Springe nei ynhâld

Klaas Geert Bakker

Ut Wikipedy
Klaas Geert Bakker
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Geert Bakker
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 18 jannewaris 1966
berteplak Emmeloard (Flevolân)
etnisiteit Frysk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as programmamakker, redakteur,
haadredakteur
medium tillefyzje, radio
wurksum by TROS, Omrop Fryslân
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
gjint

Klaas Geert Bakker (Emmeloard, 18 jannewaris 1966) is in Nederlânsk programmamakker en redakteur, dy't yn jannewaris 2015 útornearre waard as de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân. Hy folge dêr Jan van Friesland op, dy't dy funksje fan 2010 ôf ferfolle hie.[1]

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bakker waard yn 1966 berne as de middelste fan trije bern yn it gesin fan Geert Klazes Bakker (1934) fan Menaam, en Okje Rijpma (1941) fan Snits. Hoewol't syn âldelju tsjininoar Frysk praten, waard der yn 'e hûs tsjin 'e bern Nederlânsk sprutsen. Sadwaande kin Bakker it Frysk goed ferstean en ek wol lêze, mar sprekt er it net. Hy groeide op yn Kampen en Almelo.[1]

Yn 1989 kaam Bakker as stazjêr te wurkjen by Radio East, en neitiid wurke er as freelance-sjoernalist. Yn 1990 fûn er in baan by de TROS, dêr't er û.m. meiwurke oan it aktualiteiteprogramma TROS Aktua en fierders alderhanne putsjes opknapte, sawol foar radio as tillefyzje. Letter stapte er oer nei de Wrâldomrop, om úteinlik as einredakteur by de regionale omrop RTV Noard-Hollân te bedarjen.[1] Yn 2012 koe Bakker as adjunkt-haadredakteur by RTV Rijnmond, yn Rotterdam, oan 'e slach. Yn jannewaris 2015 foel de kar op him, doe't der by Omrop Fryslân in nije haadredakteur komme moast. Bakker waard yn dy funksje oansteld per 1 april. Yn in fraachpetear yn 'e Ljouwerter Krante ûnthiet er dat er him derop talizze soe en lear gau Frysk te praten.[1]

Mids septimber 2018 waard bekend dat Bakker ûntslach krigen hie by de Omrop en yn ôfwachting fan in rjochtsaak dêroer thússiet. De reden soe in "onherstelbaar beschadigde werkrelatie" wêze mei de nije ynterim-direkteur, Nina Hiddema. De Ljouwerter Krante berjochte dat Hiddema fierders, nettsjinsteande oanhâldend oankringen, neat oer de saak kwyt woe. Bakker sels woe allinnich sizze dat der fan syn kant gjin sprake wie fan in fersteurde wurkrelaasje, en dat er graach wer oan it wurk woe. Frans Slaterus, foarsitter fan 'e ûndernimmingsried fan 'e Omrop, woe wol even dúdlik oanjaan dat dizze kwestje neat te krijen hie mei "saken út it ferline." Dêrmei doelde er op it trelit dat de omrop yn 2017 moannenlang yn 'e greep hold, wêrby't it gie om in yngeand ferskil fan ynsjoch tusken de haadredakteur en syn meistanners en in diel fan 'e wurknimmers oer hokker rjochting oft it mei de programmearing út moast.[2]

By it koart pleit, op 17 oktober 2018, brocht Hiddema nei bûten dat Bakker neffens har foar gruttere ferdieldheid soarget yn in bedriuw dêr't ienriedichheid dochs al fier te sykjen is. Syn "fertroulingen" meie, yn har wurden, "mei yn 'e wagon". Oaren meie in stikje meiride en wer oaren komme der hielendal net yn. Der soe in eangstkultuer hearskje by Omrop Fryslân en meiwurkers soene yn noed sitte om harren sjoernalistike yntegriteit mei't by Bakker de foarm boppe de ynhâld gean soe, de sjoch- en harksifers it wichtichste wêze soene en dialooch net of amper mooglik wêze soe. Neffens Bakker syn abbekate, Henriëtte Meerman, waard har kliïnt ûnrjochtlik ôfskildere as "kweade genius". Sy ferwiisde nei in wurknimmerstefredenheidûndersyk, wêryn't de meiwurkers fan 'e Omrop folle positiver oer de lieding oardielden as dat út Hiddema har wurden bliek. Bakker sels ûntstried de ûnrêst yn it bedriuw net, mar fûn dat Hiddema dy sterk oerdreau.[3]

