Springe nei ynhâld

Wurdljedder

Ut Wikipedy
Wurdljedder
Sânglês
Rûne wurdljedder

In wurdljedder of ljedderpuzel (ek wol ljerrepuzel, doublets, word golf, word-links of laddergrams) is in wurdspul. Hjirby moat in begjinwurd yn lytse stapkes omsetten wurde yn in einwurd. Oars as by gewoane puzels giet it dus net om it finen fan in nij wurd. De wurden fan de ljedder ferskille ûnderling ien letter. By elke triem moat ien letter ferfongen wurde, de oare letters moatte op itselde plak stean bliuwe. De winner fan it spul is dejinge dy ’t de minste stappen nedich hat. Faak wurde wurdljedders makke dêr’t it begjin- en einwurd in relaasje hawwe (synonym, antonym). [1]

Der kin ek op tiid spile wurde, dan giet om yn sa koart mooglike tiid in ferbining tusken begjin- en einwurd te meitsjen. Wurdljedders binne geskikt as selskipsspul. Der waarden al kompetysjes opsetten yn de tiid fan Caroll. Mar it kin ek solitêr spile wurde as tiidferdriuw.

Lewis Carroll seit dat er it spul op Earste Krystdei 1877 betocht hat. [2] Carroll betocht de wurdboarterij foar Julia en Ethel Arnold. [3] Op 12 maart 1878 beskreau hy de earste opset fan it spultsje yn syn deiboek. Hy neamde it doe Word-links as spultsje foar twa spilers. Op 29 maart 1879 ferskynden syn wurdljedderpuzeltsjes mei oplossings yn it tydskrift Vanity Fair.[4] Hy neamde se doe Doublets. Letter dat jier waarden syn Doublets pleatst yn in boek fan Macmillan en Co. Yn 1927 publisearren J. E. Surrick en L. M. Conant in boek mei Laddergrams. Vladimir Nabokov neamde it spultsje word golf yn de roman Pale Fire, dêr't de ferteller seit 'Myn rekôrs binne hate-love yn trije, lass-male yn fjouwer, en live-dead yn fiif stappen (mei lend yn 'e midden)'. [5] It spultsje ferskynde yn de njoggentiger jierren jierren yn de Australyske Canberra Times op 'e nij as Stepword.[6]

Frijere foarm fan in wurdljedder

By 'frijere' farianten meie spilers by elke triem ien letter feroarje, mar de oare letters meie dan hussele wurde. Troch ekstra regels kinne ek oare farianten makke wurde:

Diagonaal

De diagonaal ûntstiet troch de opdracht fanút it begjin wie it earst allinnich de earste letter te wikseljen, dêrnei de twadde, dêrnei de treddde, ensafuorthinne. Der meie gjin letters weilitten of taheakke wurde. It einwurd wurdt dan letter foar letter fan links boppe nei rjochts ûnder sichtber op de diagonaal. Omdat der gjin letters taheakke of weilitten wurde meie en benammen de ferplichte folchoarder fan wikseljen meitsje it slim om de diagonaal te finen. Noch net sa lang lyn wiene allinnich diagonalen mei trije, mei fjouwer en mei fjouwer letters bekend. Letter waard dúdlik dat it ek mei diagonalen fan seis letters kin. Der wurdt no socht om diagonalen mei sân of mear letters.

Rûnte

By de rûnten hawwe de wurden faak in natuerlike relaasje mei elkoar. It lêste wurd is tagelyk it earste wurd, sadat der in keatling ûntstiet. Op it foarbyld noard - east - súd - west - noard.

Letters meie wiksele, taheakke of weihelle wurde. By de tuskenstappen mei in wurd net faker as ien kear brûkt wurde.

Oars as by de diagonaal is it by de rûnte de bedoeling om de keatling sa koart mooglik te hâlden.

Ljedders mei 5-letterwurden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaan Donald Knuth brûkte in kompjûter om wurdljedders fan 5-letterwurden te finen.[7] Hy fûn wurdljedders mei 3-letterwurden te maklik (hoewol ’t neffens Lewis Carroll seis stappen nedich wienen om APE om te setten yn MAN).[8]. Mar ek dat wurdljedders mei seisletterwurden minder ynteressant wiene, om't der relatyf net folle 6-letterwurden mei elkoar ferbûn wurde koene. Knuth brûkte in fêste wurdlist mei de 5.775 meast foarkommende Ingelske fjouwerletterwurden, útsein eigennammen. Hy fûn dat mar twa wurden dy’t middels de wurdlist as wurdljedder mei elkoar ferbûn wurde koene. In oare útkomst wie dat 671 wurden fan de wurdlist hielendal net ferbûn wurde koene mei oare wurden. Hy neamde sokke wurden "aloof", om't "aloof" sels in foarbyld fan sa'n wurd is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Futility Closet.com
  2. Deanna Haunsperger, Stephen Kennedy - The Edge of the Universe: Celebrating Ten Years of Math Horizons. Mathematical Association of America. s. 22 ISBN 0-88385-555-0
  3. Morton N. Cohen - Lewis Carroll: A Biography; útjouwer Pan Macmillan; ISBN 978-1-4472-8614-1
  4. Martin Gardner - Word Ladders: Lewis Carroll's Doublets
  5. Augarde, Tony Oxford Guide to Word Games Oxford University Press, 2e ed. 2003 s.216; ISBN 0-19-866264-5
  6. The Canberra Times. 65, (20,392). Australian Capital Territory, Australia. 10 febrewaris 1991. side 3. Rieplachte op 18 septimber 2017 – op National Library of Australia
  7. Kids.kiddle.co
  8. PZL.org
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsikerwurdwjirm