Anagrampuzel
In anagrampuzel is in wurdpuzel dêr't de omskriuwings besteane út in anagram. By de omskriuwings steane de gearstallende letters fan de sochte anagrammen alfabetysk oardere.
Ek de puzelsoarte "Besitekaartsje" is basearre op anagrammen. Nei omsetting fan de letters blykt dat G. Bats - Moarre fan berop boargemaster is.
Anagrammen wurde ek gauris brûkt yn omskriuwings fan kryptogrammen.[1]
Ek by "sânglêspuzels" wurde anagrammen brûkt. By in sânglêspuzel bestiet elk folgjend wurd út de letters fan it foarôfgeande wurd + 1 nije letter. Oarsom kin ek, dan kin it wurd fûn wurde út it folgjende wurd - 1 letter.
Fariaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anagrampuzzels besteane faak út krúswurdpuzels mar kinne ek kombinearre wurde mei oare puzelfoarmen. By in kombinaasje mei filippines steane de omskriuwings oanjûn as in anagram. It dêrút te foarmjen puzelwurd moat dêrnei ynfold wurde yn in filippine. Fanút de ynfolde filippine kin dan de einoplossing fûn wurde.[2]
Anagrammen puzelwurdboek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As helpmiddel by it oplossen fan anagrampuzels besteane spesjale (Nederlânske) puzelwurdboeken mei anagrammelisten.[3] Yn sokke puzelwurdboeken steane anagrammen út it type arena + droom = moordenaar.[4] Ut twa losse wurden wurdt dêrby ien nij wurd foarme. In oare diel fan dy puzelwurdboeken kin bestean út in list (dy't rubrisearre is op oantallen letters) út de kategory koelkasten - kaneelstok, kakstoelen.[5]
Der besteane ek websites en DVD's dêr't digitaal om anagrammen socht wurde kin. Fryske anagrammen kin opsocht wurde yn de FPE.[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Taalpuzels | |
---|---|
anagrampuzel
• drûdel
• filippine
• hertpuzel
• hynstesprong
• kryptogram
• krúswurdpuzel
• paspuzel
• pazurgo
• pentagrampuzel
• petpuzel
• rebus
• sânglêspuzel
• scrabble
• sitaatpuzel
• slashpuzel
• spiraalpuzel
• Sweedske puzel
• taartpuzel
• trochrinner
• weefpuzel
• wordfeud
• wurdfrissel
• wurdian
• wurdl
• wurdljedder
• wurdriuwen
• wurdsiker
• wurdwjirm
|