The Wedding Planner

Ut Wikipedy
The Wedding Planner
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Adam Shankman
produsint Peter Abrams
Deborah Del Prete
Jennifer Gibgot
Robert L. Levy
Gigi Pritzker
senario Michael J. Ellis
Pamela Falk
kamerarezjy Julio Macat
muzyk Mervyn Warren
filmstudio Columbia Pictures
Intermedia Films
Tapestry Films
Dee Gee Entertainment
IMF
Prufrock Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Jennifer Lopez
Matthew MacConaughey
byrollen Bridgette Wilson-Sampras
Judy Greer
Justin Chambers
Alex Rocco
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 26 jannewaris 2001
foarm langspylfilm
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $35 miljoen
opbringst $94,7 miljoen

The Wedding Planner is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2001 ûnder rezjy fan Adam Shankman, mei yn 'e haadrollen Jennifer Lopez en Matthew McConaughey. De titel betsjut "De Brulloftplanner". It ferhaal giet oer Mary Fiore, dy't as de súksesfolste brulloftplanner fan San Francisco garant stiet foar de levering fan romantyk oan oaren, wylst se lykwols sels ûngelokkich yn 'e leafde is. As se in tige oantreklike man moetet, hopet se de wiere fûn te hawwen, mar troch op him fereale te reitsjen brekt se sûnder euvelmoed har wichtichste regel. The Wedding Planner krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in beskieden kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mary Fiore is de súksesfolste brulloftplanner fan San Francisco en omkriten. Se leveret op kommando romantyk en glamour foar de trouwerijen fan oaren, en ken elts trúkje fan har fakmêd. Sels is se lykwols ûngelokkich yn 'e leafde, en se hat al yn gjin seis jier in ôfspraakje hân. Har frije tiid bringt se troch yn har appartemint, dat se neuroatyske netsjes hâldt en mei har heit Salvatore en dy syn freonen, mei wa't se lid is fan in scrabbleklub. Har heit, dy't sels widner is, besiket har oan 'e man te helpen troch te besykjen en hylkje har út oan Massimo, de soan fan kunde dy't Mary noch ken fan in fakânsje yn Salvatore syn heitelân Itaalje, doe't se allebeide noch bern wiene. Mary hat gjin goede oantinkens oan 'e jonge Massimo, dy't modder iet en har fjirtjin dagen efternei rûn om har oan ien wei troch te freegjen oft se in fagina hie. Se wiist him dan ek rislút ôf.

Ynstee fan mei har priveelibben is Mary mear dwaande mei har karriêre. Se hopet har baas Geri oer te heljen om har fennoat te meitsjen yn it brulloftsplanningsbedriuw, mei't se fierwei de meast beteljende klanten binnenhellet. Geri stimt dêrmei yn op betingst dat Mary de planning fan 'e trouwerij fan Fran Donolly ta in goede ein bringe kin. Fran is de dochter fan nouveaux riches dy't it graach breed hingje litte wolle, dat der is foar de brulloftplanner in protte jild mei de trouwerij muoid. Mary hat ferskate moetings mei Fran, mar har langjierrige ferloofde Eddie hat hieltyd wat oars. Underweis nei in ôfspraak wêrby't se Eddie einlings moetsje sil, rekket Mary mei de hakke fan har skoech fêst yn it roaster fan in rioelputsje. In ûnoplettende taksysjauffeur riidt even fierderop tsjin in metalen ôffalcontainer op tsjillen oan, dy't dêrnei by de lichte del begjint te rôljen, lyk op Mary ôf. Hja wurdt rêden troch in manlike foarbygonger, dy't har krekt op 'e tiid oan 'e kant skuort. Neitiid falt se derhinne.

