Warns 2000
Appearance
Warns 2000 wie in frysksinnige aksjerûnte dy't oan 'e ein fan de tachtiger jierren fan de 20e iuw (1988-1989) aktyf wie. De rûnte wie anonym en bestie nei alle gedachten út sa'n 20 oant 50 persoanen, wêrûnder in tsiental studinten fan FFJ Bernlef.
Guon fan de aksjes dy't op harren konto komme binne
- it oerplakken fan postkoade tabellen by PTT-brievebussen mei in Fryske ferzje;
- en it fuortspuitsjen fan de Nederlânsktalige plaknammen op kombuorden yn de striid om Fryske plaknammen[1];
- it beplakken fan reklamebuorden op NS-stasjons as protest tsjin guon NS-meiwurkers dy't gjin Frysk ferstean woene.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|