Feriening foar in Federaal Europa
De Fryske Feriening foar in Federaal Europa (FFE, ek FFFE) is in organisaasje dy't in federale yndieling fan Europa op de grûnslach fan folken en regio’s neistribbet. De FFFE is ien fan de fertsjintwurdige selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging.
De FFFE waard oprjochte doe’t de Fryske Beweging har rekkenskip joech fan de foarm fan oparbeidzjen fan de steaten fan Europa. Nederlân is ek yn Europa mar in lyts lân en Friezen wisten út de oarloch wat der wankte as it in ûnderdieltsie fan in ienheidssteat waard. Inisjator fan de FFE wie Pieter Wybenga fan Oentsjerk. [1] Yn 1990 hie de FFE sechtich leden, sa skreau it ferieningsblêd De Fryske Federalist. [2] Benammen foarsitter Jan Bearn Singelsma en skriuwer Goasse Groustra, skreaunen en redigearren it blêd.[3]
FUEN
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De FFFE sluet him begjin jierren fyftich oan by de Federale Uny fan Europeeske Nasjonaliteiten (FUEN). De yn 1949 oprjochte FUEN stribbet nei it behald fan de nasjonale karakteristiken, talen, kultueren en wêzentlike rjochten fan alle folken yn Europa. De Fryske Feriening foar in Federaal Europa wie ien fan de tolve leden. [4]
Yn 1993 woe de FFE Groustra ôffurdigje yn de bewegingsried. De temjittekommende hâlding fan Groustra yn septimber 1992 tsjinoer Flaamske neo-nazi's dy't harren flagge op it Reaklif delsette woenen, makke lykwols dat Groustra bûten de bewegingsried hâlden waard. [5]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Groustra, G.R. - Federalisme, in libbenshâlding. 57 siden; Fryske Feriening foar in Federaal Europa, Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|