Mary wurdt wekker yn it sikehûs. Har rêder blykt bernedokter Steve Edison te wêzen, dy't har net bêst bewusteleas op 'e strjitte efterlitte koe en har dêrom meinommen hat nei syn wurk. Har kollega en freondinne Penny Nicholson, wa har tillefoannûmer Steve yn Mary har besittings fûn hat, komt opdaagjen om Mary op te heljen. Sadree't se de oantreklike Steve sjocht, beslút se om Mary en him oaninoar te keppeljen. Under druk fan Penny giet Mary akkoart mei in ôfspraakje mei Steve dyselde jûns. Se geane nei it park, dêr't se yn in provisoaryske bûtendoarbioskoop in âlde film sjogge. Se prate en dûnsje en sille inoar hàst tútsje, as se ûnderbrutsen wurde troch in hommelse stjalpbui. De oare deis is Mary alhiel yn 'e wolkens om't se smoarfereale rekke is en mient dat se yn Steve einlings de wiere fûn hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Inkele dagen letter besiket Mary in dûnsles mei in breidspear dat net dûnsje kin. Dêr treft se Fran, dy't bekent dat sy ek gjin stjer op 'e dûnsflier is. Se is hjir sadwaande mei har ferloofde Eddie, dat it is in útlêzen kâns om Mary einlings oan Eddie foar te stellen. Mary is folslein feralterearre as "Eddie" nimmen oars as Steve Edison is. It docht bliken dat Fran him ynstee fan "Steve" altyd "Edi" neamt, in ôfkoarting fan syn efternamme. As Fran in wichtich tillefoantsje kriget fan har wurk, stiet se derop dat Steve en Mary de dûnsles begjinne sille. Under it dûnsjen set Mary Steve lulk teplak, net inkeld om't er har de folslein ferkearde yndruk jûn hat, mar ek om't er efter Fran har rêch mei oare froulju omslacht. Dat is net wier, beklammet Steve. Nei't er Mary rêden hie, fûn er har gewoan in leuke frou. It wie Penny dy't harren útnûge om dy jûns mei syn trijen earne hinne en letter sels útpykte en harren tegearre efterliet. Boppedat: der is úteinlik neat bard.

Mary beseft dat se sûnder euvelmoed de wichtichste regel fan har fak brutsen hat: nammentlik om nea, mar dan ek nea fereale te reitsjen op 'e brêgeman. As se de kwestje oan Penny foarleit, oertsjûget dy har derfan dat har karriêre yn dit gefal foar har gefoelens giet. Se soe wol gek wêze om 'e planning fan 'e brulloft fan Fran en Steve op te jaan, om't dat har it fennoatskip kostje soe. Underwilens bepraat Steve de boel mei syn maat John, dy't him foarhâldt dat er syn langjierrige relaasje mei Fran net op it spul sette moat foar gefoelens wêrfan't ûnwis is wêr't se ta liede sille. En nei dy wize wurden freget er om Mary har tillefoannûmer, dat Steve him net jout.

By in besyk oan in mooglike troulokaasje yn in wyngerd yn 'e Napadelling komt ynienen, ta Mary har ôfgriis, Massimo wer op 'e lapen, dy't troch har bemuoisuchtige heit Salvatore ynskúnd is dat er it net samar opjaan moat. Dat Massimo himsels foarstelt as Mary har ferloofde, fynt Steve prachtich. As Mary mei Fran en Steve en Fran har âldelju út te hynsteriden giet om it om-en-by fan 'e wyngerd te besjen, wurdt Mary har hynder sa kjel fan it falske sjongen fan Fran har mem, dat er op 'e rin slacht. Mary, dy't foar it earst yn it seal sit, kriget it bist net mear ûnder kontrôle, mar wurdt jitris rêden troch Steve, dy't har efternei riidt en by him op syn eigen hynder lûkt. Dêrnei nimt er de gelegenheid te baat om har yn te wriuwen dat hysels net de iennichste wie dy't dy jûns yn it park efter de rêch fan in ferloofde om mei in oar omsloech.