Under it koart pleit waard ek dúdlik wat de direkte oanlieding wie foar de fertrouwenbrek tusken Hiddema en Bakker. Dy kaam fuort út de Reuzen yn Ljouwert, it evenemint fan LF2018 wêrby't de Fryske haadstêd oandien waard troch trije reuseftige marionetten fan it Frânske strjitteäter Royal de Luxe. Bakker hie dêrby ôfspraken makke oer de live-útstjoering. Royal de Luxe woe earst hielendal net dat der live-bylden op 'e tillefyzje útstjoerd wurde soene, mar der waard in kompromis berikt foar in útstjoering fan 21/2 oere. Neffens Bakker wie dêrby ek ôfsprutsen dat der maksimaal 20 minuten bylden útstjoerd wurde soene dy't mei in drone opnommen wiene. Yn 'e e-mail mei de ôfspraken stie lykwols dat de totale live-útstjoering net langer duorje mocht as 20 minuten. Bakker sei yn 'e rjochtseal dat dat in wiziging wie dy't koart foar de útstjoering trochjûn waard, en dat er de e-mail yn alle drokte net goed lêzen hie. Hy soe himsels misliede litten hawwe trochdat de organisaasje fan it evenemint derby sette dat it om "in lytse wiziging" gie. Hiddema akseptearre dy lêzing net en stelde dat Bakker de Omrop in blamaazje besoargje kinnen hie as Royal de Luxe de foarstelling stillein hie. Boppedat ferwachte se dat Royal de Luxe samar noch in flinke skeaclaim yntsjinje koe.[3] Op 20 oktober joech de organisaasje fan LF2018 oan dat sy om dizze saak alteast gjin skeaclaim tsjin 'e Omrop yntsjinje soene. Royal de Luxe wie net berikber foar kommentaar.[4]

Op 7 novimber die de rjochter útspraak yn 'e saak tusken Bakker en de Omrop. De rjochter joech de Omrop op alle punten gelyk en oardiele dat it ûntslach fan Bakker trochgean mocht om't der yndie sprake wie fan in earnstich fersteurde arbeidsrelaasje. Hy ferwiet de haadredakteur in "gebrek oan soarchfâldichheid" yn syn omgong mei Royal de Luxe en de organisaasje fan LF2018, en fûn dat Bakker in "wolbewust risiko" nommen hie troch de live-útstjoering fan 21/2 oere trochgean te litten wylst er op dat stuit al wist dat dat net neffens de ôfspraken wie. Dêrmei sette er de Omrop yn prinsipe del as "in ûnbetroubere partij". It feit dat Bakker it probleem mei de live-útstjoering net melde by Omrop-direktrise Hiddema sadree't er him der bewust fan wurden wie, neamde de rjochter "ûnbegryplik", en dat er ûnder de rjochtsaak noch folhold dat der "gjin oanlieding" wie om fuortendaliks Hiddema yn te ljochtsjen, tsjûge neffens de rjochter fan "in earnstich gebrek oan ynsjoch yn wat fan him ferge wurde mei en kin as jo ûnderdiel útmeitsje fan it managementteam."[5]

Klaas Geert Bakker hat in fêste relaasje en twa dochters út in earder houlik. Hy is in omkesizzer fan wethâlder en loko-boargemaster fan Menameradiel Ruurd Klazes Bakker en fan konsintraasjekampoerlibbene Jouke Klazes Bakker, en in âldomkesizzer fan CHU-politikus en Twadde Keamerlid Jouke Annes Bakker.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Santema, Pier Abe, Nieuwe hoofdredacteur Omrop 'technisch Fries', yn: de Ljouwerter Krante, 16 jannewaris 2015..
  2. Haar, Patrick van 't, Omrop: hoofdredacteur laan uit, yn: de Ljouwerter Krante, 18 septimber 2018, s. 3.
  3. 3,0 3,1 Santema, Pier Abe, Reuzen en stijlbotsing nekke hoofdredacteur Omrop, yn: de Ljouwerter Krante, 18 oktober 2018, s.3.
  4. ——, Claim tegen Omrop om Reuzen blijft uit, yn: de Ljouwerter Krante, 20 oktober 2018, s. 25.
  5. Meij, Rutger van der, Hard oordeel over hoofdredacteur, yn: de Ljouwerter Krante, 8 novimber 2018, s. 2.