Springe nei ynhâld

American Pie 2

Ut Wikipedy
American Pie 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur James B. Rogers
produsint Chris Moore
Warren Zide
útfierend
   produsint
Adam Herz
Chris Weitz
Paul Weitz
senario Adam Herz
kamerarezjy Mark Irwin
muzyk David Lawrence
filmstudio LivePlanet
Zide/Perry Productions
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jason Biggs
Thomas Ian Nicholas
Seann William Scott
Chris Klein
Eddie Kaye Thomas
byrollen Alyson Hannigan
Tara Reid
Natasha Lyonne
Mena Suvari
Shannon Elizabeth
Eugene Levy
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 10 augustus 2001
foarm langspylfilm
sjenre gross-out-komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $287,6 miljoen
filmsearje
filmsearje American Pie
● foarich diel American Pie
● folgjend diel American Pie 3: The Wedding

American Pie 2 is in Amerikaanske gross-out-komeedzjefilm út 2001 ûnder rezjy fan James B. Rogers, mei yn 'e haadrollen Jason Biggs, Thomas Ian Nicholas, Seann William Scott, Chris Klein en Eddie Kaye Thomas. De film is it twadde diel fan 'e American Pie-filmsearje en as sadanich it ferfolch op 'e súksesfolle komeedzje American Pie, út 1999. It ferhaal folget de brike eksploaten fan 'e fiif freonen Jim, Kevin, Oz, Finch en Stifler as se nei harren earste jier oan 'e universiteit foar de simmer in strânhûs hiere oan 'e igge fan 'e Michiganmar, dêr't se in grut feest organisearje wolle. American Pie 2 krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2003 waard in trêde film yn deselde rige útbrocht, American Pie 3: The Wedding.

Nei it earste jier studearre te hawwen oan ferskillende universiteiten, keare de haadpersoanen in jier nei de foarfallen út American Pie foar de simmerfakânsje werom yn harren wenplak East Great Falls, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Jim Levenstein is noch altyd deselde knoffelige omkoal fan altyd. Oan 'e ein fan it jier hat er einlings en te'n lêsten in famke, Natalie, op bêd witten te krijen, mar harren aktiviteiten tusken de lekkens waarden noch foar't se goed en wol begjinne koene, ûnderbrutsen troch de oankomst fan Jim syn heit Noah. Dy hie fan 'e konsjerzje de kaai fan Jim syn studintekeamer liend om him te ferrassen, en dat slagge treflik. Om 'e fernedering kompleet te meitsjen rûnen doe ek noch Jim syn mem en Natalie har âlden de keamer yn.

Kevin Myers swetst tsjin syn maten dat er "it" it ôfrûne jier mei wol trije ferskillende famkes dien hat, mar dat binne klearebare leagens, mei't er Vicky, syn faam fan 'e middelbere skoalle, mar net ferjitte kin. Mei har hat er oan 'e ein fan it eksamenjier ien kear op bêd west, wêrnei't sy de ferkearing útmakke om't se nei ferskillende universiteiten soene en lange-ôfstânsrelaasjes neffens har nea wurkje (sjoch: American Pie). Chris Ostreicher, byneamd Oz, hat noch altyd ferkearing mei syn Heather en is suver mislik meitsjende gelokkich mei har. En aparteling Paul Finch, in leafhawwer en útdrager fan 'e hegere kultuer, hat no gjin problemen mear om famkes te fersieren, mar kin syn nacht mei Stiflers mem (de mem fan syn eardere klasgenoat Steve Stifler) mar net ferjitte.

Werom yn East Great Falls besykje de fjouwer freonen in feest dat holden wurdt troch Stifler yn 'e filla fan syn rike famylje. Kevin sjocht dêr Vicky wer, dy't tsjin him seit dat it sa moai is dat se freonen bleaun binne nei't sy it útmakke hie en dat se bliid is dat it no net 'raar' is tusken harren. Kevin jout hat folslein gelyk. In oare eardere klasgenoat, Chuck Sherman, dy't himsels in alter ego oanmetten hat as 'The Sherminator' (in wurdboarterij op 'e Terminator), in "seksrobot út 'e takomst dy't werom yn 'e tiid reizge is om froulju te befredigjen", wurdt troch Jessica, de bêste freondinne fan Vicky, ta de oarder roppen en oantrune om dat bernige hâlden en dragen noris oer te jaan, om't er der nea in frou mei op bêd krije sil. Stifler sels lit him troch in famke oerjitte mei sjampanje (tinkt er), mar ûndergiet eins in golden shower as John, in oare âld-klasgenoat mei hege need, sûnder euvelmoed oer de râne fan it balkon pisset. It feest komt ta in foartidige ein as de buorlju omreden fan 'e lûdsoerlêst de plysje skilje.

Op inisjatyf fan Kevin, dy't dêrta ynspirearre wurdt troch in petear mei syn âldere broer Tom, hiere hy, Jim, Oz en Finch foar de simmer in strânhûs yn Grand Harbor, oan 'e igge fan 'e Michiganmar. Om't it oars net út kin mei de kosten, wurdt Stifler dêr ek yn behelle, hoewol't de oare fjouwer him eins net lije meie. Om oan jild te kommen, nimme de jonges in fakânsjebaantsje oan as hûsfervers.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jim kriget in tillefoantsje fan Nadia, de Slowaakske útwikselingslearlinge mei wa't er in jier lyn hast op bêd rekke wie (sjoch: American Pie). Hja hawwe kontakt holden fia it ynternet, en se fertelt him dat se de simmerfakânsje trochbringt mei in rûnreis troch de Feriene Steaten. Oan 'e ein fan 'e simmer sil se by him delkomme yn Michigan. Jim wurdt fuortendaliks al senuweftich as er dat heart, want hy beseft dat er in werkânsing kriget en dat it diskear beslist barre moat. Underwilens docht Kevin alle war om oan it ferline fêst te hâlden, troch allegeduerigen mei Vicky om te gean. Har freondinne Jessica sjocht persiis wat der geande is, mar Vicky mient mar dat Kevin it krekt sa moai fynt as sysels dat se no freonen binne. Oz makket in minne tiid troch, want syn freondinne Heather is op fakânsje yn Spanje. Se besykje harren relaasje geande te hâlden mei tillefoanseks, mar dat rint op 'e non as bliken docht dat Stifler meiharket. En Finch heart Stifler tsjin ien oan 'e tillefoan praten dy't blykber oan 'e ein fan 'e simmer delkomme sil yn Grand Harbor. Hy nimt daliks en sûnder logyske reden oan dat it Stiflers mem wêze moat, en begjint seksuele ûnthâlding troch tantryske oefenings te praktisearjen om him op har komst ta te rieden.

Stifler sels is noch altyd deselde troch seks obsedearre gleonkert fan altyd. As er ûntdekt dat yn it hûs dat hy en de oaren fervje moatte, twa kreaze jonge froulju wenje, Danielle en Amber, rekket er derfan oertsjûge dat it lesbiënnes wêze moatte. Om't er himsels net ynhâlde kin, kringt er, nei't de fammen harren ôfjûn hawwe, it hûs yn om bewizen foar syn teory te finen. Jim en Finch geane him efternei om him werom te heljen, mar as de froulju ûnferwachts wer thúskomme, moatte de jonges harren yn ien fan 'e sliepkeamers ferskûlje. Lang om let wurde se trappearre, en dan moat Jim de hiele gong fan saken opbychtsje. Danielle en Amber, dy't de jonges in leske leare wolle, biede oan om 'e plysje derbûten te hâlden en de jonges sjen te litten wat lesbiënnes mei-inoar dogge, op betingst dat sysels tasjen meie as de jonges sjen litte wat jonges mei-inoar dogge. Bûtendoar harkje Oz en Kevin mei grutte eagen mei fia Jim syn walkie-talkie, mar it docht bliken dat de frekwinsje in protte yn gebrûk is, sadat ek it personiel fan in fastfoodrestaurant, de pleatslike sheriff en syn helpsheriffs, in passearjende frachtweinsjauffeur en in heit dy't de boarterswalkie-talkie fan syn jonge soan yn beslach nimt, mei reade earkes meiharkje kinne. As Danielle en Amber úteinlik, nei ferskate ûnskuldiger easken, wolle dat Stifler himsels troch Jim en Finch masturbearje lit, is Stifler ree om himsels 'op te offerjen' om te sjen wat de froulju dêr foaroer stelle, mar Jim en Finch heakje fol walging ôf, ta hilariteit fan 'e 'lesbiënnes'.