As se wer thús is, feecht Mary har heit de mantel út om't er Massimo efter har oan stjoerd hat. Salvatore fertelt har dan foar it earst dat it houlik tusken him en har mem ek in arranzjearre houlik wie, dêr't se yn it begjin net ien fan beiden botte wiis mei wiene. Mar meitiid groeiden se nei inoar ta en begûnen se faninoar te hâlden. Foar Mary, dy't it houlik fan har âlden altyd as folmakke beskôge hat, komt dat as in grutte ferrassing. Se bliuwt yn betizing efter.

Letter besjocht Mary mei Fran en Steve in oare mooglike troulokaasje, diskear yn in park. Fran blykt it dêr geweldich te finen, wylst Steve it hielendal neat fynt. Hy jout lykwols ta (lykas altyd) as Fran him dêrop ferget. Earder hat Fran al oan Mary fertelt dat Steve nei harren houlik opklimme sil nei in poer bestjoerlike funksje yn syn sikehûs. Doe't Mary frege oft er syn pasjintsjes wol efterlitte woe, antwurde Fran fan ja, mar dat er dat sels noch net wist. Dat en oare dingen meitsje oan Mary dúdlik dat it houlik net lang duorje sil foar't it op in skieding útrint, mar se hâldt har stil.

As Fran oankundiget dat se in wike lang foar har wurk nei New York moat, bliuwe Mary en Steve efter om 'e planning fan 'e brulloft fierder te berêden. No't se tegearre binne, lizze se harren skeel by en ûntskuldigje se harren foar de hurde wurden dy't earder tusken har fallen binne. By in besyk oan in blommesaak rinne se Keith en Wendy tsjin it liif. Mei Keith wie Mary seis jier lyn ferloofd oant er har de jûns foar de trouwerij oan 'e dyk sette om it wer mei Wendy, syn faam fan 'e middelbere skoalle, oan te lizzen. De tafallige moeting ikkeret foar Mary in protte âldsear op, en se bedrinkt har dy jûns, sadat Steve har thúsbringe moat. Hy hâldt har selskip wylst se wat nofterder wurdt, en fertelt har ûnderwilens dat Keith wol goed gek wêze moat om him har ûntglûpe te litten. Uteinlik set Steve ôf, mar hy komt al rillegau werom en bychtet oan Mary op dat er fan har hâldt. Se antwurdet dat se tefolle respekt foar Fran hat om dêr wat mei te kinnen en stjoert him wer fuort.

As se werom is út New York, docht bliken dat Fran ûnderwilens twifels krigen hat oer har oansteande houlik mei Steve. Se sprekt Mary dêroer oan. Dat is in útlêzen kâns foar Mary om it houlik te sabotearjen as it mei Steve oanlizze wol, mar ynstee negearret se har eigen gefoelens en praat op Fran yn om har it fertrouwen yn har relaasje mei Steve werom te jaan. Letter moetet Mary Massimo wer op in jierdeisfeest. Hy is ûnderwilens smoarfereale op har rekke en freget har fan herten om mei him te trouwen. Mei har heite ferhaal yn gedachten dat de leafde soms letter komt, jout Mary him mei tsjinnichheid tawurd.

Mei't Mary en Massimo mar in hiele behindige trouplechtichheid belizze, falle de beide trouwerijen op deselde dei. Mary draacht de ferantwurdlikens foar de brulloft fan Fran en Steve oer oan Penny noch foar't it spul úteinset is, en giet nei it stedhûs om sels te trouwen. Inkele minuten foar't se trouwe sille, nimt Steve Fran apart en freget har oft se der wol wis fan is dat se it juste dogge troch te trouwen. Sy jout ta dat se eins net trouwe wol, wat foar him as in opluchting komt, om't hy dat eins ek net wol. Se beslute as freonen útinoar te gean, en Steve stoppet Fran yn in taksy nei de lofthaven om allinne op harren houliksreis nei Tahity te gean. As er fan Penny oer Mary har trouwerij heart, hastiget er him nei it stedhûs ta om har tsjin te hâlden.

