Ruurd Klazes Bakker
Ruurd Klazes Bakker | ||
politikus | ||
echte namme | Ruurd Klazes Bakker | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1 desimber 1921 | |
berteplak | Menaam (Fryslân) | |
stjerdatum | 6 maaie 2001 | |
stjerplak | Menaam (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk Frânsk | |
partij | PvdA | |
Wethâlder fan Menameradiel | ||
amtsperioade | 1966 – 1987 | |
Lid fan de gemeenterie fan Menameradiel | ||
amtsperioade | 1962 – 1987 |
Ruurd Klazes Bakker (Menaam, 1 desimber 1921 – dêre, 6 maaie 2001) wie in Frysk politikus en fersekeringsman.[1][2] Hy wie de twadde fan tolve bern yn 'e húshâlding fan Klaas Annes Bakker (1886-1961), in gernier en los wurkman, en dy syn frou Elisabeth Ruurds Grendel (1897-1984), en groeide op yn in fermidden dêr't men it gauris neat te rom hie. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch moast er krekt as trije fan syn bruorren ûnderdûke om oan tewurkstelling yn Dútslân te ûntkommen. Mei twa jongere bruorren ferbleau er earst yn in útdold sideplak yn in ierappelheap yn it lân, en doe't dat njonkelytsen te wiet waard, fûnen se beskûl by in bakker yn Easterwierrum.
Ruurd Bakker wie in selfmade man, dy’t himsels troch it folgjen fan jûnskursussen opwurke. Hy hie in blaumoandei in baan by de bank yn Menaam en dêrnei by de Amsterdamsche Bank (in foarrinner fan ’e AMRO, neitiid de ABN-AMRO) te Frjentsjer. Dêr koed er wol bliuwe en sels wol promoasje meitsjen, mar dan moast er wol yn Frjentsjer komme te wenjen. Mar út Menaam wei, dat wie útsletten foar Bakker. Hy troude dêr op 1 novimber 1945 mei syn faam Gryt Baarda (1922-1997), mei wa't er neitiid seis bern krige, wêrfan't ien, in jonkje, al koart nei de berte kaam te ferstjerren. Nei't er by de bank weirekke wie, fûn Bakker wurk by syn skoanheit Rintsje Baarda, dy't assuradeur wie. Doe't dy mei pinsjoen gie, koe Bakker sadwaande it fersekeringsbedriuw oernimme.
Dêrnjonken wie Bakker fan 1945 ôf ek al aktyf lid fan 'e PvdA, wat út en troch wat swierrichheden binnen de famylje opsmiet, mei't syn âlden en bruorren en susters allegear CHU-lju wiene. Bakker kaam yn 'e gemeenterie fan Menameradiel, waard wethâlder (in funksje dy't er oant 1987 útoefene) en brocht it ta loko-boargemaster.[3] Dêrby skeelde it dat er hast syn hiele wurksume libben fuort njonken it gemeentehûs yn Menaam wenne. Bakker wie fierders tige frysksinnich en oanhinger fan 'e Fryske Beweging. Doe't syn frou yn 1996 siik waard, ferhuzen se nei in oanlynwente by it âlderein- en fersoargingstehûs Nij Statelân te Menaam, dêr’t Bakker er oan syn dea ta, op 6 maaie 2001, wenjen bleau. Ruurd Bakker wie in omkesizzer fan politikus en Twadde Keamerlid Jouke Annes Bakker, in âldere broer fan konsintraasjekampoerlibbene Jouke Klazes Bakker, en in omke fan sjoernalist en programmamakker Klaas Geert Bakker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|