Om syn selsfertrouwen op te bouwen yn oanrin nei it besyk fan Nadia, giet Jim nei it simmerkamp foar leden fan muzykkorpsen fan middelbere skoallen dêr't er Michelle Flaherty opsiket. Dat is it famke mei wa't er in jier lyn úteinlik àl mei súkses op bêd slagge is (sjoch: American Pie). It is syn bedoeling dat sy him gerêststelle sil oer syn seksuele prestaasje, mar ynstee blaft se derút dat er in alderberoerdste minner wie. As se sjocht hoe't se him dêrmei op it sear komt, biedt se oan om it goed te meitsjen troch him oer in pear wiken, as it muzykkorpskamp fierhinne ôfrûn is, te helpen om in bettere minner te wurden troch him te learen wat froulju lekker fine. By syn besyk oan it muzykkorpskamp, dêr't de dielnimmers gjin willekeurige besite fan bûtenôf ûntfange meie, wurdt Jim oansjoen foar in gastmuzikant dy't Petey hjit en de tromboane spilet. Troch omstannichheden wurdt er twongen himsels te fernederjen as er, as Petey, in solo spylje moat foar in hiel auditoarium fol publyk, wylst er noch nea in tromboane fêstholden hat.

Stifler hiert foar himsels en syn fjouwer maten by in pleatslike fideoteek pornofilms, sadat se allegear wer mei harsels yn it reine komme kinne nei de dingen dy't de 'lesbiënnes' harren dwaan litten hawwe. As Jim dy jûns op syn keamer risselwearret om himsels ûnder it besjen fan 'e film ôf te lûken, pakt er by fersin net de klearlizzende tube glydmiddel, mar in tube sekondelym dy't er earder brûkt hat, en limet er by ûngelok syn hân fêst oan syn penis. As er sûnder nei te tinken de film út 'e fideorecorder hellet en de VHS-fideobân mei de oare hân beetkriget, limet er dy dêrmei oan syn hân fêst. Sûnder hannen blykt er de rûne doarkruk fan syn keamer net betsjinje te kinnen, dat dêrom klimt er út it finster om oer it dak fan 'e weranda in wei nei ûnderen te sykjen, sadat er de terpentine fan it ferversark brûke kin om syn probleem (letterlik) op te lossen sûnder dat immen der ea weet fan hawwe sil. As in buorfrou him dêr mei de hân yn 'e ûnderbroek omslûpen sjocht, skillet se lykwols de plysje, dy't mei grut materieel úttsjocht en him oarderet beide hannen omheech te stekken. As ta ultime fernedering fan Jim en grutte hilariteit fan 'e oaren, benammen Stifler, blykt wat der oan 'e hân is, wurdt er mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht foar behanneling. Syn heit wurdt der ek by helle, om him letter wer nei it strânhûs werom te bringen. Neffens de dokter sil Jim him teminsten in wike lang fan eltse seksuele aktiviteit ûnthâlde moatte om syn penis de tiid te jaan te genêzen.

Grut is dan ek Jim syn konsternaasje as de oare deis Nadia folle earder as ferwachte by it strânhûs foar de doar stiet. Om't er te beskamme is om har út te lizzen wat der bard is, giet er nei Michelle om help. Sy biedt oan om te bearen as oft sy en Jim ferkearing hawwe. Fansels kin Nadia dan net ferwachtsje dat er mei har op bêd giet. As Jim syn penis wer hielendal boppe Jan is, sille Jim en Michelle yn it bywêzen fan Nadia daverjende rûzje krije, wêrnei't Michelle it mei him 'útmeitsje' sil. Sadwaande bringe Jim en Michelle in wike mei-inoar troch, en yn dy tiid besiket sy syn seksueel kinnen wat by te spikerjen oangeande it praten tsjin, en tútsjen en streakjen fan famkes. As Jim genêzen is, makket Michelle, lykas ôfsprutsen, it mei him út yn it bywêzen fan Nadia, al falt dat har swier om't se it eins tsjin it sin docht. Underwilens kriget Finch ek in rare ôfdijer te ferwurkjen as bliken docht dat dejinge mei wa't Stifler ôfpraat hie net syn mem is, mar syn jongere broer Matt.