Underwilens is yn it stedhûs de trouwerij al yn folle gong. As der lykwols frege wurdt oft der immen is dy't beswier tsjin it houlik hat, is it Mary har heit Salvatore, dy't de seremoanje tsjinhâldt. Hy beseft dat Mary mear foar him as foar harsels trout, en dat soks net goed is. Massimo seit dat er fan Mary hâldt, mar dat er net wol dat se tsjin 't sin mei him trout. Mary beslút ôf te sjen fan it foarnommen houlik. Steve arrivearret lang om let nei't er in skoft yn 'e file stien hat. Hy hie fierstente let west om 'e trouwerij foar te kommen, en is alderûntychlikste ferromme om te hearren dat Mary besletten hat om it net troch te setten. Massimo, dy't sjocht dat Steve wier fan Mary hâldt en dat sy deselde gefoelens foar him hat, bringt Steve op syn scooter nei itselde park dêr't Steve en Mary ek harren earste jûns hinne gien wiene. Dêr fynt Steve Mary op itselde plak dêr't se doe ek siet, wylst se nei in oare âlde film sjocht. Hy leit út dat er noch frijfeint is en freget har om mei him te dûnsjen, en se tútsje inoar.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jennifer Lopez (2014).
Matthew McConaughey (2011).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Mary Fiore Jennifer Lopez
Steve Edison Matthew McConaughey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Fran Donelly Bridgette Wilson-Sampras
Penny Nicholson Judy Greer
Massimo Justin Chambers
Salvatore Fiore Alex Rocco
heit Donelly Charles Kimbrough
mem Donelly Joanna Gleason
Basil St. Mosely Fred Willard
Burt Weinberg Lou Myers
Dottie Frances Bay
John Dojny Kevin Pollak
Geri Kathy Najimy

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Wedding Planner waard regissearre troch Adam Shankman nei in senario fan Michael J. Ellis en Pamela Falk. As produsinten wiene Peter Abrams, Deborah Del Prete, Jennifer Gibgot, Robert L. Levy en Gigi Pritzker by it projekt belutsen foar de filmstudio's Columbia Pictures, Intermedia Films, Tapestry Films, Dee Gee Entertainment, IMF en Prufrock Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $35 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Julio Macat, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mervyn Warren.

It wie oarspronklik de bedoeling dat Jennifer Love Hewitt en Brendan Fraser yn 'e haadrollen fan Mary Fiore en Steve Edison cast wurde soene, mar dyselden waarden ferfongen troch Sarah Michelle Gellar en Freddie Prinze jr. Beide stellen moasten ôfsizze om't se oare ferplichtings oangien wiene. Dêrop giene de haadrollen yn The Wedding Planner nei Jennifer Lopez en Matthew McConaughey. De opnamen foar de film fûnen plak op lokaasje yn San Francisco en omkriten. Sa waard der filme yn it Golden Gate Park en yn 'e kapel fan 'e Universiteit fan Stanford.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Wedding Planner waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, de distribúsjepoat fan Sony Pictures, de memme-ûndernimming fan Columbia Pictures. De film gie op 26 jannewaris 2001 yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Wedding Planner oer it algemien negative resinsjes. Sa ferliek Lisa Schwarzbaum fan it tydskrift Entertainment Weekly de film op ûngeunstige wize mei My Best Friend's Wedding (1997), dy in soartgelikense plot hie. Yn The New York Times skreau A.O. Scott dat it garisma fan Jennifer Lopez en Matthew McConaughey The Wedding Planner "folle mear pinefrij makket as dêr't de film eins rjocht op hat." En yn it blêd Variety omskreau Robert Koehler The Wedding Planner as "in oantreklik breidsfamke, mar bepaald net de byldmoaie breid fan it romantyske komeedzjesjenre."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Wedding Planner in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 104 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Ynstee fan lichtfuottich en sjarmant is dizze romantyske komeedzje yn syn útwurking hurdhannich en forsearre." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Wedding Planner in goedkarringspersintaazje fan 33%, basearre op 29 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Wedding Planner brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $60,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $34,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $94,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $35 miljoen betsjut dat in winst fan $59,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.