Antonym

Ut Wikipedy

Twa wurden binne elkoars antonym at se in tsjinstelde betsjutting hawwe. It wurd is ôflaat út it Gryksk: anty ("tsjin"), onoma ("namme, beneaming").
Beide wurden foarmje in antonimenpear.

Betsjuttingsferhâlding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elk wurd hat sawol in foarm (de klanken, lûden) as in betsjutting.

De tsjinstelling tusken beide leden fan in antonimenpear skûlet yn de wurdbetsjutting: sa betsjut "waarm" eksakt it tsjinstelde fan "koel". En "âlder" en "bern" betsjutte elkoars tsjinstelde, trochdat it iene wurd de betsjutting hat fan "dejinge dy ’t fuortbrocht hat", wylst it oare krekt "dejinge dy ’t fuortbrocht is betsjut. In oar foarbyd is it wurd "antonym" sels, dat mei nei himsels ferwiist omt it eksakt it tsjinoerstelde betsjut fan synonym. Dit is teffens in foarbyld fan in selsferfoller.

Wurd en saak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat wol lykwols net sizze dat de tsjinstelling ek yn de oantsjutte saak berêstet. In foarwerp, of de bûtentemperatuer, kin troch de ien as waarm field wurde, troch de oar as koel. En immens âlder is tagelyk altyd immens bern. Antonimy is in tsjinstelling tusken wurdbetsjuttings, net tusken oantsjutte saken dy ’t yn de werklikheid bestean.

Soms slute de betsjuttings fan in antonimenpear elkoar lykwols wól út. Sa is it min yn te sjen hoe’t "dea" en "libben" tagelyk op deselde saak fan tapassing wêze kinne.

Mearfâldige betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochdat antonimy op betsjutting tsjinstelling basearre is, hat ien wurdfoarm soms meardere antonimen.

Dat is bygelyks it gefal as in wurd polysemy fertoant. Al giet it dan om mar ien wurd, mar dat wurd hat yn de rin fan de tiid ferskate betsjuttings krigen. In foarbyld is bern, dat yn de betsjutting "telch, ôfstammeling" as antonym âlder hat, mar yn de betsjutting fan jeugdige it antonym folwoeksene. In oar foarbyld is it fanâlds tige negative wreed, dat benammen yn jongereintaal wol brûkt wurd yn de betsjutting "geef, geweldich". Dêrmei is dit wurd syn eigen antonym wurden.

Klassifikaasje fan antonimen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane in protte soarten fan antonimen. Inkele dêrfan binne:

Konverse antonimen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begryp "âlder" ynplisearret needsaaklikerwize dat der ek in "bern" is, en wa ‘t "boppe" seit, jout dêrmei oan dat der ek in "ûnder" is. Fan dizze wurdpearen, mei betsjuttings dy ’t fan elkoar ôfhinklik binne, seit men dat se in konverse relaasje ta elkoar hawwe.

Relasjonele antonimen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

At in antonimenpear ferwiist nei de (famylje)relaasje tusken twa oantsjutte persoanen, wurdt wol fan relasjonele antonimen sprutsen. Opnij is "âlder" - "bern" hjirfan uteraard in foarbyld.

útsluting fan wjerskanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De betsjuttings fan it pear "dea" - "libben" slute elkoar út. Itselde jildt foar "man" en frou": men kin net tagelyk it iene as it oare wêze. Dizze útsluting fan wjerskanten wurdt faak werjûn mei it foarheaksel ûn-, lykas yn "ûnmooglik" tsjinoer "mooglik". Ek non-, yn-, a- en net- kinne yn it Frysk sokke antonimen foarmje. At it iene wurd op in oantsjutte saak fan tapassing is, dan is yn dizze gefallen it antonym needsaaklikerwize net fan tapassing. Yn it deistich libben liede antonimen dy ’t elkoar fan wjerskanten útslute wolris ta problemen: sa is de kar tusken "mooglik" en "ûnmooglik" by neier ynsjen faak net sa ienfâldich.

Mearfâldige ûnferienberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soms wurde wurden ek elkoars antonimen neamd at se net in wurdpear foarmje, mar in gruttere groep. It wurd "roas" hat dan in soad antonimen: "tulp", "titelroas", "bûterblom" ensafuorthinne. Dizze mearfâldige ûnferienber tredet op at de leden fan de wurdgroep elk foar himsels hyponimen binne fan in oerkoepeljende term ofwol hyperonym, yn dit gefal "blom".

Wurdsoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tiidwurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • keapje - ferkeapje
  • jaan - nimme
  • gean - komme
  • fergrutsje - ferlytsje
  • dale - stige
  • leafhawwe - hate
  • toane - ferbergje

Haadnammewurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • âlder - bern
  • folwoeksene - bern
  • learaar - studint
  • man - frou
  • famke - jonge

Eigenskipswurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • waarm - koel
  • hjit - kâld
  • grut - lyts
  • dea - libben
  • moai - lilk, ûnsjoch
  • âld - jong

Ferhâldingswurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • binnen - bûten
  • boppe - ûnder
  • mei - sûnder
  • fan - nei
  • foar - nei, efter, tsjin
  • op - ôf
  • yn - út

Bywurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • alles - neat
  • altyd - nea
  • rûnom - nearne
  • faak - soms
  • soad - bytsje
  • wol - net

Komponintenanalyze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De betsjutting fan in wurd hat meardere komponinten, en de komponintenanalyze, in tûke fan taalkunde, beëaget dy komponinten formeel wer te jaan. Dêrby komme de betsjuttingsferskillen foar it ljocht, dy ’t dan as in foarm fan antonimy opfetten wurde.

It wurd "mins" is hjirfan in bekend foarbyld. In pear betsjuttingskomponinten dêrfan binne: libben, dierlik, taastber. Mar dizze opsomming is net folslein, en kin dat ek nea wêze. Meastentiids wurde de foar it ûndersyk relevante komponinten isolearre, de oare wurde bûten beskôging litten.

Mar ek binnen it begryp "mins" kinne wer ûnderferdielings makke wurde, benammen:


folwoeksen jeuchlik
manlik man jonge
froulik frou famke

Al dizze wurden hawwe de betsjuttingskomponint "minsklik", mar dit kin ek negatyf formulearre wurde: net ien fan alle foarmen hat de betsjuttingskomponint "net-minsklik". De relevante komponinten fan de fjouwer wurden kinne no skematysk werjûn wurde:

man +minsklik -manlik +folwoeksen
frou +minsklik -manlik +folwoeksen
jonge +minsklik -manlik -folwoeksen
famke +minsklik -manlik -folwoeksen

Wurden binne no elkoars antonym at se ien betsjuttingskomponint ferskille; de antonimen "man" en "frou" ûnderskiede harren fan elkoar inkeld troch de oan- of ôfwêzichheid fan de betsjuttingskomponint manlik. Mar hjirút folget dat ek "man" en "jonge" antonimen fan elkoar binne: it ferskil sit him no yn de betsjuttingskomponint ±folwoeksen.

Dizze tapassing fan it begryp "antonym" is yn it deistige gebrûk minder frekwint as de mear ynsichtlike (lykas "man" - "frou"), wêrby ’t twa pearen "logyskerwize" elkoars tsjinstelde foarmje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]