Fryske Puzelensyklopedy

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fryske Puzel Ensyklopedy

De Fryske Puzelensyklopedy is de digitale ferzje fan it Frysk Puzelwurdboek. Dy puzelensyklopedy ferskynde yn 2002, tsien jier nei it puzelwurdboek (1992). Hy kaam op skiif út, tagelyk mei it Fryske letterspultsje Wurdwiis. Meiwurkers dêroan wienen Otto B. Wiersma en Douwe van der Meulen en Fokje Spoelstra.

It opsykjen fan puzelwurden by omskriuwings en omskriuwings by puzelwurden giet tige ienfâldich: Jo type de omskriuwing yn en de bypassende puzelwurden ferskine, mei de wurdlingte fan it wurd.

Wa't fan in puzelwurd in pear letters wit, kin op in apart finster sjen hokker wurden by dy letters passe.
It programma is ek geskikt om Fryske rymwurden te sykjen.
Ek de anagrammen fan yntikke wurden ferskine daliks op it skerm.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]