Scrabble

Ut Wikipedy
Houten letters út in âldere Nederlânsktalige scrabble-útjefte

Scrabble is in wurdspul dat ferkocht wurdt yn 121 landen yn 29 talen. It is in boerdspul foar 2-4 spilers of spilerteams wêrby’t mei in oanjûn tal blyn pakte letters wurden makke wurde moatte op in spylboerd. Dêrby geane gelok en fernimstigens hân yn hân, omdat de letters aselekt pakt wurde en it de keunst is om dêrmei in sa heech mooglike skoare te heljen. Neist it Latynske alfabet ferskynt Scrabble ek yn oare skriften, lykas it Hebriuwsk, Arabysk, Syrillysk, Gryksk, Sineesk, Japansk en mear. Der bestiet ek in brailleferzje. It spul wûn yn 2011 oan populariteit troch it ferskinen fan in digitale ferzje, Wordfeud. De app kaam beskikber op ûnder oare smartphones en waard al gau troch brûkers oer de hiele wrâld spile.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Grykske Juniorscrabble

It spul waard ûntwikkele troch de wurkleas rekke arsjitekt Alfred Mosher Butts (1899-1993), dy’t fassinearre wie troch spultsjes. Earst betocht hy it spul Lexiko, dat sûnder boerd spile waard. Troch it útplúzjen fan The New York Times stelde hy fêst hoe faak in bepaalde letter gemiddeld foarkaam yn it Ingelsk en dêrop basearre hy de ferdieling fan it oantal ferskillende letters yn it spul. Mar hy fûn dat in tefolle oan s'en it spul te maklik meitsje soenen en beheinde it oantal dêrom ta fjouwer.

Hy wist syn idee lykwols net oan de man te bringen: der wie te min belangstelling foar. Yn 1938 kaam hy op it idee syn spulkonsept op te setten yn de foarm fan de populêre krúswurdpuzel. Hy joech it ferskillende nammen, mar it súkses waard it net.

Pas yn 1948 waard it idee oppikt troch James Brunot, dy’t der wol brea yn seach. Der waarden oanpassings trochfierd yn de útfiering fan it boerd en de pleatsing fan de preemjefekjes, de bonus foar it yn ien beurt dellizzen fan 7 letters waard yntrodusearre en de namme waard feroare yn Scrabble. Dêrnei wûn it spul hurd oan populariteit.

Yn 1991 waard it earste wrâldkampioenskip scrabble hâlden yn Londen, folge troch in twadden-ien yn 1993 yn New York.

Fia ynternet koe it letter spile wurde yn in soad farianten.

Spulmateriaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scrabble wurdt spile op in boerd besteande út 15 × 15 = 225 fekjes, dêr’t 61 kleure fekjes (8 reade, 17 rôze, 24 ljochtblauwe en 12 donkerblauwe) in bysûnder karakter hawwe. De oare 164 binne grien. Der binne yn de Nederlânsktalige ferzje 100 letters en twa blanko blokjes te ferdielen. De blokjes binne meastentiids fan hout makke, mar guon moderne útfierings hawwe keunststoffen blokjes mei in rûne útsparring oan de efterside. Yn de moderne útfiering wurde de letters yn in stoffen sekje bewarre, wêrút de blokjes maklik blyn pakt wurde kinne. By âldere ferzjes kin dêrfoar oarsoarte pûdsjes brûkt wurde, bygelyks in pûdsje út in bingospul of men pakt de letters dan gewoan út de doaze pakt, wêrby’t de letters earst omdraaid en hutsele wurde. De sân lutsen blokjes wurde njonken elkoar op in rakje setten, út it sicht fan meispilers. Yn de doaze fan it Nederlânske spul sit in notysjeblok mei in skets fan it spylboerd, dêr’t alle leine letters en wurden op notearre wurde kinne. Oan de efterside fan elk fel kinne fan elke spiler de helle punten per beurt skreaun wurde.

It scrabblespylboerd
A B C D E F G H I J K L M N O
1
2
3
4
5
6
7
8
9
10
11
12
13
14
15

Fekjesnotaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn âldere Nerderlânsktalige ferzjes (en noch altiten yn kompetysjescrabble) wurde de boerdkolommen, lykas hjirboppe, oantsjutten mei de letters A oant O en de boerdrigen mei de getallen 1 oant 15, in yndieling dy’t fergelykber is mei dy fan in wurkblêd (spreadsheet).

Yn in soad net-Nederlânsktalige ferzjes, en ek yn de nijste Nederlânsktalige edysjes, steane dy getallen lykwols foar de kolommen en de letters foar de rigen.

