Oerlis:Wurdljedder
Der moatte dochs krekt in hiele protte wurden optocht wurde, Mysha (oerlis)
Aloof
[boarne bewurkje]Ik wit net wêr't dat part oer hannelt. It sa net sa dat aloof net yn in oar 5-letter wurdt feroare wurde kin, aloof, fools, loafs, false, slave, stave, sweat, sweet. Dat, wêr giet it dan ál om? Mysha (oerlis) 18 jun 2024, 14.50 (CEST)
ape man
[boarne bewurkje]Dat ferhaal oer Lewis Caroll is grief ek net krekt: Ik nim oan de de regels foar syn Doublets oars wienen as foar de Wurdljedder. Ommers, oars wie it Ape, Map, Man, yn twa feroarings. Faaks moatte wy in krektere oantsjutting fan de regels opnimme, en by de foarbylden oanjaan ûnder hokfoar regels hja jilde. (Faaks kin de frije in wurdledder wêze, mar dejinge mei ien feroaring sûnder oars de oarder te feroarjen in stepledder.) Mysha (oerlis) 8 jul 2024, 12.40 (CEST)
- Likemin as de namme ‘wurdljedder’ binne de spulregels fan wurdljedders offisjeel fêstlein. It liket my ta dat by de ‘suverste’ foarm fan wurdljedders in wurd by elke folgjende triem mar ien letter feroare wurde mei. De oare letters moatte dan op itselde plak stean bliuwe. Sjoch ek hjir, hjir, hjir, hjir, hjir en hjir. By 'frijere' foarmen fan wurdljedders meie de net-ferwiksele letters by elke nije triem hussele wurde, krektas by dyn foarbyld fan 'aloof'. Kees Swart (oerlis) 8 jul 2024, 17.05 (CEST)
- Bêst genôch. Dat it mar klaar is dat der regels net alle kearen itselde binne. ("Klaar"? Kin dat, of moat it in oar wurd wêze?) ~~