Op it grutte feest dat de fiif jonges oan 'e ein fan 'e fakânsje yn it strânhûs organisearje, wurdt Oz einlings en te'n lêsten weriene mei Heather, dy't betider as ferwachte weromkommen is út Spanje. Kevin rekket der hielendal ôf as Vicky op it feest arrivearret mei in nije frijer. Syn trije maten moatte in skoftke op him ynprate, oant er beseft dat er it ferline loslitte moat om't wat west hat nea weromkomme sil. Neitiid fermoedsoenet er him mei Vicky, dy't him freget oft er leaver gjin freonen mear mei har wêze wol. Kevin antwurdet lykwols dat er leaver freonen mei har is as dat er har hielendal net yn syn libben hat. Finch sammelet mei syn djipsinnich praat in hiele sirkel fan tsjeppe fammen om him hinne, mar hy kin allinne mar oan Stiflers mem tinke, en lit it mei de famkes net fierder komme as praten. Stifler moetet op it feest de beide 'lesbiënnes' Danielle en Amber wer, dy't hielendal gjin lesbiënnes blike te wêzen, en rekket mei harren op bêd foar in triootsje.

Jim en Nadia glûpe by it feest wei nei in fjoertoer, dy't net fier fan it strânhûs stiet, mei de bedoeling om dêr seks te hawwen. As it ienris heve sil, beseft Jim lykwols dat er fereale rekke is op Michelle. Hy leit it Nadia út en ûntskuldiget him foar har oer, mar sy fiteret him oan om "syn korps-geek" te sykjen. Jim hastiget him wer nei it simmerkamp fan it muzykkorps, dêr't dyseldichste jûns de grutte útfiering holden wurdt. As Michelle dêr in solo op 'e dwersfluit jaan sil, ûnderbrekt Jim har op 'e tromboane. Sy is yngelokkich om him te sjen en tegearre naaie se út om op 't langelêst yn it strânhûs op bêd te einigjen. Underwilens beslút Nadia foar harsels ek in 'geek' te sykjen, en werom op it feest komt se Chuck Sherman tsjin. It docht bliken dat Sherman yn Nadia de iennichste frou op 'e wrâld fûn hat dy't har ynpakke lit troch syn 'Sherminator'-gimmick, ta grutte ferbjustering fan sawol Stifler as Jessica, dy't mei iepenfallen mûlen tasjogge hoe't Nadia Chuck mei de trep op skuort nei in sliepkeamer.

Let de oare moarns, as de fiif jonges it strânhûs ûntromje en risselwearje om wer op hûs oan, komt der in Mercedes mei blindearre ruten it hiem opriden. Finch giet dêr op ta en ûntdekt dat de bestjoerder Stiflers mem is. It docht bliken dat sy him ek noch lang net fergetten is, dat hy stapt yn en tegearre ride se fuort om op in stil plak de auto te parkearjen sadat se op 'e nij seks hawwe kinne. Stifler, dy't noch yn 'e hûs wie doe't de Mercedes arrivearre, fangt der allinne in flechtige glim fan op as er wer fuortriidt. De oare jonges meitsje him wiis dat it ien wie dy't paadbjuster rekke wie, mar as Stifler foar it ferstân kriget dat Finch nearne mear te bekennen is, kriget er in alderaaklikst fermoeden.