In boerdfekje wurdt – lykas in sel fan in wurkblêd – oantsjutten mei de kombinaasje fan syn kolom en syn rige. A1 is dus it fekje yn de linkerboppehoeke, H8 it sintrale fekje en O15 it fekje yn de rjochterûnderhoeke.

Spulregels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elke spiler besiket yn syn beurt troch it oanlizzen fan op syn minsten ien fan de sân pakte letters oan de al op it boerd leine wurden fan teminsten twa letters te foarmjen. En wol sa dat in sa heech mooglik punteoantal helle wurdt. De blanko blokjes meie troch de spiler foar likefolle hokker letter brûkt wurde (te fergelykjen mei in joker yn in kaartspul). Se leverje sels gjin punten op. Dêrnei folt de spiler syn oantal letters wer blyn oan oant sân blokjes, útsein at der oan de ein fan it spul minder oer binne. It spul is út as ien fan beide spilers gjin letters mear hat (of at nimmen mear in wurd betinke kin).

It boerd sjocht derút lykas hjirboppe ôfbylde. De letterwearde wurdt op de ljochtblauwe fekjes ferdûbele en op de donkerblauwe fertrijefâldige. De wurdwearde wurdt op rôze feksjes (ynklusyf it sintrale fekje mei de stjer) ferdûbele en op de reade, dy’t it meast yn trek is, mar dêr’t tagelyk ek de minste fan binne, fertrijefâldige. By it berekkenjen fan de helle punten wurdt earst de letterwearde bepaald en dêrnei de wurdwearde. In letter dy’t op in donkerblau fekje lein wurdt en diel útmakket fan in wurd dat ek op in rôze fekje lein wurdt, levert sa seiskear syn punten op.

Oanfoljende regels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wurden wurde krektas by in krúswurdpuzel horizontaal of fertikaal foarme, net diagonaal.
  • It earste wurd fan in spul wurdt lein mei ien fan de blokjes op de rôze stjer yn’e midden. De wurdwearde wurdt ferdûbele.
  • Delleine letters moatte (nei de earste beurt) altyd kontakt meitsje mei in letter dy’t al op it boerd leit.
  • Wurden dy’t op it boerd lizze meie mei ien of mear letters oanfold wurde ta in nij besteand wurd om in wurd lizze te kinnen. Sa mei fan it wurd FIER bygelyks OAN-FIER-DER makke wurde of fan AGINT it wurd AGINT-E.
  • Kleure fekjes jilde allinnich foar de spiler dy’t se foar it earste bedekt.
  • Wa’t alle sân letters yn ien beurt wit te lizzen krijt 50 punten ekstra.
  • In spiler mei syn/har beurt ek brûke om ien of mear fan syn letters te ruiljen. Pas de folgjende beurt mei dan wer in wurd lein wurde.
  • Letters dy’t njonken elkoar lizze moatte altiten in wurd foarmje.
  • Oan’e ein fan it spul wurdt it puntetal fan elke spiler fermindere mei de punten fan de blokjes dy’t hy noch oer hat. Hat in spiler gjin blokjes mear oer dan mei hy de restpunten fan de oare spillers bytelle.

Hege punteoantallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad punten kinne helle wurde troch:

  • It brûken fan “djoere" letters, lykas de Q10, X8, Y8 en de Z6 en dy te lizzen op in ljochtblau of donkerblau fekje, wêrtroch’t de letterwearde fermannichfâldige.
  • Reade of rôze fekjes te brûken en sa de wurdwearde te fermannichfâldigjen.
  • Leine letters yn horizontale én yn fertkale sin in wurd foarmje te litten, oan twa wurden neist of boppe elkoar ta.
  • In al lein “djoer" wurd mei ien letter te ferlingjen by it lizzen fan in oar wurd dwers hjirop.
  • In al lein “djoer" wurd mei in diel te ferlingjen sadat de wurdwearde (fannijs) fermannichfâldiget.
  • Alle sân letters yn ien beurt lizze.

Ekstreem foarbyld: in Q10 dy’t op in donkerblau fekje diel útmakket fan sawol in horizontaal as in fertikaal wurd levert allinnich al 60 punten op!

