Springe nei ynhâld

Johannes Oldsen

Ut Wikipedy
Johannes Oldsen
politikus
echte namme Johannes Oldsen
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 13 april 1894
berteplak Risum-Lindholm
   (Sleeswyk-Holstein)
stjerdatum 30 septimber 1958
stjerplak ? (Sleeswyk-Holstein)
etnisiteit Noardfrysk
partij Liste Friesland
lid fan 'e lândei fan Sleeswyk-Holstein
amtsperioade 19461947
lid fan 'e Kreistag fan Noard-Fryslân
amtsperioade 19251933

Johannes Oldsen (Risum-Lindholm, 13 april 1894 – yn Sleeswyk-Holstein, 30 septimber 1958) wie in Noardfrysk aktivist, bestjoerder en politikus. Hy wie lange tiid de foarsitter fan 'e Foriining for Nationale Friiske, de nasjonalistyske streaming mank de Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Yn nazy-Dútslân waard er as dissidint beskôge. Nei de Twadde Wrâldoarloch hie Oldsen in jier lang sit yn 'e Sleeswyksk-Holsteinske lândei.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oldsen waard yn 1894 berne yn it Noardfryske twillingdoarp Risum-Lindholm (Noardfrysk: Risem-Lonham), deunby Niebüll op it fêstelân fan Sleeswyk-Holstein. Under de Earste Wrâldoarloch tsjinne er as ofsier yn it Dútske leger.

Ynterbellum en Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e oarloch kearde er werom nei Sleeswyk, dat yn 1864, nei't it troch de Dútsers ferovere wie yn 'e Twadde Dútsk-Deenske Oarloch, troch Denemark ôfstien wie oan Dútslân. Dêrtroch wiene de Noardfriezen en in grutte Deenske minderheid binnen de Dútske grinzen kommen. No't de Dútsers de Earste Wrâldoarloch ferlern hiene, seagen de Sleeswykske Denen harren kâns skoan om dy sitewaasje werom te draaien. De Noardfriezen rekken dêrtroch opspljalte yn in folkloristysk dútsksinnich diel en in nasjonalistyske deensksinnige kloft. Oldsen hearde ta de deensksinnige partij en sette him yn foar de weromjefte fan Sleeswyk oan Denemark. Doe't der yn 1920 in Sleeswyksk referindum holden waard, die bliken dat yn Noard-Sleeswyk in grutte mearderheid fan 'e befolking bestie dy't wer by Denemark hearre woe, wylst Súd-Sleeswyk, dêr't Noard-Fryslân ta hearde, der foar it meastepart foar stimde om by Dútslân te bliuwen. It gebiet waard doe yn twaen snien, wêrby't it noarden by Denemark kaam en it suden (ynkl. Noard-Fryslân) by Dútslân bleau.

Trochdat de ferkiezingsstriid de tsjinstellings tusken de deensksinnigen en de dútsksinnigen mank de Noardfriezen op skerp set hie, fielden de deensksinnigen har net mear thús by de Noardfryske Feriening (NFV), de kulturele feriening fan 'e Noardfryske minderheid, dat feitliks in dútsksinnige organisaasje wie. Sadwaande rjochten Oldsen en oare deensksinnige foaroanlju yn 1923 in eigen organisaasje op, de Frysk-Sleeswykske Feriening, dy't yn 1935 omneamd waard ta de Foriining for Nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"). Fan dy feriening waard Oldsen de foarsitter, in posysje dy't er jierrenlang behold, fan 1925 ôf njonken syn funksje as lid fan 'e Kreistag fan Noard-Fryslân foar de saneamde Liste Friesland.

De Foriining for Nationale Friiske wie fan betinken dat de Noardfriezen in folk op harsels wiene, mei in eigen taal, kultuer en etnyske identiteit. De NFV seach de Noardfriezen lykwols as in folksgroep yn in breder etnysk Dútsk ramt, dy't taalkundige en kulturele eigenskippen hiene dy't it behâlden wurdich wiene, mar dy't beslist gjin aparte etnyske groep los fan 'e Dútsers foarmen. Dizze tsjinstelling waard geandewei noch fierder oanskerpe troch de opkomst fan it nasjonaal-sosjalisme, en Oldsen waard troch syn dútsksinnige tsjinstanners geregeldwei útmakke foar in lânferrieder. Nei de fal fan 'e Weimarrepublyk kante Oldsen him yn 1933 as iennichste lid fan 'e Kreistag oan tsjin 'e Gleichschaltung fan alle oant dy tiid selsstannige organisaasjes yn in nasjonaal-sosjalistysk ramt. Mei't hysels en syn Foriining for Nationale Friiske harren oppenearren tsjin 'e nazys, krige Oldsen in publikaasjeferbod oplein, wat him net inkeld as priveepersoan, mar ek as wurdfierder fan 'e Foriining mûldea makke. Under de Twadde Wrâldoarloch hied er boppedat hûsarrest en krige er de Gestapo oer de flier om hûssiking by him te dwaan.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e oarloch kearde Oldsen lykwols werom as foarsitter fan 'e Foriining for Nationale Friiske. Yn dy hoedanichheid wied er foar in diel ferantwurdlik foar de minne relaasje mei de Noardfryske Feriening, dy't oant de 1960-er jierren bestean bleau. Foar in oansjenlik part waard dy twaspjalt yn stân holden troch Oldsen syn persoanlike rivaliteit mei en antypaty foar Rudolf Muuß, de lieder fan 'e NFV.

As anty-nasjonaal-sosjalistysk dissidint hie Oldsen nei de oarloch de geunst fan 'e Britske besettingsmacht fan noardlik Dútslân, en boppedat ûnderhold de Foriining troch bannen mei de organen fan 'e Deenske minderheid yn Dútslân ek in goede relaasje mei Denemark, dat ek ien fan 'e Alliëarden wie. Fuort nei de Dútske kapitulaasje yn 1945 skreau Oldsen in brief oan 'e Deenske minister fan Bûtenlânske Saken John Christmas Møller, wêryn't er de hope útdrukte dat Noard-Fryslân no mei Súd-Sleeswyk by Denemark komme kinne soe te hearren.

Oldsen wie ek de driuwende krêft efter de oansluting fan 'e Foriining by de Sydslesvigsk Vælgerforening ("Súdsleeswykske Kiezersferiening"), de politike partij fan 'e Deenske minderheid, dy't in garandearre sit (ûnôfhinklik fan 'e kiesdrompel) krige yn 'e Sleeswyksk-Holsteinske lândei. Fan 1946 oant 1947 siet Oldsen foar de SSV yn it dielsteatsparlemint.

Oldsen kaam yn 1958 te fersjerren, yn 'e âlderdom fan 64 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Weblinks, op dizze side.