Jason Biggs.
Seann William Scott (yn 2012).
Alyson Hannigan.
Eugene Levy.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jim Levenstein Jason Biggs
Kevin Myers Thomas Ian Nicholas
Steve Stifler Seann William Scott
Chris "Oz" Ostreicher Chris Klein
Paul Finch Eddie Kaye Thomas


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Michelle Flaherty Alyson Hannigan
Vicky Lathum Tara Reid
Jessica Natasha Lyonne
Heather Mena Suvari
Nadia Shannon Elizabeth
Noah Levenstein, Jim syn heit Eugene Levy
Chuck "The Sherminator" Sherman Chris Owen
frou Levenstein, Jim syn mem Molly Cheek
Danielle Denise Faye
Amber Lisa Arturo
John John Cho
Justin Justin Isfeld
Matt Stifler, Stifler syn jongere broer Eli Marienthal
Jeanine Stifler, Stiflers mem Jennifer Coolidge
Tom Myers, Keven syn âlder broer Casey Affleck
direkteur simmerkamp muzykkorpsen George Wyner
dekaan simmerkamp muzykkorpsen Steven Shenbaum
Natalie Joelle Carter
Natalie har heit Larry Drake
Natalie har mem Lee Garlington
Christie JoAnna Garcia
dokter yn sikehûs Kevin Cooney
Michelle har freondinne Morgan Nagler
trompettist Matthew Peters
R.A. Matthew Frauman
Amy Tsianina Joelson
Amy har freondinne #1 Bree Turner
Amy har freondinne #2 Lacy Beeman
frou op bêd Lisa Gould
sheriff Brian Lester
plysje Nigel Gibbs
brigadier Ernie Lively
Petey Jesse Heiman
frachtweinsjauffeur Brian Turk
jonkje mei walkie-talkie Cole Petersen
heit fan jonkje mei walkie-talkie Kevin Kilner
mem fan jonkje mei walkie-talkie Nancy Stone
manlike ferpleechkundige Joseph D. Reitman
froulike ferpleechkundige Paityn James
kok yn fastfoodrestaurant Robert Peters
middelbere-skoallelearling Adam Brody

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

American Pie 2 waard regissearre troch James B. Rogers nei in senario fan Adam Herz. As produsinten wiene Chris Moore en Warren Zide by it projekt belutsen foar de filmstudio's LivePlanet en Zide/Perry Productions. Senarioskriuwer Herz en Chris Weitz en Paul Weitz, de regisseurs fan 'e earste film, hiene as útfierende produsinten tafersjoch oer de produksje. Foar American Pie 2 wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mark Irwin, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Lawrence. Hoewol't de film spilet yn súdwestlik Michigan, fûnen de opnamen plak yn Long Beach en omkriten, yn súdlik Kalifornje.

It hûs yn Long Beach (Kalifornje) dat yn 'e film trochgie foar it hûs fan 'e 'lesbiënnes' yn it fiktive plak Grand Harbor (Michigan), dat troch de fiif freonen ferve wurdt.

De distribúsje fan American Pie 2 waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 10 augustus 2001 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Lykas faak it gefal is mei Amerikaanske films dêr't wat neakenens yn foarkomt, waarden fan American Pie 2 twa ferzjes útbrocht: in sensurearre ferzje en ien dy't net sensurearre wie. Foar de sensurearre ferzje waarden 19 sênes feroare troch der stikken út te knippen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 10 augustus 2001 by platemaatskippijen Uptown Records en Universal Records. It befette nûmers fan û.o. Blink-182, Green Day, 3 Doors Down, Alien Ant Farm, Angela Ammons en Lucia Cifarelli.

Fan 'e filmkritisy krige American Pie 2 mingde resinsjes. Lykwols joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 126 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Om't it in ferfolchfilm is, behâldt American Pie 2 net de frisheid fan it orizjineel, noch is er like grappich." De foaroansteande kritikus Richard Roeper wie it dêr net mei iens, mei't er de film twa tommen omheech joech en skreau dat der "mear sitewaasjes yn sitte dêr't men om laitsje moat as yn 'e orizjinele film." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle American Pie 2 in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 28 resinsjes.

American Pie 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $145,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $142,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $287,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $257,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

American Pie (filmsearje)
haadsearje
American Pie (1999) • American Pie 2 (2001) • American Pie 3: The Wedding (2003) • American Pie 4: Reunion (2012)
spin-off-films
American Pie Presents: Band Camp (2005) • American Pie Presents: The Naked Mile (2006) • American Pie Presents: Beta House (2007) • American Pie Presents: The Book of Love (2009) • American Pie Presents: Girls' Rules (2020)