Yn Fryslân kin it Frysk Wurdboek as skiedsrjochter brûkt wurde. By it Nederlânsk is de Dikke Van Dale de akseptearre skiedsrjochter foar de tastiene wurden, hoewol ‘t ek de offisjële ScrabbleWoordenLijst (basearre op de Dikke Van Dale) yn populariteit tanimt. Der binne ek offisjeuze wurdlisten yn boekfoarm, op cd-rom en online te krijen. Sokke listen binne ek yn de ferskate app-stores te keap as app foar op de telefoan. De spulrigels oangeande de tastiene wurde kinne per taal ferskile. Troch de spilers kinne dêroer ôfspraken makke wurde.

It resultaat fan in scrabblepotsje mei in punteoantal tusken 600 en 700 wurdt beskôge as "goed", tusken 700 en 800 as "tige goed" en boppe de 800 als "treflik". Foar it fergelykjen fan yndividuele skoares moatte dy getallen dield wurde troch it tal dielnimmers. De heechst helbere skoare fan it scrabblespul is ûnbekend en sil ek wol ûnbekend bliuwe.

Utwreidings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spilers betinke gauris ekstra regels:

  • In lein blokje mei by immens beurt omwiksele wurde foar de letter dêr’t dit foar brûkt wie. Yn dizze beurt mei wol of gjin (ôfhinklik fan de ôfspraak) wurd lein wurde. De blanko telt net foar punten.
  • Offisjeel is it spul daliks dien as in spiler gjin blokjes mear hat, mar meastal wurdt dêrnei trochspile oant alle blokjes op it boerd lizze of as nimmen mear in wurd meitsje kin.
  • Offisjeel wurdt de einskoare fermeardere (troch de winner) en fermindere (troch de oare spilers) mei de punten fan net-brûkte blokjes, mar dat wurdt ûnearlik fûn en dêrom net tapast.
  • Fetoregel: in spiler dy’t noch net oan bar is kin it wurd fan in oare spilker ôfkarre at hysels op datselde plak fan it boerd in wurd meitsje kin dat mear punten oplevert (of minstens twa kear safolle punten). De spiler dêr’t it wurd fan ôfkard waard nimt syn blokjes werom en moat in oar wurd meitsje.
  • Der meie gjin 2 blanko blokjes yn ien wurd brûkt wurde.
  • Spylje mei in dûbele blokjesset, dus 2×102 blokjes op in boerd fan 21 by 21 fekjes mei de preemjefekjes fan it orizjinele spul en dit patroan dan trochlutsen mei fekjes fan 4× wurdwearde en 5× wurdwearde en ek mei fekken mei 4× letterwearde en 5× letterwearde. De Q10 kin yn sa’n gefal yn ien kear 100 punten opleverje at hy op '5×' leit en sawol horizontaal als fertikaal brûkt wurdt. Omdat de letter Q yn it Frysk net brûkt wurdt, moatte spilers in ôfspraak meitsje oer it brûken fan dy letter. De letter Q kin als blanko blokje brûkt wurde, mar kin ek út it spul litten wurde. Fryske puzelders moatte yn it foar ek ôfprate oft wurden mei diakrityske tekens sûnder kapkes en skrapkes dellein wurde meie.

Letters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letters yn it Nederlânske Scrabblespul
Letter Oantal Letter Oantal Letter Oantal Letter Oantal
A1 6 H4 2 O1 6 V4 2
B3 2 I1 4 P3 2 W5 2
C5 2 J4 2 Q10 1 X8 1
D2 5 K3 3 R2 5 Y8 1
E1 18 L3 3 S2 5 (IJ2) 2
F4 2 M3 3 T2 5 Z4 2
G3 3 N1 10 U4 3 blanko4 2

Boppesteande tabel jout de letterwearden fan in Nederlânske scrabblespul. In soad "Nederlandse uitgaven" ha lykwols in oare nûmering (A1, B3, C3, ...).

Problematyske letters binne yn it Nederlânsk de C3 (dy’t faak oerbliuwt oan’e ien) en de Q10 (dy’t hast net sûnder U brûkt wurde kin).

De Nederlânske spulrigels binne net dúdlik oer de Y8 en guon brûke de Y8 as IJ.

By guon útjeften stiet yn de gebrûksoanwizing in foarbyld dêr’t út bliken docht dat de Y8 as Y brûkt wurde maot wylst de IJ út I1 en J4 gearstald wurdt, wat ôfwykt fan it gebrûk y krúswurdpuzels. Der binne ek Nederlânske útjeften mei de IJ4 op ien blokje. [1] Yn dat gefal is dúdlik dat de Y8 net as IJ brûkt wurde moat. Of de I1 en de J4 kombinearre ek in IJ foarmje mei, sille spilers ûnderling oer beslute moatte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgorebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltrochrinnerwordfeudwurdljedderwurdriuwenwurdsiker