Loko-boargemaster

Ut Wikipedy

In loko-boargemaster is in plakferfangend boargemaster. Yn Nederlân is it meast ien fan de wethâlders dy't de boargemaster ferfangt as dy der net is, om hokker reden dan ek.

Loko-boargemasters (earste loko-, twadde loko-, ensafuorthinne) wurde neffens in troch it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (B&W) fêststeld ruster oanwiisd. At der troch omstannichheden gjin boargemaster of loko-boargemaster beskiber is, dan is yn de Gemeentewet c.q. bestjoerspraktyk regele dat de plakferfangend foarsitter fan de gemeenterie dan it riedslid mei de measte tsjinstjierren as loko-boargemaster fungearret.