is it wetlik regele?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1956 waard al in begjin makke mei it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal (Steatsblêd 1956, 242). Yn 1995 waarden dy mooglikheden ferromme (Steatsblêd 1995, 440). Sûnt 1 jannewaris 2014 is dêr de Wet gebrûk Fryske taal foar yn it plak kommen. Yn haadstik 3 fan dy wet binne de regels oangeande it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear fêstlein.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]