G. Willem Abma

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Willem Abma)
Jump to navigation Jump to search
G. Willem Abma
Fotograaf: Harry de Wilde

G. Willem Abma (folút: Gerben Willem Abma; Folsgeare, 12 july 1942) is in Frysktalich skriuwer.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

G. Willem Abma waard berne yn 1942 yn it grutte ortodokske húshâlding. Syn broer Gerben Abma (1932-2016) wie ek skriuwer. Hy studearre earst rjochten yn Utert en dêrnei teology oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei't er ferskate baantjes hân hie, die er yn 1974 syn doktoraal eksamen yn de teology. Dernei wurke er as dosint godstsjinst yn it fuortset ûnderwiis. Sûnt 1987 wurke er as psychoterapeut yn Drachten. Hy bout dy praktyk foar gespreksterapy op njonken syn skriuwerskip, dêr't er in jiermannich in beurs foar krige fan it Fonds voor de Letteren. Hy hat, as skriuwer en dichter, in grut oeuvre byinoar skreaun. Yn it begjin skreau hie ûnder it pseudonym Daniël Daen. Foar de earste trije dichtbondels dy't er ûnder dat pseudonym skreaun hie, krige er yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Yn it iere dichtwurk wurdearre de advyskommisje doedestiids it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Hoewol't it wurk fan Abma, lykas as by de measte dichters, tige persoanlik is, behannelet hy grutte tema's lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij. Syn eardere wurk kenmerket him troch in minging fan religy en seksualiteit dy't sa no en dan oan it wurk fan Jan Wolkers tinken docht. De fersen hawwe wat wiisgearichs mei har bylden en ferwizingen nei de Bibel en nei de myten en de filosofy fan de âldheid. Al dichtsjend hat de dichter besocht klearrichheid te krijen oer syn identiteit, syn ferhâlding ta de meiminske en syn plak op ierde. Dêrnei kaam der mear romte foar oaren en toande er yn syn literêr wurk mear engaazjemint. De toan yn de lettere gedichten is mylder, de fersen binne begrypliker, minder typysk Daniël Daensk, wurden. Abma hat redakteur west fan Alternatyf, Operaesje Fers en Trotwaer.

Nei oanlieding fan Abma's santichste jierdei yn 2012 ferskynde der in tsjokke blomlêzing út it dichtwurk fan Abma: Troch eigen lânskip. De ynlieding is fan Philippus Breuker, it boek ferskynde by Utjouwerij Wijdemeer fan Ljouwert. Yn novimber fan dat jier kaam der al in twadde printinge.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In satansbern (= Een satanskind) (1981)
  • De klinyk (1982)
  • De oantaasting (= De aanranding) (earste diel fan de romanrigee oer Heerd Hissema) (1983)
  • De roekkat (twadde diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1986)
  • It Byldsje mei brieven oan Priscilla (tredde diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1988)
  • It Orakel (fjirde en lêste diel fan de romanrige oer Heerd Hissema) (1990)
  • Freonen ûnder elkoar (1993)
  • De mafiaman (1994, cop. 1995)
  • In Ierse nimf (2003)

Ferhalebondel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In nacht yn de Andes (1993)

Dichtwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De âlde en de leave hear as lead om âld izer (1970)
  • Op libben en dea (1970)
  • Mosken en goaden (1972)
  • Prosit (1973)
  • Bûten it skûlliif (1973)
  • De iken fan Dodona (1976)
  • Fitraezjewrâld (1976)
  • Rânnen fan forjitnis (1977)
  • Hjerstreach (1979)
  • En it barde (1980)
  • Nachtfeest (1982)
  • De sprong (1985)
  • Dieden (1986)
  • Bist noait wa'st wieste (1987)
  • Dea fan de moskefrou (1987)
  • Moeting (1994 [i.e. 1993])
  • Te fûnling (1999)
  • Kuiers of definysjes fan in ik (2000)
  • Inerlik ferskinen (2010)
  • Troch eigen lânskip (blomlêzing) (2012)
  • Onbedoeld, de dichter als pastor (twatalige mini-blomlêzing) (2013)
  • Oade oan de ko (2013)

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Cranky Box (oerset nei Judith Herzberg) (1993)
  • Trije ienakters en in monolooch: Hazzefleis (ienakter), Unmeilydsum is de skientme of: 06-relaasje (ienakter), In heit, in soan en in dochter (ienakter), It syndroom fan down of in milkshake foar God (monolooch) (1993)

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]